Police Academy (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Police Academy
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Police academy movie logo.svg
makkers
regisseur Hugh Wilson
produsint Paul Maslansky
senario Neal Israel
Pat Proft
Hugh Wilson
kamerarezjy Michael D. Margulies
muzyk Robert Folk
filmstudio The Ladd Company
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Steve Guttenberg
George Gaynes
G.W. Bailey
byrollen Kim Cattrall
Bubba Smith
Michael Winslow
Leslie Easterbrook
Brant Von Hoffman
Scott Thomson
David Graf
Marion Ramsey
Donovan Scott
Andrew Rubin
Bruce Mahler
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 23 maart 1984
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $4,5 miljoen
opbringst $149,8 miljoen
filmsearje
filmsearje Police Academy
● folgjend diel Police Academy 2: Their
   First Assignment

Police Academy is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1984 ûnder rezjy fan Hugh Wilson, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenberg, George Gaynes en G.W. Bailey. De titel betsjut "Plysjeskoalle". It ferhaal giet oer in plysjeskoalle yn in fierders net by namme neamde Amerikaanske stêd, dêr't omreden fan in tekoart oan mankrêft by it pleatslike plysjekorps in nij belied ynfierd wurdt: eltsenien mei de oplieding folgje om plysje te wurden. Dat liedt ta in nije lichting rekruten dêr't frijwat eksintrike figueren tusken sitte. Police Academy krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. Op basis dêrfan ûntstie neitiid de mediafranchise Police Academy. It direkte ferfolch op 'e earste film wie Police Academy 2: Their First Assignment, út 1985.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omreden fan in ôfgryslik tekoart oan plysjeminsken fiert Mary Sue Beal, de boargemaster fan in fierder net by namme neamde stêd yn 'e Feriene Steaten, in nij belied yn: fan no ôf oan moat it pleatslike plysjekorps alle rekruten oannimme dy't troch de training fan 24 wiken oan 'e plysjeskoalle komme.

Underwilens is Carey Mahoney, in grapmakker dy't it net sa nau nimt mei de regels, al ferskate kearen yn oanrekking mei de plysje kommen. Oant no ta is er eltse kear út 'e selsoandiene swierrichheden holpen troch haadynspekteur Reed, in goekunde fan Mahoney syn heit silger. Hy is no wurknimmer by in parkearservice, en yn dy hoedanichheid rekket er deilis mei in ûnfatsoenlike klant dy't him útskelt as er nee ferkeapje moat om't der gjin romte mear is op it parkearterrein. Dêrop parkearret er de auto fan 'e man op 'e side tusken twa oare auto's yn. Nei oanlieding fan dat ynsidint moat Mahoney wer nei it plysjeburo, dêr't Reed him fertelt dat er him diskear net helpe sil, om't er sa oan 'e gong bliuwt. Ynstee leit er Mahoney in kar foar: òf hy draait foar in pear moannen de bak yn, of hy meldt him oan as rekrút by de plysjeskoalle. As se Mahoney dêrwei nei hûs stjoere, is er derfan ôf. Mar as er sels by de oplieding weirint, moat er dochs noch syn selstraf útsitte.

Dat, Mahoney meldt him oan by de plysjeskoalle, en hy nimt Larvell Jones mei, in oare arrestant dy't er op it plysjeburo troffen hat. Jones kin elts lûd dat er heart op oertsjûgjende wize imitearje, in fermogen dêr't er himsels knap yrritant mei meitsje kin. Op 'e plysjeskoalle blykt de nije lichting plysjeminsken smoarfol mei eksintrike figueren te sitten. Mahoney en Jones moetsje dêr: George Martín, in Latino-rokkejager dy't it oanleit mei eltse frou; Laverne Hooks, in tige lyts frommeske mei in heech flústerstimke dat alles oer har kant gean lit; Eugene Tackleberry, in troch fjoerwapens obsedearre befeiligingsman; Leslie Barbara, in obees (manlik) slachtoffer fan narjen; Douglas Fackler, in knoffelige kantoarwurker; Moses Hightower, in reuseftige blommist; en Karen Thompson, in tsjeppe rikeljusdochter dy't har ferfeelt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De pleatslike plysjekommissaris Henry J. Hurst hat gjin goed wurd oer foar it nije belied fan 'e boargemaster. Hy wol in plysjekorps hawwe mei minsken dy't geskikt binne foar it wurk, en dat betsjut yn syn optyk dat se allegear in penis hawwe moatte en boppedat de juste hûdskleur (blank). De boargemaster hat him lykwols ferbean om lju dy't er ûngeskikt achtet, te wegerjen. Dêrom jout er de ûnnoazele, mar goedmienende kommandant Eric Lassard, dy't oan it haad fan 'e plysjeskoalle stiet, de opdracht om ûngeskikte rekruten by de oplieding sà hurd oan te pakken dat se út harsels opstappe. Lassard seit dat er it begrepen hat, mar hy is fan doel om 'e nije rekruten in earlike kâns te jaan. Syn ûnderbefelhawwer lykwols, de ambisjeuze en efterbakse ynspekteur Harris, sjocht hjiryn in kâns om by de kommissaris yn in goed boekje te kommen en is dêrom wisberet om it plan ta útfier te bringen. Hy beneamt twa fan 'e nije rekruten, de rasistyske sjerpstrikers Kyle Blankes en Chad Copeland, ta foaroanlju fan 'e kadetten, nei't dy him har help tasein hawwe.

