Kim Cattrall

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer akteur.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Kim Cattrall

Kim Victoria Cattrall (Liverpool, 21 augustus 1956) is in yn 'e Feriene Steaten wenjend en wurkjend Kanadeesk aktrise en skriuwster fan Ingelsk komôf.

Catrall waard wrâldferneamd yn de jierren 1980 mei films sa as Porky's, Police Academy en Mannequin. Yn de jierren 1990-1999 gie it net sa bêst mei har karriêre, mar doe't hja yn 1998 de rol fan Samantha Jones yn de rige Sex and the City krige, makke har karriêre wer opgong.

Neidat Sex and the City tige slagge wie, skreau hja in boek oer it klear kommen by froulju. Dit boek Satisfaction of the female orgasm, waard yn Amearika in bestseller. Yn 2005 waard in nij boek fan har útbrocht, Sexual Intelligence. Dit boek giet oer it ûntstean fan seks, en hoe't it in taboe wurden is.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Satisfaction of the female orgasm
  • Sexual Intelligence
  • Being a Girl: Navigating the Ups and Downs of Teen Life
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kim Cattrall fan Wikimedia Commons.