Geoffrey Bayldon

Ut Wikipedy
Geoffrey Bayldon
akteur
Geoffrey_Bayldon yn 2009
Geoffrey_Bayldon yn 2009
persoanlike bysûnderheden
echte namme Albert Geoffrey Bayldon
nasjonaliteit flagge fan it Feriene Keninkryk Britsk
berne 7 jannewaris 1924
berteplak Leeds
stoarn 10 maaie 2017 (93)
jierren aktyf 1952–2010
offisjele webside
IMDb-profyl

Albert Geoffrey Bayldon (Leeds, 7 jannewaris 1924 - 10 maaie 2017) wie in Britsk toaniel- film- en telefyzje-akteur dy't yn 't foarste plak bekend wurden is as de 'magiër' Catweazle út de telefyzjesearje mei deselde namme. Lykwols hat er sûnt 1952 yn hast 150 films en searjes meidien.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bayldon wie in soan fan in skroar en in haadûnderwizeres. Hy krige syn oplieding oan de Old Vic Theatre School yn Bristol tusken 1947 en 1949. Syn toanieldebút wie yn 1949, yn it stik Tough at the Top, dat it lêste wurk fan C.B. Cochran wie. Dêrnei spile er efterelkoar foar it Shakespeare Memorial Theatre, Stratford-upon-Avon, Glasgow Citzen's en it Birmingham Repertory Theatre. Yn 1952 makke er syn West End-debút yn it stik The Happy Time en ferskynde dêre yn lettere jierren yn Worzel Gummidge, A Month of Sundays, Maria en Unfinishned Business. Bûten Ingelân wie er ûnder mear te sjen yn Caesar and Cleopatra (Parys, 1956), by it Ravinia Shakespeare Festival yn Chicago (1964) en yn My Fair Lady (Houston, 1991). Yn 1998 waard er nominearre foar in Royal Midland Television Award, yn de kategory Bêste Akteur foar syn gastrol as Alby James yn in ôflevering fan Peak Practice.

Koarter lyn wie Bayldon te sjen yn in stikmannich ôfleverings fan Casualty, Heartbeat en Waking the Dead. Bayldon syn lêste optredens foar syn pinsjoen wiene yn New Tricks (2007) en My Family (2010).

Privee[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bayldon wie homoseksueel. Kollega-akteur Alan Rowe, dy't lange jierren syn libbenspartner wie, stoar al yn 2000.

Filmografy (in karút[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzjerige is tfr. Telefyzjefilm is tf-film.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]