Earste stjoerman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In epaulet sa't dy yn 'e keapfardij faak troch de earste stjoerman droegen wurdt.

Earste stjoerman is in funksje of rang út 'e skipfeart. It is de heechste fan 'e stjoermansrangen en de op ien nei heechste funksje ûnder de bemanning fan in skip. In earste stjoerman is it haad fan 'e dektsjinst en de plakferfanger fan 'e kaptein.

De persize taken fan in earste stjoerman kinne fan rederij ta rederij ferskille, mar ornaris is sa'n skipsofsier ferantwurdlik foar it oanstjoeren fan 'e dekploech, besteande út 'e boatsman en de matroazen. Teffens giet de earste stjoerman oer it laden en lossen fan fracht. Dêrnjonken fungearret er faak as mentor foar in eventuële stazjêr.

As der gjin skipsdokter oan board id (en frachtskippen hawwe meastal gjin aparte medikus ûnder de bemanning), sil de earste stjoerman ek de needsaaklike medyske hannelings ferrjochtsje. Om dat te kinnen, moatte alle earste stjoerlju en dus ek kapteins (dy't ta har post opklimme fia de rang fan earste stjoerman) staazjerinne yn in sikehûs of in ekwivalinte medyske kursus folgje.

Op see hat de earste stjoerman almeast de deiwacht (04.00 oant 08.00 oere) en de saneamde platfuotwacht (16.00 oant 20.00 oere). Teffens is er dêr belêstge mei de navigaasje. Yn beskate sitewaasjes kin datoangeande in roerman him bystean. Fierders hearre ek de trening fan 'e bemanning op it mêd fan feilichheid, brânbestriding en opspoarings- en rêdingsoperaasjes ta it wurkmêd fan 'e earste stjoerman. Foar al syn taken leit de earste stjoerman ferantwurding ôf oan 'e kaptein.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.