Springe nei ynhâld

Telefyzjeprodusint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tillefyzjeprodusinte)

In telefyzjeprodusint of tillefyzjeprodusint is immen dy't it tafersjoch hat op ien of mear aspekten op it mêd fan fideoproduksje yn it ramt fan in telefyzjesearje of fan in telefyzjeprogramma dat mar ien kear útstjoerd wurdt. Ofhinklik fan syn krekte rang binnen sa'n produksje, dêr't almeast mear as ien produsint by belutsen is, kin sa'nent him bemuoie mei it hiele produksjeproses, fan it útwurkjen fan in idee yn 'e preproduksjefaze oant de casting fan akteurs en aktrises. Ornaris is it de liedingjaande produsint dy't ferantwurdlik is foar de kwaliteit fan in programma, hoewol't by in searje (krekt as by in film) ek de regisseur ferantwurdlikheid draacht. Yn 'e meast algemiene sin kin men telefyzjeprodusinten sjen as probleemoplossers dy't derfoar soargje dat de produksje glêdsjes ferrint.

Der binne ferskate soarten telefyzjeprodusinten. Sa hat in telefyzjeprogramma of searje faak in útfierend produsint (of executive producer). Dy titel kin ferskillende dingen betsjutte. In útfierend produsint kin de eigner fan 'e telefyzjestudio wêze dy't de produksje fan it programma fersoarget of binnen dat bedriuw in oare hege posysje beklaaie. Sokken hawwe dan it algemien tafersjoch oer de produksje sûnder har der op deistige basis mei te bemuoien. Utfierend produsint kin lykwols ek in soarte fan earetitel wêze dy't men oan 'e betinker fan in programma of searje jout, sels as dy persoan al net mear aktyf by de produksje belutsen is.

De produsint dy't de deistige lieding oer in searje hat, wurdt mei in Ingelske oantsjutting de showrunner neamd. In mei-útfierend produsint (of co-executive producer) stiet in rang ûnder de útfierende produsint (alteast, as dy noch aktyf by de produksje belutsen is). In tafersjochhâldend produsint (of supervising producer) stiet wer in stapke leger. Oare oantsjuttings foar ferskate soarten telefyzjeprodusinten binne: ko-produsint (co-producer), associate producer, assistint-produsint (assistant producer), line producer, field producer, consulting producer en post-production producer.

Inkele ferneamde telefyzjeprodusinten binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.