Bubba Smith
Bubba Smith | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Charles Aaron Smith | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 28 febrewaris 1945 | |
berteplak | Orange (Teksas) | |
stoarn | 3 augustus 2011 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1978 – 2011 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Bubba Smith (wiere namme: Charles Aaron Smith; Orange (Teksas), 28 febrewaris 1945 – Los Angeles, 3 augustus 2011) wie in Amerikaansk sporter en akteur fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy waard yn syn heitelân yn syn studintejierren bekend as Amerikaansk fuotbalspiler, en spile letter as profesjoneel sportman foar ferskate foaroansteande Amerikaansk fuotbaltiims. Nei't er syn sportkarriêre beëinige hie, boude er in twadde libben op as akteur, wêrby't er benammen (en ek om utens) bekend waard yn 'e rol fan plysjeman Moses Hightower yn 'e earste seis Police Academy-films.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Smith waard yn 1945 berne yn it plak Orange, yn 'e steat Teksas, as de soan fan Amerikaansk fuotbaltrener Willie Ray Smith sr. en dy syn frou Georgia Oreatha Curl. Hy groeide op yn 'e stêd Beaumont, net fier fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko. Op 'e middelbere skoalle, oan 'e Charlton-Pollard High School yn Beaumont, kaam er yn it Amerikaansk fuotbaltiim fan syn heit te spyljen. Smith ûntjoech him neitiid ta ien fan 'e bêste middelbere-skoalspilers fan Amerikaansk fuotbal dy't Teksas ea fuortbrocht hat.
Sportkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er slagge wie foar syn middelbere-skoaldiploma, liet Smith him ynskriuwe oan 'e Steatsuniversiteit fan Michigan, dêr't er as defensive end yn it Amerikaansk fuotbaltiim fan 'e Michigan State Spartans spile. Dêr toande Smith syn kapasiteiten en hied er û.m. in wichtige rol yn 'e saneamde 'Wedstryd fan 'e Iuw', yn 1966, tsjin it tiim fan 'e Universiteit fan Notre Dame, dy't einige yn in 10-10 gelykspul. Yn 1988 waard Smith ynhuldige as lid fan 'e College Football Hall of Fame.
Nei't er de universiteit ferlitten hie, spile Smith njoggen jier lang as profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler by ferskate tiims: fan 1967 oant 1971 by de Baltimore Colts; fan 1973 oant 1974 by de Oakland Raiders en fan 1975 oant 1976 by de Houston Oilers. By de Colts wied er lofter-defensive end, en spile er yn sawol 1969 as 1971 yn 'e Super Bowl, it Amerikaanske kampioenskip. De twadde kears wûn er mei de Colts dy wedstryd. Hoewol't er 2.01 m meat en goed 120 kg weage, stie Smith yn syn sportjierren bekend om syn grutte faasje en linigens, sadat it rivalisearjende tiim ornaris twa spilers ynsetten om him te dekken.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er syn sportkarriêre beëinige hie, sette Smith ein jierren santich útein mei aktearjen. Hy begûn mei lytse roltsjes yn B-films en op 'e tillefyzje, en wurke himsels stadichoan op nei gruttere rollen. Hoewol't er troch syn sportkarriêre yn 'e Feriene Steaten al bekend wie, briek er yn it bûtenlân pas troch as akteur, mei de rol fan plysjeman Moses Hightower yn 'e komeedzje Police Academy, út 1984. Dat waard sa'n trochslaand súkses dat der noch in grut tal ferfolgen makke waarden. Smith kearde werom yn 'e rol fan Hightower yn fiif dêrfan: Police Academy 2: Their First Assignment (1985), Police Academy 3: Back in Training (1986), Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987), Police Academy 5: Assignment: Miami Beach (1988) en Police Academy 6: City under Siege (1989). Allinich yn Police Academy: Mission to Moscow, út 1994, spile Smith net mei.
