Licence to Kill (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Licence to Kill
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Licence to Kill film logo.png
makkers
regisseur John Glen
produsint Albert R. Broccoli
Michael G. Wilson
senario Richard Maibaum
Michael G. Wilson
kamerarezjy Alec Mills
muzyk Michael Kamen
filmstudio Eon Productions
United Artists
Estudios Churubusco
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
United Internat. Pict. (ynternasj.)
spilers
haadrollen Timothy Dalton
Carey Lowell
byrollen Robert Davi
Talisa Soto
Anthony Zerbe
Desmond Llewelyn
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Mexico.svg Meksiko
premiêre 13 juny 1989
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 133 minuten
budget en resultaten
budget $32 miljoen
opbringst $156,1 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel The Living Daylights
● folgjend diel GoldenEye

Licence to Kill is in Britsk-Amerikaansk-Meksikaanske spionaazjeskriller út 1989 ûnder rezjy fan John Glen. De haadrollen waarden fertolke troch Timothy Dalton as geheim agint James Bond, Carey Lowell as Bond girl Pam Bouvier en Robert Davi as de smjunt Franz Sánchez. De titel betsjut "Fergunning om te Deadzjen". Dizze film wie de earste yn 'e James Bond-rige dy't in orizjinele titel hie, dy't net ûntliend wie oan in roman of koart ferhaal fan Ian Fleming. It senario wie ek fierhinne orizjineel, mar befette eleminten út 'e roman Live and Let Die en it ferhaal The Hildebrand Rarity.

Yn Licence to Kill wurde CIA-agint Felix Leiter en syn breid Della op harren troudei oerfallen troch drugsbaron Franz Sánchez en syn trewanten. Della wurdt fermoarde en Leiter wurdt oan 'e haaien opfuorre, mar oerlibbet dat. Syn freon, de Britske spion James Bond, is neitiid út op wraak, en as syn baas M dat besiket tsjin te kearen, nimt er ûntslach by MI6. Hy reizget nei it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske lân Istmus, dêr't Sánchez tahâldt. Mei help fan 'e Amerikaanske Legerpiloate Pam Bouvier, kertiermaster fan MI6 Q en Sánchez syn gefaarlike minneresse Lupe Lamora set er útein mei in kampanje om Sánchez en syn kriminele organisaasje ûnder fuotten te heljen.

Licence to Kill wie it sechstjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The Living Daylights út 1987. It wie de twadde en lêste film wêryn't de rol fan Bond spile waard troch Timothy Dalton. Yn it folgjende diel, GoldenEye, út 1995, waard dy rol oernommen troch Pierce Brosnan. Fan 'e filmkritisy krige Licence to Kill oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film kommersjeel súksesfol.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Bond, geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, en syn freon Felix Leiter, spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, wurde ûnderweis nei Leiter syn trouwerij yn Key West, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, oppikt troch in helikopter fan 'e DEA, de Amerikaanske federale anty-narkotikabrigade, sadat se der by wêze kinne as dy de beruchte drugsbaron Franz Sánchez oppakt yn 'e Bahama's. Sánchez sjocht se lykwols oankommen en pykt út yn in lyts sportfleantúchje. Bond befêstiget de lier fan 'e DEA-helikopter om 'e sturt fan it fleantúch, wêrnei't dat troch de helikopter meiskuord wurdt nei Floarida, dêr't Sánchez yn 'e hechten set wurdt. Leiter en Bond bejouwe har mei parasjutes nei de tsjerke dêr't Leiter syn trouwerij plakhawwe sil, dy't mei fertraging noch trochgong fine kin.

