Springe nei ynhâld

Eddie Murphy

Ut Wikipedy
Eddie Murphy
akteur
Eddie Murphy yn 2010.
Eddie Murphy yn 2010.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEdward Regan Murphy
nasjonaliteit Amerikaansk
berne3 april 1961
berteplakNew York (New York)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf1980 – no
prizenGolden Globe 2006
Emmy Award 2020
Cecil B. DeMille Award 2023
offisjele webside
Eddie Murphy yn 'e IMDb

Eddie Murphy (folút: Edward Regan Murphy; New York, 3 april 1961) is in Amerikaansk akteur, komyk, regisseur, senarioskriuwer, filmprodusint en sjonger fan Afro-Amerikaansk komôf. Hy waard bekend as in lid fan 'e fêste cast fan it komyske tillefyzjeprogramma Saturday Night Live, dêr't er fan 1980 oant 1984 oan meiwurke. Ek los dêrfan wurke er yn 'e earste helte fan 'e 1980-er jierren in protte as komyk. Letter lei er him lykwols fral ta op syn aktearkarriêre, wêrby't er yn 't earstoan spile yn kaskreakers as 48 Hrs., de Beverly Hills Cop-trilogy en Coming to America, mar letter bravere rollen spile yn films as The Nutty Professor en Dr. Dolittle, dy't lykwols yn finansjeel opsjoch ek in grut súkses waarden. Ek as stimakteur is Murphy tige aktyf, mei as bekendste optreden de ezel Donkey yn 'e Shrek-tekenfilmsearje. Murphy waard yn 2006 nominearre foar in Oscar en wûn in Golden Globe foar syn rol yn 'e film Dreamgirls. Yn 2020 wûn er ek in Emmy Award foar syn presintaasje fan Saturday Night Live. Mei al syn films byinoar is er de op fiif nei meast opbringende akteur yn 'e Feriene Steaten.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eddie Murphy waard yn 1961 berne yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, yn 'e buert Bushwick, as de soan fan Charles Edward Murphy en dy syn frou Lillian Laney. Syn mem wurke by in tillefoanmaatskippij, en syn heit wie by de ferkearsplysje. Yn syn frije tiid wie Charles Murphy ek aktyf as amateur-komyk en -akteur, mar hy kaam te ferstjerren doe't syn soan noch hiel jong wie. Letter, doe't syn mem siik waard, brochten de achtjierrige Eddie en syn âldere broer Charlie in jier yn in pleechgesin troch. (Charlie soe yn 2017 komme te ferstjerren oan leukemy.) Neitiid waarden se roomsk grutbrocht yn Roosevelt, troch harren mem en styfheit Vernon Lynch, dy't foarman by in iiskofabryk wie. Mei fyftjin jier trede Murphy al op mei syn eigenskreaune grappen, wêrby't er sterk beynfloede wie troch Bill Cosby en Richard Pryor.

Eddie Murphy yn 1988.

Karriêre as komyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Murphy syn iere komeedzjestyl waard karakterisearre troch it oates en toates foarkommen fan flokwurden en it gebrûk fan stopwurden as fuck en motherfucker. Dêrby naam er mei treffende imitaasjes, net inkeld oangeande aksint en spraakgebrûk, mar ek wat lichemstaal oanbelange, ferskate etnisiteiten en oare maatskiplike groepen yn 'e Feriene Steaten op 'e hak, lykas rike blanke Amerikanen, Afro-Amerikanen, Italjaanske Amerikanen, Joadske Amerikanen, korpulinte lju en homo's. Hy brocht trije stand-up comedy-fideo's út: Eddie Murphy (1982), Delirious (1983) en Raw (1987).

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By it bredere publyk krige Murphy foar it earst bekendheid as akteur mei syn sketches yn it langrinnende komyske tillefyzjeprogramma Saturday Night Live, dêr't er fan 1980 oant 1984 by de fêste cast hearde. Syn ynternasjonale trochbraak makke er yn 1982, mei syn rol yn 'e aksjefilm 48 Hrs., mei Nick Nolte. It jiers dêrop spile er mei Dan Aykroyd yn 'e komeedzjefilm Trading Places. Syn trêde film, Best Defense (1984), in komeedzje mei Dudley Moore, waard in finansjeel fiasko, mar mei't datselde jiers noch Beverly Hills Cop útkaam, ien fan Murphy syn grutste súksessen, rûn syn karriêre gjin bliuwende skea op. Beverly Hills Cop, wêryn't er de glêde plysjeresjersjeur Axel Foley spile, die it sa goed, dat der yn it ramt fan 'e filmtrilogy mei deselde namme noch twa ferfolchfilms op makke waarden: Beverly Hills Cop II (1987) en Beverly Hills Cop III (1994). Tsjin 'e tiid dat it lêste diel fan 'e trilogy útkaam, begûn de magyske formule dúdlik útwurke te reitsjen.

