Springe nei ynhâld

Star Trek II: The Wrath of Khan

Ut Wikipedy
Star Trek II:
The Wrath of Khan
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Nicholas Meyer
produsint Robert Sallin
útfierend
   produsint
Harve Bennett
senario Jack B. Sowards
Nicholas Meyer
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Gayne Rescher
muzyk James Horner
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen William Shatner
Leonard Nimoy
DeForest Kelley
byrollen James Doohan
Nichelle Nichols
George Takei
Walter Koenig
Ricardo Montalbán
Bibi Besch
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 4 juny 1982
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 113 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst $97 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek: The Motion Picture
● folgjend diel Star Trek III: The Search
   for Spock

Star Trek II: The Wrath of Khan is in Amerikaanske science fiction-film út 1982 ûnder rezjy fan Nicholas Meyer, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Leonard Nimoy en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "De Grime fan Khan". It ferhaal folget kaptein James T. Kirk en de bemanning fan it Stjerrefloat-romteskip de USS Enterprise as se te meitsjen krije mei de genetysk "ferbettere" supersoldaat Khan Noonien Singh, dy't wraak nimme wol foar syn ferballing troch Kirk nei in planeet dy't ûnbewenber wurden is. Kirk-en-dy moatte sjen foar te kommen dat Khan it gefaarlike terrafoarmingsapparaat Genesis yn 'e hannen kriget.

Star Trek II: The Wrath of Khan wie it twadde diel yn 'e Star Trek-filmrige, dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje mei deselde namme út 'e 1960-er jierren. It wie ek it earste diel fan in trochrinnende, trije films omfetsjende ferhaalline, dy't fierder gie mei Star Trek III: The Search for Spock (1984) en einige mei Star Trek IV: The Voyage Home (1986). Star Trek II: The Wrath of Khan waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûnthelle en wurdt noch altyd troch in protte filmkenners beskôge as ien fan 'e bêste films út 'e Star Trek-rige. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen, wat derfoar soarge dat der mear films makke wurde koene nei it teloarstellende resultaat fan it foargeande diel, Star Trek: The Motion Picture.

Yn it jier 2285 hat admiraal James T. Kirk, in ofsier fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, it tafersjoch oer in simulatorsesje fan 'e kadetten fan syn freon, de Vulcaanske kaptein Spock. Yn 'e simulaasje fiert luitenant Saavik it befel oer Kirk syn âlde it romteskip, de USS Enterprise. It skip is op in misje om 'e bemanning fan 'e skansearre Kobayashi Maru te rêden, mar wurdt oanfallen troch ferskate Klingon-krusers en rint kritike skea op. It docht bliken dat de simulaasje in no-winsenario is om it mentaal ynkassearringsfermogen fan 'e Stjerrefloatofsieren te testen. Letter jout dokter Leonard McCoy him by Kirk om 'e jierdei fan dy lêste te fieren. As er sjocht dat Kirk wat deprimearre is, advisearret er him om te sjen dat er fannijs it befel oer in romteskip kriget ynstee fan 'e rest fan syn karriêre efter in buro op it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco troch te bringen.

Underwilens is in oar skip fan 'e Stjerrefloat, de USS Reliant, op in misje om in libbenleaze planeet te finen dêr't in revolúsjonêr nij terrafoarmingsapparaat test wurde kin. It apparaat, dat Genesis neamd is, kin deade matearje omfoarme ta in bewenbere wrâld. Twa ofsieren fan 'e USS Reliant, kaptein Clark Terrell en kaptein-luitenant Pavel Chekov, in âld-bemanningslid fan 'e USS Enterprise, litte harsels nei it oerflak strielje fan wat se tinke dat de planeet Ceti Alpha VI is. Ienris dêr wurde se lykwols finzen nommen troch in groep genetysk 'ferbettere' supersoldaten dy't oanfierd wurdt troch Khan Noonien Singh.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Jierren earder hie Kirk Khan en de oare supersoldaten efterlitten op 'e wrâld Ceti Alpha V, nei't se besocht hiene de USS Enterprise te kapen. Neitiid is lykwols de oanbuorjende planeet Ceti Alpha IV ûntploft, wat it oerflak fan Ceti Alpha V ferwoastge en de planeet frijwol ûnbewenber makke hat. Fan gefolgen binne ferskaten fan Khan syn folgelingen, ûnder wa syn frou, omkommen. Khan hat jierren hân om tsjin Kirk te wrokjen, en no is er út op wraak. Hy ymplantearret Chekov en Terrell fia harren ear mei in lânseigen 'iellarve' fan Ceti Alpha V, dy't harren fetber makket om troch him ferstanlik behearske te wurden. Neitiid brûkt er harren om 'e USS Reliant te kapen. As er oan board fan it skip lucht kriget fan it bestean fan Genesisapparaat, liket dat him in treflik wapen ta om syn wraak mei yn 'e praktyk te bringen. Hy fart de USS Reliant nei it romtestasjon Regula I ta, dêr't it apparaat ûntwikkele wurdt troch dr. Carol Marcus, in eardere minneresse fan Kirk, en har soan David.