Neitiid is Bond der op 'e brulloft tsjûge fan hoe't Leiter yn syn kantoar in beskriuwbere cd-rom mei dêrop alle gegevens oer de saak-Sánchez yn in foto fan syn breid Della ferberget. Letter jouwe Leiter en Della oan Bond in kado yn 'e foarm fan in sulveren oanstekker dêr't se in tekst yn gravearje litten hawwe. Underwilens keapet Sánchez DEA-agint Ed Killifer om, dy't him foar $2 miljoen helpt om te ûntkommen as er oer de Sânmylsbrêge fan 'e Florida Keys nei it fêstelân fan it Floarida-skiereilân brocht wurdt. Dy jûns, as alle brulloftsgasten op hûs oan gien binne, wurde Leiter en Della yn harren hûs oerfallen troch Dario en inkele oare trewanten fan Sánchez. Leiter wurdt bewusteleas slein en Della fermoarde. (Der wurdt yn tige bedutsen termen ek suggerearre dat se foartiid ferkrêfte wurdt.) Leiter komt letter by yn 'e loads fan Milton Krest, in trewant fan Sánchez, dy't harren drugshannel ferberget ûnder in dekmantel fan in legaal bedriuw dat mei iepenbiere akwaria en partikulieren hannelet yn tropyske fisken dy't by de Florida Keys fongen wurde. Sánchez en Krest litte Leiter yn in tank sakje dêr't se in hongerige tigerhaai yn finzen hâlde.

De oare deis, as Bond it nijs fan 'e ûntsnapping fan Sánchez heart, hastiget er him werom nei de wente fan Leiter, dêr't er Della dea oantreft en Leiter mei ien skonk ôfbiten en in swier skansearre earm. Tegearre mei Sharkey, in oare freon fan Leiter, set Bond útein mei in eigen ûndersyk. Derfan útgeande dat de haaiebiten fan Leiter net tafallich tabrocht binne, komme al rillegau it bedriuw fan Krest op it spoar. As Bond dêr nachts ynbrekt, ûntdekt er de kokaïne dy't dêr ferburgen holden wurdt. Hy wurdt lykwols trappearre en moat ferskate bewekkers út 'e wei romje. De oare deis risselwearje Bond en Sharkey om 'e see op te gean om it jacht de Wavekrest fan Krest te folgjen.

Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt Bond oansprutsen troch Hawkins, in DEA-agint, dy't lulk is dat Bond op eigen manneboet in ûndersyk begûn is en de DEA dêrby foar de fuotten rint. Hy twingt Bond om mei te gean en leveret him ôf by it Hemingway House, in bekende besjensweardichheid yn Key West (dêr't de skriuwer Ernest Hemingway foarhinne wenne). Dêr wurdt Bond opwachte troch M, de sjef fan MI6, dy't him hjit mei syn ûndersyk op te hâlden en ynstee in nije misje yn Turkije ta in goede ein te bringen. Bond wegeret. Der ûntstiet in heechoprinnende rûzje, dy't dermei einiget dat Bond ûntslach nimt as agint fan MI6. M lit him syn pistoal ynleverje en seit him oan dat syn fergunning om te deadzjen by dizzen ynlutsen is. As er Bond dêrnei troch in pear oare MI6-aginten finzen nimme litte wol, pykt Bond út en wurdt er in lossleine agint.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond en Sharkey geane efter de Wavekrest oan, en Bond giet te djipseedûken. Hy kringt it skip binnen troch in gat ûnderyn, dat brûkt wurdt om in miny-ûnderseeër út te stjoeren en binnen te heljen. Oan board komt Bond yn 'e kunde mei Lupe Lamora, de minneresse fan Sánchez, dy't troch Sánchez mishannele wurdt. As er op it dek komt, is er tsjûge fan 'e oankomst fan Sharkey syn boat: Sharkey is ûnderwilens trappearre en fermoarde troch Krest syn trewanten. Bond ûntsnapt troch ien fan Krest syn dûkers te deadzjen, efter it lyk oan oerboard te springen en ûnder wetter it dûkgereid fan 'e man te stellen. As krekt op dat stuit troch in wetterfleantúch in lading drugs ôflevere wurdt, dy't mei de ûnbemanne miny-ûnderseeër nei it jacht ta oerbrocht wurdt, kaapt Bond de miny-ûnderseeër en ferneatiget er de drugs. Dêrnei ûntsnapt er troch him fêst te klampen oan ien fan 'e driuwers fan it wetterfleantúch as dat opstiget. Hy wurdt de beide mannen yn it fleantúch oermânsk, smyt se derút en fljocht fuort mei de $5 miljoen dy't Krest foar de kokaïne betelle hat.

