Star Trek: Discovery

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Star Trek: Discovery
Webdings x00be.png tillefyzjesearje
Star Trek Discovery logo.svg
makkers
betocht troch Bryan Fuller
Alex Kurtzman
produsint(en) Bryan Fuller (2017)
Gretchen J. Berg (2017-2018)
Aaron Harberts (2017-2018)
Akiva Goldsman (2017-2018)
Alex Kurtzman (2018-no)
Michelle Paradise (2020-no)
útfierend
   produsint
Alex Kurtzman
Heather Kadin
tillefyzjestudio CBS Studios
Secret Hideout
Living Dead Guy Productions
Roddenberry Entertainment
spilers
haadrollen Sonequa Martin-Green
Doug Jones
Shazad Latif
Anthony Rapp
Mary Wiseman
Wilson Cruz
Jason Isaacs (seizoen 1)
Anson Mount (seizoen 2)
David Ajala (seizoen 3)
skaaimerken
sjenre science fiction
seizoenen 4 (anno 2021)
jierren 2017 – no
tal ôfl. 40 (seizoen 1-3)
spyltiid (ôfl.) 37-65 min.
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 × Emmy Award
5 × Saturn Award
1 × Empire Award
webside www.cbs.com/shows/star-trek-discovery
besibbe searjes The Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Picard
Strange New Worlds

Star Trek: Discovery is in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't sûnt 2017 al 3 seizoenen rint. De titel betsjut: "Stjerretocht: Untdekking" en ferwiist nei de namme fan it romteskip de USS Discovery. It is de sechsde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise en de earste searje fan 'e saneamde Star Trek-revival út 'e 2010-er jierren, nei't der tolve jier gjin Star Trek-searje makke wie. It wie ek de earste Star Trek-searje dy't net daliks op 'e tillefyzje útstjoerd waard, mar ynstee fia streaming media oer it ynternet te sjen wie, yn 'e Feriene Steaten en Kanada fia CBS All Access en yn 'e rest fan 'e wrâld fia Netflix. Star Trek: Discovery is in science fiction-tillefyzjesearje dy't (yn 't earstoan) yn 'e trijeëntweintichste iuw spilet en it romteskip de USS Discovery en syn bemanning folget. It is de earste Star Trek-searje mei in swarte frou (Sonequa Martin-Green) yn 'e haadrol, en ek de earste Star Trek-searje wêryn't dúdlik net de kaptein fan in skip de haadpersoan is. Star Trek: Discovery soarge foar in rekôroantal nije abonneminten by CBS All Access. De searje krige positive resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy en hat (anno 2021) ien Emmy, fiif Saturn Awards en in Empire Award wûn. Nei oanlieding fan it súkses fan Star Trek: Discovery waarden fan 2018 ôf ferskate oare nije Star Trek-searjes makke.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De produksje fan in nije tillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Trek-franchise waard op 2 novimber 2015 oankundige troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. De nije searje borduerre fuort op it súkses fan, mar wie fierders net ferbûn mei de oangeande Star Trek-reboot-filmsearje. It wie oarspronklik de bedoeling dat Star Trek: Discovery yn jannewaris 2017 syn premiêre belibje soe, koart nei it fyftichjierrich bestean fan 'e mediafranchise yn 2016. Star Trek: Discovery wie de earste Star Trek-searje yn tolve jier tiid, sûnt Star Trek: Enterprise yn 2005 opholden wie.

It wie ek de earste Star Trek-searje dy't net (fuortendaliks) op 'e tillefyzje komme soe, mar alderearst ferskynde fia in streamingtsjinst op it ynternet. Showtime, Netflix en Amazon Prime beaen neffens de berjochten allegear "in protte jild" om it platfoarm te wurden dat Star Trek: Discovery publisearre, mar CBS keas derfoar om ynstee de eigen streamingtsjinst CBS All Access te brûken, mei't de direksje fan tinken wie dat "Star Trek de franchise wêze koe om All Access op 'e kaart te setten." Bûten Noard-Amearika waard foar publikaasje fia Netflix keazen. Fan febrewaris oant maaie 2021 wiene de earste beide seizoenen yn Nederlân op 'e tillefyzje te sjen op 'e stjoerder Spike.

