Springe nei ynhâld

Star Trek: Enterprise

Ut Wikipedy
Star Trek: Enterprise
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Rick Berman
Brannon Braga
produsint Brannon Braga
Manny Coto (2004-2005)
útfierend
   produsint
Rick Berman
tillefyzjestudio Paramount Television Studios
spilers
haadrollen Scott Bakula
Jolene Blalock
Connor Trinneer
Anthony Montgomery
Linda Park
John Billingsley
Dominic Keating
skaaimerken
sjenre science fiction
seizoenen 4
jierren 20012005
tal ôfl. 98
spyltiid (ôfl.) 42 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 4 × Emmy Award
2 × Saturn Award
webside www.startrek.com/.../star-trek-enterprise
besibbe searjes The Original Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Discovery
Picard
Strange New Worlds

Star Trek: Enterprise (de earste beide seizoenen mei as titel koartwei Enterprise) wie in súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 4 seizoenen rûn, fan 2001 oant 2004, en dy't yn in grut tal lannen útstjoerd is. De titel betsjut: "Stjerretocht: Undernimming", en ferwiist nei de namme fan it romteskip de USS Enterprise. It wie de fyfde live actionsearje út 'e Star Trek-franchise nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren, Star Trek: The Next Generation út 'e 1980-er jierren en Star Trek: Deep Space Nine en Star Trek: Voyager út 'e 1990-er jierren. Star Trek: Enterprise is in science fiction-tillefyzjesearje dy't yn 'e twaentweintichste iuw spilet en dêrmei in prequel fan 'e oare searjes is. It giet oer de bemanning fan it earste Ierdske romteskip dat Enterprise hjit en folget de ûnderfinings en aventoeren fan 'e bemanning by de earste minsklike ferkenning fan 'e Molkewei. De searje krige mingde resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy en wûn sân Emmys en trije Saturn Awards. Nei fjouwer seizoenen waard de stekker derút lutsen omreden fan ôffallende sjochsifers.

Nei't Star Trek: Deep Space Nine yn 1999 beëinige wie, en wylst Star Trek: Voyager noch rûn, frege it tillefyzjenetwurk UPN produsinten Rick Berman en Brannon Braga om in fyfde tillefyzjesearje fan 'e Star Trek-franchise te meitsjen, wêrfan't it earste seizoen tagelyk mei it lêste seizoen fan Voyager útstjoerd wurde moatte soe, of oars dêrop oanslutend. Berman hie earder Deep Space Nine betocht tegearre mei Michael Piller en Voyager mei Piller en Jeri Taylor, en hy woe graach mei Braga oan in konsept wurkje foar in nije searje.

Op it ynternet spekulearren fans fan Star Trek deroer dat de nije rige oer de militêre akademy fan 'e Stjerrefloat gean soe of oars oer de aventoeren fan Hikaru Sulu, in personaazje út Star Trek: The Original Series. Berman en Braga, dy't der goed foar soargen dat der neat oer harren plannen útlekte, besleaten lykwols in prequel te meitsjen fan alle foargeande Star Trek-tillefyzjesearjes, dy't spylje soe tusken de foarfallen yn dy't sjen litten wiene yn 'e film Star Trek: First Contact en yn 'e searje Star Trek: The Original Series. Hja fûnen dat dy perioade, wêryn't de minskheid foar it earst romteskippen begjint te bouwen en de Molkewei begjint te ferkennen, in ûnderbeljochte en lykwols nijsgjirrich tiidrek yn it Star Trek-hielal wie.

Scott Bakula (hielendal rj.) en Connor Trinneer (hielendal l.) yn harren fiktive unifoarmen fan 'e Stjerrefloat, mei trije matroazen fan it fleandekskip USS Enterprise yn harren echte wurkunifoarmen.

De bazen by UPN moasten oerhelle wurde om har efter it idee fan in prequelsearje te skaren, mei't se ferwachte hiene dat in nije searje Star Trek fierder de takomst yn bringe soe. Berman en Braga fûnen dat, om't de setting tichter by de hjoeddeistige tiid stie, de reäksjes fan 'e bemanning op harren ûnderfinings ek mear fan dizze tiid wêze moatte soene as yn 'e oare Star Trek-searjes. Dêrom giene se foar ynspiraasje te rie by leden fan 'e dûkboattsjinst fan 'e Amerikaanske Marine. Dy ynfloed die letter dúdlik bliken út it ûntwerp foar de iere unifoarmen fan 'e Stjerrefloat, dy't suver net te ûnderskieden wiene fan 'e wurkunifoarmen fan matroazen fan 'e Amerikaanske Marine.

