Springe nei ynhâld

Mary Poppins Returns

Ut Wikipedy
Mary Poppins Returns
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Marshall
produsint Rob Marshall
John DeLuca
Marc Platt
senario David Magee
basearre op Mary Poppins fan P.L. Travers
kamerarezjy Dion Beebe
muzyk Marc Shaiman
filmstudio Walt Disney Pictures
Lucamar Productions
Marc Platt Productions
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Emily Blunt
Lin-Manuel Miranda
Ben Whishaw
Emily Mortimer
byrollen Nathanael Saleh
Pixie Davies
Joel Dawson
Colin Firth
Julie Walters
Meryl Streep
Dick Van Dyke
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 novimber 2018
foarm lange filmmusical
sjenre histoaryske fantasy-
   komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 131 minuten
budget en resultaten
budget $130 miljoen
opbringst $349,5 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
1 × Satellite Award
2 × Annie Award
filmsearje
filmsearje Mary Poppins
● foarich diel Mary Poppins

Mary Poppins Returns is in Amerikaanske histoaryske fantasykomeedzjefilm, filmmusical en famyljefilm út 2018 ûnder rezjy fan Rob Marshall. De haadrollen waarden spile troch Emily Blunt, Lin-Manuel Miranda, Ben Whishaw en Emily Mortimer. De titel betsjut "Mary Poppins Keart Werom". De film hjit in ferfolch te wêzen op 'e filmklassiker Mary Poppins, út 1964, mar it ferhaal fan Mary Poppins Returns liket sa op dat fan 'e oarspronklike film, dat it likegoed in remake neamd wurde kin. De plot folget widner Michael Banks, dy't yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, nei it ferstjerren fan syn frou, syn trije bern op eigen manneboet grutbringe moat. As de húshâlding op 'e strjitte set driget te wurden, ferskynt, om regaad te meitsjen, lykwols jitris de kordate gûvernante Mary Poppins, dy't tsjoene kin. Mary Poppins Returns krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar fjouwer Oscars, fjouwer Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje) in Grammy en trije BAFTA's. Hy wûn in Saturn Award, in Satellite Award en twa Annie Awards.

Yn Londen yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren wennet Michael Banks yn 'e filla dêr't er opgroeid is en dy't er fan syn âldelju urven hat. Hy is eins keunstner, mar hat, om syn húshâlding te ûnderhâlden, in baan oannommen as bankbetsjinde by de Fidelity Fiduciary Bank, dêr't syn heit ek wurke. Michael hat trije bern: de foarlike John en Annabel en de jonge Georgie. Syn frou Kate is him in jier earder ûntfallen en Michael hat him noch net alhiel dellein by syn nije status as widner. It gemis is net inkeld emosjoneel, mar ek praktysk: Kate wie it brein fan harren houlik, wylst Michael sels frijwat ferstruid is. Dat betsjut û.o. dat de boekhâlding no net mear goed byholden wurdt. Mei't Michael in liening ôfsletten hat by syn wurkjouwer, wurdt dat in probleem as er in fearnsjier efterop rekket mei de ôfbetellings.

Wilkins, de korrupte nije direkteur fan 'e bank, stjoert syn ûnderhearrigen Hamilton Gooding en Templeton Frye om Michael oan te sizzen dat syn hûs, dat er as ûnderpân foar de liening brûkt hat, yn beslach nommen wurde sil as er de liening freed om midsnacht net folslein werombetelle hat. It komt Michael syn suster Jane yn 't sin dat harren heit oandielen yn 'e Fidelity Fiduciary Bank hie, dy't er harren neilitten hat. Dy soene mear wurdich wêze moatte as de liening, mar Michael en Jane kinne mar net betinke wêr't it oandielesertifikaat ek al wer bedarre is. Se helje it hiele hûs op 'e kop. Mei in min sin oer de krisis dy't er oer himsels útroppen hat, kriget Michael argewaasje fan alle âlde troep dy't er by de syktocht tsjinkomt. Hy set in hiele doaze mei rotsoai fan 'e souder by it ôffal, mei dêrby ek it heal stikkene draakje dêr't hy en Jane as bern mei boarte hawwe.