Bryan Fuller, ien fan 'e betinkers en produsinten fan Star Trek: Discovery.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Discovery waard betocht troch tillefyzjeprodusinten Bryan Fuller en Alex Kurtzman, en de produksje stie ûnder tafersjoch fan Kurtzman en Heather Kadin as útfierende produsinten. De deistige lieding wie fan it begjin yn febrewaris 2016 ôf yn 'e hannen fan Fuller as showrunner, mar dy ferliet de produksje yn oktober fan dat jier omreden fan kreätive mieningsferskillen mei CBS. Hy waard ferfongen troch Gretchen J. Berg en Aaron Harberts, dy't by it produsearjen ûnderstipe waarden troch senarioskriuwer Akiva Goldsman foar salang't it earste seizoen (2017-2018) duorre. Goldsman kearde net werom foar it twadde seizoen (2018-2019), wylst Berg en Harberts ûnder it twadde seizoen ûntslein waarden. Dêrnei naam Kurtzman it oer as showrunner, en foar it trêde seizoen (2020-2021) dielde er dy ferantwurdlikheid mei Michelle Paradise.

Star Trek: Discovery wurdt produsearre troch de CBS Studios yn gearwurking mei tillefyzjestudio's Secret Hideout, Roddenberry Entertainment en Living Dead Guy Productions. De searje wurdt foar it meastepart opnommen yn 'e Pinewood Toronto Studios yn it Kanadeeske Toronto, en foar de rest op lokaasje bûtendoar op ferskillende plakken ferspraat oer de wrâld. Foar de searje waarden in protte bekende dingen út 'e Star Trek-franchise op 'e nij ûntwurpen troch gebrûk te meitsjen fan moderne technyk en special effects, lykas it oansjen fan 'e romteskippen fan 'e Stjerrefloat en it uterlik fan 'e Klingons, in ras fan bûtenierdske wêzens. De searje set fierders de gewoante fan progressivens fan Star Trek fuort mei foar it earst in swarte frou as haadpersoan en ek foar it earst in manlik personaazje dat iepentlik homo en troud mei in man is.

Uteinlik kaam de earste ôflevering fan Star Trek: Discovery op 24 septimber 2017 beskikber fia CBS All Access. Anno 2021 binne der trije seizoenen fan 'e searje makke, mei yn totaal 40 ôfleverings (hoewol't guon dêrfan dûbellange ôfleverings fan 65 minuten binne). Yn oktober 2020 joech CBS formeel opdracht ta de produksje fan in fjirde seizoen.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Discovery spilet yn 'e trijeëntweintichste iuw, en begjint yn it jier 2258, likernôch tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Star Trek: The Original Series. De haadpersoan is Michael Burnham (spile troch Sonequa Martin-Green), in jonge swarte frou mei in aparte eftergrûn. As tsienjierrich famke wie se der tsjûge fan hoe't har heit en mem by in oerfal op in romtestasjon fermoarde waarden troch in groep (bûtenierdske) Klingons. Neitiid waard se oannommen troch Sarek (James Frain), in Vulcanyske diplomaat, en dy syn minsklike frou Amanda Grayson (Mia Kirshner). Burnham waard sadwaande grutbrocht yn 'e Fulkanyske kultuer, dy't basearre is op it ûnderdrukken fan emoasjes en it folgjen fan 'e logika. Se waard ek de pleechsuster fan Sarek en Amanda harren biologyske soan Spock (Ethan Peck). (Spock is ien fan 'e wichtichste personaazjes út Star Trek: The Original Series.)

Sonequa Martin-Green, dy't Michael Burnham spilet, de haadpersoan fan Star Trek: Discovery.