Enterprise, sa't de nije searje te hjitten kaam, moast mear op karakterûntwikkeling stypje as de foargeande tillefyzjesearjes fan Star Trek. Sa hopen Berman en Braga sjoggers werom te winnen dy't wol nei Star Trek: The Next Generation sjoen hiene, mar dy't ôfheakke wiene by Star Trek: Deep Space Nine en Star Trek: Voyager. It wie oarspronklik ek de bedoeling om Enterprise te ferbinen mei Star Trek: The Original Series, troch fan T'Pau, in Vulcaniër dy't in rol spile hie yn 'e ôflevering Amok Time fan The Original Series, in haadpersoan fan Enterprise te meitsjen. Dat personaazje waard lykwols neitiid ûntwikkele ta in nije Vulcaniër, T'Pol.

De opnamen foar it earste seizoen fan Enterprise begûnen yn 2000 yn 'e Paramount Studios yn Los Angeles, dêr't foar de searje gebrûk makke waard fan soundstages 8, 9 en 18. Rick Berman hie as útfierend produsint it algemien tafersjoch, wylst de deistige lieding yn 'e hannen wie fan showrunner Brannon Braga (2001-2005), letter yn gearwurking mei Manny Coto (2004-2005). Yn totaal rûn de searje fjouwer seizoenen, fan 2001 oant en mei 2005. Der waarden al mei al 98 ôfleverings makke.

Brannon Braga, ien fan 'e betinkers fan Star Trek: Enterprise.

Enterprise briek mei ferskate lang fêstige wizânsjes fan 'e Star Trek-franchise. Sa waard it foarheaksel "Star Trek:" út 'e titel falle litten, en ynstee fan titelmuzyk mei orkestrale filmmuzyk sûnder liettekst waarden de begjintitels beselskippe fan it rockliet Faith of the Heart, songen troch Russell Watson. De pilotôflevering Broken Bow waard op 26 septimber 2001 yn 'e Feriene Steaten útstjoerd op UPN, it tillefyzjenetwurk fan Paramount Pictures.

De earste beide seizoenen fan 'e searje waarden karakterisearre troch op harsels steande ôfleverings dy't giene oer ûnderwerpen lykas de iere ynterstellêre relaasjes fan 'e minskheid mei de Vulcaniërs en de earste kontakten mei bûtenierdske rassen as de Klingons en de Andorianen. Foar Star Trek-fans wie dat allegear ridlik fertroude matearje. UPN, dat in breder publyk lûke woe, joech lykwols foar it trêde seizoen opdracht om feroarings troch te fieren.

Dat de searje doe omneamd waard ta Star Trek: Enterprise wie bysaak; folle wichtiger wie dat oerstapt waard op plots dy't stipen op aksje ynstee fan karakterûntwikkeling en dat it in ferfolchsearje waard mei ien lange ferhaalline dy't foar ûnderskate ôfleverings yn stikjes knipt wie. It fjirde seizoen bestie út ferskate ferhaallinen fan elts trije of fjouwer ôfleverings lang. Dêryn waarden beskate eleminten út eardere searjes yngeander ûnder de lûp nommen en teffens inkele flaters oangeande kontinuïteit út The Original Series rjochtbreide.

Roxann Dawson, earder as aktrise yn 'e rol fan B'Elanna Torres belutsen by Star Trek: Voyager, regissearre tsien ôfleverings fan Star Trek: Enterprise.

Alle feroarings holpen lykwols de sjochsifers net bot omheech. UPN besleat dêrom en set de searje nei it fjirde seizoen stop, nettsjinsteande in kampanje fan fans om dat tsjin te kearen. Mei it ophâlden fan Enterprise yn 2005 kaam in ein oan in perioade fan achttjin jier dat der altyd teminsten ien Star Trek-searje op 'e tillefyzje wie. It soe tolve jier duorje oant der yn 2017 wer in nije tillefyzjesearje fan 'e franchise makke waard: Star Trek: Discovery.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Enterprise folget de aventoeren fan 'e bemanning fan it earste romteskip dat de namme Enterprise draacht, mei de koade NX-01. De leden fan dy bemanning foarmje de earste minsklike ferkenners fan 'e Molkewei, dy't tarist binne mei it earste skip fan 'e Stjerrefloat dat oer it fermogen beskikt om flugger-as-ljocht te reizgjen. De Vulcaniërs, it ras fan bûtenierdske wêzens dat it earste kontakt mei de minskheid lein hat, woe de minsken dy technology nammentlik ûnthâlde om't se der net ree foar achte waarden. Dat hat de minsklike ferkenning fan 'e romte fertrage en foar spannings soarge mei de oars freonlike Vulcaniërs.