As der in fûle wyn opstekt, wurdt it draakje fuortblaasd en bedarret yn it park, dêr't John, Annabel en Georgie rinne, mei't se ûnderweis binne om te boadskipjen, eat dat harren heit juster fergetten is. Wannear't Georgie it draakje fleanen sjocht, giet er derefteroan. Nei in efterfolging troch de boskjes hinne wit er it tou te pakken, mar de wyn is sa sterk dat er optild driget te wurden om mei fuort te waaien. De freonlike lantearne-opstekker Jack, dy't de bern kenne om't er jûns ek altyd de strjitlantearnen yn harren strjitte oanstekt en moarns wer útdocht, is krekt op 'e tiid om dat foar te kommen. As se tegearre oan it tou lûke, iepenet him in gat yn it tsjûke wolkedek en sakket der in frou út 'e loft del by it tou fan it draakje lâns. It blykt de gûvernante Mary Poppins te wêzen, dy't de bern thúsbringt. Michael en Jane kenne har noch werom fan 'e blaumoandei yn harren jonkheid doe't Mary harren gûvernante wie en by harren thús regaad makke (sjoch: Mary Poppins). Hoewol't er it eins net betelje kin, nimt Michael har oan as gûvernante foar syn bern.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Georgie is de iennichste fan 'e trije bern dy't Mary út 'e loft wei delsakjen sjoen hat, mei't John en Annabel him pas koart dêrnei byhellen. De beide âldere bern binne sadwaande begryplikerwize skeptysk oer de fantastysk lykjende ferhalen fan Georgie. De bern binne by harren efterfolging fan it draakje (Georgie) dan wol harren jongere bruorke (John en Annabel) troch it strewelleguod fan it park bot smoarch wurden. Mary har earste die as gûvernante is sadwaande om harren yn bad te dwaan. Dêrby belibje se fjouweresom in ûnderwetteraventoer dat eltse twifel by John en Annabel weinimt oer de wierheid fan wat Georgie seit.

Michael en Jane geane nei de bank, op 'e siik nei bewiis foar it bestean fan harren heite oandielen. Direkteur Wilkins ûntfangt harren op hoaske wize en moaipraat op 'e saak om, mar hy ûntstriidt dat de oandielen fan harren heit yn it oandieleregister fermeld steane. Nei't se ôfset binne, ferbaarnt er de side dêr't dy fermelding wol deeglik op stiet. Underwilens beslute John en Annabel dat se de porsleinene skaal op harren bernekeamer, dy't troch harren mem omskreaun waard as "ûnbetelber", ferkeapje moatte om 'e skuld oan 'e bank ôf te beteljen. Georgie wol dêr neat fan witte. Wylst Mary Poppins op it balkon in praatsje makket mei Jack, dy't krekt de lantearne foar it hûs oanstekt, krije de bern rûzje om 'e skaal, wêrby't it ding in barst oprint. De koets út it plaatsje op 'e skaal rekket dêrtroch in tsjil kwyt.

Mary nimt Jack en de bern mei nei de porleinene wrâld fan 'e skaal om 'e koetsier, dat in hûn is, te helpen it tsjil der wer oan te setten. As dat slagge is, lit se har troch Jack beprate om in eintsje yn 'e koets út te riden te gean. Se bedarje yn in muzyktinte, dêr't Jack en Mary op it poadium sjonge en dûnsje foar in grut publyk fan pratende bisten. Georgie wurdt lykwols ûntfierd troch in snoade wolf en syn hantlangers, in das en in wezeling, dy't it besyk fan Mary en de bern oan 'e skaal op 'e iene of oare manear brûke om sels nei de echte wrâld oer te stappen en de bernekeamer te plonderjen. John en Annabel sette de efterfolging yn en witte Georgie en harren besittings te rêden, mar dêrby fleane se trijeresom fan 'e râne fan 'e skaal ôf it tsjuster yn. De bern wurde wekker yn harren bêden yn 'e bernekeamer, mar binne rare kjel wurden. Op sokke mominten misse se harren mem noch mear as oars, dat Mary sjongt foar harren in slieplietsje wêryn't se útleit dat dingen dy't weirekke binne (lykas ek harren mem) inkeld wei binne oant se wer fûn wurde.

