Springe nei ynhâld

Burt Reynolds

Ut Wikipedy
Burt Reynolds
akteur
Reynolds yn 2011.
Reynolds yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBurton Leon Reynolds jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne11 febrewaris 1936
berteplakLansing (Michigan)
stoarn6 septimber 2018
stjerplakJupiter (Floarida)
etnisiteit Ingelsk
Nederlânsk
Sjeroky
Skotsk
Ulstersk
jierren aktyf19582018
prizenEmmy 1992
Golden Globe 1992, 1998
offisjele webside
Burt Reynolds op Find a Grave

Burt Reynolds (folút: Burton Leon Reynolds jr.; Lansing (Michigan), 11 febrewaris 1936Jupiter (Floarida), 6 septimber 2018) wie in Amerikaansk akteur, dy't ein 1970-er jierren, begjin 1980-er jierren de bêst betelle toanielspiler fan Hollywood wie. Hy makke benammen furoare mei films as Smokey and the Bandit, Smokey and the Bandit II, The Cannonball Run en The Best Little Whorehouse in Texas. Reynolds wûn twaris in Golden Globe en ienris in Emmy, mar wist nea in Oscar te besetten, hoewol't er al in kear nominearre waard foar de Oscar foar bêste manlike byrol. Njonken syn aktearwurk wied er bytiden ek aktyf as sjonger, skriuwer en ûndernimmer.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reynolds waard yn 1936 berne yn Lansing, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Michigan, as de soan fan Burton Milo Reynolds (1906-2002), oftewol Burt sr., en dy syn frou Harriette Fernette Miller (1902-1992), dy't 'Fern' neamd waard. Under syn karriêre hold Reynolds gauris út dat er berne wie yn Waycross (Georgia), yn it Amerikaanske Suden, mar yn 2015 joech er ta dat er dat sein hie om syn imago as good ole boy (jonge út it Suden) fuort te sterkjen, en dat syn wiere berteplak (it Noardlike) Lansing wie. Hy wie fan mingd Ingelsk, Nederlânsk, Skotsk en Ulstersk (d.w.s. Noardiersk-protestantsk) etnysk komôf, en hie nei't it skynt ek wat Yndiaansk bloed, te witten: fan 'e Sjeroky.

Lansing wie, neffens Reynolds syn autobiografy, it plak dêr't syn âlden wennen foar't syn heit yn it ramt fan 'e útbrutsen Twadde Wrâldoarloch as tsjinstplichtige it Amerikaanske Leger yn moast. Neitiid ferfear syn mem mei him en syn suster nei Fort Leonard Wood yn Missoery, dêr't syn heit lei. Dêr wennen se twa jier, oant syn heit oersee nei Jeropa stjoerd waard. Syn mem ferhuze doe mei de bern nei Lake City (Michigan), dêr't se sels opgroeid wie, en dêr't se noch famylje wenjen hie. Nei de oarloch sette de húshâlding him nei wenjen yn Riviera Beach (deunby West Palm Beach), yn 'e Súdlike steat Floarida, dêr't Reynolds syn heit yn 1946 kommissaris fan 'e plysje waard.

Reynolds folge middelber ûnderwiis oan 'e Palm Beach High School, dêr't er diel útmakke fan it Amerikaansk fuotbalteam. Dêr wied er sa'n stjer yn, dat er ferskate stúdzjebeurzen oanbean krige. Hy keas foar de Steatsuniversiteit fan Floarida yn Tallahassee, dêr't er as halfback yn it (semy-profesjonele) Amerikaansk fuotbalteam spile. Yn it studintehûs dielde er in keamer mei de lettere Amerikaansk fuotbal-ferslachjouwer en -kommentator Lee Corso. Hy wie lid fan 'e studinteferiening Phi Delta Theta.

Reynolds mei de Sitruskeninginne (krekt sokssawat as de Heakeninginne) by de Garnet and Gold Football Game op de Steatsuniversiteit fan Floarida, yn 1963.