As de USS Enterprise op in trainingsreis in oprop fan Regula I opfangt, nimt Kirk it befel oer it skip oer. Underweis wurdt de Enterprise lykwols oanfallen troch de Reliant, wêrby't de bôge-oandriuwing defekt rekket en ek op oare manearen slimme skea oan it skip tabrocht wurdt. Khan nimt kontakt op mei Kirk en biedt oan om 'e bemanning fan 'e USS Enterprise te sparjen as Kirk him alle ynformaasje jout dy't betrekking hat op it Genesisapparaat. Ynstee rekt Kirk tiid oant er fan op ôfstân de enerzjyskylden fan 'e Reliant sakje litte kin. By de tsjinoanfal fan 'e Enterprise dy't dêrtroch mooglik wurdt, rekket de Reliant ek slim skansearre, sadat Khan twongen is om him tydlik werom te lûken om reparaasjes te meitsjen.

Underwilens mankepoatet de USS Enterprise nei Regula I ta. As Kirk, McCoy en Saavik oan board geane fan it romtestasjon, treffe se dêr Terrell en Chekov libben oan middenmank de ôfslachte leden fan it wittenskipsteam fan Carol Marcus. Sy en David binne lykwols ûntkommen en Kirk-en-dy ûntdekke dat se harren by it Genesisapparaat beskûl hâlde ûnder it oerflak fan in deunbye planetoïde. Dêr komt Kirk foar it earst oan 'e weet dat er in soan hat. Khan, dy't Terrell en Chekov as spionnen brûkte, ûntdekt ûnderwilens wêr't it Genesisapparaat is. Hy oarderet de beide ofsieren om Kirk te fermoardzjen, mar se biede wjerstân oan dat befel. Terrell bringt ynstee himsels om, wylst Chekov bewusteleas rekket as de iel úteinlik syn lichem ferlit.

Khan strielet it Genesisapparaat oan board fan 'e USS Reliant en wol Kirk-en-dy efterlitte op 'e libbenleaze planetoïde, krekt sa't Kirk him en syn folgelingen efterlitten hat op Ceti Alpha V. Kirk en Spock binne him lykwols te fluch ôf troch harren yn 't foar makke ôfspraken op it mêd fan geheimtaal, dy't harren by steat steld om temûk in moetingsplak ôf te praten. Neitiid lit Kirk de Enterprise de deunbye Mutara-romtedize ynfarre. De omstannichheden yn 'e dize meitsje enerzjyskylden en fjoerrjochtingssystemen nutteleas, sadat de Enterprise en de Reliant wer oaninoar weage binne. Spock merkt op dat de taktyk fan Khan wiist op in gebrek oan ûnderfining yn trijediminsjonale gefjochten, en Kirk makket fan dy swakte gebrûk om 'e Reliant út te skeakeljen.

Khan, dy't deadlik ferwûne rekke is, aktivearret it Genesisapparaat, dat alle matearje yn 'e Mutara-dize, de USS Enterprise ynbegrepen, reorganisearje sil ta in nije, libbene planeet. Hoewol't Kirk-en-dy har bewust binne fan 'e aktivearring fan it apparaat, kinne se net fluch genôch fuortkomme om't de bôge-oandriuwing fan 'e Enterprise noch altyd stikken is. Dêrop bejout Spock him nei de masinekeamer, dy't smoarfol radio-aktive strieling sit, om 'e oandriuwing hânmjittich te reparearjen. As McCoy him besiket tsjin te kearen, stelt Spock him bûten bewustwêzen mei in Vulcaanske senuwknyp en fiert dan in Vulcaanske ferstânsferraning mei him út wêrby't er him de wurden "ûnthâld dit" ynflústeret. Dêrnei giet er de masinekeamer yn en reparearret de oandriuwing. De USS Enterprise kin dan ûntkomme oan 'e eksploazje fan it Genesisapparaat dy't de Mutara-dize ferneatiget.

William Shatner.
Leonard Nimoy.
DeForest Kelley.

