Star Trek VI: The Undiscovered Country

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Star Trek VI:
The Undiscovered Country
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Star Trek VI The Undiscovered Country logo.png
makkers
regisseur Nicholas Meyer
produsint Ralph Winter
Steven-Charles Jaffe
útfierend
   produsint
Leonard Nimoy
senario Nicholas Meyer
Denny Martin Flinn
basearre op Star Trek: The Original Series
   fan Gene Roddenberry
kamerarezjy Hiro Narita
muzyk Cliff Eidelman
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen William Shatner
Leonard Nimoy
DeForest Kelley
byrollen James Doohan
Nichelle Nichols
George Takei
Walter Koenig
Kim Cattrall
Christopher Plummer
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 6 desimber 1991
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $27 miljoen
opbringst $96,9 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Star Trek
● foarich diel Star Trek V: The Final Frontier
● folgjend diel Star Trek: Generations

Star Trek VI: The Undiscovered Country is in Amerikaanske science fiction-aventoerefilm út 1991 ûnder rezjy fan Nicholas Meyer, mei yn 'e haadrollen William Shatner, Leonard Nimoy en DeForest Kelley. De ûndertitel betsjut "It Unûntdutsen Lân", in sitaat út Hamlet fan Shakespeare, dat ferwiist nei de takomst. It ferhaal folget kaptein Kirk, Spock, dokter McCoy en de oare bemanningsleden fan it romteskip de USS Enterprise as se in fearnsjier foar harren pinsjonearring útstjoerd wurde yn tarieding op fredesûnderhannelings mei de Klingons, in bûtenierdsk ras dêr't se mear as fjirtich jier tsjin fochten hawwe. Star Trek VI: The Undiscovered Country wie de sechsde en lêste film yn 'e Star Trek-filmrige dy't basearre wie op 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Original Series, út 'e 1960-er jierren. De film krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As de USS Excelsior, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, dat ûnder lieding stiet fan kaptein Hikaru Sulu, nei in trijejierrige ûntdekkingsreis troch it hielal ûnderweis werom is nei de Ierde, wurdt it skip ûnferhoeds troffen troch in reuseftige skokweach. De Excelsior ûntdekt dat de weach feroarsake is troch de ûntploffing fan Praxis, in moanne fan 'e planeet Kronos, de thúswrâld fan 'e bûtenierdske Klingons, mei wa't de Federaasje al desennia lang yn oarloch is. De moanne blykt troch de ûntploffing fierhinne ferpulvere te wêzen.

Inkele moannen letter wurde kaptein James T. Kirk en de brêgebemanning fan 'e USS Enterprise, in fearnsjier foar harren pinsjonearring, by in yn it geheim beleine gearkomste roppen yn it haadkertier fan 'e Stjerrefloat yn San Francisco. Harren freon Spock, in Vulcaanske Stjerrefloatofsier, blykt beneamd te wêzen ta spesjale gesant fan 'e Federaasje yn it Klingon-Ryk. Hy leit de oare oanwêzigen út dat troch de ûntploffing fan Praxis, dy't feroarsake waard troch te folle mynbou en te min feilichheidsmaatregels, de ozonlaach fan Kronos oantaaste is. Der wurdt rûsd dat de soerstofatmosfear fan 'e planeet oer fyftich jier fuortlekt wêze sil. Troch de oerhege begrutting foar oarlochsútjeften kin de Klingon-ekonomy de kosten net drage, dy't de oanpak fan dy ekologyske ramp fergje sil. Fan gefolgen hawwe de Klingons gjin oare kar as om 'e Federaasje te fersykjen om fredesûnderhannelings te begjinnen.