Reynolds hie syn sinnen set op in sportkarriêre as profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler, mar yn it begjin fan syn earste jier oan 'e universiteit rûn er in blessuere oan ien fan syn knibbels op, wylst er letter dat jier as gefolch fan in auto-ûngemak syn milt kwytrekke en syn oare knibbel blessearre. Al dy ferwûnings behinderen him sadanich by it spyljen fan Amerikaansk fuotbal, dat er yn 1957 besleat om mei de sport op te hâlden. Om't er oan 'e universiteit in stúdzjebeurs krigen hie as sporter, hold dêrmei syn stúdzje ek op. Reynolds tocht deroer om yn syn heite fuotleasten te folgjen en by de plysje te gean, mar syn heit hie leaver dat er earst in oplieding ôfmakke en reklassearringsbeämte waard.

Iere aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under syn studinttetiid oan 'e Steatsuniversiteit fan Floarida begûn Reynolds (by)lessen te folgjen oan it Palm Beach Junior College (PBJC) yn Lake Park, om 'e fereaske stúdzjepunten helje te kinnen. Oan it PBJC krige er Ingelsk fan Watson B. Duncan III. Dyselde trune him oan om audysje te dwaan foar in rol yn syn produksje fan it toanielstik Outward Bound. Reynolds krige de haadrol taparte en wûn dêrmei de Florida State Drama Award fan 1956. Yn syn autobiografy soed er Duncan sechstich jier letter de ynfloedrykste persoan út syn libben neame.

De priis dy't Reynolds wûn hie, omfieme in stúdzjebeurs oan it Hyde Park Playhouse, in simmerteäter yn it New Yorkske Hyde Park. Hoewol't er dêr net folle fan ferwachte, fûn er it in oangenaam alternatyf foar de lichaamlik yntinsive fakânsjebaantsjes dy't er oars hie, dat hy sette dat út nei New York. Wylst er dêr wie, mette er Joanne Woodward, dy't him holp en fyn in ympressario. Sa waard Reynolds cast yn it stik Tea and Sympathy, dat yn it Neighborhood Playhouse yn New York spile. Datselde jiers makke er syn debút op Broadway yn Look, We've Come Through, dêr't er loovjende kritiken foar krige. Hy gie dêrnei mei de cast fan dat stik op toernee, wêrby't er behalven as toanielspiler ek fungearre as de sjauffeur fan 'e bus dêr't it selskip him mei ferpleatste.

Reynolds as Quint Asper yn 'e westernsearje Gunsmoke, yn 1962.

Nei it toernee kearde Reynolds werom nei New York, dêr't er in aktearoplieding folge, yn 'e mande mei û.m. Frank Gifford, Carol Lawrence, Red Buttons en Jan Murray. Nei't er ûnder de les in ymprovisaasje ferprutste, liet er yn him omgean om it aktearjen oer te jaan en werom te gean nei Floarida, mar dy gedachten sette er al rillegau fan him ôf doe't er in rol krige yn 'e revival fan it stik Mister Roberts, dêr't Charlton Heston de haadrol yn fertolke. De regisseur fan dat stik, John Forsythe, regele nei de beëiniging fan Mister Roberts in audysje foar Reynolds by filmmakker Joshua Logan foar de film Sayonara.

Dat rûn lykwols út op in teloarstelling doe't er te hearren krige dat Logan him net brûke koe om't er tefolle liek op haadrolspiler Marlon Brando. Logan drukte him dêrby wol op it hert dat er it net opjaan moast en hy rette him oan om nei Hollywood te gean. Reynolds hie dêr lykwols it selsfertrouwen net foar. Neitiid hied er in pear jier lang in ferskaat oan banen, lykas ober, ôfwasker yn in restaurant, frachtweinsjauffeur, havenarbeider en útsmiter fan 'e Roseland Ballroom. Tuskentroch hied er geregeldwei lytse roltsjes op 'e tillefyzje, en yn 1961 makke er syn debút op it wite doek yn Angel Baby.