Fan it begjin ôf oan besiket Mahoney om fan 'e plysjeskoalle fuortstjoerd te wurden, mar al rillegau fertelt Lassard him dat er mei Reed in ôfspraak makke hat dat Mahoney wol sels fuortgean mei, mar dat Lassard him net fuortstjoere kin. Dat is persiis it tsjinstelde fan wat Reed mei Mahoney sels ôfpraat hat. As er net sels fuortgean kin, en ek net fuortstjoerd wurde kin, betsjut dat dat er de folle 24 wiken fan 'e plysje-oplieding trochrinne moat, sa beseft Mahoney ta syn ôfgriis. Want de training is in stik swierder as de rekruten ferwachte hiene. Harris hâldt dêr persoanlik taferjoch op, hoewol't de praktyske lieding berêst by de bikkelhurde brigadier Debbie Callahan (Leslie Easterbrook), dy't der lykwols útsjocht as in Playboy-model. Mahoney syn grappen, dêr't benammen Harris it doelwyt fan is, bringe him oanhâldend yn 'e swierrichheden. Underwilens rekket er fereale op syn mei-kadet Karen Thompson.

As de rekruten in wykein mei ferlof meie, is Harris derfan oertsjûge dat se byinoar komme sille foar in feest. Hy jout Blankes en Copeland opdracht om te ûntdekken wêr't dat feest is en te rapportearjen oer wat dêr bart dat it deiljocht net ferdrage kin. It duo set de bangige Leslie Barbara, dy't yn it wykein inkeld syn âldelju besykje wol, ûnder druk om út te sykjen wêr't it feest is. Barbara befreget Mahoney dêroer, dy't daliks troch hat wat der oan 'e hân is, en antwurdet dat it feest yn 'e Blue Oyster Bar holden wurde sil. Dat Blankes en Copeland sette dêrhinne, mar de kroech blykt in gaybar te wêzen, dêr't se troch de oanwêzige yn lear klaaide homo's twongen wurde ta in lange jûn fan styldûnsjen. Underwilens fynt it echte feest op it strân plak, dêr't Martín syn freondinnen topless omdûnsje en Mahoney en Thompson de privacy fan 'e dunen opsykje om te tútsjen.

Neitiid wolle Blankes en Copeland wraak nimme op Barbara troch, krekt as der in ynspeksje op kommendeweis is, in prostituee nei syn keamer te bringen. Barbara ropt de help yn fan Mahoney, dy't it frommeske fan 'e kampus besiket te smokkeljen. Yn in gearkomsteseal rekket er lykwols ynsletten troch kommandant Lassard, dy't in rûnlieding fersoarget foar in stikmannich bûtenlânske plysjeskoallekommandanten. Mahoney en de prostituee ferskûlje har yn it sprekstuolte, en as Lassard dêr efter stean giet om in diafoarstelling oer syn plysjeskoalle te jaan, bedriuwt de prostituee fellatio mei him foar't Mahoney har tsjinhâlde kin. Nei't de groep plysjeminsken de seal ferlitten hat, komt Mahoney as earste ûnder it sprekstuolte wei, mar treft Lassard noch by de doar. Dy ferkeart sadwaande ûnder de yndruk dat Mahoney him orale seks jûn hat.

De nachts foar it eksamen foar riden yn in plysje-auto freget Hightower Mahoney om help om't er net autoride kin. Dat Mahoney giet der mei him op út en leart it him yn ien nacht. De oare deis slagget Hightower mei flagge en wimpel foar it eksamen. Laverne Hooks riidt lykwols as in âldwyfke, en as se de plysje-auto wer by ynspekteur Harris ôfleveret, riidt se oer de teannen fan Copeland hinne, dy't al klear stie om 'e auto fan har oer te nimmen. Dat is foar Copeland reden om 'e swarte Hooks in pear rasistyske skelwurden ta te foegen. Hightower, dy't sels ek negroïde is, nimt dat net en smyt de plysje-auto mei Copeland deryn oer kop. Foar Harris is dat reden om Hightower út 'e oplieding te setten en nei hûs te stjoeren, ta argewaasje fan 'e oare rekruten.