De USS Enterprise stiet ûnder befel fan kaptein Jonathan Archer (Scott Bakula), de soan fan Henry Archer, de minsklike útfiner fan it flugger-as-ljochtreizgjen. Dat dy troch Vulcanyske tsjinwurking lykwols stoar ear't er syn útfining yn 'e praktyk bringe koe, hat by Archer wrok tsjin 'e Vulcaniërs feroarsake. Geandewei de searje rekket er syn foaroardielen kwyt. Dat komt yn hege mjitte troch de ynfloed fan T'Pol (Jolene Blalock), in froulike Vulcaniër dy't troch it Vulcanyske Hege Kommando as wittenskipsofsier oan 'e bemanning fan 'e USS Enterprise tafoege wurdt om in eachje yn it seil te hâlden, mar stadichoan almar loyaler wurdt oan 'e oare bemanningsleden en úteinlik tsjinst nimt by de Stjerrefloat en in romantyske relaasje kriget mei Trip Tucker (Connor Trinneer), de masinist fan 'e Enterprise.

Scott Bakula spile de rol fan kaptein Jonathan Archer yn Star Trek: Enterprise.

Tucker is in âlde freon fan kaptein Archer, dy't de searje begjint as in konservatyf persoan, mar geandewei de searje wat langer wat mear iepen komt te stean foar nije ûnderfinings. Hoshi Sato (Linda Park) is de kommunikaasje-ofsier fan 'e Enterprise. Hja is in taalkundich sjeny en kin bûtenierdske talen binnen de koartste kearen leare te ferstean en te sprekken. Sato tsjinnet sadwaande as tolk foar de bemanning, ek as de earste ferzje fan 'e universele fertaler beskikber komt. De fêste piloat fan 'e Enterprise is Travis Mayweather (Anthony Montgomery), dy't unyk is yn 'e sin dat er it iennichste bemanningslid is dat berne is yn 'e romte, as soan fan in keapfardijskipper.

Malcolm Reed (Dominic Keating) is de taktykofsier fan 'e Enterprise. Hy komt út in lange line fan marine-ofsieren by de Britske Keninklike Marine, mar hat foar in karriêre by de Stjerrefloat keazen omreden fan syn fobyske eangst om te ferdrinken. Hy is in tige by tige swijsum man, waans eigen famylje net iens sizze kinne soe wat syn leaflingsiten is (ananas). De lêste fan 'e ofsieren fan 'e Enterprise is de altyd fleurige Phlox (John Billingsley), in Denobulaansk lid fan it Yntersoartlik Medysk Utwikselingsprojekt, dy't ûnder de earste misje fan it romteskip oan board helle wurdt om in oppikte Klingon te fersoargjen en himsels neitiid as frijwilliger oanmeldt om skipsdokter te bliuwen.

Njonken de op harsels steande ôfleverings omfetsje de seizoenen 1 en 2 ek it ferhaalelemint fan 'e Temporele Kâlde Oarloch, dat yn ferskate ôfleverings weromkomt. Yn 'e pilotôflevering Broken Bow wurde de bûtenierdske Suliban troch in mysterieuze humanoïde persoan út 'e takomst manipulearre ta fijannigens foar de Stjerrefloat oer. (Wa't dy riedselige persoan wie, kaam troch it foartidich stopsetten fan 'e searje nea út 'e ferve, mar produsinten Braga en Berman seine dat it bedoeld wie as in Romulaan, hoewol't Braga tsien jier nei de ein fan 'e searje ek sei dat it kaptein Archer sels wie, dy't syn eigen tiidline besocht te feroarjen.) Yn 'e ôflevering Cold Front wurdt matroas Daniels yntrodusearre, dy't letter in geheim agint fan 900 jier yn 'e takomst blykt te wêzen dy't fjochtet tsjin in bûnsgenoatskip fan tsjinstanners, ûnder wa de Suliban. Yn 'e einfaze fan 'e Temporele Kâlde Oarloch stjoert Daniels de Enterprise werom nei de 1940-er jierren om foar te kommen dat syn fijanen nazy-Dútslân oan in oerwinning yn 'e Twadde Wrâldoarloch helpe sille.

