Danjaq

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Danjaq
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor filmyndustry
haadkertier Santa Monica (Kalifornje)
oprjochte 1962
oprjochter Albert R. Broccoli
Harry Saltzman
eigener Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
offisjele webside
www.007.com

Danjaq, formeel Danjaq, LLC en foarhinne Danjaq S.A. en Danjaq, Inc., is in Amerikaanske holding dêr't de auteursrjochten en registrearre hannelsmerken by ûnderbrocht binne oangeande de James Bond-filmsearje en de personaazjes, organisaasjes en oare ploteleminten dy't dêryn foarkomme. As sadanich funksjonearret Danjaq min ofte mear as de memme-ûndernimming fan filmstudio Eon Productions, hoewol't dy bân net formalisearre is. It bedriuw is eigendom fan 'e erven Albert R. Broccoli.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Danjaq waard yn 1962 (as Danjaq S.A.) oprjochte troch filmprodusinten Albert R. Broccoli en Harry Saltzman, om alle auteursrjochtlike saken by ûnder te bringen oangeande harren James Bond-filmsearje, wêrfan't de films fan 1962 ôf produsearre waarden troch harren filmstudio Eon Productions. De beide mannen ferneamden Danjaq nei de begjinletters fan 'e foarnammen fan harren froulju: Dana Broccoli en Jacqueline Saltzman. Oarspronklik wie it in Switsersk bedriuw, fêstige yn it kanton Vaud (dêrfandinne de tafoeging S.A., dy't wiist op in Switserske bedriuwsfoarm).

Yn 1962 sette Danjaq útein mei in langjierrige partnerskip mei de Amerikaanske filmstudio United Artists (UA), dy't oan hjoed de dei ta duorret. Omreden fan persoanlike finansjele swierrichheden wie Harry Saltzman yn 1975 twongen om syn oandiel fan 50% yn sawol Eon as Danjaq te ferkeapjen oan UA. Dy helte fan it bedriuw waard lykwols yn 1986 troch Albert en Dana Broccoli oerkocht, sadat Danjaq foar de folle 100% yn harren hannen kaam. Yn ruil dêrfoar ûntfong Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), in studio dy't yn 1981 UA oernommen hie, in eksklusyf distribúsjekontrakt foar de James Bond-films, dat folle lukrativer wie as it behâld fan it it oandiel yn Danjaq.

Yn oktober 1992 waard Danjaq ferhuze fan Switserlân nei de Amerikaanske steat Delaware, wêrnei't it bedriuw Danjaq, Inc. hiet. Yn jannewaris 1997 waard de bedriuwfoarm feroare fan "inc." (ferlykber mei in namleaze fennoatskip) ta "LLC" (ferlykber mei in besletten fennoatskip). Nei it ferstjerren fan Albert R. Broccoli, yn 2004, waard Danjaq eigendom fan syn erven; fan harren binne syn styfsoan Michael G. Wilson en syn dochter Barbara Broccoli aktyf by it bedriuw belutsen. Tsjintwurdich is it haadkertier fan Danjaq fêstige yn it Kalifornyske Santa Monica.

Wurkmêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Danjaq dielt de auteursrjochten op 'e earste tweintich James Bond-films dy't makke binne troch Eon Productions mei Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), dat de rjochtsopfolger is fan United Artists (UA). De rjochten op 'e filmsearje fan Eon begjinnend mei de film Casino Royale út 2006 dielt Danjaq mei MGM en Columbia Pictures.

Mei't Danjaq oarspronklik de filmrjochten op 'e roman Casino Royale net hie, besteane dêr twa oare ferfilmings fan, dy't net fan Eon binne. Yn 1997 kocht Danjaq de filmrjochten op 'e roman dochs noch by in komplekse ruil mei MGM en Sony Pictures, wêrmei't de rjochten op 'e films Casino Royale út 1954 en Casino Royale út 1967 ek yn 'e hannen fan Danjaq en MGM kamen. De rjochten op 'e iennichste oare James Bond-film dy't net fan Eon wie, Never Say Never Again, út 1983, kamen yn 1997 yn 'e hannen fan MGM.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.