De oare moarns moetet Jack by it útdwaan fan 'e lantearnepeal foar it hûs fan 'e famylje Banks Jane wer, dy't er al jierren net mear sjoen hat en op wa't er altyd wat fereale west hat. Jane liket ek bliid om him te sjen. Mary nimt de bern en de skaal mei de barst deryn mei nei har fiere efternicht Topsy (eins: Tatiana Antanasia Cositori Topotrepolovsky) út East-Jeropa, dy't earne yn Londen in lytse reparaasjewurkplak hat. Underweis moetsje se Jack wer, dy't him by harren oanslút. It docht bliken dat it de twadde woansdei fan 'e moanne is, wannear't de hiele boel foar Topsy op 'e kop stiet (letterlik). Se sjonge en dûnsje op it plafon fan har wurkplak, en letter ûnthjit Topsy dat se de skaal wer as nij meitsje sil. Mar se heakket deroan ta dat it ding yn termen fan jild neat wurdich is: mei "ûnbetelber" bedoelde de mem fan 'e bern nei alle gedachten dat se der in sin by hie.

Neitiid bringe Mary en de bern de fergetten tas fan Michael nei syn wurk op 'e bank. De bern fetsje it plan op om te besykjen en bepraat de bankiers om ôf te sjen fan 'e ynbeslachname fan it hûs en glûpe fuort. Mary, dy't krekt wit wat se fan doel binne, lit it gewurde. By it kantoar fan Wilkins hearre de bern him krekt de ynbeslachname mei Gooding en Frye bepraten, wêrby't de bankdirekteur syn wiere aard toant. Wannear't Georgie troch it kier fan 'e doar sjocht dat Wilkins syn bûshorloazje oan it keatling hinne en wer swaaie lit, krekt sa't de wolf yn 'e porsleinene wrâld die, rekket er derfan oertsjûge dat Wilkins en de wolf ien-en-deselde binne en falt er it kantoar binnen. John en Annabel skuorre him lykwols mei en de bern flechtsje werom nei de lobby fan 'e bank, mei Wilkins op 'e hakken. Dyselde beklaget him by Michael oer it hâlden en dragen fan syn bern, en Michael wurdt lulk om't se syn baan yn gefaar brocht hawwe en wol gjin kwea wurd oer Wilkins hearre. Op 'e weromweis nei hûs reitsje de bern paadbjuster (hoewol't Mary, dy't by harren bliuwt, dat net is). Se komme Jack wer tsjin, dy't harren yn 'e mande mei syn maten, de oare lantearne-opstekkers, de rimende geheimtaal fan harren beropsgroep leart. As se úteinlings nei tsjuster thúskomme, sit Michael dêr al lang ûngerêst te wachtsjen. Hy lit einlings syn wanhoop blike oer it behâlden fan it hûs, en de bern besykje him te treastgjen.

Op freedtejûn, as it hast midsnacht is, ûntrommet de famylje Banks de wente mei help fan Jack en de oare lantearne-opstekkers. Georgie wol it âlde draakje behâlde, dat er reparearre hat troch de gatten ticht te plakken mei âld papier dat Michael sels fuortsmiten hat. As Michael it draakje ris better besjocht, docht bliken dat it papier dat Georgie foar de reparaasje brûkt hat, in âlde tekening fan Michael is. Dy blykt er makke te hawwen op 'e efterkant fan it oandielesertifikaat. No hawwe se einlings en te'n lêsten fûn wêr't se de hiele wike hast om socht hawwe, mar no is it te let om noch foar midsnacht de bank te berikken. Mary Poppins stjoert Michael en Jane dêr likegoed hinne en seit dat se de tiid wol foar harren efterút sette sil. Dêrta giet se mei de bern en Jack en al syn maten nei de Big Ben ta, dêr't de lantearneljochters by de toer op klimme sadat Mary krekt foar midsnacht de grutte wizer in heal kertier efterút sette kin.

