Springe nei ynhâld

Eon Productions

Ut Wikipedy
Eon Productions
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor filmstudio en oare entertainment
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1961
oprjochter Albert R. Broccoli
Harry Saltzman
offisjele webside
eon.co.uk

Eon Productions is in Britske filmstudio dy't him benammen taleit op it produsearjen fan 'e films út 'e James Bond-searje. It bedriuw waard yn 1961 oprjochte troch Albert R. Broccoli en Harry Saltzman en hat syn haadkertier yn 'e Londenske wyk Picadilly. De studio is tsjintwurdich eigendom fan 'e famylje Broccoli.

Eon Productions waard yn 1961 oprjochte troch de Ingelske filmprodusinten Albert R. Broccoli en Harry Saltzman, doe't dy besochten en krij de finansiering rûn foar Dr. No, de earste James Bond-film. In jier earder hiene se al it bedriuw Danjaq oprjochte, dat om belestingtechnyske redens de holding waard dêr't Eon by ûnderbrocht waard. Troch dy konstruksje besit eins Danjaq de filmrjochten op 'e James Bond-rige, en produsearret Eon de films ûnder lisinsje fan Danjaq.

Broccoli hie foar 1961 al ferskate jierren belangstelling foar it meitsjen fan filmadaptaasjes fan 'e James Bond-romansearje, mar syn eardere sakepartner seach dêr neat yn. Doe't se harren gearwurking beëinigen, wie Broccoli frij om syn eigen sin te dwaan. Saltzman wie in nijynkommeling yn 'e filmyndustry, dy't poer op 'e gok de filmrjochten fan Ian Fleming, de auteur fan 'e romansearje, oankocht hie. De beide mannen kamen fia-fia mei-inoar yn 'e kunde, en in wike letter hiene se tegearre Danjaq oprjochte.

Yn 1975, nei it meitsjen fan njoggen, oer it algemien tige súksesfolle, James Bond-films, stapte Harry Saltzman út Danjaq en ferkocht syn diel fan it bedriuw oan 'e Amerikaanske filmstudio United Artists (UA), dy't yn 1981 oernommen waard troch Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Sûnt dy tiid wurde de James Bond-films dêrom produsearre troch Eon Productions y.g.m. MGM. Eon is sûnt 1975 in famyljebedriuw dat folslein eigendom is fan 'e famylje Broccoli. Albert R. Broccoli ferstoar yn 1996, en de studio wurdt sûnt bestjoerd (en de films produsearre) troch syn dochter Barbara Broccoli en har styfbroer Michael G. Wilson, de soan út in earder houlik fan Broccoli syn frou Dana Wilson Broccoli.

James Bond-films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne twa James Bond-films dy't net troch Eon Productions produsearre binne: Casino Royale út 1967, en Never Say Never Again út 1983. Ek Casino Royale, in Amerikaanske tillefyzjefilm út 1954, is net fan Eon.

Eon Productions hat (anno 2020) yn totaal seis film makke dy't net oer James Bond giene. Dêrûnder is ien út 'e 1960-er jierren, wylst de rest út 'e 2010-er jierren komt. Broccoli en Saltzman makken wol mear films yn 'e 1960-er en 1970-er jierren, mar dat diene se bûten Eon Productions om.

Teäterproduksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eon Productions hat ek ferskate teäterfoarstelling produsearre, wêrûnder Chitty Chitty Bang Bang, dat basearre wie op in boek fan James Bond-skepper Ian Fleming, en in útfiering fan Shakespeare's Otello mei James Bond-fertolker Daniel Craig yn 'e haadrol.

  • 2002 – Chitty Chitty Bang Bang
  • 2012-2013 – Chariots of Fire
  • 2012-1016 – Once
  • 2016-2017 – Otello
  • 2017 – The Band's Visit
  • 2017 – The Country Girls
  • 2017 – Love Letters
  • 2017 – The Kid Stays in the Picture
  • 2018 – Strangers on a Train

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.