Springe nei ynhâld

Hear (kaartspul)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hear (spylkaart))
De hear (Anglo-Saksysk)

De hear is in kaart út it standert Westerske kaartspul.

Dizze kaart wurdt ek wol Man neamd, tsjin frou oer, of Kening, beynfloede troch oare talen.

De fjouwer hearen fan it kaartspul hearre ta de printen, de kaarten dêr't persoanen op ôfbylde binne. Ornaris steane op elts fan de hearren fjouwer hearskers ôfbylde mei sabeare histoaryske klean. It symboal op de kaart hinget ôf fan it lân dêr't de kaart weikomt, om't it de earste letter is fan de namme fan de kaart. Nederlânske kaarten hawwe in H, Dútske en Ingelske in K, Frânske kaarten hawwe in R, ensafuorthinne.

De hear is de heechste kaart yn syn sibbe. De regels fan in ferskaat oan kaartspullen wize in oare rang as heger oan. By kaartspullen dy't yn Nederlân populêr binne is dat dan almeast de aas, yn oare lannen kin it ek de does (twa), de jas (boer) of de ober (frou) wêze. De kaart ûnder de hear is ornaris de frou. Fral by spullen dêr't in part fan de kaarten punten wurdich is komt it gauris foar dat ek de tsien heger is as de hear, lykas bygelyks yn it klaverjassen.