Springe nei ynhâld

Stephanie Zacharek

Ut Wikipedy
Stephanie Zacharek
persoanlike bysûnderheden
echte namme Stephanie Zacharek
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 13 augustus 1963
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Poalsk[1]
wurkpaad
berop/amt sjoernaliste
aktyf as filmkritika
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
Stephanie Zacharek yn 'e IMDb

Stephanie Zacharek (13 augustus 1963) is in Amerikaansk sjoernaliste út New York, dy't benammen bekendheid krigen hat as filmkritika fan 'e krante The Village Voice en it tydskrift Time

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zacharek, dy't fan etnysk Poalsk komôf is,[1] studearre oan 'e S.I. Newhouse School of Public Communications fan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York), dêr't se in bachelortitel yn sjoernalistyk behelle.

Zacharek begûn har karriêre fan 1986 oant 1988 as haadredaktrise by de Crosby VandenBurgh Group. Yn 'e 1990-er jierren wurke se foar de krante The Boston Phoenix en it tydskrift Inc. Fan 1999 oant 2010 wie se as haadferslachjouster en filmkritika ferbûn oan 'e webside Salon.com.

Yn 2010 waard Zacharek haadfilmkritika foar de webside Movieline, dêr't se mids 2012 wei rekke. Yn april 2013 waard se troch de Voice Media Group oannommen as filmkritika foar de krante The Village Voice, út 'e wyk The Village, yn Manhattan. Njonken har foltiidsbaan wie Zacharek ek op freelancebasis aktyf foar oare publikaasjes, wêrûnder CNN.com, de Los Angeles Times, Entertainment Weekly, Rolling Stone en NPR

Zacharek wie yn 2015 finaliste foar de Pulitzerpriis foar Krityk, de wichtichste priis fan har fakgebiet. Datselde jiers stapte se fan The Village Voice oer nei it tydskrift Time. Yn 2018 waard se frege as lid fan 'e sjuery fan it 68ste Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.

Zacharek wennet yn New York, en is troud mei Charles Taylor, dy't ek filmkritikus is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Stephanie Zacharek op Twitter: "As you know I'm a good Polish girl, so ...".

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.