Werom yn Key West kringt Bond dy jûns nei tsjuster de wente fan Leiter binnen, dêr't er de cd-rom mei alle ynformaasje oer de saak-Sánchez út 'e foto fan Della hellet en yn 'e kompjûter docht. Sa ûntdekt er dat Leiter noch ien libbene ynformant oangeande de drugshannel fan Sánchez-en-dy hat, dy't er de folgjende jûns yn in bar yn Bimini yn 'e Bahama's treffe soe. Bond giet dêr yn Leiter syn plak hinne en moetet Pam Bouvier, in eardere piloate út it Amerikaanske Leger. It docht bliken dat Bouvier al troch Dario en guon oare trewanten fan Sánchez yn 'e gaten holden waard, en tegearre moatte Bond en sy harren in wei út 'e bar fjochtsje. Foar $75.000 hiert Bond har yn om him nei de Republyk Istmus (in fiktyf Latynsk-Amerikaansk lân) te fleanen, dêr't Sánchez libbet ûnder beskerming fan 'e diktator, presidint Héctor López. Dêr oankommen docht Bond him foar as in rike hierling op 'e siik nei wurk. Bouvier, dy't wegeret it jild dat se fertsjinne hat oan te pakken en op te sokkebaljen, docht har foar as Bond syn sekretaresse.

Underwilens hat M der lucht fan krigen dat Bond yn Istmus is, en skeakelet er Fallon, de pleatslike agint fan MI6, yn om Bond finzen te nimmen en ûnder twang werom te bringen nei Londen. Syn sekretaresse Miss Moneypenny, dy't al jierren temûk fereale is op Bond, hat Bond syn bewegings lykwols efter de rêch fan har baas om ek yn 'e gaten holden en nimt kontakt op mei Q, de geniale âlde kertiermaster fan MI6, om Bond te helpen. As de resepsjonist fan syn hotel oan Bond fertelt dat syn "omke" arrivearre is en him opwachtet yn syn hotelkeamer, hat Bond gjin idee wêr't de man it oer hat, mar it blykt Q te wêzen, dy't ferskate gadgets bringt, lykas springstof yn 'e foarm fan in pakje sigaretten en in skerpskuttersgewear yn 'e foarm fan in fotokamera. Mei't Sánchez syn kantoar feilichheidsglês yn 'e finsters hat dat sa tsjûk is dat der gjin kûgel trochhinne komt, bringt Bond earst de springstof oan om it glês út 'e kezinen te blazen. Dêrnei nimt er mei it gewear posysje yn. Hy blaast de ruten derút, mar ear't er Sánchez deasjitte kin, komme in pear maskere lju him oer it mad en slane him bewusteleas.

As Bond wer bykomt, blykt er yn in leechsteand pakhûs finzen nommen te wêzen troch agint Kwang en syn mannen fan 'e Ofdieling Narkotika fan 'e Hong Kong Police Force, dy't al fjouwer jier in undercoveroperaasje tsjin Sánchez rinnen hawwe. Bond hat dy mei syn eigensinnich optreden no hielendal yn 'e bulten jage, dat se binne poerlulk op him. Se drage him oer oan Fallon, de pleatslike MI6-agint, mar ear't se fuortkomme kinne, wurdt harren lokaasje oanfallen troch de Istmyske lânmacht dy't troch presidint López stjoerd is, yn opdracht fan Sánchez. Fallon en Kwang en syn Hongkongers komme om by it gefjocht dat dêrop folget, mar as Sánchez Bond stevich fêstset mei boeiens oantreft, rekket er derfan oertsjûge dat er hìm yn elts gefal fertrouwe kin. Hy nimt Bond mei nei syn filla en lit him dêr bekomme fan syn ferwûnings.