Spock hat, ta ûntsteltenis fan Kirk, de bemanning fan 'e USS Enterprise oanmelden as frijwilligers om Gorkon, de kânselier fan 'e Hege Ried fan it Klingon-Ryk, te moetsjen en nei de Ierde ta te eskortearjen foar it begjin fan 'e ûnderhannelings. De riddenearring fan Spock, en ek fan 'e generale stêf fan 'e Stjerrefloat, dy't mei syn foarstel ynstimd hat, is dat de âlde izerfretters fan 'e USS Enterprise, nei mear as fjirtich jier tsjin 'e Klingons fochten te hawwen, har neat troch de Klingon-delegaasje op 'e mouwe spjeldzje litte sille. Kirk is it lykwols hielendal net mei de fredesplannen iens. Hy fynt ynstee dat no, no't de Klingons yn 'e lytse loege sitte, in moaie tiid is om in nij offinsyf te begjinnen om 'e oarloch einlings en te'n lêsten yn it foardiel fan 'e Federaasje te besljochtsjen. Hy hatet de Klingons, mei't er it harren net ferjaan kin dat ien fan harren syn soan David ombrocht hat (sjoch: Star Trek III: The Search for Spock). Sadwaande nimt er it Spock tige kwea-ôf dat dy him yn dizze saak behelle hat.

De USS Enterprise moetet de Klingon-slachkruser Kronos 1, dy't kânselier Gorkon ferfiert, by de neutrale sône tusken de Federaasje en it Klingon-Ryk. Kirk, dy't syn opdracht serieus nimt, ek al stiet dy him bot tsjin, nûget de kânselier út oan board fan 'e Enterprise foar in diner. Ta syn skrik nimt Gorkon it oanbod oan en lit him mei syn dochter Azetbur, syn stêfsjef generaal Chang en oare leden fan syn entoeraazje oerstrielje nei de Enterprise. Der folget in miel dat stiif stiet fan 'e spannings. Kirk en Chang toane iepentlik harren fijannigens. Boppedat stjonke de Klingons, hawwe se noch nea heard fan tafelmanearen en sitearje se oant op it ferfeelsume ôf út it wurk fan Shakespeare, dy't se as it iennichste bewûnderensweardige oan 'e minsklike kultuer beskôgje.

Nei't Gorkon en syn delegaasje harren wer ôfjûn hawwe nei harren eigen skip, wurde der twa fotontorpedo's op 'e Kronos 1 ôffjurre, dy't ôfkomstich lykje te wêzen fan 'e USS Enterprise. Troch de beide foltreffers wurdt de keunstmjittige swiertekrêft oan board fan it skip tydlik útskeakele, mei as gefolch dat alles en eltsenien begjint te sweven. Yn 'e gaos dy't dat feroarsaket, strielje twa figueren yn romtepakken fan 'e Stjerrefloat oer nei de Kronos 1, dy't har as iennichsten normaal fuortbewege kinne om't se magnetyske learzens drage. Se sjitte alle leden fan 'e Klingon-befeiliging dea dy't se tsjinkomme, en kringe troch yn 'e hut fan kânselier Gorkon, dy't se fataal ferwûnje. Neitiid strielje se harrensels wer fan it skip ôf. As generaal Chang de wapens fan 'e Kronos 1 oplaadt om as ferjilding foar dit ferrie fan 'e Federaasje de Enterprise oan te fallen, docht Kirk wat dat nimmen ferwachte hie: hy jout him oer.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid bejout Kirk him mei dokter Leonard McCoy nei de Kronos 1, dêr't McCoy syn bêst docht om it libben fan Gorkon te rêden. Syn krewearjen is lykwols om 'e nocht; de kânselier ferstjert nei't er Kirk op it hert drukt hat om "it sa net einigje te litten". Chang lit Kirk en McCoy arrestearje foar moard. De beide Stjerrefloatofsieren wurde nei Kronos brocht foar in showproses wêrby't se feroardiele wurdt ta libbenslange finzenisstraf mei twangarbeid yn 'e dilytiumminen fan 'e strafkoloanje op 'e beferzen asteroïde Rura Penthe. Gorkon wurdt as kânselier opfolge troch syn dochter Azetbur, dy't ynstimt mei nije fredesûnderhannelings mei de Federaasje, op betingst dat de Federaasje him dellizze sil by it fûnis fan Kirk en McCoy. Omreden fan befeiliging wurde de nije ûnderhannelings belein op in geheime, neutrale lokaasje.