Behalven yn 'e Police Academy-rige wie Smith ek te sjen yn 'e tillefyzjefilm Fighting Back: The Rocky Bleier Story (1982). Yn 1983 spile er mei Burt Reynolds, Ned Beatty en Loni Anderson yn 'e film Stroker Ace. Fierders hied er byrollen yn films as Black Moon Rising (1986), The Wild Pair (1987), The Naked Truth (1993), The Silence of the Hams (1994), Full Clip (2006) en Blood River (2010). Yn Gremlins 2: The New Batch (1992) spile er himsels. Fierders wie Smith op 'e tillefyzje te sjen yn in fêste rol yn 'e searje Open All Night, dy't yn 1981 en 1982 mar ien seizoen rûn. Ein jierren tachtich spile er yn 'e aksjesearje Blue Thunder. Ek ferskynde er yn gastrollen yn searjes as Married... with Children, Tales of the Golden Monkey, Good Times, The Odd Couple, Taxi, Macgyver en Family Matters.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Smith waard op 3 augustus 2011 yn syn hûs yn Los Angeles dea oantroffen troch syn húshâldster. In lykskôging wiisde út dat er stoarn wie oan akute medisinale fergiftiging en in hertoandwaning. It middel dat him fataal wurden wie, hiet fentermine, en wurdt brûkt om fluch gewicht te ferliezen. Dat guod liket tefolle fan syn sike hert frege te hawwen; by de autopsy die bliken dat Smith syn hert mear as twaris sa grut wie as dat fan in sûne minske. Bubba Smith waard 66 jier âld.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1979 | A Pleasure Doing Business | Joe Marsh | |
1981 | Escape from DS-3 | Mac | |
1983 | Stroker Ace | Arnold | |
1984 | Police Academy | Moses Hightower | |
1985 | Police Academy 2: Their First Assignment | Moses Hightower | |
1986 | Black Moon Rising | Johnson | |
1986 | Police Academy 3: Back in Training | Moses Hightower | |
1987 | Police Academy 4: Citizens on Patrol | Moses Hightower | |
1987 | The Wild Pair | Benny Avalon | |
1988 | Police Academy 5: Assignment Miami Beach | Moses Hightower | |
1989 | Police Academy 6: City Under Siege | Moses Hightower | |
1990 | Gremlins 2: The New Batch | himsels | |
1992 | My Samurai | dûmny George | |
1992 | The Naked Truth | plysjeman | |
1993 | Fist of Honor | resjersjeur Johnson | |
1994 | The Silence of the Hams | Olaf | |
1995 | Drifting School | Peter Jackson | |
2000 | Down 'n Dirty | resjersjeur Jerry Cale | |
2000 | The Flunky | himsels | |
2004 | The Coach | Hulk Referee | koarte film |
2006 | Full Clip | Sleepy | |
2010 | Blood River | Harold | |
2016 | DaZe: Vol. Too (sic) - NonSeNse | himsels | |
tillefyzje | |||
1980 | Vega$ | Peter Bridges | gastrol; ôfl. A Deadly Victim |
1982 | Taxi | Lucius Franklin | gastrol; 1 ôfl. |
1984 | Blue Thunder | Lyman 'Bubba' Kelsey | fêste rol; 11 ôfl. |
1991 | Married... with Children | "Spare Tire" Dixon | gastrol; ôfl. s5e16 All Night Security Dude |
1993 | Family Matters | Bones | gastrol; ôfl. s4e5 Money out the Window |
1994 | Married... with Children | himsels | gastrol; ôfl. s9e10 Dud Bowl |
2008 | Breaking the Huddle: The Integration of College Football | himsels | tillefyzjefilm |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk spiler fan Amerikaansk fuotbal
- Persoan dy't omkommen is troch in by fersin ynnommen oerdoasis medisinen of drugs
- Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf
- Amerikaansk sporter fan Afro-Amerikaansk komôf
- Persoan berne yn 1945
- Persoan stoarn yn 2011