De oare deis Bond makket de paranoïde drugsbaron wiis dat Kwang-en-dy hiermoardners wiene dy't ek ferantwurdlik wiene foar de oanslach op syn libben (dy't fansels eins Bond syn eigen wurk wie). Nei't er fan Lupe heart hat dat Krest dy jûns yn Istmus oankomme sil, liicht er tsjin Sánchez dat er de hiermoardners tsjininoar sizzen heard hat dat se betelle wurde sille troch ien dy't it folste fertrouwen fan Sánchez hat en dy't dy jûns mei it jild arrivearje sil. Dat makket Sánchez erchtinkend foar Krest oer. Nei't er mei Lupe op bêd west hat, ferlit Bond mei har help temûk Sánchez syn filla. As de Wavekrest yn 'e haven fan Istmus City arrivearret, glûpt er dêr mei help fan Q en Bouvier temûk oan board en lit dêr $4½ miljoen efter fan 'e $5 miljoen dy't er earder út it wetterfleantúch stellen hie.

As Sánchez it jacht trochsykje lit om't er Krest net fertrout en dy syn ferhaal fan hoe't Bond de kokaïne ferneatige en it jild stellen hat, frijwat fiersocht fynt, treffe syn mannen it jild oan dat Bond oan board brocht hat. Sánchez nimt daliks oan dat Krest it jild efteroer drukt hat. Dat ferrie ferjildt er troch de man yn in dekompresjekeamer op te sluten en dêrnei de soerstofkeabel troch te snijen, sadat der in eksplosive dekompresje plakfynt dy't Krest oan grôt blaast. As Sánchez letter thúskomt, leit Bond dêr al lang en breed wer yn syn keamer op bêd. Hy fertelt dat er de ferrieder fûn hat, mar dêrop freget Bond him oft er wier mient dat der mar ien ferrieder is, wat de paranoia fan Sánchez noch mear oanfiteret. Dêr wurdt kolonel Heller, Sánchez syn haad befeiliging, úteinlik it slachtoffer fan.

De oare deis nimt Sánchez Bond mei nei it haadkertier fan syn yllegale aktiviteiten, dat operearret ûnder de dekmantel fan in meditaasjesintrum fan in religieuze sekte. Bond ûntdekt dat de wittenskippers dy't Sánchez oan it wurk hat, in prosedee ûntwikkele hawwe om kokaïne op te lossen yn benzine en it der wer út werom te winnen sûnder dat dat it einprodukt oantaast. Op dy wize kinne de drugs tenei maklik smokkele wurde. Sánchez hat plannen om op dy wize net inkeld de drugsmerk fan 'e Amearika's, mar ek dy fan East-Aazje te feroverjen (wat de reden wie dat de Hongkongske plysje efter him oan siet). In grizelige tillefyzjepredikant, professor Joe Butcher, dy't foar de lieder fan 'e sekte trochgiet, wurdt troch Sánchez syn bedriuwslieder Truman-Lodge as tuskenpersoan brûkt: Butcher syn tillefyzjeprogramma fungearret as in ferhoalen manear fan kommunikaasje mei de klanten yn 'e Feriene Steaten, dy't ladings drugs bestelle kinne troch 'skinkings' troch te skiljen nei it tillefoannûmer fan it programma.