Trochbraak en heechtijdagen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reynolds syn trochbraak kaam doe't er op basis fan syn fêste rol yn 'e tillefyzjesearje Riverboat opnommen waard yn 'e cast fan 'e populêre westernrige Gunsmoke. Dêryn spile er de healbloed Quint Asper, in hoefsmid. Hy brûkte syn bekendheid om haadrollen yn lowbudgetfilms te bemachtigjen, dy't úteinlik laten ta de titelrol yn 'e spagettywestern Navajo Joe (1966). Nei syn haadrol yn Impasse (1969), krige Reynolds de titelrol yn 'e fan 1970 oant 1971 rinnende plysjesearje Dan August, dêr't er foar nominearre waard foar in Golden Globe. Filmprodusint Albert R. Broccoli fan Eon Productions frege him sels foar de rol fan James Bond, mar dat sloech Reynolds ôf mei de wurden: "In Amerikaan kin James Bond net spylje. Dat is gewoan ûnmooglik."

Burt Reynolds yn 1970.

As filmakteur hie Reynolds syn earste grutte súkses mei syn rol yn Deliverance, út 1972. Datselde jiers waard er berucht doe't er yn 'e edysje fan april 1972 neaken posearre foar it tydskrift Cosmopolitan. Yn 'e 1970-er jierren spile er fierders yn films as White Lightning (1973), The Longest Yard (1974), Lucky Lady (1975), Semi-Tough (1977) en Hooper (1978). Foar syn rol yn The Longest Yard waard er foar de twadde kear nominearre foar in Golden Globe. Ek wie Reynolds yn 1973 te sjen yn 'e western The Man Who Loved Cat Dancing, dy't loskes basearre wie op 'e roman mei deselde namme fan Marilyn Durham. Yn 1976 debutearre er as regisseur mei Gator, dat in ferfolch wie op White Lightning. Yn 1978 krige Reynolds in eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame (op 6838 Hollywood Boulevard).

Ien fan Reynolds syn grutste súksessen wie de aksjekomeedzje Smokey and the Bandit, út 1977. Yn dy film rêdt syn personaazje de fuortrûne breid (spile troch Sally Field) fan 'e soan fan in strange sheriff, wêrnei't it twatal hûnderten kilometers troch de sheriff en syn soan efternei sitten wurdt. Begjin 1980-er jierren folgen noch ferskate oare súksessen, wêrûnder Starting Over (1980), Smokey and the Bandit II (1980), The Cannonball Run (1981) en The Best Little Whorehouse in Texas (1982). Dêrfan wie Starting Over goed foar in trêde nominaasje foar in Golden Globe. De komeedzjefilm The Cannonball Run, mei û.o. Dom DeLuise en Roger Moore, giet oer in ûnwierskynlike en yllegale autorace dwers troch de Feriene Steaten. Yn 'e komyske musical The Best Little Whorehouse in Texas song Reynolds foar it earst op it wite doek. Syn tsjinspylster yn dy film wie countrysjongster Dolly Parton, mei wa't de gearwurking op 'e filmset stroef ferrûn.

De twadde helte fan 'e jierren '80 wie foar Reynolds in meagere tiid. Hy wie yn dy snuorje û.m. te sjen yn 'e film Malone (1987) en liende syn stim oan 'e it haadpersonaazje yn 'e tekenfilm All Dogs Go to Heaven (1989). Fan 1990 oant 1994 hied er de haadrol yn 'e komeedzjesearje Evening Shade. Mei dy rol wûn er yn 1992 sawol in Golden Globe yn 'e kategory bêste manlike akteur yn in komeedzjesearje as in Emmy foar bêste manlike haadrol yn in komeedzjesearje. Teffens waard er foar Evening Shade yn 1991 en 1992 noch nominearre foar in Golden Globe, en yn 1991 ek noch foar in Emmy.