Ear't er stjert oan akút strielingssyndroom fiteret Spock Kirk oan om net om him te roujen, mei't syn beslút om himsels op te offerjen it logyske ding wie om te dwaan: it belang fan 'e iene moat ommers wike foar it belang fan 'e groep. Kirk lit it stoflik omskot fan syn freon yn 'e lege húl fan in romtetorpedo lizze en sjit it dan nei de nije planeet dy't troch it Genesisapparaat foarme is. De Enterprise set ôf om 'e strâne bemanning fan 'e Reliant op Ceti Alpha V op te pikken, wylst de torpedohúl mei it lyk fan Spock sêftkes lânet op 'e nije planeet.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
admiraal James T. Kirk William Shatner
kaptein Spock Leonard Nimoy
dokter Leonard McCoy DeForest Kelley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Montgomery Scott James Doohan
luitenant Uhura Nichelle Nichols
Hikaru Sulu George Takei
Pavel Chekov Walter Koenig
Khan Noonien Singh Ricardo Montalbán
Carol Marcus Bibi Besch
Saavik Kirstie Alley
David Marcus Merritt Butrick
kaptein Clark Terrell Paul Winfield

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it útbringen fan 'e earst Star Trek-film, Star Trek: The Motion Picture, yn 1979, skreau Star Trek-betinker en -produsint Gene Roddenberry it senario foar in ferfolchfilm. Dêryn soe de bemanning fan 'e USS Enterprise yn 'e tiid weromreizgje om in fersmoarge tiidline yn 'e âlde steat werom te bringen nei't de Klingons de moard op John F. Kennedy tsjinkeard hiene. De studiobazen fan Paramount Pictures seagen lykwols net folle yn it ferhaal, en se hiene boppedat har nocht fan Roddenberry. De oer de meuch geande kosten (fan $45 miljoen), it trage tempo en de lauwe ûntfangst fan 'e earste film waard witen oan 'e oanpassings en werskriuwings fan it senario dy't Roddenberry allegeduerigen easke hie. Fan gefolgen waard Roddenberry de kreätive kontrôle oer de produksje fan 'e ferfolchfilm ûntnommen. Yn 'e wurden fan haadrolspiler William Shatner waard er "omheechskopt" nei de grutdiels seremoniële funksje fan 'útfierend adviseur'.

De direkte lieding oer de produksje fan Star Trek II: The Wrath of Khan waard neitiid taparte oan útfierend produsint Harve Bennett. Neffens himsels waard er yn in gearkomste roppen wêrby't û.o. Paramount-bazen Jeffrey Katzenberg en Michael Eisner oanwêzich wiene, dêr't him frege waard oft er in bettere film meitsje koe as Star Trek: The Motion Picture. Doe't er befêstigjend antwurde, frege Charles Bluhdorn him op 'e man ôf oft er sa'n film meitsje koe "foar minder as fiifenfjirtichtûzen godferdommese dollars". Bennett antwurde dat hy foar dat bedrach wol fiif films meitsje koe.

Regisseur Nicholas Meyer yn 2008.

It ferhaal fan Star Trek II: The Wrath of Khan waard neitiid troch Bennett betocht, en troch Jack B. Sowards bewurke ta in filmskript. De film waard regissearre troch Nicholas Meyer, dy't sels yn tolve dagen tiid de úteinlike ferzje fan it senario skreau sûnder dat er dêrfoar op 'e ôftiteling fermeld waard. Robert Sallin wie as produsint by it projekt belutsen. Der wie in budget beskikber fan $12 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gayne Rescher, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.

De ferhaalline oer de genetysk manipulearre 'supersoldaat' Khan Noonien Singh griep werom op 'e ôflevering Space Seed fan Star Trek: The Original Series, út 1967. Dêryn waarden hy en syn folgelingen troch Kirk en de bemanning fan 'e USS Enterprise op in ûnbewenne planeet efterlitten. Itselde ferhaal soe yn 2013 yn oanpaste foarm nochris oereide wurde yn 'e film Star Trek: Into Darkness. De ferskillen mei Star Trek II: The Wrath of Khan binne lykwols sa grut dat dêrby net fan in remake sprutsen wurde kin.

