Springe nei ynhâld

Resepsjonist

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Resepsjoniste)
In pear resepsjonistes.

In resepsjonist (froulike foarm: resepsjoniste) is in wurknimmer yn in administrative funksje, dy't besikers opfangt en te wurd stiet. It wurd resepsjonist komt fan it Frânske receptionist, fan reception, dat "ûntfangst" betsjut en dêr't ek it Fryske wurd resepsje fan ôflaat is. Resepsjonisten kinne wurkje foar bedriuwen (yn 't bysûnder hotels), ynstellings of oerheidsorganen (lykas gemeenten of de provinsje). Se dogge harren wurk ornaris deunby de doar nei bûten ta, yn 'e hal of lobby. Soms sprekt men tsjintwurdich ek wol fan it front office; it diel fan it bedriuw dat besikers net te sjen krije, is dan it back office.

Harren wurkplak hawwe resepsjonisten yn 'e regel efter in lange, hege, tichte ôfskieding, dy't de baalje hjit; dêrfandinne dat resepsjonisten soms ek wol baaljemeiwurkers neamd wurde. Tsjintwurdich sprekt men foar de baalje lykwols ek wol fan 'e front desk. Oan 'e efterkant fan 'e hege baalje sit meastal in leger buro op wurkhichte fêst, dêr't resepsjonisten de tillefoan oannimme, besikers wolkom hjitte en harren fragen beäntwurdzje en tuskentroch licht administratyf wurk ferrjochtsje, lykas it yn keferten dwaan fan te ferstjoeren post.

Yn in hotel binne resepsjonisten fierders ek ferantwurdlik foar it fêstlizzen fan keamerreservearrings, it tawizen fan hotelkeamers oan lju dy't op 'e dolle rûs delkomme, it byhâlden fan it gasteboek, it oannimmen fan betellings, it útjaan en ynnimmen fan keamerkaaien en it oannimmen en besoargjen fan 'e post. Mar lykfolwêr't se wurkje, is it foar resepsjonisten wichtich om der fersoarge út te sjen en om 'e besikers, klanten en gasten freonlik te bejegenjen. As men ûnfreonlik behannele wurdt, of in soersjende resepsjonist(e) treft, hat it nammentlike grutte kâns dat men tenei earne oars hinne giet. Resepsjonisten wurde dêrom ek wol omskreaun as 'it besitekaartsje fan harren bedriuw.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.