Yn 1996 makke Reynolds as filmakteur in comeback as fan 'e net goed dogende ôffurdige David Dilbeck yn Striptease, dy't obedearre rekket troch in hurd wurkjende stripper, spile troch Demi Moore. Yn dy hilaryske rol koe Reynolds him hielendal gean litte. It jiers dêrop hied in serieuzere rol as de lûsje pornoregisseur Jack Horner yn 'e film Boogie Nights, fan regisseur Paul Thomas Anderson, mei as tsjinspilers Mark Wahlberg, Julianne Moore en Heather Graham. Hoewol't de gearwurking mei de Anderson sa min wie dat Reynolds wegere om yn dy syn folgjende film Magnolia (1999) te spyljen, wûn er mei syn rol yn Boogie Nights de measte prizen út syn karriêre, wêrûnder in twadde Golden Globe en in Satellite Award. Ek waard er dêrfoar nominearre foar sawol in Oscar as in BAFTA Award. Reynolds wie yn 2002 as stimakteur belutsen by it fideospultsje Grand Theft Auto: Vice City, wêryn't er syn stim liende oan it personaazje Avery Carrington. Fierders fertolke er byrollen yn films as Miss Lettie and Me (2003), Without a Paddle (2004), de remake fan The Longest Yard (2005) en as de smjunt Boss Hogg yn The Dukes of Hazzard (2005).

Reynolds mei syn frou Loni Anderson by de útrikking fan 'e Oscars yn 1991.

Ek wie Reynolds noch te sjen yn films as Endgame (2006), In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale (2007), Deal (2008), Not Another Not Another Movie (2011) en Pocket Listing (2015). Oan 'e ein fan syn karriêre krige er fan alle kanten lof taswaaid foar syn rol yn it filmdrama The Last Movie Star (2017). Yn maaie 2018 kaam er mei regisseur Quentin Tarantino oerien dat er yn dy syn film Once Upon a Time in Hollywood spylje soe, mar hy stoar ear't er dêr de opnames foar dwaan koe.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1973 besocht Reynolds it koart as sjonger. Hy brocht dat jiers in album út mei as titel Ask Me What I Am. Neitiid besleat er dat in sjongkarriêre net foar him weilein wie, hoewol't er yn 1980 foar de soundtrack fan Smokey and the Bandit II it liet Let's Do Something Cheap and Superficial song, dat neitiid as single útbrocht waard. Yn 1983 song er yn 'e filmmusical The Best Little Whorehouse in Texas û.m. in duët mei Dolly Parton.

Yn 1997 wie Reynolds ien fan 'e skriuwers fan it berneboek Barkley Unleashed: A Pirate's Tail. Dat waard oanpriizge as "in boartlik ferhaal [dat] de wichtigens fan trochsettingsfermogen, de wûnders fan freonskip en de krêft fan fantasij yllustrearret." Reynolds skreau fierders twa autobiografyen: yn 1994 My Life, útbrocht by Hyperion Books (ISBN 0 78 68 61 304), en yn 2015 But Enough About Me: A Memoir, dat útkaam by G.P. Putnam's Sons (ISBN 0 39 91 73 544).

Reynolds wie ek ûndernimmer, en besiet ûnder syn karriêre ferskate bedriuwen. Ein jierren '70 iepene er de nachtklub anneks restaurant Burt's Place yn it Omni International Hotel yn it sintrum fan Atlanta. Letter hied er noch koart in twadde filiaal oan it Lennox Square yn deselde stêd. Fan 1982 oant 1986 wie Reynolds, dy't syn hiele libben lang in fanatyk fan fan Amerikaansk fuotbal bleau, foar in part eigner fan it Amerikaansk fuotbalteam de Tampa Bay Bandits. Ek wied er mei-eigner fan in NASCAR-autosportteam, en besiet er in eigen skouboarch yn Jupiter (Floarida), dêr't oankommende akteurs oplaat waarden. Yn 1984 iepene Reynolds in restaurant yn Fort Lauderdale, mei as namme Burt and Jack's (dat ferneamd wie nei him en syn mei-eigner Jack Jackson). Hy wie ek de eigner fan 'e Burt Reynolds Ranch yn Palm Beach County, dêr't guon sênes fan Smokey and the Bandit II opnommen waarden, en dêr't er letter in bernebuorkerij begûn.