Dat jout Michael en Jane krekt genôch tiid om 'e bank te berikken. Wilkins, lykwols, jout Gooding en Frye opdracht om 'e doarren fan it bankgebou te barrikadearjen, sadat se der net yn komme kinne. Lang om let wurdt de gewisseneed dêr't Frye al langere tiid ûnder lijt, him tefolle en smyt er de doarren iepen. Sa berikke Michael en Jane noch krekt op 'e tiid it kantoar fan Wilkins. Dyselde stiet der lykwols op dat it hiele oandielesertifikaat byinoar puzele wurde moat út 'e stikjes dêr't Georgie it foar de reparaasje yn ferknipt hat. As der ien lyts stikje blykt te ûntbrekken, wegeret er de oandielen oan te nimmen en giet de ynbeslachname troch. Michael kriget dan spyt dat er syn bern earder oangeande Wilkins net leauwe woe en seit de bankdirekteur it mannewaar op.

Op dat stuit komt (as in deus ex machina) Wilkins syn omke en foargonger, dhr. Dawes jr., it kantoar binnen. Him is ynflústere (troch de pratende paraplu fan Mary Poppins, sa is de suggestje) dat Wilkins mei syn ynklauwerigens de reputaasje fan syn bank oan it ferrinnewearjen is. En ek dat Wilkins praatsjes ferspriedt dat Dawes jr. demint wêze soe. Dêr is de âldman net bêst oer te sprekken, dat hy jout syn omkesizzer dien en skopt him it kantoar út. Dêrnei fertelt er Michael dat dy mear as genôch finansjele middels hat om 'e hiele liening werom te beteljen. Njonken de oandielen yn 'e bank is der bygelyks noch de bankrekken dy't syn heit lang lyn foar Michael iepene hat om syn tuppence op te stoarten. Troch in tal briljante ynvestearrings is dat iene muntstik ûnderwilens útgroeit ta in lyts fortún.

De oare deis besykje de Michael en de bern, Jack en Jane (dy't ûnderwilens ferkearing krigen hawwe) en Mary Poppins it park, dêr't it merke is. By in âlde ferkeapster skaffe se elts in ballon oan, dy't harren heech de loft yn lûkt ta grutte wille fan eltsenien. Ek harren húshâldster Ellen, Dawes jr. en de buorlju keapje in ballon en geane te sweven. Inkeld Wilkins kin syn ballon net omheech krije. De Banks-húshâlding komt lang om let del by harren eigen hûs, dêr't in krêftige wyn opstekt dy't de foardoar iepenwaait. Mary Poppins, dy't yn it park efterbleaun is, hie al oankundige dat se wer fierder tsjen soe as der in doar iepengie, dat no fielt se dat dy tiid kommen is. Ut harren strjitte wei sjocht de famylje Banks har oan har papaplu boppe de beammen fan it park út stiigjen. Michael en Jane roppe har in tankjewol nei wylst se har weiwurden sjogge heech yn 'e loft.

  • (Underneath the) Lovely London Sky – Jack
  • A Conversation – Michael Banks
  • Can You Imagine That? – Mary Poppins, John, Annabel en Georgie
  • The Royal Doulton Music Hall – Mary Poppins, Jack, John, Annabel en Georgie
  • A Cover is Not the Book – Mary Poppins en Jack
  • The Place Where Lost Things Go – Mary Poppins
  • Turning Turtle – Topsy, Mary Poppins, Jack, John, Annabel en Georgie
  • Trip a Little Light Fantastic – Jack en de oare lantearne-opstekkers
  • The Place Where Lost Things Go (reprize) – John, Annabel en Georgie
  • Trip a Little Light Fantastic (reprize) – dhr. Dawes jr., Mary Poppins, Michael Banks, Jack, John, Annabel en Georgie
  • Nowhere to Go but Up – hiele cast
  • (Underneath the) Lovely London Sky (reprize) – Jack
Emily Blunt.
Lin-Manuel Miranda.
Ben Whishaw.
Emily Mortimer.
haadrollen
personaazje                        akteur/aktrise
Mary Poppins Emily Blunt
Jack Lin-Manuel Miranda
Michael Banks Ben Whishaw
Jane Banks Emily Mortimer