Neitiid treffe Blankes en Copeland de eigen auto fan Copeland, dy't Mahoney 'liend' hie foar syn autoriidles mei Hightower, alhiel total loss oan. Letter besykje de beide mannen yn 'e kantine slaanderij mei Mahoney út te lokjen, mar dy hapt net ta. Ynstee is it Leslie Barbara dy't foar Mahoney opkomt troch Copeland mei in tsjinblêd del te huffen. Dêrnei brekt in algemiene fjochtpartij út. As Harris letter witte wol wa't it gefjocht begûn is, nimt Mahoney de skuld op him sadat Barbara net nei hûs stjoerd wurdt. Harris wit dan Lassard te bepraten om werom te kommen op syn ôfspraak mei Reed en Mahoney dochs fuort te stjoeren. Dy soe dêr eins bliid mei wêze moatte, mar ynstee wol er no sa njonkelytsen de oplieding wol ôfmeitsje, en stiet it him tsjin om fuort te moatten.

Underwilens is de knoffelige Fackler op patrûlje mei in echte plysjeman. As er in apel út harren plysje-auto smyt, dêr't er in fjochtersbaas mei op 'e plasse rekket (sûnder dat er it sels troch hat), liedt dat ta in keatlingreäksje fan geweld. De boel eskalearret fluch ta in algemiene opskuor yn 'e earmere wiken fan 'e stêd, dy't mank giet mei plonderings en mishannelings. Om't de plysje te min mankrêft hat om 'e rebûlje de kop yn te drukken, wurde de kadetten fan 'e plysjeskoalle optromme om te helpen. Mahoney, dy't op it punt stiet om nei hûs, beslút syn unifoarm wer oan te dwaan en temûk mei te glûpen. Troch in fersin fan Lassard wurde de kadetten ôfset yn it sintrum fan 'e opskuor (ynstee fan oan 'e râne), dêr't se allegear al rillegau troch de relskoppers efterfolge wurde.

Barbara komt de binde tsjin dy't him altyd narre hat en slacht se, mei de nije feardichheden dy't er fan Callahan leard hat, hielendal yninoar. Blankes en Copeland wurdt de pistoalen ûntstellen troch in lieder fan 'e kriminelen. Se naaie út en sykje beskûl yn in gebou, dat de Blue Oyster Bar blykt te wêzen. Sadree't se binnen komme, wurdt, ta harren ôfgriis, de dûnsmuzyk wer oanset. De krimineel mei de pistoalen nimt Harris yn gizeling, skuort him mei nei it plak dak fan in flatgebou en besjit dêrwei mei syn bútmakke wapens Thompson, dy't dekking siket efter in kiste. Mahoney klimt nei de top fan it gebou en besiket Harris en fral Thompson te rêden, mar wurdt ek yn gizeling nommen. Dêrop ferskynt Hightower op it toaniel, dy't beart dat er sjen wol hoe't de krimineel de beide plysjes deasjit. As er ticht genôch by is, slacht er de keardel by de treppens del en jout syn pistoalen werom oan Harris. Underoan 'e treppen wurdt de gizelnimmer opwachte troch Hooks, dy't him mei kleare stim hjit om him oer te jaan of oars sjit se syn kop derôf.

Nei't de opskuor delbêde is, wurde Mahoney en Hightower allebeide wer oannommen troch de plysjeskoalle. By de diploma-útrikking krije se boppedat beiden in spesjale medalje opspjelde troch Lassard, foar harren moed en fernimstigens. Dêrnei moatte se elts in wurdsje sizze. Hightower fettet dat letterlik op en seit inkeld: "Tankewol." As Mahoney efter it sprekstuolte stean giet, begjint er mei in hiele omhaal fan wurden, mar falt dan ynienen stil as er merkt dat syn gulp iepenmakke wurdt. As er omleech sjocht, ûntdekt er dat deselde prostituee wer yn it sprekstuolte ferskûle sit. In blik fansiden lit in minlik glimkjende Lassard sjen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
kadet Carey Mahoney Steve Guttenberg
kommandant Eric Lassard George Gaynes
ynspekteur Thaddeus Harris G.W. Bailey


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kadet Karen Thompson Kim Cattrall
kadet Moses Hightower Bubba Smith
kadet Larvell Jones Michael Winslow
brigadier Debbie Callahan Leslie Easterbrook
kadet Kyle Blankes Brant Von Hoffman
kadet Chad Copeland Scott Thomson
kadet Eugene Tackleberry David Graf
kadet Laverne Hooks Marion Ramsey
kadet Leslie Barbara Donovan Scott
kadet George Martín Andrew Rubin
kadet Douglas Fackler Bruce Mahler
kommissaris Henry J. Hurst George R. Robertson
Violet Fackler Debralee Scott
haadynspekteur Reed Ted Ross
prostituee Georgina Spelvin
gizelnimmer Doug Lennox
tûpetdragende klant Don Lake
liedingjaande op kantoar Michael J. Reynolds
ferkeaper op trottoir Gary Farmer
narjende frachtweinsjauffeur John Hawkes
frou op ferrassingsfeest Kay Hawtrey