Yn seizoen 1 ferienet de Klingoneeske profeet T'Kuvma (Chris Obi) de grutte huzen fan 'e Klingons troch in oarloch te begjinnen tsjin 'e Feriene Federaasje fan Planeten (in organisaasje dy't mei oprjochte is troch de minskheid en dêr't de Ierde ta heart). De striid begjint as de USS Shenzou, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, it kamûflearre skip fan T'Kuvma ûntdekt. Burnham is earste ofsier op 'e USS Shenzou ûnder kaptein Philippa Georgiou (Michelle Yeoh) en sjit by in romtekuier út selsferdigening in Klingon dea. Neitiid wol Burnham yn 'e driigjende sitewaasje dat de Shenzou as earste fan 'e beide skippen it fjoer iepenet, mei't se fan har heit leard hat dat Klingons inkeld respekt hawwe foar krêft en agresje. As Georgiou dêr net yn meigean wol, besiket Burnham sûnder goedkarring fan 'e kaptein har sin troch te setten. Dat slagget net, en troch eskalaasje rint it treffen tusken de Klingons en de Federaasje neitiid út op 'e Slach by de Binêre Stjerren, dêr't de Federaasje swiere ferliezen yn lijt.

De rest fan seizoen 1 folget de oarloch tusken de Klingons en de Federaasje. Burnham kriget foar har rebûlje ûnearfol ûntslach en in lange finzenisstraf, mar kaptein Gabriel Lorca (Jason Isaacs) fan 'e USS Discovery beävensearret dat de geniale ofsier út it tichthûs helle en sûnder rang oan syn bemanning tafoege wurdt. (Dêr hat er ek syn eigen redens foar, sa't letter bliken docht.) Tsjin 'e ein fan 'e oarloch hat Burnham harsels foldwaande bewiisd en sokke heldedieden folbrocht, dat har straf kwytskeld wurdt en se har karriêre as ofsier fan 'e Stjerrefloat wer ferfetsje kin.

Yn seizoen 2 bliuwt Burnham oan board fan 'e USS Discovery, dêr't se no de funksje fan wittenskipsofsier taparte kriget. As sadanich wurket se nau gear mei de Kelpiaanske earste ofsier Saru (Doug Jones), de geniale mykolooch Paul Stamets (Anthony Rapp) en har eigen hutgenoate, de entûsjaste faandrich Sylvia Tilly (Mary Wiseman). Oare bemanningsleden dy't wichtige rollen spylje, binne Ash Tyler (Shazad Latif), de ferbiningsofsier mei Seksje 31, de ynljochtingetsjinst fan 'e Stjerrefloat, en skipsdokter Hugh Culber (Wilson Cruz), de man fan Paul Stamets. De USS Discovery kriget ek in nije (tydlike) kaptein, te witten: Christopher Pike (Anson Mount), dy't eins kaptein is fan 'e USS Enterprise.

De USS Discovery besiket yn it twadde seizoen te ûntdekken wat sân mysterieuze sinjalen betsjutte dy't beselskippe of feroarsake wurde troch in nuver figuer dat de 'Reade Ingel' neamd wurdt. It blykt te gean om in tydreizger út 'e takomst, dy't de Molkewei besiket te behoedzjen foar Control, it selsbewust wurden kompjûtersysteem fan Seksje 31, dat besletten hat dat it sels de meast poere foarm fan libben is en dat alle oare libben in bedriging foarmet dy't útrûge wurde moat. It konflikt einiget as de USS Discovery mei de ûnferneatichbere kennis dêr't Control ferlet fan hat om sa goed as almachtich te wurden, mear as 900 jier yn 'e takomst, nei de twaëntritichste iuw reizget. Dêr is de kennis foargoed bûten berik fan Control. Yn seizoen 3 ferkent de bemanning fan 'e USS Discovery it nije tiidrek dêr't se yn bedarre binne. It docht bliken dat de Feriene Federaasje fan Planeten, sawol as it fermogen ta romtefeart yn dy tiid sterk yn it neigean rekke binne.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fêste cast[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Michael Burnham Sonequa Martin-Green
kaptein-luitenant Saru Doug Jones
luitenant Ash Tyler / Voq Shazad Latif (seizoen 1-2)
luitenant Paul Stamets Anthony Rapp
faandrich Sylvia Tilly Mary Wiseman
dokter Hugh Culber Wilson Cruz (seizoen 2-3)
kaptein Gabriel Lorca Jason Isaacs (seizoen 1)
kaptein Christopher Pike Anson Mount (seizoen 2)
luitenant Nhan Rachael Ancheril (seizoen 3)
Cleveland "Book" Booker David Ajala (seizoen 3)

