Star Trek: Prodigy

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Star Trek: Prodigy
Webdings x00be.png tillefyzjesearje
Star Trek Prodigy logo.jpg
makkers
betocht troch Alex Kurtzman
ûntwikkele troch Kevin Hageman
Dan Hageman
útfierend
   produsint
Alex Kurtzman
Heather Kadin
Katie Krentz
Rod Roddenberry
Trevor Roth
Kevin Hageman
Dan Hageman
tillefyzjestudio CBS Eye Animation Productions
Nickelodeon Animation Studio
Secret Hideout
Roddenberry Entertainment
spilers
haadrollen Kate Mulgrew
Rylee Alazraqui
Brett Gray
Angus Imrie
Jason Mantzoukas
Ella Purnell
Dee Bradley Baker
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre science fiction
seizoenen 1
jierren 2021 – no
tal ôfl. 10
spyltiid (ôfl.) noch net bekend
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
taal Ingelsk
besibbe searjes The Original Series
The Animated Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Lower Decks
Strange New Worlds

Star Trek: Prodigy is oankommende Amerikaanske tillefyzjesearje yn 'e Star Trek-franchise. It is in science fiction-tekenfilmsearje foar bern wêryn't in stikmannich teenagers folge wurde dy't in âld, oan syn lot oerlitten romteskip brûke om mei op aventoer te gean. Kate Mulgrew, bekend as kaptein Kathryn Janeway út Star Trek: Voyager, krûpt foar de nije searje wer yn 'e hûd fan har âlde rol, mei't Janeway model stien hat foar it needtrainingshologram fan it âlde skip. Star Trek: Prodigy sil yn 2021 foar it earst te sjen wêze op 'e streamingtsjinst Paramount+, foar't de rige koarte tiid letter útstjoerd wurde sil op 'e tillefyzje fia Nickelodeon.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 2018, nei't er de showrunner (tillefyzjeprodusint mei de deistige lieding) wurden wie fan 'e Star Trek-searje Star Trek: Discovery, tekene Alex Kurtzman in fiifjierrich kontrakt mei de CBS Studios om 'e mediafranchise fan Star Trek út te wreidzjen mei ferskate nije tillefyzjesearjes, minysearjes en tekenfilmsearjes. Star Trek: Prodigy, dat foar it earst troch Kurtzman oankundige waard yn jannewaris 2019, is dêr ien fan. It is de bedoeling dat de searje in hiel oar oansjen kriget as de eardere tekenfilmsearjes fan Star Trek, Star Trek: The Animated Series út 'e 1970-er jierren en Star Trek: Lower Decks út 2020. Dat moat berikt wurde troch it gebrûk fan kompjûteranimaasje. Star Trek: Prodigy is fierders bedoeld om in folle jongere doelgroep te berikken as de rest fan 'e franchise.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Prodigy waard ûntwikkele troch de bruorren Hageman, Kevin en Dan, yn opdracht fan 'e bernetillefyzjestjoerder Nickelodeon. As útfierende produsinten wiene Alex Kurtzman, Heather Kadin, Katie Krentz, Rod Roddenberry, Trevor Roth en de bruorren Hageman sels by it projekt belutsen foar de tillefyzjestudio's CBS Eye Animation Productions, Nickelodeon Animation Studio, Secret Hideout en Roddenberry Entertainment.

Yn febrewaris 2021 kundige ViacomCBS, de memme-ûndernimming fan filmstudio Paramount Pictures, oan dat it earste, tsien ôfleverings tellende seizoen fan Star Trek: Prodigy yn 'e rin fan 2021 alderearst beskikber komme soe fia de eigen streamingtsjinst Paramount+, krekt as oare nije Star Trek-searjes. Dêrnei soe it (yn 'e Feriene Steaten) op 'e tradisjonele tillefyzje útstjoerd wurde troch Nickelodeon foar't it twadde seizoen beskikber kaam fia Paramount+.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Prodigy begjint yn it jier 2383, nei de foarfallen yn 'e searje Star Trek: Voyager. In bûnte bemanning fan teenagers fan ferskate bûtenierdske rassen moat leare gear te wurkjen as se in âld, oan syn lot oerlitten romteskip brûke om mei op aventoer te gean. De bemanning bestiet út Dal, in minske (Brett Gray), Rok-Tahk, in Brikar (Rylee Alazraqui), Zero, in Medûsaan (Angus Imrie), Jankom Pog, in Tellaryt (Jason Mantzoukas), Gwyn, in Vau N'Akat (Ella Purnell) en Murf, in libbene, selsbewuste massa slym sûnder fêste foarm (Dee Bradley Baker). Hja wurde bystien troch it needtrainingshologram fan it skip, dat de foarm hat fan kaptein Kathryn Janeway fan 'e USS Voyager (Kate Mulgrew).

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Kathryn Janeway Kate Mulgrew
Rok-Tahk Rylee Alazraqui
Dal Brett Gray
Zero Angus Imrie
Jankom Pog Jason Mantzoukas
Gwyn Ella Purnell
Murf Dee Bradley Baker

Gastrollen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

personaazje akteur/aktrise
Thadiun Okona Billy Campbell

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst
1 10 2021 noch net bekend Paramount+

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (20??–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)