Sánchez en Truman-Lodge jouwe in rûnlieding troch it hiele kompleks oan takomstige Eastaziatyske klanten, dêr't Bond him by jout. Yn 'e laboratoaria ken Dario, ien fan Sánchez syn trewanten, Bond werom, mei't er it earder tsjin Bond en Bouvier opnommen hat yn 'e bar yn Bimini. Op dat stuit wurdt der krekt in demonstraasje jûn fan it prosedee foar it oplossen en weromwinnen fan kokaïne, dat Bond grypt it glês benzine dat dêrfoar brûkt wurdt en feroarsaket brân. Yn 'e hommels útbrekkende panyk wit er fuort te kommen, mar hy wurdt wer fongen, wêrnei't Sánchez him boeid op in rinnende bân pleatst dy't him nei in yndustriële shredder fiere sil. Sánchez giet fuort foar't Bond de ein fan 'e rinnende bân berikt, mar Dario komt werom om himsels derfan te bewissigjen dat Bond dea is. Underwilens hat Bouvier it 'meditaasjesintrum' ynfiltrearre, dêr't se troch professor Joe te ferlieden en te oermasterjen in kaaibosk wit te besetten. Se arrivearret krekt op 'e tiid om Bond te rêden en Dario in set te jaan, wêrnei't Bond him yn 'e shredder skopt.

It 'meditaasjesintrum' is troch de útslaande brân no net mear te rêden, dat Sánchez flechtet mei alle kontante jild en fjouwer grutte tankweinnen mei benzine dy't oanlinge is mei kokaïne. Bond en Bouvier efterfolgje him mei it fleantúch dat Bouvier brûkt hie om it 'meditaasjesintrum' te berikken. Bond lit him boppe-op 'e tank fan ien fan 'e tankweinen ôfsette, wêrnei't er de frachtwein kaapt. Der folget in spektakulêre efterfolging, wêrby't Bond trije fan 'e fjouwer tankweinen ferneatiget en de iene nei de oare fan Sánchez syn trewanten ombringt. Underwilens sjit Sánchez sels Truman-Lodge dea as dy klaget oer alle jild dat fergriemd wurdt troch Sánchez syn nuvere opstigings.

Sánchez komt Bond op 'e lêste tankwein mei in masjete tenei, mar dêrby hout er by fersin de remkeabel troch, mei as gefolch dat de tankwein fan 'e wei rekket en by in heuvel del rôlet. Yn 'e bedelte klauwe de fersufte fjochtersbazen wer oerein. De mei benzine trochweakke Sánchez is gauwer wer by sûpe en stút as Bond, en sil him deadwaan mei syn masjete, mar Bond hellet de oanstekker foar 't ljocht dy't er earder fan Leiter en Della krigen hie en stekt him yn 'e brân. Bewuolle yn flammen strompelet Sánchez nei it wrak fan 'e tankwein ta, wat ta in reuseftige ûntploffing liedt dy't Sánchez kroandea makket. Bond ûntkomt oan 'e fjoersee en wurdt oppikt troch Bouvier yn 'e lêste fan 'e fjouwer trucks dy't noch ride kin.

Letter, op in feest yn Sánchez syn filla, dy't no eigendom is fan Lupe, kriget Bond in tillefoantsje fan Leiter út it sikehûs. Hy is wer by kennis en hoewol't er in skonk misse moatte sil, liket it mei syn earm wer goed te kommen. Leiter bringt ek in boadskip fan M oer, dy't Bond lokwinsket mei syn súkses en him syn âlde baan by MI6 wer oanbiedt. Lupe besiket Bond safier te krijen dat er in relaasje mei har begjint, en as se him tutet, sjocht Bouvier dat en draaft gûlend fuort. Bond seit lykwols tsjin Lupe dat se har pylken better op presidint López rjochtsje kin, mei't sy beiden wol oaninoar weage binne. Hy siket Bouvier op en lûkt har mei it swimbad yn, wêrnei't se inoar hertstochtlik begjinne te tútsjen. Q sjocht it ris oan en rint skodholjend fuort.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Timothy Dalton
Pam Bouvier Carey Lowell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Franz Sánchez Robert Davi
Lupe Lamora Talisa Soto
Milton Krest Anthony Zerbe
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
CIA-agint Felix Leiter David Hedison
Della Churchill Leiter Priscilla Barnes
Sharkey Frank McRae
DEA-agint Ed Killifer Everett McGill
M, sjef fan MI6 Robert Brown
juffer Moneypenny Caroline Bliss
Truman-Lodge Anthony Starke
DEA-agint Hawkins Grand L. Bush
Dario Benicio del Toro
Kwang Cary-Hiroyuki Tagawa
kolonel Heller Don Stroud
prof. Joe Butcher Wayne Newton
presidint fan Istmus Héctor López Pedro Armendáriz jr.
Pérez Alejandro Bracho
Braun Guy de Saint Cyr
Diana Lee-Hsu Loti
DEA-agint Mullens Rafer Johnson