Yn 'e minen fan Rura Penthe reitsje Kirk en McCoy befreone mei Martia, in bûtenierdsk wêzen dat it fermogen ta stalferwikseling besit. Dy fertelt harren dat se in manear wit om út 'e minen te ûntkommen nei in plak dat net ôfdutsen wurdt troch it anty-teleportaasjeskyld. Se hat lykwols ferlet fan 'e help fan Kirk en McCoy om dêrnei fan 'e asteroïde ôf te kommen. Nei harren ûntsnapping út 'e minen docht lykwols bliken dat it in falstrik foar de beide Stjerrefloatofsieren is. Op in ôfhandich plak op 'e gletsjers dy't Rura Penthe oerdekke, wurde se opwachte troch de sipiers, dy't opdracht krigen hawwe om harren om te bringen op sa'n manear dat it liket as binne Kirk en McCoy deasketten wylst se besochten te ûntsnappen. Ear't dat syn beslach krije kin, wurde se lykwols opstriele troch de USS Enterprise, dy't ûnder befel fan Spock yn 'e buert fan Rura Penthe omhingjen bleaun wie, tsjin 'e direkte befellen fan 'e Stjerrefloatlieding yn.

Underwilens hat Spock útriddenearre wat der wier bard wêze moat, de jûns fan 'e moardoanslach op Gorkon. It liek as waarden de fototorpedo's dy't it skip fan 'e kânselier rekken, ôfsketten troch de USS Enterprise. It kompjûtersysteem fan 'e Enterprise befêstiget dat der twa torpedo's út it arsenaal misse. Mar masinist Montgomery Scott hat mei in fisuele telling fêststeld dat alle torpedo's fan 'e Enterprise noch oan board binne. Neffens Spock kin dat inkeld betsjutte dat de Kronos 1 besketten is troch in oare romteskip, dat flak ûnder de Enterprise yn 'e romte hong. Om't de bemanning fan 'e Kronos 1 it net opmurken hat, moat it in skip west hawwe mei kamûflaazjeskylden, sa't de Klingons dy hawwe. Klingon-skippen kinne yn kamûflearre steat gjin wapens brûke, mar dit skip kin dat blykber wol. It feit dat der mei it kompjûtersysteem fan 'e Enterprise omknoeid is, bewiist lykwols dat der ek leden fan 'e bemanning gearspanne moatte mei de Klingons. Oan board fan 'e Enterprise hat Spock in syktocht yn gong set nei de magnetyske learzens fan 'e moardners fan Gorkon, dy't úteinlik yndie weromfûn wurde. De beide bemanningsleden dy't ferantwurdlik foar de moard wiene, wurde lykwols sels fermoarde oantroffen.

De slûchslimme Kirk lit dejinge dy't efter de moarden sit, deryn rinne troch oer de lûdsprekker in griffier nei de sikeboech te roppen om 'e tsjûgeferklearrings fan 'e beide fermoarde bemanningsleden op te nimmen. Dêrmei wurdt ymplisearre dat se it besykjen om harren út 'e wei te romjen, oerlibbe hawwe. Dy nachts kringt harren moardner de sikeboech yn om foargoed mei harren ôf te weven, mar wurdt dêr opwachte troch Kirk, Spock en McCoy. It blykt Spock syn beskermelinge te wêzen, de Vulcaanske luitenant Valeris. Om 'e identiteit fan har meistanners te ûntdekken forsearret Spock in Vulcaanske ferstânsferraning mei har, en sa ûntbleatsje Kirk-en-dy in gearspanning besteande út 'e oarlochspartij yn it Klingon-Ryk, ûnder oanfiering fan generaal Chang, mei de oarlochspartij binnen de Stjerrefloat, ûnder lieding fan admiraal Cartwright, dêr't ek de Romulaanske ambassadeur by belutsen is, mei't it Romulaanske Stjerreryk der alhiel gjin belang by hat dat de Federaasje en it Klingon-Ryk frede slute soene. It skip dat de torpedo's ôffjurre, wie yndie in Klingon-skip dat fuort ûnder de Enterprise hong, en dat in nij prototype wie dat sjitte koe sûnder syn kamûflaazjeskylden sakje te litten.