Eddie Murphy mei tillefyzjeprodusinte Casey Patterson.

In oar grut súkses wie de komeedzjefilm Coming to America, út 1988, oer in wrâldfrjemde Afrikaanske prins dy't himsels steande sjen moat te hâlden yn 'e rûge New Yorkske borough Queens. Yn dy film fertolken Murphy en syn tsjinspiler Arsenio Hall allebeide ferskate rollen (wêrûnder Murphy syn memorabele optreden as in âlde blanke Joadske man). Letter soe Murphy dat trúkje nochris yn ferskillende oare films werhelje. Tsjin it begjin fan 'e 1990-er jierren wie Murphy ien fan 'e grutte Hollywood-stjerren wurden, en spile er û.m. yn 'e aksjefilm Another 48 Hrs. (1990), wêrfoar't er sels it senario skreau, de fermaaklike komeedzje The Distinguished Gentleman (1992), wêryn't er de Amerikaanske polityk op 'e hak naam, en de aksjefilm Metro (1997).

Fan 'e midden fan 'e jierren njoggentich ôf begûn Murphy lykwols yn in hiel oar slach films te spyljen. Hy sensurearre syn eigen taalgebrûk sadat him gjin ûnfoech wurd mear oer de lippen kaam en makke himsels op dy manear tagonklik foar in jonger (Amerikaansk) publyk. In grut diel fan syn âlde fans heakke lykwols teloarsteld ôf. Mei komeedzjes as The Nutty Professor (1996), Dr. Dolittle (1998) en Daddy Day Care (2003) belibbe er op 'e nij grutte súksessen. Dat joech oanlieding ta twa nije ferfolchfilms: Nutty Professor II: The Klumps (2000) en Dr. Dolittle 2 (2001). Underwilens liende Murphy ek gauris as stimakteur syn stim oan tekenfilmfigueren. Sa wurke er û.m. mei oan 'e Disney-film Mulan, út 1998, mar syn bekendste rol op dit mêd wie sûnder mis dy fan Donkey, de eigensinnige ezel út 'e Shrek-filmsearje. Dy rol fertolke er yn 'e films Shrek (2001), Shrek 2 (2004), Shrek the Third (2007), Shrek Forever After (2010) en dêropta yn ferskate tillefyzjeprogramma's.

De stjer fan Eddie Murphy op 'e Hollywood Walk of Fame.

Yn 2006 spile Murphy de serieuze rol fan James "Thunder" Early yn 'e film Dreamgirls, oer de opkomst en ûndergong fan in jierren-sechstichfammegroep dy't basearre is op The Supremes. Foar dy rol waard er nominearre foar in Oscar foar bêste byrol fan in akteur en wûn er de Golden Globe yn deselde kategory. Yn 2007 wie Murphy behalven as akteur ek as senarioskriuwer en filmprodusint belutsen by de komeedzjefilm Norbit. Nei 2010 lei Murphy him mear ta op films dy't har op in publyk fan folwoeksenen rjochten, mei rollen as in dief yn 'e heistfilm Tower Heist (2011), en de komyk Rudy Ray Moore yn 'e biografyske film Dolemite is My Name (2019). Yn desimber fan dat jier kearde er foar in kear werom yn Saturday Night Live om dy film te promoatsjen. Mei syn optreden yn dat programma wûn er syn earste Emmy Award yn 'e kategory bêste gastrol fan in akteur yn in komeedzjesearje.

Yn 2021 makke Murphy mei Coming 2 Amearica in ferfolchfilm op ien fan syn grutste súksessen, Coming to America. In weromkear fan Murphy as Axel Foley yn in fjirde Beverly Hills Cop-film is (anno 2021) yn preproduksje. Yn jannewaris 2023 waard oan Murphy by de útrikking fan 'e Golden Globes de Cecil B. DeMille Award takend, in oeuvrepriis.