Yn seizoen 3 wurde de Xindi yntrodusearre, in koälysje fan seis bûtenierdske rassen dy't, mei ûnder ynfloed fan 'e Temporele Kâlde Oarloch (sa blykt letter), de Ierde oanfalle en dêrby sân miljoen minsken ombringe. De Xindi-ferhaalline rûn fan The Expanse, de slotôfeflevering fan seizoen 2 oant Zero Hour, de slotôflevering fan seizoen 3. Yn 'e tuskenlizzende ôfleverings wurdt de USS Enterprise útstjoerd om 'e ûnbekende bûtenierdske wêzens op te spoaren dy't ferantwurdlik binne foar de oanfal. Dêrta nimt it skip ek in ôfdieling soldaten oan board.

It fjirde en lêste seizoen wurke stadich ta nei de oprjochting fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten. Dêr waard foar it earst nei foarútwiisd yn 'e ôflevering Shockwave, Part 2, dêr't seizoen 2 mei begûn. Yn seizoen 4 wurkje de minsken, Vulcaniërs, Andorianen en Tellariten foar it earst gear tsjin in mienskiplike fijân (de Romulanen) yn 'e ôflevering United. Yn Demons oppenearret him in ksenofobyske beweging mank de minskheid mei de namme Terra Prime, dy't neat witte wol fan kontakten mei lykfol hokker bûtenierdske wêzens ek. (Produsint Manny Coto ornearre dat ksenofoby it lêste elemint fan it minsklik aard wie dêr't mei ôfweefd wurde moast ear't de Federaasje oprjochte wurde koe.) De eigentlike oprjochting fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten fynt plak yn 'e slotôflevering fan seizoen 4, These Are the Voyages…, dy't ferskate jierren nei de rest fan it seizoen spilet.

Aktrise Jolene Blalock spile de rol fan 'e Vulcanyske ofsier T'Pol.
Aktrise Linda Park spile de rol fan Hoshi Sato.
personaazje akteur/aktrise
kaptein Jonathan Archer Scott Bakula
T'Pol Jolene Blalock
Trip Tucker Connor Trinneer
Travis Mayweather Anthony Montgomery
Hoshi Sato Linda Park
Phlox John Billingsley
Malcolm Reed Dominic Keating

Weromkearende byrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise
Shran Jeffrey Combs
admiraal Maxwell Forest Vaughn Armstrong
matroas Daniels Matt Winston
T'Pau Kara Zediker
Degra Randy Oglesby
Jannar Rick Worthy
Dolim Scott MacDonald
majoar J. Hayes Steven Culp
kaptein Erika Hernandez Ada Maris
Mallora Tucker Smallwood
Silik John Fleck
dr. Arik Soong Brent Spiner
ambassadeur Soval Gary Graham
Talas Molly Brink
luitenant 1e klass Williams Jim Fitzpatrick
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 26 26 septimber 2001 22 maaie 2002 UPN
2 26 18 septimber 2002 21 maaie 2003
3 24 10 septimber 2003 26 maaie 2004
4 22 8 oktober 2004 13 maaie 2005

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sjochsifers fan Star Trek: Enterprise wiene yn it begjin tige goed, mar rekken al rillegau yn it neigean. De tillefyzjekritisy wiene goed te sprekken oer de pilotôflevering Broken Bow, mar folgjende ôfleverings krigen in mingd ûnthaal. Hoewol't de resinsinten loovjend wiene oer it fjirde seizoen, hiene sy, de fans en ek de cast gjin goed wurd oer foar de lêste ôflevering, foar in part om't dêryn mear omtinken wie foar gastrollen fan akteurs út Star Trek: The Next Generation as foar de cast fan Star Trek: Enterprise. Ek de dea fan Trip Tucker krige in protte krityk. Brannon Braga joech letter ta dat it ôfmeitsjen fan Tucker "net in geweldich idee wie", en beneamde it beheljen fan akteurs út The Next Generation yn 'e slotôflevering fan Enterprise as de beslissing oangeande de searje dêr't er it meast spyt fan hie.

Star Trek: Enterprise waard yn syn fjouwerjierrich bestean nominearre foar santjin Emmy Awards, de wichtichste Amerikaanske priis foar tillefyzjeprogramma's. De searje wûn fjouwer Emmys, foar bêste special effects yn in tillefyzjesearje yn 'e ôfleverings Broken Bow en Countdown, foar bêste hierstyling yn in searje yn Two Days and Two Nights, en foar bêste muzyk yn in searje yn Similitude. Star Trek: Enterprise waard ek nominearre foar santjin Saturn Awards, mar wûn dêrfan mar trije, twa foar aktrise Jolene Blalock yn seizoen 1, yn 'e kategoryen bêste byrol fan in aktrise en gesicht fan 'e takomst, en yn 2005 noch in spesjale erkenningspriis.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)