Reynolds (3e f. rj.), Loni Anderson (1e f. l.) en guon freonen yn 1992.

Reynolds troude yn 1963 mei de Ingelske aktrise Judy Carne, mar harren houlik rûn yn 1965 al op in skieding út. Yn 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren hied er likernôch fiif jier lang in relaasje mei sjongster en aktrise Dinah Shore, mei wa't er de rest fan syn libben befreone bleau. Fan ûngefear 1977 ôf oant 1982 hied er in relaasje mei Sally Field, dy't syn tsjinspylster wie yn Smokey and the Bandit en Smokey and the Bandit II. Yn 1988 wertroude Reynolds mei aktrise Loni Anderson. Hja adoptearren in soan, Quinton, mar harren houlik einige yn 1993 nei't Reynolds fereale rekke wie op in servearster dy't him letter oanklage en wa't er sels ek weromoanklage. Beide rjochtsaken waarden úteinlik bûten de rjochter om skikt.

Yn 1981 waard Reynolds in earedoktoraat takend troch de Steatsuniversiteit fan Floarida, dêr't er yn 'e 1950-er jierren studearre hie. Reynolds stie derom bekend dat er syn eigen stunts die. Meastal gie dat goed, mar yn 1984 waard er by de opnamen fan City Heat yn it gesicht rekke mei in metalen stoel. Hy rûn temporomandibulêre disfunksje op (de knieren fan syn ûnderkaak wurken net mear goed), en ferlear 15 kg gewicht om't er in skoft gjin fêst iten hawwe koe. Boppedat rekke er ferskate jierren lang ferslave oan 'e pinestillers dy't him doe foarskreaun waarden.

Reynolds yn 2015.

Hoewol't Reynolds in tige lukrative karriêre hie, gied er yn 1996 bankrot fanwegen in ekstrafagante libbensstyl, syn djoere skieding fan Loni Anderson en mislearre ynvestearrings yn ferskate restaurantkeatlings yn Floarida. Hy waard ûnder kuratêle steld oant er twa jier letter syn saken wer op oarder hie. Reynolds ferlear yn dy snuorje in protte fan syn eardere besittings, wêrûnder net yn it lêste plak de Burt Reynolds Ranch.

Sûnensswierrichheden en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2009 ûndergie Reynolds in operaasje oan 'e rêch en yn febrewaris 2010 krige er in fiiffâldige bypass-operaasje oan it hert. Tsjin 2016 gammele er oanhâldend mei hertklachten om, hoewol't er him dêr net troch tsjinhâlde liet by syn aktearjen. Op 6 septimber 2018 kaam Reynolds yn 'e âlderdom fan 82 jier te ferstjerren yn in sikehûs yn Jupiter, yn Floarida. De deadsoarsaak waard foarme troch hertproblemen. Syn eks-frou Loni Anderson liet in ferklearring útgean dêr't se yn sei dat sysels en harren soan Quinton Reynolds en "syn hearlike laitsjen" misse soene.