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Licence to Kill waard regissearre troch John Glen nei in senario fan Richard Maibaum en Michael G. Wilson dat fierhinne orizjineel wie, hoewol't der wol eleminten yn opnommen wiene út 'e roman Live and Let Die (1954) en it koarte ferhaal The Hildebrand Rarity (1960) fan Ian Fleming. Maibaum en Wilson hiene earst fan doel west om it ferhaal yn 'e Folksrepublyk Sina te pleatsen, mei't de produsinten tastimming krigen hiene om dêr te filmjen, mar doe't inkele oare filmproduksjes har foar wiene, gie de nijichheid dêr gau fanôf, en soargen oer de sensuer dy't it kommunistyske regear fan it lân tapasse soe, makken dat men dêr fan ôfseach.

As produsinten wiene Albert R. Broccoli en syn styfsoan Michael G. Wilson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Eon Productions, United Artists en Estudios Churubusco. De film wie dêrmei in Britsk-Amerikaansk-Meksikaanske ko-produksje. Tom Pevsner en Broccoli syn dochter Barbara fungearren as associate producers. Der wie foar Licence to Kill in budget beskikber fan $32 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alec Mills.

De filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Kamen, mei't de gebrûklike filmkomponist fan 'e films út 'e James Bond-rige, John Barry, net beskikber wie. (Hy moast in swiere kieloperaasje ûndergean.) Regisseur John Glen keas foar Kamen, dy't earder oan aksjefilms as Die Hard en Lethal Weapon meiwurke hie, om't er fûn dat syn wurk dat fan Barry it deunst benei kaam. De titelsong Licence to Kill waard songen troch Gladys Knight.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Timothy Dalton kearde yn Licence to Kill foar de twadde en lêste kear werom as James Bond. Yn 'e folgjende film, GoldenEye, út 1995, soe dy rol oernommen wurde troch Pierce Brosnan. Yn 'e rol fan Bond girl Pam Bouvier waard Carey Lowell cast, dy't nei eigen sizzen tusken har casting en de opnamen yn in stikmannich fan 'e eardere films út 'e Bond-rige seach om ynspiraasje op te dwaan. Foar de sênes yn 'e Feriene Steaten droech se in prúk. Pas nei oankomst yn Istmus (dêr't Bond tsjin Bouvier seit dat, as se syn sekretaresse spylje sil, se har der ek nei klaaie moat, en Bouvier letter weromkomt mei in nije garderôbe en in nij kapsel) is har eigen, koarte hier te sjen.

De Sânmylsbrêge yn 'e Florida Keys, dêr't yn 'e film de ûntsnapping fan Sánchez plakfynt.

Foar de rol fan 'e antagonist Franz Sánchez suggerearre Albert R. Broccoli syn dochter Tina de akteur Robert Davi. Senarioskriuwer Richard Maibaum, dy't Davi yn 'e tillefyzjefilm Terrorist on Trial: The United States vs. Salim Ajami sjoen hie, sleat him dêrby oan. Yn tarieding op syn rol meat Davi him sels in Kolombiaansk aksint oan en lies er de Bond-roman Casino Royale, wêrnei't er besleat om Sánchez te spyljen as in folslein spegelbyld fan James Bond. Foar de sêne wêryn't in finzenebuske mei him deryn by de brêge del de see yn riidt en hy ûnder wetter ûntsnapt, learde er djipseedûken.