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It idee foar Police Academy kaam fan filmprodusint Paul Maslansky. Doe dy yn San Francisco de film The Right Stuff (1983) oan it filmjen wie, seach er dêr, nei eigen sizzen, "in bespotlik útsjende groep plysjekadetten" foarby kommen, dy't "útfoetere waard troch in frustrearre brigadier. It wie in groep dy't je sjen moasten om it te leauwen, wêrûnder in frommes dat wol 120 kg weagje moast en in grouwe keardel fan fier boppe de fyftich. Ik frege de brigadier hoe en wat, en dy lei út dat de boargemaster it plysjekorps opdracht jûn hie om in breed skala [rekruten] oan 'e plysjeskoalle te akseptearjen. 'We moatte se wol oannimme,' [… seid er …], 'en it iennichste dat wy dwaan kinne is se der [by de training] wer út te suverjen.' " Maslansky frege him doe ôf hoe't it wêze soe as de hiele kloft de training trochstean en plysje wurde soe.

Hy gie mei dat idee nei Alan Ladd jr. fan 'e filmstudio The Ladd Company, dy't der wol brea yn seach. Foar de film Police Academy wie in budget beskikber fan $4,5 miljoen. Neal Israel en Pat Proft waarden ynset om it senario te skriuwen, wylst Hugh Wilson oannommen waard as regisseur op basis fan syn súkses mei de komeedzjesearje WKRP in Cincinnati, hoewol't er noch nea in film makke hie. Der ûntstie al rillegau in mieningsferskil tusken Maslansky en Wilson oer de toan fan 'e film. Maslansky woe der mear neakenens en gross-outgrappen yn hawwe, wat Wilson betitele as "fulgariteit". Hy woe him ynstee mear talizze op komeedzje. Wilson frege om, en krige, tastimming om it senario nei eigen ynsjoch oan te passen, mar Maslansky en Ladd joegen him in list fan dingen dy't se der beslist yn hâlde woene, lykas de dûssêne, it strânfeest mei topless froulju en de fellatiosêne. Wilson besocht dy doe, nei eigen wurden "sa artistyk mooglik" te meitsjen.

It eardere psychiatrysk sikehûs Lakeshore yn Toronto, dat yn diel 1, 3 en 4 fan 'e Police Academy-filmsearje trochgie foar de plysjeskoalle. Tsjinwurdich ûnderdiel fan it Humber Kolleezje.

Opnamen en postproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael D. Margulies, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn it Kanadeeske Toronto. De plysjeskoalle wie in op dat stuit leechsteand gebou yn 'e wyk Etobicoke, der't earder it Psychiatrysk Sikehûs Lakeshore fêstige west hie en dat letter de Lakeshore-kampus fan it Humber Kolleezje wurde soe.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Police Academy waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 23 maart 1984 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Noch datselde jiers kaam Police Academy út as VHS-keapfideo. De earste dvd-edysje waard yn 2004 útbrocht, en de earste blu-ray-edysje yn 2013.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Police Academy mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times moast neat fan 'e film hawwe, en joech him 0 fan 4 stjerren. Yn The New York Times skreau Vincent Canby: "De film batst fan 'e iene skandalige sêne nei de oare mei de feart fan in frachttrein." Rita Kemply omskreau Police Academy yn The Washington Post as "in unifoarm grappige hit, dy't sûnder mis lang yn 'e bioskopen draaie sil."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Police Academy in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 29 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is rou, kru en grutsk dat er studintikoas is – en dat is òf in feroardieling, òf in glânzgjende oanrikkemandearring, ôfhinklik fan jins smaak op it mêd fan komeedzjefilms." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Police Academy in goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 6 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $81,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $68,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $149,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $4,5 miljoen betsjut dat in winst fan $144,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Police Academy in reuseftich kommersjeel súkses en de op fiif nei meast opbringende film fan 1984, nei Beverly Hills Cop, Ghostbusters, Indiana Jones and the Temple of Doom, Gremlins en The Karate Kid.

Ferfolchfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan Police Academy late ta it meitsjen fan yn totaal seis ferfolchfilms en twa spin-off-tillefyzjesearjes, dy't mei-inoar de Police Academy-franchise foarmje. It direkte ferfolch op Police Academy wie Police Academy 2: Their First Assignment, út 1985.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)