Heather Graham

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Heather Graham
Filmklapper.png akteur
HeatherGrahamByDimitriSarantis2011.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Heather Joan Graham
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 29 jannewaris 1970
berteplak Milwaukee (Wiskonsin)
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
jierren aktyf 1984 – no
offisjele webside
gjint

Heather Graham (folút: Heather Joan Graham; Milwaukee (Wiskonsin), 29 jannewaris 1970) is in Amerikaansk aktrise, model, filmprodusinte en senarioskriuwster fan Iersk komôf. Hja krige yn 1989 bekendheid troch har optreden yn 'e film Drugstore Cowboy, wêrnei't se har karriêre fuortsette mei rollen yn films as Six Degrees of Separation, Boogie Nights, Lost in Space en The Hangover, en yn tillefyzjesearjes as Twin Peaks, Scrubs en Californication.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Graham waard yn 1970 berne yn Milwaukee, yn 'e steat Wiskonsin, as de âldste fan twa bern yn it gesin fan FBI-agint James Graham en dy syn frou Joan Bransfield. Har jongere suster Aimee Graham is ek aktrise. Graham is fierhinne fan Iersk etnysk komôf, en waard goedroomsk grutbrocht. It gesin ferhuze fanwegen har heite wurk ferskate kearen foar't de Grahams harren úteinlik foargoed nei wenjen setten yn Agoura Hills, yn Kalifornje, doe't Heather njoggen jier wie. De earste kears dat se yn oanrekking kaam mei aktearjen wie by in opfiering fan it stik The Wizard of Oz, op 'e legere skoalle. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre Graham twa jier lang Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Kalifornje te Los Angeles (UCLA). Nettsjinsteande de beswieren fan har âldelju briek se dy stúdzje úteinlik ôf om foltiids in aktearkarriêre nei te stribjen.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Graham har earste rol yn in film wie as in figurante yn Mrs. Soffel (1984). De earste kears dat se mei namme neamd waard op 'e ôftiteling wie yn 'e tillefyzjefilm Student Exchange, út 1987. Yn dyselde tiid die se fral modellewurk, û.m. yn ferskate reklamespotsjes, en yn 1986 die se mei oan 'e kwis Scrabble, op 'e stjoerder NBC. Har earste bekendheid krige Graham yn 1988 mei de rol fan Mercedes Lane, yn 'e searje License to Drive, mei akteurs Corey Haim en Corey Feldman. Datselde jiers wie se koart te sjen yn in flashback as de mem fan twillingen Arnold Schwarzenegger en Danny DeVito yn 'e film Twins.

Yn 1989 briek Graham troch mei har rol as Nadine, in jonge drugsferslaafde freondinne fan 'e haadpersoanen (spile troch Matt Dillon en Kelly Lynch) yn 'e film Drugstore Cowboy, fan regisseur Gus Van Sant. Neitiid wiisde se in rol yn in soapsearje ôf om't se in filmkarriêre neistribbe. Yn 1991 waard se foar har rol yn 'e rock n' roll-film Shout (mei William Hurt en Keanu Reeves) nominearre foar in Young Artist Award yn 'e kategory bêste aktrise yn in spylfilm. Nei't Graham mei Benicio del Toro yn in reklamespotsje spile hie dat troch David Lynch regissearre wie, besleat dyselde har te casten yn 'e rol fan Annie Blackburn, yn 'e kultsearje Twin Peaks, en letter yn 'e prequel-film Twin Peaks: Fire Walk with Me, út 1992.

Datselde jiers spile Graham yn Diggstown, mei James Woods, yn 1993 folge troch rollen yn Six Degrees of Separation, mei Will Smith, The Ballad of Little Jo, mei Ian McKellen en Even Cowgirls Get the Blues, mei Uma Thurman. Nei ferskate optredens yn tillefyzjesearjes en minder bekende films makke se yn 1997 in comeback mei rollen yn Boogie Nights en Scream 2. Yn 1998 spile Graham yn 'e science fiction-skriller Lost in Space, mei û.o. William Hurt, Mimi Rogers, Lacey Chabert en Matt LeBlanc. It jiers dêrop wie se te sjen as Felicity Shagwell yn it Mike Myers-fehikel Austin Powers: The Spy Who Shagged Me, en as Daisy yn Bowfinger, mei Steve Martin en Eddie Murphy.

Heather Graham yn 2007.

Nei de milenniumwiksel spile Graham û.m. yn Say It Isn't So (2001), mei Sally Field; yn Killing Me Softly (2002), mei Joseph Fiennes; yn Anger Management (2003), mei Adam Sandler en Jack Nicolson; en yn Hope Springs (2003), mei Colin Firth. Op 'e tillefyzje wie se û.o. te sjen yn in ôflevering fan 'e searje Sex and the City, wêryn't se harsels spile. Fierders hie se in fêste rol yn it fjirde seizoen (2004-2005) fan 'e komeedzjerige Scrubs, en spile se de titelrol yn 'e komeedzjesearje Emily's Reasons Why Not, dêr't fanwegen ôffallende sjochsifers lykwols mar ien ôflevering fan útstjoerd waard.

Yn 2009 spile Graham yn 'e hitfilm The Hangover de rol fan Jade, de "stripper mei it hert fan goud". Hoewol't se net belutsen wie by it ferfolch The Hangover Part II, kearde se yn 2013 werom yn The Hangover Part III. Ek hie se in fêste rol yn it lêste seizoen (2014) fan 'e tillefyzjerige Californication, as de mem fan 'e tinersoan dy't de haadperson, spile troch David Duchovny, ynienen blykt te hawwen. Njonken har fysike aktearwurk hat Graham ek yn 't spier west as stimaktrise, û.m. as it personaazje Antonia Bayle, yn 't online-role-playing game EverQuest 2.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Graham is ferfrjemde fan har famylje. Yn in fraachpetear woe dêr inkeld it folgjende oer kwyt: "Ik wol it leaver net hawwe oer myn âlden. Want ik haw gewoan it gefoel dat soks yn 'e media misynterpretearre wurde soe en sa..." Graham hat relaasjes hân mei de Britske muzikant Adam Ant, akteurs James Woods, Kyle McLachlan en Heath Ledger en regisseurs Stephen Hopkins, Edward Burns en Yaniv Raz. Yn 2011 gie se om mei presintator Jason Silva.

Ien fan Graham har grutste hobbys is it spyljen fan poker. Fierders is se in aktyf beoefenster fan transendinte meditaasje en yoga, dêr't regisseur David Lynch har yn 1991 mei yn 'e kunde brocht. Ek hat hja har oankante tsjin it fenomeen realitytillefyzje, wêrby't se sei it "fertrietlik" te finen dat sjoggers nocht belibje kinne oan oarmans ellinde. Graham is akviste foar de organisaasje Children International en wurket ek gear mei it Kambodjaanske Bernefûns om bern yn Kambodja ûnderwiis te bieden en slavernij en berneprostitúsje út te rûgjen. Teffens hat Graham har ynset foar it miljeu troch te besykjen minsken bewust te meitsjen fan klimaatferoaring en wat men dêr sels tsjin dwaan kin.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.