Davi holp letter ek by it casten fan Lupe Lamora, de minneresse fan Sánchez, mei't er by de audysjes foar dy rol as stand-in foar Bond fungearre. Fan in úteinlike list fan tolve gadingmakkers keazen de produsinten Talisa Soto om't Davi sei dat er "foar har in moard begean" soe. In jonge Benicio del Toro waard útornearre foar de rol fan Dario, ien fan Sánchez syn trewanten, omreden fan syn driigjende foarkommen. David Hedison, dy't CIA-agint Felix Leiter sechstjin jier earder yn Live and Let Die ek alris spile hie, kearde foar Licence to Kill werom yn dy rol. Hy wie de iennichste akteur dy't Leiter twaris spile oant Jeffrey Wright nei Casino Royale (2006) yn dy rol weromkearde yn Quantum of Solace (2008).

Desmond Llewelyn kearde yn Licence to Kill wer werom yn 'e rol fan Q, en itselde gou foar Robert Brown as M en Caroline Bliss as juffer Moneypenny. Foar dy lêste beiden wie Licence to Kill lykwols de lêste kear dat se dy rollen spilen. John Rhys-Davies, dy't yn 'e foargeande Bond-film, The Living Daylights, de rol fan KGB-sjef Leonid Pûsjkin spile hie, sei letter dat er frege wie foar in cameo yn Licence to Kill, mar dat er dêr fan ôfsjoen hie om't er it personaazje fan Pûsjkin folslein oerstallich foar de plot fûn.

Sjonger Wayne Newton krige de rol fan professor Joe Butcher nei't er Eon Productions in brief stjoerd hie wêryn't er oanbea om in cameo yn in Bond-film te spyljen, mei't er in grutte fan fan 'e filmsearje wie. De rol fan Héctor López, de diktator fan Istmus, waard spile troch Pedro Armendáriz jr., de soan fan 'e Pedro Armendáriz dy't Ali Kerim Bey spile hie yn 'e Bond-film From Russia with Love (1963).

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Licence to Kill setten op 18 july 1988 útein en duorren oant en mei 18 novimber fan dat jier. Der waard op lokaasje filme yn Key West, yn 'e Florida Keys. De Sânmylsbrêge tusken dy eilannen waard brûkt foar de sêne mei de ûntsnapping fan Sánchez. Oare plakken dêr't dêr filme waard, wiene it Ernest Hemingway House, de Ynternasjonale Lofthaven Key West en Mallory Square. De trouwerij fan Leiter fûn plak yn 'e Basilyk fan 'e Stjer fan 'e See fan 'e Hillige Marije yn Key West. De pier fan 'e Amerikaanske Kustwacht yn Key West giet yn 'e film troch foar de haven fan Istmus City.

Foar oare sênes yn Istmus waard útwykt nei Meksiko, dêr't yn Meksiko-Stêd filme waard yn of by û.m. de Biblioteca del Banco de México (bûtenkant fan it El Presidente Hotel yn Istmus), Teatro de la Ciudad (bûtenkant fan it Casino de Isthmus) en it Casino Español (binnenkant fan it Casino de Isthmus). De Villa Arabesque yn it baaiplak Acapulco, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan, gie troch foar de filla fan Sánchez, en it Centro Cultural Otomí yn Temoaya, in kultureel sintrum foar de Yndiaanske Otomy, waard brûkt foar it 'Meditaasjesintrum' fan professor Joe dat eins in dekmantel foar de drugsoperaasje fan Sánchez is. Yn La Rumorosa, in berchpas by Tecate op it Kalifornysk Skiereilân, waard de efterfolging mei de tankweinen opnommen. Underwettersênes waarden filme by Isla Mujeres, foar de kust fan it baaiplak Cancún, oan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko.

De stunt mei de truck mei tankweinoplizzer dy't Bond in ein balansearjend op 'e tsjillen oan 'e lofterkant riidt (mei alle tsjillen oan 'e rjochterkant yn 'e loft), waard útfierd troch stuntman Rémy Julienne. Hoewol't foar dy stunt in stellaazje makke waard om 'e truck mei oplizzer langernôch skean te hâlden foar de opnamen, hoegde dy net brûkt te wurden om't it Julienne slagge en fier de stunt sûnder helpmiddels út. Oars as by de measte James Bond-films, wêrfan't de binnendoarsênes opnommen waarden yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire, waarden dy fan Licence to Kill filme yn 'e Meksikaanske Estudios Churubusco yn Meksiko-Stêd.