  • 1973 – Ask Me What I Am
  • 1980 – Let's Do Something Cheap and Superficial
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1958FlightSam Allengastrol; ôfl. Master Sergeant
1958FlightJack Hilyardgastrol; ôfl. Eye for Victory
1959M SquadPeter Marashigastrol; ôfl. The Teacher
1959The Lawless YearsTony Sappiogastrol; ôfl. The Payoff
1959Pony ExpressAdamgastrol; ôfl. The Good Samaritan
1959Playhouse 90de akteurgastrol; ôfl. The Velvet Alley
1959Playhouse 90ûnbekendgastrol; ôfl. Face of a Hero
1959–1960RiverboatBen Frazerfêste rol; 20 ôfl.
1960Playhouse 90Acegastrol; ôfl. Alas, Babylon
1960Johnny RingoTad Stuartgastrol; ôfl. The Stranger
1960Alfred Hitchcock PresentsBill Davisgastrol; ôfl. Escape to Sonoita
1960The Blue AngelsChuckgastrol; ôfl. Powder Puff Pilot
1960The AquanautsJimmygastrol; ôfl. The Big Swim
1960Lock-UpLatchard Duncangastrol; ôfl. The Case of Alexis George
1961The Blue AngelsCormangastrol; ôfl. Fire Flight
1961The AquanautsLeogastrol; ôfl. The Kidnap Adventure
1961Ripcordde hiermoardnergastrol; ôfl. Crime Jump
1961Michael ShayneJerry Turnergastrol; ôfl. The Boat Caper
1961Dick Powell's Zane Grey TheatreBranch Taylorgastrol; ôfl. Man from Everywhere
1961The Brothers BrannaganAbelardgastrol; ôfl. Bordertown
1961Everglades!Lew Johnsongastrol; ôfl. Greed of the Glades
1961Naked Cityjongemangastrol; ôfl. Requiem for a Sunday Afternoon
1962The EvergladesTraskgastrol; ôfl. Friday's Children
1962Route 66Tommygastrol; ôfl. Love is a Skinny Kid
1962Perry MasonChuck Blairgastrol; ôfl. The Case of the Counterfeit Crank
1962–1965GunsmokeQuint Asperfêste rol; 50 ôfl.
1963The Twilight ZoneRocky Rhodesgastrol; ôfl. The Bard
1965BrandedRed Handgastrol; ôfl. Now Join the Human Race
1965FlipperAl Bardemangastrol; dûbele ôfl.
196512 O'Clock Highsersjant Vern Chapmanweromkearende rol; 2 ôfl.
1965The F.B.I.Michael Murtaughgastrol; ôfl. All the Streets Are Silent
1966Hawkynspekteur John Hawkfêste rol; 17 ôfl.
1967Gentle Benpiloatgastrol; ôfl. Voice from the Wilderness
1968PremierePete Lassitergastrol; ôfl. Lassiter
1968The F.B.I.John Duquesnegastrol; ôfl. Act of Violence
1968Fade InRobtillefyzjefilm
1970Love, American StyleStanley Dunbargastrol; ôfl. Love and the Banned Book
1970Hunters Are for KillingL.G. Florantillefyzjefilm
1970Run, Simon, RunSimontillefyzjefilm
1970–1971Dan AugustDan Augustfêste rol; 26 ôfl.
nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in dramasearje
1980Saturday Night Liven.f.t.presintator; 1 ôfl.
1986The Golden Girlshimselsgastrol; ôfl. Ladies of the Evening
1987–1991Out of This WorldTroy Garlandas stimakteur; fêste rol; 95 ôfl.
1989–1990B.L. StrykerB.L. Strykerfêste rol; 12 ôfl.; ek regisseur en útfierend produsint
1990–1994Evening ShadeWood Newtonfêste rol; 98 ôfl.; ek regisseur en útfierend produsint
Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjesearje (1992)
Emmy foar bêste akteur yn in komeedzjesearje (1992)
2 × nom. Golden Globe foar bêste akteur yn in musical of komeedzjesearje (1991, 1993)
nom. Emmy foar bêste akteur yn in komeedzjesearje (1991)
