Émile Zola

Ut Wikipedy
Émile Zola

Émile Zola (Parys, 2 april 1840 - dêre, 29 septimber 1902) wie in Frânsk skriuwer en pamflettist. Hy wurdt sjoen as it wichtichste foarbyld foar de literêre skoalle fan it naturalisme. Zola’s literêre wurk waard beynfloede troch it oeuvre fan Honoré de Balzac en Flaubert.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Émile Zola waard berne te Parys. Hy brocht syn jeugd en skoaljierren troch yn Aix-en-Provence, dêr’t syn heit, fan Italjaanske komôf, yngenieur wie. Troch syn planning foar de wetterfoarsjenning wie syn heit ruïnearre. Yn ‘e earmoedige jierren dy’t dêrop folgen, wist syn soan dochs in bestean te krijen by de útjouwerij Hachette.

Zola waard ferneamd mei syn roman Germinal (1885) en syn iepen brief J'accuse...! (1898) om de Dreyfusaffêre hinne. Yn dat brief kiest er partij foar de Joadske kaptein Alfred Dreyfus, dy’t ûnrjochtlik beskuldige wie fan spionaazje.

Tritich jier earder al, yn 1866, doe’t er noch beskieden betsjinner wie by Hachette, foel er bysûnder skerp út nei de offisjele Salonsjuery, doe’t Le fifre fan Édouard Manet wegere waard. Hy soe nammers fûleindich ferdigener wurde fan it ympresjonisme, ek al rint er 20 jier letter minder waarm foar yn syn l'Oeuvre fan 1886. Syn âlde freonksip mei Cézanne gie dêrtroch kapot.

Nei it iepen brief J'Accuse...! yn 1898 waard Zola feroardiele ta in jier finzenisstraf. Hy wachte dêr net op, mar gie nei Grut-Brittanje. Nei in jier koe er weromkomme en waard er as held ûntfongen.

Émile Zola stoar, ûnferwacht, yn Parys op 29 septimber 1902 yn syn wente oan de Rue de Bruxelles troch koalmonoksidefergiftiging. Syn frou wie der hast like slim oan ta, mar hja waard dochs rêden yn it sikehûs fan Neuilly.[1]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romans en novellen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1861 Un coup de Vent; novelle
  • 1865 La Confession de Claude; roman
  • 1866 Un mariage d'amour; (pubkikaasje yn 'Le Figaro' [24-12-1866]; dêr't 'Thérèse Raquin' út ûntstiet)
  • 1866 Le vœu d'une morte
  • 1867 Les mystères de Marseille; roman yn 2 dielen
  • 1867 Thérèse Raquin
  • 1868 Les mystères de Marseille; (3 dielen)
  • 1868 Madeleine Férat
  • 1880 Madame Sourdis

searje Les Rougon-Macquart, histoire naturelle et sociale d'une famille sous le Second Empire

  • 1870 La Fortune des Rougon
  • 1871 La curée
  • 1873 Le Ventre de Paris
  • 1874 La Conquête de Plassans
  • 1875 La Faute de l'Abbé Mouret
  • 1876 Son Excellence Eugène Rougon
  • 1878 L'Assommoir
  • 1878 Une Page d'amour
  • 1880 Nana
  • 1882 Pot-Bouille
  • 1883 Au bonheur des dames
  • 1884 La Joie de vivre
  • 1885 Germinal
  • 1886 L'Oeuvre
  • 1887 La Terre
  • 1888 Le Rêve
  • 1890 La Bête Humaine
  • 1891 L'Argent
  • 1892 La Débâcle
  • 1893 Le Docteur Pascal
  • Les Trois Villes
    • 1894 Lourdes
    • 1896 Rome
    • 1898 Paris
  • Les Quatres Evangiles
    • 1899 Fécondité
    • 1901 Travail
    • 1903 Vérité
    • Justice; (ûnfoltôge)

Ferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1862-64 Contes à Ninon; mei:
    • Simplice; Le carnet de danse; Celle qui m'aime; La fée amoureuse; Le sang; Les voleurs et l'Âne; Soeur-des-pauvres
    • Aventures du grand Sodoine et du petit Médéric
  • 1874 Nouveaux Contes à Ninon; (mei:
    • Un bain; Les fraises; Le grand Michu; Le jeûne; Les épaules de la marquise; Mon voisin Jacques; Le paradis des chats;
    • Lili; La légende du Petit-Manteau bleu de l'amour; Le forgeron; Le chômage; Le petit village;
    • SOUVENIRS
    • Les quatre journées de Jean Gourdon; (besteande út:
      • 1. Printemps; 2. Été; 3. Automne; 4. Hiver)
  • 1880 Les Soirées de Médan; bondel mei bydrage fan freonen; mei:
    • L'Attaque du moulin; Zola;
    • Boule de suif; (Guy de Maupassant)
    • Sac au dos; (Joris-Karl Huysmans)
    • La Saignée; (Henry Céard)
    • L'Affaire du Grand 7; (Léon Hennique)
    • Après la bataille; (Paul Alexis)
  • 1882 Le Captaine Burle
  • 1884 Naïs Micoulin
  • 1981 6 Ferhalen mei:
    • Jacques Damour

Poëzij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1861 Paolo
  • 1989 Messidor
  • 1901 L'Ouragan; lyrysk drama; (mei Alfred Bruneau [1857-1934])
  • 1905 L'enfant roi
  • 1921 Lazare; (mei Alfred Bruneau)
  • 1921 Violaine la chevelue
  • 1921 Sylvanire ou Paris en amour

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1865 Madeleine; (publikaasje yn 1889)
  • 1873 Thérèse Raquin; (toanielbewurking fan roman yn 4 bedriuwen; opfierd 11 july 1873; is net oanslein by it publyk)
  • 1874 Les Héritiers Rabourdin; (komedy yn 3 bedriuwen)
  • 1878 Le bouton de rose
  • 1879 L'Assommoir; (toanielbewurking troch Busnach en Gastineau)
  • 1881 Nana; (foar toaniel bewurke troch William Busnach [1832-1907])
  • 1883 Pot-Bouille; (toanielbewurking troch Busnach)
  • 1887 Le Ventre de Paris; (toanielbewurking troch Busnach)
  • 1888 Germinal; (toanielbewurking troch Busnach)
  • vLa Bête humainev; (toanielbewurking troch Busnach; net opfierd)

Kritiken, oar[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

J'accuse...!, iepen brief oan de presidint
  • 1866 Mes haines, causeries littéraires et artistique
  • 1866 Mon Salon
  • 1867 Édouard Manet, étude biographique et critique
  • 1880 Le Roman Experimental; (útiensetting romanteoretyske ynsjoggen oer de syklus 'Les Rougon-Macquart')
  • 1881 Le Naturalisme au Théâtre
  • 1881 Nos auteurs dramatiques
  • 1881 Les romanciers naturalistes
  • 1882 Une campagne [1880-1881]
  • 1881 Documents littéraires
  • 1897 Nouvelle campagne [1896]
  • 1897 Humanité, vérité, justice. L'affaire Dreyfus. Lettre à la jeunesse
  • 1898 J'accuse...! ; (manifest oer de Dreyfusaffêre)
  • 1901 L'affaire Dreyfus, la vérité en marche

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in lytse seleksje)

  • 1893 Sous le regard de l'Olympia 1840-1870; Mitterand, Henri
  • L'Homme de Germinal 1871-1893; Mitterand, Henri
  • L'Honneur 1893-1902; Mitterand, Henri
  • 1954 Bonjour Monsieur Zola; Armand, Lanoux
  • 1964 Présentation des Rougon-Macquart; Guillemin Henri
  • 1997 Zola, légende et vérité, Utovie; Guillemin Henri

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sjoch oer it stjerren fan/de moard op bygelyks: Bart van Loo, Eten! Lezen! Vrijen! De Bezige Bij, Antwerpen, 2011, s. 243-246.