Pokémon
Pokémon is in wrâldwiid fenomeen fan it ynternasjonale bedriuw Nintendo, yn likernôch 1995 útfûn troch 'e Japanske Satosji Tadzjiry. In soad bern rûnom yn 'e wrâld binne opgroeid mei Pokémon. De raazje is begûn mei fideospultsjes, yn 't begjin op 'e Gameboy, mar no op 'e Nintendo DS. Ek binne der op 'e tillefyzje tekenfilmôfleveringen te sjen en kinne bern ferskate Pokémon-kaartsjes sammelje, wêrnei't se mei-inoar kaartspultsjes spylje kinne. Dêrnjonken besteane der ek noch pokémon-stripteltsjes yn manga-styl
Wat binne Pokémon?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pokémon binne lytse meunsterkes dy't libje yn in fantasijwrâld. Se wurde soms fongen (yn in pokéball) en kinne traind wurde troch minsken. Se fjochtsje tsjin inoar, sadat se mear krêft krije en de oanfal brûken leare. Wannear't se in spesifyk krêftnivo berikke, kinne se fan stal feroare (evolúsje). Sa wurde se ek grutter en sterker. Yn 't begjin wienen der 150 meunsterkes, mar nei't der in protte oare bykomd binne, binne der no 649 lytse skepseltsjes. Pokémon hawwe allegearre ien of twa types. Der besteane sântjin types, dy't allegearre foardiel hawwe tsjinoer beskate types en tsjinoer oare types wer neidiel hawwe. It fjoer-type kin bygelyks net goed tsjin it wettertype, mar it fjoertype is dan wol wer krêftich tsjin it gerstype. Sa hawwe pokémon troch harren types sterktes en swaktes. De pokémon-types binne:
- Stien
- Wetter
- Tonger
- Gers
- Fergif
- Psygysk
- Fjoer
- Ierde
- Tsjuster
- Fleanend
- Ynsekt
- Gewoan
- Geast
- Fjochtsjend
- Izer
- Iis
- Draak
Pokémon yn fideospultsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e fideospultsjes foar 'e Gameboy en Nintendo DS spilet immen in pokémontrainer, dy't safolle mooglik pokémon garje en waaksje litte moat. Hjirby lit men de Pokémon mei-inoar fjochtsje, wêrtroch't hja mear krêften krije, en sims sels mear oanfalle. Ek kinne pokémon roale wurde mei oare bern dy't it spultsje ek hawwe en kinne bern mei-inoar harren pokémon fjochtsje litte. Yn elts spultsje moat 'e boarter acht 'gym leaders' ferslaan, minsken dy't tige krêftige pokémon hawwe. Dêrby is it tûk in taktyk ta te passen, wêrby't 'type-foardiel' brûkt wurdt (lykas hjirboppe beskreaun is, by 'Wat binne Pokémon?'). Oan de ein moat 'e 'Elite Four' ferslein wurde, wêrnei't it spultsje útspile is. Dêrnei kin men noch besykje safolle mooglik pokémon te fangen en jin pokémon nóch mear te trainen.
De wichtichste fideospultsjes út 'e rige binne:
Pokémon Red, Blue, Yellow (earste rige)
Pokémon Gold, Silver, Chrystal (twadde rige)
Pokémon Ruby, Sapphire, Emerald, Leafgreen, Firered (tredde rige)
Pokémon Diamond, Pearl, Platinum, Heartgold, Soulsilver (fjirde rige)
Pokémon Black, White (fyfte rige)
Der binne noch mear spultsjes, dy't lykwols net it fêste patroan folgje, lykas hjirboppe beskreaun.
Pokémon op 'e Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tillefyzjeprogramma oer Pokémon lit 'e reis fan it jonksje Ash Ketchum sjen, wêrby't er mei freonen en syn favorite Pokémon Pikachu troch it lân reizget om nei pokémon te sykjen en de Pokémon dy't er al hat, te trainen. Hy lit syn Pokémon fjochtsje tsjin oare trainers en sims ek tsjin gym lieders. Mei ferrin fan tiid giet er sims nei in oar lân, dêr't in protte oare Pokémon te finen binne dy't er noch nea sjoen hat. Dizze pokémonlannen yn 'e pokémon-wrâld binne: Kanto, Johto, Hoenn, Sinnoh en Unova.
Ek komme der út en troch bioskoopfilms út oer Ash Ketchum en syn freon Pikachu.