Oare wurkmêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken syn wurk as akteur en komyk is Murphy ek al sûnt de 1980-er jierren aktyf as senarioskriuwer, en letter ek as regisseur. Fierders is Eddie Murphy ek in sjonger. Yn 'e iere jierren tachtich, foar't er súkses krige as akteur, besocht er om in karriêre as sjonger fan 'e grûn te krijen, mar dat slagge net. Hy brocht ferskate albums mei R&B-muzyk út. Letter brûkte er syn sjongen benammen yn it ferlingde fan syn aktearkarriêre, lykas yn 'e Shrek-films, dêr't er op 'e soundtrack te hearren is, û.m. as de sjonger fan it nûmer I'm a Believer. Yn 2013 brocht Murphy foar it earst yn jierren wer in single út, in reggaeliet mei de titel Red Light, dat er tegearre mei rapper Snoop Dogg song.

Eddie Murphy yn 2010.

Murphy hat twa soannen út iere relaasjes: Eric (1989), by Paulette McNeely, en Christian (1990), by Tamara Hood. Letter begûn er in jierrenlange relaasje mei Nicole Mitchell (1968) mei wa't er yn 1988 by in priisútrikking yn 'e kunde kommen wie. Hja wennen twa jier gear foar't hja op 18 maart 1993 yn New York trouden. Mei Mitchell krige Murphy fiif bern: Bria (1989), Myles Mitchell (1992), Shayne Audra (1994), Zola Ivy (1999) en Bella Zahra (2002). Yn augustus 2005 fregen Murphy en Mitchell lykwols in skieding oan, en dy waard op 17 april 2006 definityf.

Dêrnei begûn Murphy om te gean mei de eardere Spice Girl Mel B, dy't yn ferwachting rekke en sei dat it bern fan Murphy wie. Tsjin RTL Boulevard-korrespondint Matthijs Kleyn sei Murphy lykwols yn desimber 2006: "Ik wit net waans bern oft dat is, oant it derút komt en in bloedtest ûndergiet. Jo moatte gjin foarbarige konklúzjes lûke, menear." Nei de berte fan Angel Iris Murphy Brown, op Eddie Murphy syn jierdei yn april 2007, die lykwols bliken dat it yndie syn bern wie. Mel B sei letter yn in fraachpetear dat Murphy net nei it bern omseach, mar yn 2010 kaam nei bûten dat der dochs kontakt tusken him en syn dochter wie.

Op 1 jannewaris 2008 wikselen Murphy en filmprodusinte Tracey Edmonds by in religieuze seremoanje op in lyts eilantsje foar de kust fan Bora Bora trou-ûnthjitten út, mar se besleaten harren houlik net wetlik fêst te lizzen en wiene dus nea offisjeel troud. It moat oannommen wurde dat se op in stuit útinoar gien binne (al is dêr neat oer bekend), om't Murphy yn 2012 in relaasje oangie mei it Australyske model Paige Butcher, dy't yn maaie 2016 in dochter fan him krige en yn novimber 2018 in soan. Hja hiene har ferloofd om yn septimber 2018 te trouwen.