It Centro Cultural Otomí, in kultureel sintrum fan 'e Otomy, in Yndiaansk folk yn Meksiko, gie yn Licence to Kill troch foar it 'Olympatec Meditation Institute'.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Licence to Kill waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film gie op 13 juny 1989 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 14 juny yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn juny 1989 by platemaatskippij MCA Records.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Licence to Kill oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren. Hy fûn de stunts der oertsjûgjend útsjen en de klimaks, mei de efterfolging yn 'e tankweinen, neamde er "opwinend". Hy konkludearre: "Licence to Kill is ien fan 'e bêsten fan 'e resinte Bond-films." Yn 'e Britske krante The Guardian mocht Derek Malcolm wol oer de "skerpere rântsjes fan 'e ierdere Bond-films" dy't Licence to Kill neffens him neibearde. Hy woe allinne wol dat de film "skreaun en regissearre wie mei wat mear flêr." Philip French, dy't skreau foar The Observer, murk op dat it "de Bond fan Timothy Dalton […] mienen is, nettsjinsteande de boartlike glinstering yn syn eagen". Hy neamde Licence to Kill "in ûnderhâldende film, dêr't men jin net foar hoecht yn te spannen."

Net eltsenien wie lykwols mei de film ynnommen. Yn 'e Daily Express skreaun Ian Christie dat de plot fan Licence to Kill "absurd mar yn 'e grûn saai" wie. In fierder probleem wie neffens him dat "der gjin gearhingjende ferhaalline [wie] om ['e stunts] oan op te hingen". Iain Johnstone fan The Sunday Times stelde fêst dat "elts restant fan 'e spion-en-hear […] fan Ian Fleming" no weirekke wie, en dat yn it plak dêrfan in Bond kommen wie dy't "opmerklike sterk útskaait […] nei de lyknammige held fan 'e Batman-film." Yn it tydskrift Empire parte Tom Hibbert de film mar 2 fan 5 stjerren ta. Hy skreau: "Dalton […] is echt folslein hopeleas". Neffens him koe de Bond fan Dalton op gjin inkele manear de Bonds fan Sean Connery en Roger Moore belykje.

Doe't de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli yn 1996 op Licence to Kill weromseach, stelde er in fûneminteel swak plak yn 'e film fêst: "te folle klam op it ferhaal soe skoan ris in flater wêze kinne, want der binne mominten dat de plot fan [de film] fêstrint." Dêr foege er oan ta: "[De film] […] is gjin tradisjonele Bond-film, en dat, mear as oare dingen, soe wolris de reden wêze kinne dat it publyk dizze knaphandich makke film ôfwiist." Nettsjinsteande dat joech Berardinelli Licence to Kill 3 fan 4 stjerren.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Licence to Kill in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 59 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is dûnkerder [fan toan] as de measte foargeande dielen út 'e Bond-searje, mei Timothy Dalton dy't it personaazje mei yntinsiteit spilet, mar der binne likegoed noch guon spannende efterfolgings en gefjochtssênes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Licence to Kill in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 25 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Licence to Kill brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $34,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $121,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $156,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $32 miljoen betsjut dat in winst fan $124,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Licence to Kill ûnderfûn yn 'e bioskopen frijwat konkurrinsje fan 'e aksjefilm Lethal Weapon 2, de fantasykomeedzje Ghostbusters II, de aventoerefilm Indiana Jones and the Last Crusade en 'e superheldefilm Batman.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It senario foar Licence to Kill, skreaun troch Richard Maibaum en Michael G. Wilson, waard yn 1990 nominearre foar in Edgar Award foar bêste spylfilm.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)