Kenneth Turan

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kenneth Turan
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kenneth Turan
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 27 oktober 1946
berteplak New York (New York)
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
wurkpaad
berop/amt sjoernalist
aktyf as filmkritikus, publisist
jierren aktyf ±1970 – no
offisjele webside
Kenneth Turan op Twitter

Kenneth Turan (útspr. [təˈɹæn], likernôch: "tuh-ren; New York, 27 oktober 1946) is in foaroansteand Amerikaansk sjoernalist, filmkritikus, filmhistoarikus, publisist en radiopresintator.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Turan waard yn 1946 berne yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, dêr't er opgroeide yn in religieus joadsk fermidden. Nei't er it fuortset ûnderwiis ôfrûne hie, studearre er oan it Swarthmore Kolleezje, dêr't er in bachelorgraad behelle. Neitiid learde er fierder oan 'e Columbia Universiteit, dêr't er ôfstudearre mei in mastertitel yn sjoernalistyk.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Turan sette syn karriêre útein as algemien sjoernalist foar de krante The Washington Post yn Washington, D.C. Letter wurke er as filmkritikus foar The Progressive, in tydskrift dat publisearre waard yn Madison (Wisconsin). Yn 1991 waard er haadfilmkritikus by de Los Angeles Times yn Los Angeles. Yn dy funksje krige Turan syn grutste bekendheid. Hy wie yn 1997 behelle yn in yn 'e Amerikaanske media útfochten fete mei regisseur James Cameron nei't er in negative resinsje skreaun hie fan dy syn film Titanic. Op 25 maart 2020 kundige Turan oan dat er mei pinsjoen soe.

Njonken syn wurk foar de skriuwende parse presintearre Turan ek jierrenlang in filmrubryk foar it radioprogramma Morning Edition fan NPR. Op 'e pleatslike radiostjoerder KUSC yn Los Angeles rjochte er it programma Arts Alive op. Turan siet ek yn 'e rie fan tafersjoch fan it Jiddysk Boekesintrum (YBC). Hy publisearre fierders ferskate non-fiksjeboeken oer de filmyndustry en de filmskiednis. Ek wied er as dosint ferbûn oan it profesjoneel skriuwersprogram fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC).

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1972 – The Future is Now: George Allen, Pro Football's Most Controversial Coach (mei William Gildea)
  • 1974 – Sinema: American Pornographic Films and the People Who Make Them
  • 1974 – I'd Rather Be Wright: Memoirs of an Itinerant Tackle
  • 1987 – Call Me ismale: The Autobiography of ismale
  • 2002 – Sundance to Sarajevo: Film Festivals and the World They Made
  • 2004 – Never Coming to a Theater Near You
  • 2006 – Now in Theaters Everywhere
  • 2009 – Free for All: Joe Papp, the Public, and the Greatest Theater Story Ever Told (mei Joseph Papp)
  • 2014 – Not to Be Missed: Fifty-Four Favorites From a Lifetime of Film

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.