La Paz (Bolivia)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
La Paz (Bolivia)
La Paz-center.jpg
Flagge Wapen
Bandera de La Paz.svg Escudodearmaslapaz.gif
Sifers
Ynwennertal 757.184 (2012)
Oerflak 187,24 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 4.044 / km²
Stêdekloft 2 miljoen (2012)
Hichte 3600 m
Polityk
Lân Bolivia
Provinsje Pedro Domingo Murillo
Departemint La Paz
Oar
Stifting 1548
Tiidsône UTC-5
Simmertiid
Koördinaten
Webside Webstee fan La Paz

La Paz is de haadstêd fan it departemint La Paz en de administrative haadstêd fan Bolivia. La Paz leit yn kleau, ûnder in heechflakte, op in hichte fan 3600 meter oan de rivier La Paz. Op de heechflakte leit de stêd El Alto mei de ynternasjonale lofthaven fan La Paz, dy't ek El Alto hjit. La Paz wurdt faak sjoen as de heechst lizzende haadstêd fan de wrâld, mar de offisjele haadstêd fan it lân is Sucre.

De stêd waard yn 1548 stichte troch konkwistadore Alonso de Mendoza op it plak fan de ynlânske delsetting Chuquiago en hiet yn't earstoan Nuestra Señora de la Paz (Ús Leaffrou fan de Frede).

La Paz waard yn 1898 de de facto sit fan de nasjonale oerheid. Dy feroaring wie it gefolch fan de oergong fan de foar de Boliviaanske ekonomy och sa wichtige, mar doe fierhinne útputte, sulverminen fan Potosí nei de eksploitaasje fan tin tichteby de stêd Oruro, en fan de feroaringen yn de distribúsje fan de ekonomyske en politike ynfloed fan de ferskate nasjonale elites dy't dat fan gefolgen hier.

Stedsdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedsdielen fan La Paz
LaPaz-5.png
Bestjoersdistrikt Stedsdiel La Paz
1 Mallasa Amor de Dios • Mallasa • Muela del Diablo • Mallasilla • Jupapina
2 Zona Sur Obrajes • Bella Vista • Bolonia • Irpavi • Calacoto • Cota Cota • Achumani • Ovejuyo • Koani • La Florida • Seguencoma • San Miguel
3 San Antonio San Antonio • Villa Copacabana • Pampahasi • Valle Hermoso • Kupini • Villa Armonia • Callapa, •San Isidro
4 Periferica Achachicala • Chuquiaguillo • Villa Fátima • Vino Tinto •5 Dedos • Santiago de Lacaya • Rosasani
5 Max Paredes Munaypata • La Portada • El Tejar • Gran Poder • Obispo Indaburu • Chamoco Chico • Munaypata • Pura Pura • Ciudadela Ferroviaria
6 Zona Centro Casco Urbano Central • San Jorge • Miraflores • San Sebastián • Santa Bárbara • Parque Urbano Central
7 Cotahuma Sopocachi • Alto Sopocachi • Pasankeri • Tembladerani • Alpacoma • Belén • Tacagua • San Pedro • Bajo Llojeta

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynwennertal fan de stêd La Paz is yn de ôfrûne sechtich jier mear as ferdûbele, mar sakke yn it earste desennium fan de 21e iuw in bytsje:

Jier Ynwennertal Boarne
1950 321 073 Folkstelling[1]
1976 654 713 Folkstelling[2]
1992 713 378 Folkstelling[3]
2001 789 585 Folkstelling[4]
2012 757 184 Folkstelling[5]

La Paz is de tredsgrutte stêd fan Bolivia, nei de miljoenestêd Santa Cruz (1.453.549 ynwenners) yn it ynlân en de buorstêd El Alto (848.840 ynwenners).

It ynwennertal fan de agglomeraasje La Paz wurdt rûsd op sa'n twa miljoen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Demographic Yearbook 1955 s. 189
  2. Thomas Brinkhoff: City Population
  3. INE – Instituto Nacional de Estadística Bolivia 1992
  4. Instituto Nacional de Estadística Bolivia (INE) 2001
  5. INE – Instituto Nacional de Estadística Bolivia 2012