byrollen
personaazje akteur/aktrise
John Banks Nathanael Saleh
Annabel Banks Pixie Davies
Georgie Banks Joel Dawson
William "Weatherall" Wilkins Colin Firth
húshâldster Ellen Julie Walters
Topsy Topotrepolovsky Meryl Streep
dhr. Dawes jr. Dick Van Dyke
Hamilton Gooding Jeremy Swift
Templeton Frye Kobna Holdbrook-Smith
ballonferkeapster Angela Lansbury
admiraal Boom David Warner
earste stjoerman Binnacle Jim Norton
de paraplu fan Mary Poppins Edward Hibbert (stim)
Shamus de koetsier/hûn (tekenfilmsegmint) Chris O'Dowd (stim)
Clyde it hynder (tekenfilmsegmint) Mark Addy (stim)
de wolf (tekenfilmsegmint) Colin Firth (stim)
de das (tekenfilmsegmint) Jeremy Swift (stim)
de wezeling (tekenfilmsegmint) Kobna Holdbrook-Smith (stim)
Penny Farthing Noma Dumezweni
frou Lark Sudha Bhuchar
parkopsjenner Steve Nicolson
Angus de lantearne-opstekker Tarik Frimpong
dame dy't om it paad freget Karen Dotrice (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferfolch op it reuseftige súkses fan 'e filmklassiker Mary Poppins, út 1964, wie al sûnt mids 1960-er jierren sprake fan, mar it projekt kaam yn 'e tariedingsfaze muorrefêst te sitten. P.L. Travers, de skriuwster fan 'e Mary Poppins-romansearje dêr't de earste film op basearre wie, hie in grutte hekel oan 'e ferfilming en dêrtroch ek in problematyske relaasje mei Walt Disney, dy't de driuwende krêft efter de ferfilming west hie. Hja blokkearre eltse ferfolchfilm oant lang nei it ferstjerren fan Disney yn 1966.

Ein 1980-er jierren naam Jeffrey Katzenberg, de doetiidske algemien direkteur fan The Walt Disney Company, kontakt mei Travers op om it idee fan in ferfolchfilm op Mary Poppins op 'e nij te bepraten, mar ek hy koe koe mei de skriuwster net ta oerienstimming komme. Travers woe tsjin dy tiid wol in ferfolchfilm meitsje litte, mar stelde dêrfoar easken oangeande har eigen sizzenskip oer it ferhaal dy't foar Disney net akseptabel wiene. Sadwaande belâne it projekt wer yn 'e iiskast.

Travers naam dêrop sels it inisjatyf ta it skriuwen in senario foar in ferfolchfilm, yn 'e mande mei in goede freon fan harres, senarioskriuwer Brian Sibley. Se namen kontakt op mei Roy E. Disney, ien fan 'e lêste leden fan 'e Disney-famylje dy't in hege funksje by The Walt Disney Company beklaaiden. Dyselde woe wolris sjen wêr't se mei op 'e lapen komme soene en liet Sibley in skript skriuwe dat foar in part basearre wie op it twadde diel fan Travers har romansearje. Diskear rûn it projekt op 'e non troch swierrichheden oangeande de casting. Travers woe inkeld Julie Andrews yn 'e rol fan Mary Poppins hawwe, dy't deselde rol ek fertolke hie yn 'e oarspronklike film. Mar Andrews hold op mei aktearjen (eat dat letter in tydlike beslissing bliek te wêzen) en wegere op 'e nij yn 'e hûd fan 'e ferneamde gûvernante te krûpen. Doe't by Disney de lieding oernommen waard troch in nije lichting studiobestjoerders betsjutte dat de deastek foar it projekt.

Uteinlik waard yn 2015, mear as fyftich jier nei it útkommen fan 'e oarspronklike film, úteinset wurde mei de produksje fan in ferfolch op Mary Poppins. Sean Bailey, de algemien direkteur fan Disney, wist ta oerienstimming te kommen mei de erven Travers, dy't oangeande ferfilmings in stik minder sinnich wiene as de yn 1996 ferstoarne skriuwster sels. De ferfolchfilm kaam Mary Poppins Returns te hjitten en waard regissearre troch Rob Marshall nei in senario fan David Magee. Dat wie basearre op in ferhaal fan Magee, Marshall en filmprodusint John DeLuca, dat eleminten befette fan ferskate dielen út 'e Mary Poppins-romanrige fan P.L. Travers.

