Michelle Yeoh

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Michelle Yeoh
Filmklapper.png akteur
Michelle Yeoh yn 2007.
Michelle Yeoh yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michelle Yeoh Choo-Kheng
nasjonaliteit Flag of Malaysia.svg Maleizysk
berne 6 augustus 1962
berteplak Ipoh (Maleizje)
etnisiteit Flag of the Republic of China (1912-1928).svg Sineesk
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
gjint

Tan sri Michelle Yeoh (folút: Michelle Yeoh Choo-Kheng; Tradisjoneel Sineesk: 楊紫瓊; Ferienfâldige Sineesk: 杨紫琼; Mandarynske transliteraasje: Yáng Zǐqióng; Kantoneeske transliteraasje: Joeng4 Zi2-king4) (Ipoh, 6 augustus 1962) is in Maleizysk aktrise, model en dûnseresse fan etnysk Hokkineesk-Sineesk komôf, dy't yn har ierdere wurk wol de artystenamme Michelle Khan brûkt hat. Hja wie Miss Maleizje yn 1983 en krige bekendheid trochdat hja yn Hongkongske aksjefilms út 'e jierren njoggentich har eigen stunts die. Har grutste súkses as aktrise wie har rol yn 'e bekroande Sineesktalige film Crouching Tiger, Hidden Dragon. Yn it Westen rekke se benammen bekend troch har rol as Bond girl yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies.

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yeoh waard yn 1962 berne yn Ipoh, yn 'e Maleizyske dielsteat Perak, as de dochter fan Yeoh Kian Geik en dy syn frou Janet Yeoh. Har heit wie abbekaat en politikus fan 'e MCA, de partij fan 'e Sineeske etnyske minderheid yn Maleizje. Al ier wie Yeoh sljocht nei dûnsjen, en op har fjirde gie se op ballet. Doe't se fyftjin jier wie, emigrearre se mei har âldelju nei Ingelân, dêr't se op in kostskoalle kaam. Letter studearre se oan 'e Royal Academy of Dance, te Londen, mei as haadrjochting ballet. In rêchblessuere hold har ôf fan in karriêre as ballerina, dat se konsintrearre har úteinlik fral op goreografy. Se behelle in bachelortitel yn 'e poadiumkeunsten (creative arts), mei as byfak toaniel.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1983, doe't se 21 jier wie, wûn Yeoh de Miss Maleizje-skientmewedstryd, en datselde jiers fertsjintwurdige se Maleizje op 'e Miss World-wedstryd te Londen. Neitiid wurke se as fotomodel en makke se ek in reklamespotsje mei Jackie Chan, wêrmei't se de oandacht loek fan D&B Films, de Hongkongske filmproduksjemaatskippij fan Dickson Poon, mei wa't se letter trouwe soe. Sa sette se útein mei in karriêre as aktrise yn Sineesktalige aksje- en fjochtsportfilms, lykas Yes, Madam (1985) en Magnificent Warrior (1987). Dêrby foel se op om't se, oars as oare aktrises, almeast har eigen stunts die. Doe't se yn 1987 mei Poon troude, joech se har karriêre deroan, mar nei't it houlik yn 1992 op in skieding útrûn wie, makke Yeoh in comeback.

Yn 'e jierren njoggentich spile se yn grutte Hongkongske produksjes as Police Story 3: Super Cop (1992), The Heroic Trio (1993), Tai Chi Master (1994) en Wing Chun (1994). Dêrby hie se it probleem dat se gjin Kantoneesk spriek, wat de fiertaal is yn Hongkong; by Yeoh thús waard Hokkineesk sprutsen, in oare Sineeske taal, en fierders Ingelsk en Maleisk. De dialooch fan har films moast se sadwaande fonetysk út 'e holle leare.

