Paul Cézanne

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Herakles rêdt de deade Alkestis út de ûnderwrâld. Part fan in betiid wurk fan Cézanne (1867)
De Kaartspilers (1890-92) skildere yn de konstruktive styl
Koer mei apels, stillibben út it tiidrek 1890-94.

Paul Cézanne (19 jannewaris 1839 - 22 oktober 1906) wie in Frânske skilder. Hy libbe en wurke yn Aix-en-Provence. Syn wurk foarme in brêge tusken it ympresjonisme en it kubisme.

Biografy[bewurkje seksje | edit source]

Al yn syn skoallejierren, sa fan 1856 ôf, folge Cézanne in jûnskursus tekenjen by Joseph-Marc Gibert yn it museum fan Aix. Tusken 1959 en 1861 studearre Cézanne rjochten, mar hy folge tagelyk teken- en skilderlessen. Hy wurke in skoftke foar de bank fan syn heit, mar dat befoel him net. Tsjin it sin fan syn heit makke Cézanne in kar foar de keunst. Hy folge syn freon Émile Zola nei Parys. Syn heit, dy’t tige ryk wie - hy hie earst as huoddemakker wurke eart hy de bank Cézanne & Cabassol mei oprjochte - stipe him úteinlik al, sadat Cézanne finansjeel ûnôfhinklik wurkje koe. Yn Parys studearre hy oan de Académie Suisse. Tusken 1863 en 1869 probearre hy te eksposearjen by de offisjele "salon", mar hy waard dêr kear op kear wegere. Hy eksposearre tegearre mei oaren op de Salon des Refusés yn 1863. Hy moete dêr Camille Pissarro en oare ympresjonisten mar fûn net in soad oansluting. Dochs wie der wurk fan him te sjen op de earste eksposysjes fan de ympresjonisten yn 1874 en 1875. Yn 1882, tweintich jier nei syn earste besykjen dêr binnen te kommen, waard it wurk fan Cézanne talitten yn de Salon.

Nei it ferstjerren fan syn heit yn 1886 krige hy in grut erfskip, sadat hy finansjeel ûnôfhinklik wurde. Hy troude yn dat selde jier mei Hortense Fiqet, mei wa't er 20 jier wenne. Cézanne hat sa'n 25 portretten fan har makke, wêr ûnder ien yn in reade stoel. Yn 1887 die Cézanne mei oan de Brusselske tentoanstelling Les XX. Yn 1895 eksposearre de ambisjeuze galeryhâlder Ambroise Vollard mei wurk fan Cézanne. In soad stipe hie hy lykwols net yn de keunstwrâld.

Yn 1897 sette Paul Cézanne him definityf nei wenjen yn Aix-en-Provence. Nei de wrâldtetoanstelling fan 1900 yn Parys, dêr't ek trije fan syn wurken te sjen wiene, kaam der sa stadichoan wat belangstelling út it bûtelân. Syn wurk wie yn dy tiid ûnder oaren te sjen yn de Weenske Sezession. Fan 1901 ôf waard Cézanne bewûndere troch jonge keunstners as Denis, Bonnard en Vuillard. Se kamen nei Aix foar goerie en om him oan it wurk te sjen.

Paule Cézanne is ferstoarn op 22 oktober 1906 yn syn wenplak. Hy skynt eigensinnich en tige op himsels west te hawwen, mei suver gjin freonen.

Ynfloeden[bewurkje seksje | edit source]

Cézanne wie al fan jongs ôf, sûnt de tiid dat se op it Collège Bourbon sieten, befreone mei de skriuwer Émile Zola, mar se krigen letter ûnienichheid troch de beskriuwing dy’t Zola joech fan Cézanne en de losse libbensstyl fan de ympresjonisten yn syn roman L'Oeuvre (It wurk 1886).

Om te oefenjen kopiearre Cézanne wurken fan Eugene Delacroix en Nicolas Poussin dy’t yn it Louvre hongen. Hy bewûndere ek Gustave Courbet en Edouard Manet. Yn 1888 skildere Cézanne tegearre mei Renoir. Yn 1894 hie hy kontakt mei Claude Monet yn Giverny. Dêr moete hy ek de byldhouwer Auguste Rodin.

Wurk[bewurkje seksje | edit source]

It wurk fan Cézanne is yn fjouwer perioaden op te dielen. De neamde jiertallen binne net alhiel krekt omdat in eksakte datearring meastentiids ûntbrekt op it wurk fan Cézanne.

  1. De skilderijen út 1865-1870, út de betide 'romantyske' perioade binne ekstreem persoanlik, yndividualistysk wurk. Cézanne brûkt geweldadige fantasyrike foarstellingen yn hurde grûnkleuren. (sjoch it foarbyld fan Herakles).
  2. Yn de perioade fan begjin 1870 ôf skildere hy yn de ympresjonistyske styl, wêrby't hy wol oerhearskjende flakken yn syn komposysjes brûkt.
  3. Yn de perioade fan likernôch 1880 ôf oant 1890 skildere hy yn in konstruktive styl, mei parallelle en stevige toetsen (sjoch it foarbyld fan de kaartspilers).
  4. Yn de lêste perioade, mei dêryn it ferfarren nei Aix yn 1897, wurke Cézanne oan ferskate grutte skilderijen mei neakene baaisters. Hy skildere ek ferskate kearen de Mont Sainte-Victoire dêr't hy ticht by wenne. (Dizze berch liket ek op it skilderij fan Herakles te stean). Hy koe dizze berch en it dal dêrfoar fan syn studio út sjen. Yn lettere jierren lei Cézanne him ta op it skilderjen fan stillibbens, wêrby't benammen syn talrike ôfbyldingen fan fruit yndrukwekkend binne: krêftige kleuren yn kombinaasje mei de tekstuer fan de fruchten. De stillibbens lykje realistysk mar der sitte yn de skilderijen bysûndere effekten dy't it wurk krêftiger meitsje. De tafels binne meastentiids kantele en fierder faak trochbrutsen troch in fertikaal elemint. It kubisme skynt yn guon fan syn wurken út dy perioade al troch.

Cézanne makke sa'n 950 oaljeferve skilderijen en ûngefear 650 akwarellen.

Eksterne ferwizings[bewurkje seksje | edit source]