Regisseur Rob Marshall.

As produsinten wiene Marshall, DeLuca en Marc Platt by it projekt belutsen foar de filmstudio's Walt Disney Pictures, Lucamar Productions en Marc Platt Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $130 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dion Beebe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Marc Shaiman.

De rol fan Mary Poppins waard yn 'e nije film oernommen troch Emily Blunt, dy't datoangeande yn april 2016 mei Disney in kontrakt tekene. Fan 'e cast fan 'e oarspronklike film kearden inkeld Dick Van Dyke en Karen Dotrice werom, mar yn oare rollen. Van Dyke, dy't yn 'e orizjinele film de skoarstienfager Bert en bankier Dawes sr. spile, krige yn 'e nije film de (lytse) rol fan 'e ûnderwilens op jierren rekke bankier Dawes jr. (dy't yn 'e oarspronklike film spile wie troch de yn 2013 ferstoarne Arthur Malet). En Dotrice, dy't yn Mary Poppins de jonge Jane Banks spile, hie yn Mary Poppins Returns in cameo as in dame dy't oan Mary Poppins op 'e strjitte it paad freget nei in adres fuortby de wente fan 'e famylje Banks. De rol fan 'e âlde ballonferkeapster yn it park, dy't oan 'e ein fan 'e film opdûkt, wie oarspronklik skreaun foar Julie Andrews, dy't de titelrol yn Mary Poppins spile hie. Sy betanke dêr lykwols foar om't se fûn dat in cameo fan har yn 'e film op ûnearlike wize de oandacht fan Emily Blunt ôfliede soe. De rol fan 'e ballonferkeapster waard sadwaande ferjûn oan Angela Lansbury.

De opnamen foar Mary Poppins Returns setten op 10 febrewaris 2017 útein en duorren oant yn july fan dat jier. De measte sênes waarden filme yn it studiokompleks fan 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey. Dêr waarden acht soundstages brûkt om 'e ûnderskate sets foar de film te bouwen, lykas Cherry Tree Lane, de strjitte dêr't de famylje Banks oan wennet, en it grutte park dêr't de merke holden wurdt. Ek de sênes mei live-action-akteurs foar it animaasjesegmint waarden yn 'e Shepperton Studios filme (foar greenscreens), om letter, yn 'e postproduksje, oan 'e tekenfilm tafoege te wurden. In lyts part fan 'e film waard opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire. Oars as by de orizjinele film, dy't fan begjin oant ein yn 'e studio yn Hollywood opnommen wie, waarden foar Mary Poppins Returns ek inkele sênes op lokaasje yn Londen filme, û.o. by it gebou fan 'e Bank fan Ingelân en by Buckingham Palace.

De distribúsje fan Mary Poppins Returns waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan The Walt Disney Company. De film gie op 29 novimber 2018 yn yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 19 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 7 desimber by platemaatskippij Walt Disney Records. Mary Poppins Returns waard op 19 maart 2019 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Mary Poppins Returns oer it algemien positive resinsjes. Der wie rûnom lof foar Emily Blunt en har fertolking fan it personaazje fan Mary Poppins. Sa neamde Owen Gleiberman fan it tydskrift Variety har casting "praktysk perfekt". Hy omskreau de film fierders as in "meislepend stikje nostalgy", en wat dat oangie, fûn er dat de film in sterke likenis fertoande mei in oare ferfolchfilm dy't frijwol in remake fan it orizjineel wie: Star Wars: Episode VII – The Force Awakens. Behalven foar Blunt hied er ek loft foar de ûnderstypjende cast, de rezjy fan Rob Marshall, it produksje-ûntwerp, de soundtrack, de musicallieten en de toansetting, dy't him de grutte filmmusicals út 'e 1960-er jierren yn 't sin brocht.

It studiokompleks fan 'e Shepperton Studios,dêr't Mary Poppins Returns fierhinne opnommen waard.