1993Beverly Hills, 90210himselsgastrol; ôfl. She Came in Through the Bathroom Window
1993The Larry Sanders Showhimselsgastrol; ôfl. The Grand Opening
1993The Man from Left FieldJack Robinsontillefyzjefilm; ek regisseur
1995Hope and Gloriahimselsgastrol; ôfl. Sisyphus, Prometheus and Me
1995Cybillhimselsgastrol; ôfl. The Cheese Stands Alone
1996The Cherokee KidOtter Bob the Mountain Mantillefyzjefilm
1997King of the HillM.F. Thathertonas stimakteur; gastrol; ôfl. The Company Man
1997Duckmanrjochter Keatonas stimakteur; gastrol; ôfl. Das Sub
1998Universal Soldier II: Brothers in Armsplakferfangend direkteur fan 'e CIA Mentortillefyzjefilm
1998Universal Soldier III: Unfinished Businessplakferfangend direkteur fan 'e CIA Mentortillefyzjefilm
1998Hard Timeresjersjeur Logan McQueentillefyzjefilm; ek regisseur
2001Emerilhimselsgastrol; ôfl. The Sidekick
2002The X-Filesdhr. Burtgastrol; ôfl. Improbable
2002Miss Lettie and MeSamuel Madisontillefyzjefilm
2003Hard GroundJohn "Chill" McKaytillefyzjefilm
2003–2004EdRuss Burtonweromkearende rol; 2 ôfl.
2005The King of Queenscoach Walcottgastrol; ôfl. Hi, School
2005Robot ChickenJ.J. McClure / himselsas stimakteur; gastrol; ôfl. Gold Dust Gasoline
2005Duck DodgersRoyal Serpentias stimakteur; gastrol; ôfl. Master & Disaster
2006FreddieCarl Crane Poolgastrol; ôfl. Mother of All Grandfathers
2006–2009My Name Is EarlChubbyweromkearende rol; 3 ôfl.
2010Burn NoticePaul Andersongastrol; ôfl. Past & Future Tense
2011American Dad!senator Buckinghamas stimakteur; gastrol; ôfl. School Lies
2011Reel LoveWade Whitmantillefyzjefilm
2012Archerhimselsas stimakteur; gastrol; ôfl. The Man from Jupiter
2014Category 5Popstillefyzjefilm
2016Hitting the BreaksRon Wilcoxweromkearende rol; 10 ôfl.
films
1961Angel BabyHoke Adams
1961Armored CommandSkee
1965Operation C.I.A.Mark Andrews
1966Navajo JoeNavajo Joe
1969100 Rifles"Yaqui Joe" Herrera
1969Sam WhiskeySam Whiskey
1969ImpassePat Morrison
1969Shark!Caine
1970SkullduggeryDouglas Temple
1972Fuzzresjersjeur Steve Carella
1972DeliveranceLewis Medlock
1972Everything You Always Wanted to Know About
   Sex* (*But Were Afraid to Ask)
haad spermaskeakelboerd
1973ShamusShamus McCoy
1973The Man Who Loved Cat DancingJay Grobart
1973White LightningBobby "Gator" McKlusky
1974The Longest YardPaul "Wrecking" Crewenom. Golden Globe foar bêste akteur yn in filmmusical of komeedzjefilm
1975At Long Last LoveMichael Oliver Pritchard III
1975W.W. and the Dixie DancekingsW.W. Bright
1975Lucky LadyWalker Ellis
1975Hustleynspekteur Phil Gainesek útfierend produsint
1976Silent Moviehimselscameo
1976GatorBobby "Gator" McKluskyek regisseur
1976NickelodeonBuck Greenway
1977Smokey and the BanditBo "Bandit" Darville
1977Semi-ToughBilly Clyde Puckett
1978The EndWendell Sonny Lawsonek regisseur
1978HooperSonny Hooperek filmprodusint
1979Starting OverPhil Potternom. Golden Globe foar bêste akteur yn in filmmusical of komeedzjefilm
1980Rough CutJack Rhodes
1980Smokey and the Bandit IIBo "Bandit" Darville
1981The Cannonball RunJ.J. McClure
1981PaternityBuddy Evans
1981Sharky's Machinebrigadier Tom Sharkyek regisseur
