Wuxia

Ut Wikipedy

Wuxia (Tradisjoneel Sineesk: 武俠; Ferienfâldige Sineesk: 武侠; pinyin-transliteraasje: wǔxiá; útspr.: [ù.ɕjǎ] of [wù.ɕjǎ], likernôch: "ûsja" of "wûsja" mei de w fan "skowe") is in Sineesk sjenre fan fiksje. It wurd betsjut letterlik "fjochthelden", fan 武, , mei de betsjutting "fjochtsjend", "militêr" of "wapene", en 俠 of 侠, xiá, mei de betsjutting "hoask", "figilante" of "held". It sjenre behannelet yn 'e foarm fan histoaryske fiksje de aventoeren fan beoefeners fan tradisjonele Easterske fjochtsporten (yn 'e Sineeske kontekst almeast kung fu), mar it omfettet al fan âlds ek eleminten fan it fantasysjenre, lykas magy en tsjoenders.

Wuxia is tige populêr yn Sina en yn oare dielen fan 'e sinosfear, de krite fan East-Aazje dy't ûnder kulturele ynfloed fan Sina stiet (Hongkong, Makau, Taiwan, Súd-Koreä, Fjetnam, Singapoer en Maleizje). It hat himsels ferspraat nei sokke útinoar rinnende media as literatuer, de Sineeske opera, films, tillefyzjesearjes en fideospultsjes, en makket ûnderdiel út fan 'e popkultuer fan etnysk Sineeske mienskippen yn 'e hiele wrâld.

De antagonist yn in wurk fan wuxia tsjinnet yn 'e regel gjin hear, hat gjin militêre macht, en heart ek net ta de aristokrasy. Faak komt hy of sy sels út 'e legere maatskiplike klassen fan 'e Sineeske maatskippij fan 'e Aldheid of de Midsiuwen. In koade fan hoaskens of oprjochtens twingt de held ornaris om goed te dwaan en kwea te bestriden, foar rjochtfeardigens te fjochtsjen, him tsjin ûnderdrukkers oan te kantsjen en wraak te nimmen foar misdieden út it ferline. Yn dat ferbân kinne de Sineeske wuxia-films goed ferlike wurde mei bygelyks de Japanske samoeraifilms.

Wuxia-fiksje kin syn woartels weromfolgje nei guon iere ferhalen dy't datearje út 'e trêde iuw f.Kr. Yn 2000 waard wuxia yn 'e filmyndustry fan Hollywood yntrodusearre troch Crouching Tiger, Hidden Dragon fan regisseur Ang Lee. In bekende en oprjochte (sij it komyske) Westerske neibearing fan it wuxia-sjenre wurdt foarme troch de Kung Fu Panda-films fan 'e Amerikaanske filmstudio DreamWorks Animation.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.