Opnamen en postproduksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen fan Star Trek II: The Wrath of Khan sette op 9 novimber 1981 útein en duorren oant en mei 29 jannewaris 1982. Akteur Leonard Nimoy, dy't te lijen hie fan syn typecasting as Spock, hie net fan doel west om in rol yn 'e ferfolchfilm oan te nimmen, mar hy waard dêrta dochs ferlaat mei it ûnthjit dat Spock yn in dramatyske sêne komme soe te ferstjerren. Negative reäksjes fan in testpublyk laten ta wichtige feroarings oan dy stjersêne, dy't tsjin 'e protesten fan Meyer yn trochfierd waarden. By de produksje waarden ferskate techniken brûkt om 'e kosten binnen it budget te hâlden, lykas it gebrûk fan miniatuermodellen fan romteskippen dy't foar eardere Star Trek-projekten makke wiene, it recycljen fan filmsets en special effects, en it wergebrûk fan kostúms út 'e earste film. Star Trek II: The Wrath of Khan wie de earste film ea mei in sêne dy't útslutend bestie út special effects dy't op 'e kompjûter oanmakke wiene.

De distribúsje fan Star Trek II: The Wrath of Khan waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 4 juny 1982 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn 1983 kaam Star Trek II: The Wrath of Khan út as VHS-keapfideo. De film waard yn 2000 foar it earst útbrocht as dvd en yn maaie 2009 foar it earst as blu-ray.

Star Trek II: The Wrath of Khan krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Nei de lauwe ûntfangst fan 'e earste film wie it ferskil nammenste opmerkliker. Mark Bernardin fan it tydskrift Entertainment Weekly neamde Star Trek II: The Wrath of Khan "de film dy't, sa ornearje de measten, Star Trek sa't we dat kenne, rêden hat." De film wurdt tsjintwurdich noch altyd beskôge as ien fan 'e bêste films fan 'e hiele franchise, en guon filmkenners wolle hawwe dat it ek no noch de alderbêste Star Trek-film is.

Janet Maslin fan The New York Times skreau dat Star Trek II: The Wrath of Khan in folle sterker ferhaal hie as Star Trek: The Motion Picture, en dat it ferfolch alles wie dat de earste film wêze moatten hie. It blêd Variety wie it dermei iens dat Star Trek II: The Wrath of Khan de geast fan Star Trek: The Original Series in stik neier kaam as it gefal west hie mei Star Trek: The Motion Picture. Yn 2016 parte de Playboy de film it fjirde plak ta op syn list fan fyftjin ferfolgen dy't better wiene as de oarspronklike films.

In unifoarm fan 'e Stjerrefloat dat brûkt waard foar Star Trek II: The Wrath of Khan.

Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech Star Trek II: The Wrath of Khan 31/2 fan 4 stjerren en omskreau de film as "in planute winner, fol oansprekkende personaazjes dy't nijsgjirrige ûnderlinge relaasjes hawwe yn in futuristyske film mei in hearlik âlderwetsk gefoel fan majesteit oangeande syn personaazjes en de swierrichheden dêr't se yn fersyld reitsje."

Yn 'e Chicago Sun-Times hie Roger Ebert krityk op 'e "lauwe gefjochtssênes" yn Star Trek II: The Wrath of Khan, en teffens op wat er opfette as melodrama. De dea fan Spock fûn er dan wol wer goed skreaun en aktearre. Gary Arnold fan The Washington Post skreau lykwols dat it ferstjerren fan Spock "oanfielt as in ûnnedige draai yn it ferhaal, en de filmmakkers binne der oerdúdlik goed op taret om fluch itselde paad lâns werom te gean as it publyk in nij ferfolch sjen wol." (Dêr hied er gelyk oan, want yn Star Trek III: The Search for Spock soe Spock wer ta libben komme.)

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Trek II: The Wrath of Khan in heech goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. Weromsjend op Star Trek II: The Wrath of Khan stelde it Britske tydskrift Empire yn 2008 fêst dat de "tipelsinnige kapsels" en de "krystmantuniken" eleminten yn 'e film wiene dy't no healwiis oandiene.

Star Trek II: The Wrath of Khan brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $78,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $18,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $97 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $85 miljoen, al moatte dêr de marketingkosten noch wol ôf. Hoewol't Star Trek II: The Wrath of Khan minder opbrocht as Star Trek: The Motion Picture, wie de film eins folle winstjaander omreden fan syn folle legere produksjekosten (in ferskil fan $33 miljoen).

Star Trek II: The Wrath of Khan wûn yn 1982 twa Saturn Awards: ien yn 'e kategory bêste akteur (William Shatner) en ien foar bêste rezjy (Nicholas Meyer). De film waard ek nominearre foar de Hugo Award (in literatuerpriis op it mêd fan science fiction) yn 'e kategory bêste dramatyske presintaasje, mar ferlear it fan Blade Runner.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)