Springe nei ynhâld

Korrupsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Korrupt)
In oanplakboerd yn Sambia mei in poster dy't de minsken opropt om nee te sizzen tsjin korrupsje.

Korrupsje (fan it Frânske corruption, "ferrotting") is in foarm fan ûnearlik, ûnoprjochte of ûnetysk hâlden en dragen troch in persoan dy't in posysje fan gesach beklaait, yn 'e regel mei as doel om der sels better fan te wurden. It kin ek bedoeld wurde om nauwe bûnsgenoaten (lykas famylje, freonen of kunde) der better fan wurde te litten; dy spesifike foarm fan korrupsje wurdt nepotisme neamd (as it om famylje of goede freonen giet) of kliïntalisme (as it om kunde of kunde fan kunde giet). Korrupsje kin in ferskaat oan yllegale aktiviteiten omfiemje, lykas omkeaping, fertsjustering en fraude, hoewol't it ek in protte dingen omfetsje kin dy't yn in protte lannen legaal binne.

Konvinsje fan 'e Feriene Naasjes tsjin korrupsje.

Politike korrupsje komt foar as in oerheidsfunksjonaris beslissings nimt en aktiviteiten ferrjochtet mei as doel om der sels better fan te wurden ynstee fan om it publike belang te tsjinjen. Behalven yn 'e polityk komt korrupsje ek foar by de plysje, de rjochterlike macht, yn it ûnderwiis, by fakbûnen en op oare plakken. Omkeaping (sjoen fanút it eachpunt fan 'e persoan dy't wat fan 'e korrupte funksjonaris wol) of it oannimmen fan in omkeapsom (sjoen fanút it eachpunt fan 'e korrupte funksjonaris sels) is de meast foarkommende soarte fan korrupsje, wêrby't de omkeapsom net in jildbedrach hoecht te wêzen, mar ek in foarm yn natuera oannimme kin fan bygelyks seksuële hannelings, reiskes en/of fakânsjes op oarmans kosten, ferbliuwen yn it fakânsjehûs fan dejinge dy't wat fan men wol, ensfh. Behalven sokke 'positive' foarmen fan korrupsje, bestiet der ek in 'negative' foarm, wêrby't de oangeande funksjonaris sjantearre wurdt om korrupte dingen te dwaan.

Guon ûntwikkelingslannen steane bekend as de meast korrupte lannen fan 'e wrâld. Benammen lannen as Nigearia en Afganistan hawwe datoangeande in tige minne reputaasje. De Skandinavyske lannen, Nederlân, Switserlân, Kanada en Nij-Seelân komme by ûndersiken op dit mêd ornaris as de minst korrupte lannen út 'e bus. Korrupsje is lykwols in ferskynsel fan alle tiden en alle maatskippijen, en sil oeral de kop opstekke as men jin der net foar te wacht nimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.