1982The Best Little Whorehouse in Texassheriff Ed Earl Doddek regisseur
1982Best FriendsRichard Babson
1983Stroker AceStroker Ace
1983Smokey and the Bandit Part 3Bo "Bandit" Darvillecameo
1983The Man Who Loved WomenDavid Fowler
1984Cannonball Run IIJ.J. McClure
1984City HeatMike Murphy
1985StickErnest "Stick" Stickleyek regisseur
1986Uphill All the Waygokkercameo
1986HeatNick "Mex" Escalante
1987MaloneCIA-agint John Haggerty / Richard Malone  
1988Rent-a-CopTony Church
1988Switching ChannelsJohn L. Sullivan IV
1989Physical EvidenceJoe Paris
1989Breaking InErnie Mullins
1989All Dogs Go to HeavenCharlie B. Barkinas stimakteur
1990Modern Lovekolonel Frank Parker
1992The Playerhimselscameo
1993Cop and a Halfresjersjeur Nick McKenna
1995The MaddeningRoy Scudder
1996Citizen RuthBlaine Gibbons
1996Stripteaseôffurdige David Dilbeck
1996Mad Dog TimeJack "Wacky Jacky" Jackson
1996RavenJerome "Raven" Katz
1997Meet Wally SparksLenny Spencer
1997Beangeneraal Newton
1997Boogie NightsJack HornerGolden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in film
Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur yn in film
Satellite Award foar bêste cast yn in film
nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
nom. BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film
1997Big City BluesConnorek ko-produsint
1998Crazy SixDakota
1999The Hunter's MoonClayton Samuelsdirekt-op-fideo útbrocht
1999PupsDaniel Bender
1999Mystery, Alaskarjochter Walter Burns
2000WaterproofEli Zeal
2000The CrewJoey "Bats" Pistella
2000The Last ProducerSonny Wexlerek regisseur
2001DrivenCarl Henry
2001TemptedCharlie LeBlanc
2001Hotelhotelmanager
2001The Hollywood SignKage Mulligan
2002Time of the WolfArchie McGregor
2002SnapshotsLarry J. Brodsky
2003The LibrariansIrish
2004Without a PaddleDel Knox
2005The Longest Yardcoach Nate Scarborough
2005The Dukes of HazzardBoss Hogg
2005The Legend of Frosty the Snowmann.f.t.voice-over; direkt-op-fideo útbrocht
2006Cloud 9Billy Coledirekt-op-fideo útbrocht
2006End Gamegeneraal Montgomery
2006Forget About ItSam LeFleur
2006GrilledGoldbluth
2006Broken BridgesJake Delton
2007In the Name of the King: A Dungeon Siege Tale  kening Konreid
2007Randy and the MobElmore Culpepper
2008DealTommy Vinson
2008Delgoheit fan Delgoas stimakteur
2008A Bunch of AmateursJefferson Steele
2011Not Another Not Another MovieC.J. Waters
2014A Magic ChristmasBusteras stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2015Pocket ListingRon Glass
2015Hamlet & Hutch Papa Hutchdirekt-op-fideo útbrocht
2016Hollow Creek"Seagrass" Lambertdirekt-op-fideo útbrocht
2016Shangri-La Suiten.f.t.voice-over
2017Apple of My EyeCharliedirekt-op-fideo útbrocht
2017The Last Movie StarVic Edwards
2017Miami Love AffairRobert
2017HenriGeorge Duncandirekt-op-fideo útbrocht
2018Shadow FighterPaddy Grier
2019An Innocent Kisspake Barnespostúm útkommen
2021Defining MomentsChesterpostúm útkommen
fideospultsjes
2002Grand Theft Auto: Vice CityAvery Carringtonas stimakteur
2011Saints Row: The Thirdhimsels / de boargemasteras stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.