Critics' Choice Movie Award

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Critics' Choice Award)
Critics' Choice Movie Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
Kanadeesk
útrikt foar bêste prestaasjes op it mêd
   fan film
útrikt troch Broadcast Film Critics Association
frekwinsje 1× jiers
datum jannewaris
plak Santa Monica (Kalifornje)
ynsteld 1995
1e útrikking 1996 (foar films út 1995)
offisjele webside
www.criticschoice.com

De Critics' Choice Movie Awards foarmje in Amerikaanske en Kanadeeske groep prizen op it mêd fan films dy't elts jier útrikt wurde. Oarspronklik en ornaris noch altyd wurde dizze prizen de Critics' Choice Awards ("Prizen nei Kar fan 'e Filmkritisy") neamd, mar om betizing foar te kommen mei de Critics' Choice Television Awards waard yn 2010 oan 'e namme formeel it wurd movie ("film") tafoege. De Critics' Choice Movie Awards wurde takend troch de Amerikaansk-Kanadeeske Broadcast Film Critics Association (BFCA), besteande út filmkritisy dy't op 'e tillefyzje en de radio publisearje.

De Critics' Choice Movie Awards waarden yn 1995 oprjochte en yn 1996 foar it earst útrikt foar films fan it foargeande jier. De nominaasjes wurde elts jier yn desimber bekendmakke, wêrnei't de útrikkingsseremoanje yn jannewaris folget. Dy seremoanje wurdt holden yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje (fan 2014 ôf yn 'e Barker Hangar), en wurdt sûnt 2001 live útstjoerd op 'e tillefyzje, by wikseljende tillefyzjenetwurken.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

films
spilers
  • bêste akteur (sûnt 1996)
  • bêste aktrise (sûnt 1996)
  • bêste akteur yn in aksjefilm (sûnt 2013-2017)
  • bêste aktrise yn in aksjefilm (sûnt 2013-2017)
  • bêste akteur yn in komeedzjefilm (sûnt 2013-2020)
  • bêste aktrise yn in komeedzjefilm (sûnt 2013-2020)
  • bêste byrol fan in akteur (sûnt 1996)
  • bêste byrol fan in aktrise (sûnt 1996)
  • bêste jonge akteur (sûnt 1997)
  • bêste cast (sûnt 2002)
makkers

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.