Yn it Westen krige Yeoh bekendheid doe't se yn 1997 de Bond girl Wai Lin spile yn 'e James Bond-film Tomorrow Never Dies, wêrby't se de tsjinspylster fan Pierce Brosnan wie. Har grutste súkses hie Yeoh yn 2000 mei har rol as Yu Shu Lien yn 'e mei ûnderskate Oscars bekroande Kantoneesktalige histoaryske fjochtsportfilm Crouching Tiger, Hidden Dragon. Sels sleepte se foar dy rol û.m. in nominaasje yn 'e wacht foar in BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis. Yn 2005 spile se in haadrol as de geisha Mameha yn 'e histoaryske film Memoirs of a Geisha. Oare films wêryn't Yeoh de haadrol fertolke, wiene it Ingelsktalige The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor (2008), mei Brendan Fraser en Jet Li, en de Sineeske fjochtsportfilm Reign of Assassins (2010).

Yn 2011 spile se Nobelpriiswinneresse Aung San Suu Kyi, yn 'e biografyske film The Lady, wêrfoar't se yn Birma ta persona non grata ferklearre en it lân útset waard. Datselde jiers wie se ek as stimaktrise belutsen by de tekenfilm Kung Fu Panda 2. Yeoh spile yn 2016 yn Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny, it ferfolch op 'e súksesfilm út 2000. Oare films fan har út 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren wiene û.m. Crazy Rich Asians (2018) en Last Christmas (2019). Yn 'e Amerikaanske superheldefilm Guardians of the Galaxy, Vol. 2 (2017), hie se in cameo.

Op 'e tillefyzje wie Yeoh yn 2015 yn in weromkearende rol te sjen as in Noardkoreaanske spionne yn 'e aksjesearje Strike Back: Legacy. In oare weromkearende rol hie se yn it twadde seizoen (2016) fan 'e histoaryske searje Marco Polo. Fan 2017 oant 2020 spile se de rol fan kaptein Philippa Georgiou yn sechstjin ôfleverings fan 'e science fiction-searje Star Trek: Discovery. Yn deselde rol wie se ek te sjen yn 'e ôflevering The Brightest Star fan 'e searje Star Trek: Short Treks, en der binne plannen om in nije Star Trek-searje om har hinne te meitsjen, hoewol't dêr noch gjin titel fan bekend is.

Erkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2007 waard oan Yeoh troch de doetiidske Frânske presidint Jacques Chirac de heechste Frânske ûnderskieding, it Légion d'Honneur, takend. Op 1 juny 2013 waard har de Maleiske Panglima Setia Mahkota (PSM) ferliend, in ûnderskieding dy't har it rjocht jout om it predikaat tan sri (ferlykber mei it Britske dame) foar har namme te dragen.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yeoh wie fan 1987 oant 1992 troud mei de Hongkongske ûndernimmer en filmprodusint Dickson Poon, en bemachtige sa de Hongkongske nasjonaliteit. Yn july 2008 fertelde se yn in fraachpetear op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder CBS dat se doe ferloofd wie mei Jean Todt, in foaroansteand motorkoereur. Anno 2021 binne se noch altyd byinoar, mar hawwe se gjin plannen om te trouwen. Fierders is bekend dat Yeoh in boedist is. Ek is se belutsen by it Save China's Tigers-projekt, dat besiket om 'e slim bedrige Súdsineeske tiger fan it útstjerren te rêden.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol opmerkings
films
1984 The Owl vs Bombo mejuffer Yeung
1985 Twinkle, Twinkle Lucky Stars judoleararesse cameo
1985 Yes, Madam ynspekteur Ng ek bekend as Police Assassins
nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste nijynkommelinge
1986 Royal Warriors ynspekteur Michelle Yip ek bekend as Wong Ga Jin Si
1987 Magnificent Warriors Fok Ming-Ming ek bekend as Dynamite Fighters
1987 Easy Money Michelle Yeung Ling ek bekend as Tong Tian Da Dao
1992 Police Story 3: Super Cop ynspekteur "Jessica" Yang Chien-Hua
1993 The Heroic Trio Ching / ûnsichtbere frou / nû. 3
1993 Butterfly and Sword frouwe Ko
1993 Executioners Ching / San / Carol
1993 Holy Weapon Ching Sze / To Col Ching
1993 Once a Cop ynspekteur "Jessica" Yang Chien-Hua
1993 Tai Chi Master Siu Lin / Qiu Xue ("Autumn Snow")
1994 Shaolin Popey 2 – Messy Temple Ah King ek bekend as Shao Lin Xiao Zi II: Xin Wu Long Yuan
1994 Wonder Seven Fong Ying ek bekend as 7 Jin Gong
1994 Wing Chun Yim Wing-Chun
1996 The Stunt Woman Ah Kam ek bekend as A Jin De Gu Shi
1997 The Soong Sisters Soong Ai-ling nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste byrol fan in aktrise
1997 Tomorrow Never Dies Wai Lin nom. foar de MTV Movie Award foar bêste gefjocht
1999 Moonlight Express Sis Michelle ek bekend as Sing Yuet Tung Wa
2000 Crouching Tiger, Hidden Dragon Yu Shu Lien nom. foar de BAFTA foar bêste aktrise
nom. foar de Hong Kong Film Award foar bêste akrise
nom. foar de Saturn Award foar bêste aktrise
2002 The Touch Pak Yin Fay
2004 Silver Hawk Lulu Wong / The Silver Hawk ek filmprodusinte en útfierend produsinte
2005 Memoirs of a Geisha Mameha
2006 Fearless mejuffer Yang allinne yn 'e director's cut
2007 Sunshine Corazon
2007 Far North Saiva
2008 The Children of Huang Shi frou Wang
2008 Babylon A.D. suster Rebeka
2008 The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor Zi Yuan
2008 Purple Mountain n.f.t. dokumintêre
2010 True Legend suster Yu
2010 Reign of Assassins Zeng Jing / Xi Yu (Drizzle) ek bekend as Jianyu of Jianyu Jianghu
nom foar de Asian Film Award foar bêste aktrise
nom. foar de People's Choice Award foar bêste aktrise
2011 Kung Fu Panda 2 wiersizzeresse as stimaktrise
2011 The Lady Aung San Suu Kyi
2012 Pad Yatra: A Green Odyssey n.f.t. dokumintêre; útfierend produsinte
2013 Final Recipe Julia Lee
2016 Crouching Tiger, Hidden Dragon: Sword of Destiny Yu Shu Lien
2016 Mechanic: Resurrection Mei
2016 Morgan dr. Lui Cheng
2017 Guardians of the Galaxy Vol. 2 Aleta Ogord cameo
2018 Crazy Rich Asians Eleanor Young
2018 Master Z: The Ip Man Legacy Tso Ngan Kwan
2019 Last Christmas Santa / Huang Qing Shin
2021 Boss Level Dai Feng
2021 Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings Jiang Nan
2021 Minions: The Rise of Gru Master Chow as stimaktrise
2021 Blazing Samurai Yuki
2021 Gunpowder Milkshake Florence
2022 Avatar 2 dr. Karina Mogue
2024 Avatar 3 dr. Karina Mogue
202? Nezha Yin Rong
202? Everything Everywhere All at Once
tillefyzje
2015 Strike Back: Legacy Mei Foster / luitenant-kolonel Han Li Na weromkearende rol, 9 ôfl.
2016 Marco Polo Lotus weromkearende rol, seizoen 2 (7 ôfl.)
2017–2020 Star Trek: Discovery kaptein Philippa Georgiou
keizerinne Philippa Georgiou (spegelhielal)
weromkeardende rol, 16 ôfl.
nom. foar de Saturn Award foar bêste gastrol yn in tillefyzjesearje
2018 Star Trek: Short Treks luitenant Philippa Georgiou 1 ôfl., The Brightest Star
2022 Ark: The Animated Series Mei-Yin Li as stimaktrise
202? Star Trek-Section 31-searje (noch sûnder titel) Philippa Georgiou
fideospultsjes
2003 Crouching Tiger, Hidden Dragon Yu Shu Lien as stimaktrise
2008 The Mummy: Tomb of the Dragon Emperor Zi Yuan as stimaktrise

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.