Kirk nimt kontakt op mei syn eardere bemanningslid Sulu, dy't no kaptein fan 'e USS Excelsior is. Sulu bringt út dat de geheime lokaasje fan 'e fredesbesprekkings Kamp Khitomer is, oan 'e grins fan 'e Romulaanske neutrale sône. Sawol de Enterprise as de Excelsior sette dêr mei tûzen hasten hinne, mei't de gearspanners sûnder mis fannijs besykje sille om frede ûnmooglik te meitsjen. As de USS Enterprise by de planeet arrivearret dêr't de ûnderhannelings holden wurde, komt it skip ûnder oanfal fan it kamûflearre oarlochsskip fan generaal Chang. Kirk-en-dy kinne de posysje fan it fijannige skip net fêststelle, wat betsjut dat Chang de Enterprise straffeleas besjitte kin sûnder sels gefaar te rinnen. As úteinlik de USS Excelsior arrivearret, falt Chang ek dat skip oan, wat de druk op 'e Enterprise wat ferlichtet. Op in suggestje fan luitenant Uhura passe Spock en McCoy in fotontorpedo oan troch tafoeging fan ûndersyksapparatuer nei gasreuzen, mei't it Klingon-skip sels yn kamûflearre steat beskate útlaatgassen útstjitte moat. As de torpedo ôfsketten wurdt, swalket er hinne en wer as in dronkeman, mar giet dan rjocht op it skip fan Chang ôf om in foltreffer te wurden. No't se de lokaasje fan 'e fijân witte, iepenje de Enterprise en de Excelsior it fjoer en ferneatigje it Klingon-skip.

Neitiid strielje bemanningsleden fan beide skippen harrensels omleech nei de fredeskonferinsje op it oerflak fan 'e planeet, dêr't Kirk it libben fan 'e presidint fan 'e Federaasje rêdt fan in Klingon-skerpskutter, dy't letter deasketten wurdt troch Scott. Admiraal Cartwright, de Romulaanske ambassadeur Nanclus en ferskate Klingon- en Stjerrefloatofsieren wurde yn 'e hechten nommen. Kirk hâldt in ympulsive taspraak, dêr't er yn pleitet foar frede. Hy en kânselier Azetbur fermoedsoenje harren mei-inoar. De fredesûnderhannelings geane troch en de USS Enterprise kriget befel om werom te kearen nei de Ierde, dêr't it skip út 'e feart helle en de bemanning mei pinsjoen stjoerd wurde sil. Kirk en de bemanning beslute lykwols dat der neat is dat harren driuwt, dat se beslute in omwei nei hûs te nimmen. As de Enterprise op "de twadde stjer fan rjochts" tagiet, ferklearret Kirk yn in voice-over dat dit de lêste reis fan 'e Enterprise ûnder syn befel wêze mei, mar dat der oaren binne dy't harren reizen fuortsette sille.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein James T. Kirk William Shatner
Spock Leonard Nimoy
dokter Leonard McCoy DeForest Kelley


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Montgomery Scott James Doohan
luitenant Uhura Nichelle Nichols
Hikaru Sulu George Takei
Pavel Chekov Walter Koenig
luitenant Valeris Kim Cattrall
generaal Chang Christopher Plummer
kânselier Gorkon David Warner
Azetbur Rosanna DeSoto
Martia Iman
admiraal Cartwright Brock Peters
ambassadeur Sarek Mark Lenard
Klingon-ambassadeur John Schuck
Romulaanske ambassadeur Nanclus Darryl Henriques
presidint fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten Kurtwood Smith
slûpmoardner René Auberjonois
kolonel Worf Michael Dorn
Janice Rand Grace Lee Whitney

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foargeande film, Star Trek V: The Final Frontier, hie minne resinsjes fan 'e filmkritisy krigen en boppedat teloarstellend prestearre yn 'e bioskopen. In ferfolch moast dat mislearjen goedmeitsje en teffens op 'e tiid klear wêze foar 1991, it jier dat it 25 jier lyn wie dat Star Trek: The Original Series foar it earst yn 'e Feriene Steaten op 'e tillefyzje kaam. De sechsde film yn 'e Star Trek-searje soe oarspronklik in prequel mei de titel The Academy Years wurde moatten hawwe, wêryn't jongere akteurs de (lettere) bemanning fan 'e USS Enterprise spylje soene doe't se noch op 'e militêre akademy fan 'e Stjerrefloat sieten. Dat idee waard lykwols nei de foddekoer ferwiisd omreden fan negative reäksjes fan 'e oarspronklike cast en fan 'e fans. Frank Mancuso sr., de algemien direkteur fan Paramount Pictures, liet neitiid produsint Harve Bennett, út waans koker it plan kommen wie, ûntslaan.

