Springe nei ynhâld

Kaartspul

Ut Wikipedy
De Kaartspilers, in skilderij fan Paul Cézanne.

In kaartspul is in spultsje wêrby't ornaris gebrûk makke wurdt fan spylkaarten as wichtichste spylmateriaal (yn tsjinstelling ta bgl. boerdspullen). Der besteane withoefolle kaartspullen dy't allegear harren eigen regels hawwe, hoewol't dy, benammen by de âldere spullen, per lân of regio ferskille kinne. Fêst is dat alle kaartspullen útgeane fan in stôk fan spylkaarten dy't neffens de regels ferparte wurde.

Kaartspullen moatte yn it foarste plak ûnderferdield wurde yn spullen mei tradisjonele spylkaarten en spullen mei har eigen spylkaarten.

Tradisjonele kaartspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In grut tal kaartspullen, lykas bridge, canasta, ezeljen, freecell, hertejeien, ienentweintigjen (of blackjack), jokerjen, klaverjassen, ligen, pasjânse, pesten, poker en skutjassen, wurdt fral spile mei saneamde 'ynternasjonale', 'tradisjonele' spylkaarten. Swartepytsjen wurdt soms ek mei sokke kaarten dien, mar om't de spesifike ôfbylden dêrby net wichtich binne, wurde der ek wol oare kaarten foar brûkt. Guon fan de spullen brûke in stôk fan mear as ien pak, mar lykswols wurdt it grutste part spyle mei alle kaarten fan ien pak.

De kombinaasje fan twa swarte asen en twa swarte achten stiet sûnt de moard op Wild Bill Hickok yn it poker bekend as de 'deademanshân'.

Sa'n pak of fan ynternasjonale, tradisjonele spylkaarten bestiet ornaris út 52 kaarten, oardere yn fjouwer kleuren. De bekendste kleuren binne hertens, rutens, skoppens en klavers.

De ynternasjonale spylkaarten komme oarspronklik út Frankryk. Lykswol wurde regionaal ek oare pakken brûkt, hoewol't dy ornasis ek allegear 52 kaarten hawwe. In útsûndering is dat soms spile wurdt mei ekstra kaarten, de jokers, dy't net in fêst plak yn de oardering fan it pak hawwe, en dêr't it tal kaarten mei oprinne kin ta 53 of 54, en soms sels 56.

Njonken spullen mei 52 kaarten wurde soms ek lytsere pakken brûkt, mei 32 kaarten. Dy spullen litte de twa oant seis fuort, dat hja hawwe fjouwer kear de aas en dan de sân en heger. Ornaris wurde dy typen neamd nei it spul dêr't dy faak by brûkt wurde, dat: piketspul foar piket as skatspul foar skat.

Oare kaartspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaartspullen dy't eigen spylkaarten hawwe, binne ûnder mear alderhanne kwartetten, swartepytsjen, tarot en stap op. Fierders binne der kaartspullen dy't ôflaat binne fan boerdspullen, lykas De Kolonisten van Catan en ruilkaartspullen lykas Magic: The Gathering, Yu-Gi-Oh! en Pokémon, dy't oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw betocht en populêr wurden binne.

De hertensfrou wurdt yn it Frânske kaartspul 'Judith' neamd, nei de haadpersoan fan it apokrife bibelboek Judit.

It spul Memory brûkt al spesjale kaarten, mar it is net in kaartspul yn 'e sin dat der in stôk spylkaarten is.

It is ûnbekend wannear't it earste kaartspul ûntstien is, mar rûnom wurdt oannommen dat dat yn Sina bard wêze moat, yn 'e iuwen nei de útfining fan papier oan it begjin fan 'e twadde iuw n.Kr. Ut dy tiid binne lykwols gjin spullen oerlevere, en it âldste Sineeske kaartspul datearret fan 'e santjinde iuw. Ut it Heine Easten binne fragminten fan in kaartspul bewarre bleaun dat yn 'e tolfde of trettjinde iuw spile waard troch de Mammelûken, dy't doedestiden oer Egypte hearsken. It âldste folsleine kaartspul fan 'e wrâld, dat fan omtrint 1400 datearret, is yn it besit fan it museum fan it Topkapi-paleis yn Istanbul. It is in Mammelûkspul oan 'e hân wêrfan't eardere oerlevere losse spylkaarten identifisearre wurde kinne. Dat spul hat al 52 kaarten, mei as kleuren de symboalen swurden, polostokken, bekers en munten, en as wearden 1 oant en mei 10 plus kening, ûnderkening en twadde ûnderkening.

De âldste spoaren fan it kaartspul yn Jeropa datearje út 'e perioade tusken 1370 en 1400, mei ien eardere fermelding fan spylkaarten yn Itaalje yn 1299. De ierste beskriuwing fan in kaartspul waard yn 1377 opsteld troch in mûnts út Bazel. De âldste ferwizing nei kaartspullen yn 'e Nederlannen komt út 1379.

Yn 'e njoggentjinde iuw waard it gebrûksgemak fan 'e spylkaarten fergrutte troch de koppen fan 'e persoanen dûbel (rjochtop en ûnderstboppest) wer te jaan, sadat de kaarten langer gjin boppe- en ûnderkant mear hiene en dus net mear op 'e kop holden wurde koene. Fierders waarden de wearden fan 'e kaarten ek nochris op 'e hoeken fermelden, sadat in spiler syn hân kaarten net hielendal út hoegde te fouwen om te sjen hokker kaarten oft er krigen hie. Dêropta waarden ek de hoeken fan 'e kaarten doe ôfrûne, sadat se nofliker yn 'e hân leine. Yn 1850 ferskynden yn Londen de earste spylkaarten dy't op 'e efterkant mei in motyfke beprinte wiene.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.