Studio-albums
jier titel resultaat
1982 Eddie Murphy (platina)
1983 Comedian (2 × platina)
1985 How Could It Be (goud)
1989 So Happy
1993 Love's Alright
Kompilaasje-albums
jier titel resultaat
1987 Greatest Comedy Hits
1998 All I Fuckin' Know
jier titel resultaat
1982 Boogie in Your Butt
1985 Party All the Time (platina)
How Could It Be
(mei Crystal Blake)
1989 Put Your Mouth on Me
Til the Money's Gone
1993 I Was a King
Whatzupwitu
(mei Michael Jackson)
Desdamona
2013 Red Light
(mei Snoop Dogg)
Promise (You Won't Break My Heart)
2014 Temporary
2015 Oh Jah Jah
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1980–1984Saturday Night Livehimsels / ferskaatfêste rol; 65 ôfl.; ek senarioskriuwer
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in komeedzjesearje (1983)
nom. Emmy Award foar bêste yndividuele optreden yn in revu- of muzykprogramma (1984)
nom. Emmy Award foar bêste skriuwwurk foar in revuprogramma (1984)
1982Saturday Night Livehimselsas presintator, 1 ôfl.
1983Eddie Murphy: Delirioushimselsstand-up comedy-optreden
1983The 14th Annual NAACP Image Awardshimselsas presintator fan in priisútrikking; tillefyzjespecial
1983The 35th Annual Primetime Emmy Awards   himselsas presintator fan in priisútrikking; tillefyzjespecial
1984Saturday Night Livehimselsas presintator, 1 ôfl.
19851985 MTV Video Music Awardshimselsas presintator fan in priisútrikking; tillefyzjespecial
1987Eddie Murphy: Rawhimselsstand-up comedy-optreden
1989What's Alan Watching?demonstrant / James Browntillefyzjespecial
1991The Royal Familyn.f.t.betinker en útfierend produsint
1999–2001The PJsThurgood Stubbsas stimakteur; fêste rol; 31 ôfl.; ek betinker en útfierend produsint
nom. Emmy Award foar bêste tekenfilmsearje
nom. Annie Award foar bêste stimakteur yn in animearre tillefyzjeprogramma
2004Father of the PrideDonkeyas stimakteur; ôfl. Donkey
2007Shrek the HallsDonkeyas stimakteur; tillefyzjespecial
nom. Annie Award foar bêste stimakteur yn in animearre tillefyzjeprogramma
2010Donkey's Christmas ShrektacularDonkeyas stimakteur; tillefyzjespecial y.f.m. kryst
2012Eddie Murphy: One Night Onlyhimselstillefyzjespecial
2019Comedians in Cars Getting Coffeehimselsgastrol; ôfl. Eddie Murphy
2019Saturday Night Livehimselsas presintator, 1 ôfl.
Emmy Award foar bêste gastrol fan in akteur yn in komeedzjesearje
films
198248 Hrs.Reggie Hammondnom. Golden Globe foar bêste nije stjer fan it jier (akteur)
1983Trading PlacesBilly Ray Valentinenom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje
1984Best Defenseluitenant T.M. Landry
1984Beverly Hills Copresjersjeur Axel Foleynom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje
1986The Golden ChildChandler Jarrell
1987Beverly Hills Cop IIresjersjeur Axel Foleyek senarioskriuwer
1988Coming to Americaprins Akeem Joffer
Clarence
Randy Watson
Saul
ek senarioskriuwer
1989Harlem NightsVernest "Quick" Brownek senarioskriuwer
1990Another 48 Hrs.Reggie Hammondek senarioskriuwer
1992BoomerangMarcus Grahamek senarioskriuwer
1992The Distinguished GentlemanThomas Jefferson Johnson
1994Beverly Hills Cop IIIresjersjeur Axel Foley
1995Vampire in BrooklynMaximillian
Preacher Pauly
Guido
ek senarioskriuwer en filmprodusint
1996The Nutty Professorprof. Sherman Klump
Buddy Love
Lance Perkins
heit Cletus Klump
mem Anna Pearl Jensen Klump   
beppe Ida Mae Jensen
Ernie Klump sr.
nom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje
1997Metroynspekteur Scott Roper
1998MulanMushuas stimakteur
1998Dr. Dolittlebistedokter John Dolittle
1998Holy ManG
1999LifeRay Gibsonek senarioskriuwer en filmprodusint
1999BowfingerKit Ramsey
Jiff Ramsey
ek senarioskriuwer en filmprodusint
2000Nutty Professor II: The Klumpsprof. Sherman Klump
Buddy Love
Lance Perkins
heit Cletus Klump
mem Anna Pearl Jensen Klump
beppe Ida Mae Jensen
Ernie Klump sr.
ek útfierend produsint
2001ShrekDonkeyas stimakteur
Annie Award foar bêste stimakteur yn in spylfilm
nom. BAFTA foar bêste byrol fan in akteur
2001Dr. Dolittle 2bistedokter John Dolittle
2002Showtimeplysje Trey Sellers
2002The Adventures of Pluto NashPluto Nash
Rex Crater
2002I SpyKelly Robinson
2003Daddy Day CareCharlie Hinton
2003The Haunted MansionJim Evers
2004Shrek 2Donkeyas stimakteur
2006DreamgirlsJames "Thunder" EarlyGolden Globe foar bêste byrol fan in akteur
Screen Actors Guild Award foar bêste byrol fan in akteur
nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm
2007NorbitNorbit
Rasputia
menear Wong
ek senarioskriuwer en filmprodusint
2007Shrek the ThirdDonkeyas stimakteur
2008Meet DaveDave
kaptein
2009Imagine ThatEvan Danielson
2010Shrek Forever AfterDonkeyas stimakteur
2011Tower HeistDarnell "Slide" Davis
2012A Thousand WordsJack McCall
2016Mr. ChurchHenry Joseph Church
2019Dolemite is My NameRudy Ray Mooreek filmprodusint
nom. Golden Globe foar bêste filmakteur yn in musical of komeedzje
2021Coming 2 Americaprins Akeem Joffer
Clarence
Randy Watson
Saul
ek senarioskriuwer

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.