Ferskate oare ideeën pasearren dêrnei de revu. Sa skreau akteur Walter Koenig (dy't de rol fan Pavel Chekov spile), de kladferzje fan in senario mei as wurktitel In Flanders Fields, wêryn't úteinlik de hiele bemanning fan 'e Enterprise útsein Spock en McCoy omkaam. Dat wie lykwols in fierstente ekstreme ein foar de studio en de fans. Leonard Nimoy (dy't de rol fan Spock spile), Mark Rosenthal en Lawrence Konner suggerearren in film wêryn't kaptein Kirk syn opfolger fan hûndert jier letter kaptein Jean-Luc Picard (út 'e tillefyzjesearje Star Trek: The Next Generation) treffe soe, mar de produsinten fan dy searje fielden dêr neat foar. Nei't Nicholas Meyer, dy't earder it súksesfolle Star Trek II: The Wrath of Khan makke hie, as senarioskriuwer foar it nije projekt oannommen wie, hie men eins noch gjin idee wêr't de sechsde film oer gean soe.

It wie Leonard Nimoy dy't úteinlik, ynspiraasje puttend út 'e aktualiteit, foarstelde om 'e ein fan 'e Kâlde Oarloch oer te pleatsen nei it hielal fan Star Trek. Dat soe betsjutte dat der frede komme moast tusken de Feriene Federaasje fan Planeten, in soarte fan Feriene Steaten fan 'e takomst, mei't de Klingons, dy't eins altyd al symboal stien hiene foar de Sovjet-Uny. Sadree't Nimoy dat idee oppenearre hie, wie Meyer entûsjast en wist er dat er de film begjinne woe mei "in ynterstellêr Tsjernobyl". Op dat stuit wie noch hielendal net dúdlik wa't de film regissearje soe, en it wie Meyer syn frou dy't de earste wie om him oan te trúnjen om it senario dat er tegearre mei Denny Martin Flinn skreau, sels te ferfilmjen. De lieding oer it projekt hiene produsinten Ralph Winter en Steven-Charles Jaffe fan Paramount. Nimoy krige njonken syn rol ek de funksje fan útfierend produsint taparte. Der wie in budget fan $27 miljoen beskikber foar Star Trek VI: The Undiscovered Country.

Opnamen en postproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar de film fûnen plak fan april oant septimber 1991. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Hiro Narita. Fanwegen in gebrek oan studioromte op it terrein fan Paramount waarden in grut tal sênes hjir en dêr ferspraat oer Hollywood opnommen wêr't ek mar romte beskikber wie. Produsint Jaffe late in twadde opname-ienheid nei in gletsjer beëasten Anchorage yn Alaska om 'e sênes op Rura Penthe op te nimmen. De filmmuzyk fan Cliff Eidelman wie mei opsetsin somberder as dy fan 'e eardere Star Trek-films.

Oare foarfallen ûnder de produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Amerikaanske tydskrift Cinefantastique makke it nijs buorkundich dat Kim Cattrall, de aktrise dy't de rol fan 'e Vulcaanske luitenant Valeris spile, ûnder de opnamen op in fierders lege filmset fan 'e brêge fan 'e USS Enterprise, dielnommen hie oan in fotoreportaazje wêrby't se neat oars oan hân hie as har Vulcaanske puntearen. Neffens it ferhaal soe Leonard Nimoy, doe't er dêr efter kaam, persoanlik alle resultearjende foto's yn beslach nommen en oan snipels skuord hawwe, mei't er bang wie foar de skea oan 'e Star Trek-franchise as sokke bylden ea nei bûten kamen.

Star Trek-betinker Gene Roddenberry ferstoar yn it neijier fan 1991, koart foar de premiêre fan Star Trek VI: The Undiscovered Country, en inkele dagen nei't er de film yn besletten fermidden sjoen hie.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Star Trek VI: The Undiscovered Country waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 6 desimber 1991 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn juny 1992 kaam de film út as VHS-keapfideo. De earste dvd-ferzje waard yn 1999 útbrocht, en de earste blu-rayferzje yn maaie 2009. Yn 2004 ferskynde ek in spesjale dvd-edysje, mei in director's cut fan 'e film, dêr't Meyer inkele lytse feroarings yn oanbrocht hie.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek VI: The Undiscovered Country krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, wêrby't de measte lof útgie nei it lichthertich aktearjen fan 'e cast en de mylde humor yn 'e film. Neffens Janet Maslin fan The New York Times kaam in grut diel fan 'e 'kleur' fan Star Trek VI: The Undiscovered Country fan 'e dialooch, "dy't soms fermaaklik blomryk út 'e hoeke komme kin." Yn it tydskrift Variety skreau Brian Lowry lykwols dat regisseur Nicholas Meyer safolle oandacht oan 'e teksten fan 'e akteurs bestege, dat it de spanning yn 'e film negatyf beynfloede. Dat wie in punt fan krityk dat ek John Hartl fan 'e Seattle Times neamde.