Weromkearende rollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(op folchoarder fan seizoen en fierders op alfabetyske folchoarder)

personaazje akteur/aktrise
yntrodusearre yn seizoen 1
kaptein-luitenant Airiam Sarah Mitich (seiz. 1)
Hannah Cheesman (seiz. 2)
luitenant R.A. Bryce Ronnie Rowe jr. (seiz. 1-3)
admiraal Katrine Cornwell Jayne Brook (seiz. 1-2)
dokter Hugh Culber Wilson Cruz (seiz. 1)
luitenant Keyla Detmer Emily Coutts (seiz. 1-3)
kaptein Philippa Georgiou Michelle Yeoh (seiz. 1-3)
Kol Kenneth Mitchell (seiz. 1)
L'Rell Mary Chieffo (seiz. 1)
Harcourt Fenton Mudd Rainn Wilson (seiz. 1)
luitenant Joann Owosekun Oyin Oladejo (seiz. 1-3)
luitenant Gen Rhys Patrick Kwok-Choon (seiz. 1-3)
Sarek James Frain (seiz. 1)
yntrodusearre yn seizoen 2
Gabrielle Burnham Sonja Sohn (seiz. 2)
Amanda Grayson Mia Kirshner (seiz. 2)
Leland Alan van Sprang (seiz. 2)
luitenant Linus David Benjamin Tomlinson (seiz. 2-3)
luitenant Nhan Rachael Ancheril (seiz. 2)
yntrodusearre yn seizoen 3
luitenant Nilsson Sarah Mitich (seiz. 3)
'Number One' (1e ofsier USS Enterprise) Rebecca Romijn (seiz. 2)
faandrich Tracy Pollard Raven Dauda (seiz. 2-3)
luitenant Jett Reno Tig Notaro (seiz. 2-3)
luitenant Spock Ethan Peck (seiz. 2)
Kovich David Cronenberg (seiz. 3)
Osyraa Janet Kidder (seiz. 3)
Ryn Noah Averbach-Katz (seiz. 3)
Adira Tal Blu del Barrio (seiz. 3)
Gray Tal Ian Alexander (seiz. 3)
Charles Vance Oded Fehr (seiz. 3)
Audrey Willa Vanessa Jackson (seiz. 3)
Grudge (kat) Durban en Leeu (seiz. 3)

Gastrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(op folchoarder fan seizoen en fierders op alfabetyske folchoarder)

personaazje akteur/aktrise
yntrodusearre yn seizoen 1
luitenant Kamran Gant Ali Momen (seiz. 1 en 2)
Amanda Grayson Mia Kirshner (seiz. 1)
Troy Januzzi Romain Waite (seiz. 1)
kompjûterstim fan 'e USS Discovery Julianne Grossman (hiele searje)
kompjûterstim fan 'e USS Shenzou Tasia Valenza (seiz. 1)
luitenant Ellen Landry Rekha Sharma (seiz. 1)
Stella Mudd Katherine Barrell (seiz. 1)
Orioanske drugsdealer Clint Howard (seiz. 1)
faandrich Osnullus Avaa Blackwell (seiz. 1 en 2)
faandrich Tracy Pollard Raven Dauda (seiz. 1)
Terral Conrad Coates (seiz. 1)
T'Kuvma Chris Obi (seiz. 1)
Britch Weeton Chris Violette (seiz. 1)
yntrodusearre yn seizoen 2
May Ahearn Bahia Watson (seiz. 2)
Mike Burnham Kenric Green (seiz. 2)
faandrich Colt Nicole Dickinson (seiz. 2)
Kol-Sha Kenneth Mitchell (seiz. 2)
kânselier L'Rell Mary Chieffo (seiz. 2)
keninginne Me Hani Ika Hali Ka Po Yadira Guevara-Prip (seiz. 2)
luitenant Nilsson Sarah Mitich (seiz. 2)
Sarek James Frain (seiz. 2)
Siranna Hannah Spear (seiz. 2)
Tenavik Kenneth Mitchell (seiz. 2)
Vina Melissa George (seiz. 2)
de Warder Rob Brownstien (seiz. 2)
yntrodusearre yn seizoen 3
kaptein-luitenant Airiam Hannah Cheesman (seiz. 3)
Aurellio Kenneth Mitchell (seiz. 3)
Gabrielle Burnham Sonja Sohn (seiz. 3)
Carl, avataar fan 'e Ivichheidsbeskermer Paul Guilfoyle (seiz. 3)
de stim fan Zora Annabelle Wallis (seiz. 3)

