Spylkaart

In spylkaart is in ien fan in pak, wat it wichtichste spylmateriaal foamet fan in kaartspul (yn tsjinstelling ta bygelyks boerdspullen). In earste ûnderskie is dat yn tradisjonele spylkaarten en spylkaarten dy't heare by in spul mei eigen kaarten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mammelûken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is ûnbekend wannear't it earste kaartspul ûntstien is, mar rûnom wurdt oannommen dat dat yn Sina bard wêze moat, yn 'e iuwen nei de útfining fan papier oan it begjin fan 'e twadde iuw n.Kr. Ut dy tiid binne lykwols gjin spullen oerlevere, en it âldste Sineeske kaartspul datearret fan 'e santjinde iuw. Ut it Heine Easten binne fragminten fan in kaartspul bewarre bleaun dat yn 'e tolfde of trettjinde iuw spile waard troch de Mammelûken, dy't doedestiden oer Egypte hearsken. It âldste folsleine pak spylkaarten fan 'e wrâld, dat fan omtrint 1400 datearret, is yn it besit fan it museum fan it Topkapi-paleis yn Istanbul. It is in Mammelûkpak; oan 'e hân dêrfan't kinne eardere oerlevere losse spylkaarten identifisearre wurde. Dat spul hat al 52 kaarten, mei as kleuren de symboalen swurden, polostokken, bekers en munten, en as wearden 1 oant en mei 10 plus kening, ûnderkening en twadde ûnderkening.
Jeropa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De âldste spoaren fan it kaartspul yn Jeropa datearje út 'e perioade tusken 1370 en 1400, mei ien eardere fermelding fan spylkaarten yn Itaalje yn 1299. De ierste beskriuwing fan in kaartspul waard yn 1377 opsteld troch in mûnts út Bazel. De âldste ferwizing nei kaartspullen yn 'e Nederlannen komt út 1379. Oarspronklik waarden de spylkaarten mei de hân makke, wat se ta in lúkseartikel makke dat inkeld betelber wie foar de adel. Nei de útfining fan 'e boekdrukkeunst, yn 'e fyftjinde iuw, waard it mooglik pakken kaarten goedkeaper en yn gruttere oantallen te meitsjen, dat dy ek beskikber kamen foar it sljochtwei folk.
It is oannimlik dat de fjouwer kleuren werjeften binne fan in maatskiplike stân of klasse: bekers of hertens symbolisearren dan de geastlikheid; swurden of skoppens de adel; munten of rutens de keaplju; en gnodzen, ikels of klavers de boeren.
Westerske kaarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tradisjonele kaartspul sa't dat hjoed oan 'e dei yn it grutste part fan 'e Westerske wrâld yn gebrûk is, ûntstie omtrint 1480 yn Frankryk. Dêryn waard de earder brûkte ridder ferfongen troch de frou, en waarden ek foar it earst de symboalen ♥, ♦, ♠ en ♣ brûkt.
Yn 'e sechstjinde iuw ûntstie yn Frankryk de gewoante om 'e (fêste) nammen fan boeren, frouwen en hearen op 'e spylkaarten te setten; sa is de rutensboer 'Hector' (nei de Trojaanske held Hektor), de klaverboer 'Lancelot' (nei Lânselot, de ridder fan 'e Rûne Tafel), de rutensfrou 'Rachel' (nei de aartsmem Rachel) en de skoppensfrou 'Pallas' (nei de Grykske goadinne Pallas Atene). De fjouwer hearen hjitte 'Charles' (hertens), 'César' (rutens), 'David' (skoppens) en 'Alexandre' (klavers), nei Karel de Grutte, Julius Caesar, kening David, resp. Aleksander de Grutte. Pakken mei spylkaarten dêr't dy nammen op werjûn binne, wurde yn de Ingelsktalige wrâld 'Frânske kaarten' neamd. Yn 'e Angelsaksyske wrâld brûkt men yn 'e regel spylkaarten mei persoanen dy't mear stilearre werjûn wurde; sokke pakken wurde 'Ingelske kaarten neamd. Ingelske kaarten hawwe gjin nammen foar de hofkaarten, mar der wurdt hjir en dêr wol nei ferwiisd. Sa wurdt de skoppenshear op Ingelske kaarten tradisjoneel ôfbylde mei in harpe, dy't in symboal fan kening David is.