Yn 'e krante USA Today skreau Susan Wloszczyna lykwols dat Meyer neffens har yn "dizze lêste misje frijwol alles goed [docht], fan it knikje yn 'e rjochting nei betinker Gene Roddenberry silger, oant de inside jokes oer Kirk syn reputaasje as in magneet foar kreaze bûtenierdske froulju." Rob Salem fan 'e Toronto Star fûn, lykas in protte oare resinsinten, dat de fêste cast fan Star Trek eins te âld wie foar harren rollen, sadat de sênes dy't se spilen der út en troch wat nuver útseagen. Hy heakke dêroan ta dat se dat neidiel ta in foardiel makke hiene: "neigeraden dat harren fermogen foar aksje belune is, binne harren komyske talinten ta bloei kommen […] se binne allegear masters wurden fan selsspottende selsparody."

De allegory fan 'e Kâlde Oarloch en it detektiveferhaal fan 'e syktocht nei de dieders fan 'e oanslach wiene aspekten fan 'e film dy't troch guon resinsinten better wurdearre waarden as troch oaren. Mary Boson fan 'e Sydney Morning Herald beskôge de ferwizings nei de aktualiteit as "moai fan pas kommend", en priizge de plot fan Star Trek VI: The Undiscovered Country foar it ferkennen fan 'e reäksjes op 'e komst fan frede by dejingen dy't harrensels ynvestearre hawwe yn in bestean fan oarlochfiering. David Sterritt fan The Christian Science Monitor fûn lykwols dat it ferhaal him geandewei de film by it yntrigearjende Kâlde-Oarlochsútgongspunt wei beweegde, mei ûnbefredigjende resultaten. Yn The Washington Times murk Gary Arnold op dat de sydferhaalline oer Rura Penthe "in skildereftige ôflieding [bea] sûnder in bydrage fan betsjutting te leverjen oan 'e krisis omtrint it moardmystearje."

De special effects yn 'e film rôpen ek ferskillende reäksjes op. Wloszczyna fan USA Today neamde se "net mear as adekwaat", hoewol't se de sêne mei de oanslach op kânselier Gorkon omskreau as "betsjoenend", mei "foksiakleurich bloed dat fuortpuozzet yn dalí-eske klodders." Yn The Washington Post skreau Desson Howe dat it "ferpuozze Klingon-bloed troch de lucht sweeft yn grizelich moaie pearzige boltsjes; it is Sam Peckinpah út 'e romtefearttiid."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Trek VI: The Undiscovered Country in heech goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 48 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] foarmet in sterk sinematysk ôfsie fan 'e oarspronklike Star Trek-bemanning, mei in stikmannich opmerklike fisuele effekten en in yntrigearjende, troch karakterûntwikkeling oandreaune detektiveplot." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Star Trek VI: The Undiscovered Country in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 18 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek VI: The Undiscovered Country brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $74,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $22,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $96,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $27 miljoen betsjut dat in winst fan $69 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Star Trek VI: The Undiscovered Country wie ien fan 'e grutte filmsúksessen fan 1991, in jier dat op it mêd fan film oer it algemien karakterisearre waard troch kommersjele teloarstellingen. De ferboeking fan 'e film, skreaun troch J.M. Dillard, wie ek súksesfol en berikte de bestsellerlist foar paperbacks fan Publishers Weekly.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 waard Star Trek VI: The Undiscovered Country nominearre foar twa Oscars, yn 'e kategoryen bêste fisazjy en bêste lûdseffekten. It wie fierders de iennichste Star Trek-film ea dy't de Saturn Award foar bêste science fiction-film wûn.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (20??–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)