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst
1 15 9 24 septimber 2017 12 novimber 2017 CBS All Access (Noard-Amearika)
Netflix (rest fan 'e wrâld)
6 7 jannewaris 2018 11 febrewaris 2018
2 14 17 jannewaris 2019 18 april 2019
3 13 15 oktober 2020 7 jannewaris 2021
4 noch net bekend 2021 noch net bekend Paramount+

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Discovery wie in grut súkses en soarge yn Noard-Amearika by de streamingtsjinst CBS All Access foar rekôroanmeldings foar nije abonneminten. De tsjinst belibbe datoangeande sawol de dei, wike as moanne mei de measte oanmeldings, en op 'e app foar mobile tillefoanen fan 'e tsjinst waard it tal downloads troch de premiêre fan Star Trek: Discovery ferdûbele. Doe't de searje letter op CBS op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd waard, wiene de sjochsifers ek goed.

De tillefyzjekritisy wiene oer it algemien ek tige goed oer Star Trek: Discovery te sprekken. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de searje in heech goedkarringspersintaazje fan 85%, basearre op 130 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Trek: Discovery in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 37 resinsjes. In protte fans fan 'e Star Trek-franchise hiene lykwols krityk op it werûntwerpen fan it uterlik fan 'e Klingons.

In parsekonferinsje mei de cast fan Star Trek: Discovery op 'e San Diego Comic-Con yn 2018.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Discovery waard yn 2018 nominearre foar twa Emmy Awards, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis. De searje waard ek nominearre foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje, in Peabody Award en fiif Saturn Awards, en wûn de Empire Award foar bêste tillefyzje-akteur (Jason Isaacs as kaptein Gabriel Lorca) en de Saturn Awards foar bêste tillefyzjesearje fia nije media en bêste aktrise yn in tillefyzjesearje (Sonequa Martin-Green as Michael Burnham).

Yn 2019 waard Star Trek: Discovery nominearre foar fjouwer Emmy Awards, wêrfan't de searje ien wûn, de Emmy foar treflike protezemake-up foar in searje, film of special (foar de ôflevering If Memory Serves). De searje waard ek nominearre foar fiif Saturn Awards, en wûn yn 'e kategoryen bêste streamde science fiction-, aksje- of fantasysearje; bêste aktrise yn in streamde publikaasje (Sonequa Martin-Green); en bêste byrol fan in akteur yn in streamde publikaasje (Doug Jones as Saru).

Yn 2021 waard Star Trek: Discovery nominearre foar twa Critics' Choice Awards.

Spin-offsearjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan Star Trek: Discovery foarme it begjin fan 'e saneamde Star Trek-revival fan 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren. Dêrby waarden ferskate nije Star Trek-searjes makke of oankundige. Ferskaten dêrfan wiene spin-offsearjes fan Star Trek: Discovery.

Sa is Star Trek: Short Treks, dat yn 2018 begûn, in rige koarte films of koarte tillefyzjespecials fan elts 8 oant 18 minuten lang. De ôfleverings fan it earste seizoen leine har ta op it jaan fan in eftergrûn oan 'e haadpersoanen út Star Trek: Discovery. It twadde seizoen behannele oare ûnderwerpen.

Star Trek: Strange New Worlds is in prequelsearje dy't yn 'e tsien jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn The Original Series spilet (2244-2254). De searje folget de aventoeren fan 'e USS Enterprise ûnder it befel fan kaptein Christopher Pike. De opnamen fan it earste seizoen fûnen plak yn it foarjier fan 2021.

In trêde spin-offsearje, dy't fertraging oprûn hat troch de koroanafiruspandemy en wêrfan't noch net bekend is wannear't de produksje begjinne sil, moat in rige wurde oer Seksje 31, de ynljochtingetsjinst fan 'e Stjerrefloat, mei Michelle Yeoh yn 'e haadrol as Philippa Georgiou.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (20??–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)