Moderne kaarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e njoggentjinde iuw waard it gebrûksgemak fan 'e spylkaarten fergrutte troch de koppen fan 'e persoanen dûbel (rjochtop en ûnderstboppest) wer te jaan, dat de kaarten langer gjin boppe- en ûnderkant mear hiene en dus net mear op 'e kop holden wurde koene. Fierders waarden de wearden fan 'e kaarten ek nochris op 'e hoeken fermelden, dat in spiler koe syn hân kaarten net hast hielendal gearskowe en dochs noch sjen wat er fêsthold. Dêrop ta waarden ek de hoeken fan 'e kaarten doe ôfrûne, sadat se nofliker yn 'e hân leine. Yn 1850 ferskynden yn Londen de earste spylkaarten dy't op 'e efterkant mei in motyfke beprinte wiene.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynternasjonale spylkaarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In grut tal kaartspullen wurdt fral spile mei saneamde 'ynternasjonale', 'tradisjonele' spylkaarten. Guon oare spullen, lykas Swartepytsjen hawwe eigen kaarten, mar kinne ek spyle wurde mei de tradisjonele kaarten.
Sa'n pak of deck fan ynternasjonale, tradisjonele spylkaarten bestiet út 52 kaarten, yn fjouwer saneamde kleuren: reade hertens en rutens en swarte skoppens en klavers. De kleuren wurde werjûn mei in stikmannich stilearre symboalen: ♥ foar hertens, ♦ foar rutens, ♠ foar skoppens, en ♣ foar klavers.
Eltse kleur bestiet út in aas, de spylkaarten 2 oant en mei 10, in boer, in frou en in hear. De aas wurdt oanjûn mei de letter A. De kaarten boer, frou en hear wurde yn it Nederlânsk werjûn mei de letters B (boer), V (vrouw) en H (heer), yn it Ingelsk mei de letters J (jack), Q (queen) en K (king) en yn it Frânsk mei de letters V (valet), D (dame) en R (roi). Ofhinklik fan is spul kin de Aas lykwols heech wêzen, en dêrûnder de tsien.
Regionale spylkaarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dy ynternasjonale spylkaarten komme út Frankryk, yn in ferzje sa't dy nei Ingelân brocht waarden, en sa fierder nei de Feriene Steaten. Dêrnjonken besteane der yn guon lannen eigen tradisjonele spylkaarten.Sa hawwe Spanje en Itaalje in pak fan
copas, resp. coppe (bekers),
oros, resp. denari (munten),
bastos, resp. bastoni (gnodzen) en
espadas, resp. spade (swurden). En Dútske kaarten binne:
foar herten,
foar bellen,
foar blêden, en
foar ikels. Derby wurdt de folchoarder gauris boppe de njoggen gauris "Uber", Hear, tsien, Aas (of twa), en as heechste de Under.
Dy Unter heech hat by de ynternasjonale kaarten de grûn west foar de tafoeging fan jokers: ien as mear kaarten dy't net daalks by de gewoane kleuren hearden. Dêr wurde dy kaarten markearre mei in stjerre yn in sirkel.
Lytsere pakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken in spul mei 52 (of 54) kaarten wurde soms ek lytsere spullen brûkt, mei 32 kaarten. Dy spullen litte de twa oant seis fuort, dat hja hawwe fjouwer kear de aas en dan de sân en heger. Ornaris wurde dy typen neamd nei it spul dêr't dy faak by brûkt wurde, dat: piketspul foar piket as skatspul foar skat.
Oare spylkaarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kaartspullen dy't eigen spylkaarten hawwe, binne ûnder mear alderhanne kwartetten, swartepytsjen, tarot en stap op. Fierders binne der kaartspullen dy't ôflaat binne fan boerdspullen, lykas De Kolonisten van Catan en ruilkaartspullen lykas Magic: The Gathering, Yu-Gi-Oh! en Pokémon, dy't oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw betocht en populêr wurden binne.
It spul Memory brûkt al spesjale kaarten, mar it is net in kaartspul yn 'e sin fan in stôk kaarten dy't ferparte wurde.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: card References, op dizze side.
|