Peter Bradshaw fan 'e Britske krante The Guardian joech de film 3 fan 5 stjerren. Hy omskreau Mary Poppins Returns as in "grizelich doeltreffende kloan-imitaasje-ferfolchfilm, dy't geweldich begjint en kliemsk einiget – krekt-en-gelyk as it orizjineel". Yn The Hollywood Reporter skreau David Rooney dat de "âlderwetske, earlike sentimintaliteit" fan 'e film "jin glimkje en gûle lit, faak tagelyk". De aktearprestaasje fan Blunt love er as "pronkjende idelheid mei ûntsjinsisbere waarmte". Brian Truitt fan 'e krante USA Today omskreau Mary Poppins Returns as in "treastryk nostalgyfeest" en "befrediging op bestelling". Yn 'e San Francisco Chronicle fûn Mick LaSalle de film dúdlik minder as it orizjineel. Neffens him kaam it ferhaal net út 'e ferve, wylst de ferskes hiel ûngelikens wiene: guon tige min, guon tige goed. Hy stelde dat de film derfan opknapt wêze soe as der in tweintich minuten oan sjong- en dûnsnûmers útknipt wie.

Yn it blêd Rolling Stone parte Peter Travers de film 3 fan 5 stjerren ta. Hoewol't er grutte lof hie foar it aktearjen fan Blunt, fûn er dat Mary Poppins Returns de orizjinele film net belykje koe. Stephanie Zacharek fan Time skreau dat Blunt mei har fertolking fan Mary Poppins tichter by it literêre personaazje út 'e romansearje fan P.L. Travers kaam as Julie Andrews yn 'e oarspronklike film. Oan 'e oare kant hie se net folle op mei de troch Marc Shaiman en Scott Wittman skreaune ferskes fan Mary Poppins Returns. Manohla Dargis fan The New York Times wie it mei har iens en omskreau de lieten út 'e nije film as "in alderraarste teloarstelling", dêr't se oan taheakke: "der is hjir neat dat op ferlykbere meloadyske of lyryske wize beklibbet" as de lieten fan 'e bruorren Sherman út 'e orizjinele film út 1964.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Mary Poppins Returns in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 377 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] fertrout op 'e magy fan syn klassike foargonger om in bekende, mar noch altyd tige effektive, bernefreonlike betsjoening oer it bioskooppublyk te lizzen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Mary Poppins Returns in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 54 resinsjes. Leden fan it bioskooppublyk joegen de film nei it sjen by in opinypeiling fan CinemaScore in sifer fan 9 oant 10 op in skaal fan 1 oant 10.

Mary Poppins Returns brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $172,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $177,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $349,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $130 miljoen betsjut dat in winst fan $219,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 2019 waard Mary Poppins Returns by de Oscars nominearre foar prizen yn 4 kategoryen: bêste orizjinele filmmuzyk, bêste orizjinele liet (The Place Where Lost Things Go), bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film waard ek nominearre foar 4 Golden Globes, yn 'e kategoryen bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur yn in musical of komeedzje (Lin-Manuel Miranda), bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Emily Blunt) en bêste orizjinele filmmuzyk.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Mary Poppins Returns nominearre yn 3 kategoryen: bêste orizjinele filmmuzyk, bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste soundtrack foar fisuele media. Fierders waard Mary Poppins Returns nominearre foar 5 Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan animaasje, wêrfan't de film de prizen wûn yn 'e kategoryen bêste spesjale animaasjeproduksje en bêste personaazje-animaasje in in live-actionproduksje.

By de Saturn Awards waard Mary Poppins Returns nominearre yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste fantasyfilm, bêste aktrise (Emily Blunt), bêste byrol fan in akteur (Lin-Manuel Miranda), bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de Saturn Award foar bêste filmmuzyk. By de Satellite Awards waard de film ek nominearre foar 6 prizen, wêrûnder bêste film (komeedzje of musical), bêste akteur yn in komeedzje of musical (Lin-Manuel Miranda), bêste aktrise yn in komeedzje of musical (Emily Blunt), bêste orizjinele liet (Can You Imagine That?) en bêste lûd. De film wûn de Satellite Award foar bêste produksje-ûntwerp.

Mary Poppins Returns wûn de priis foar bêste cast op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Springs. De film waard fierders ek nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste aktrise (Emily Blunt), 9 Critics' Choice Movie Awards, 3 Teen Choice Awards en 2 Kids' Choice Awards.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.