Star Trek: The Animated Series

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Star Trek: The Animated Series
Webdings x00be.png tillefyzjesearje
Star Trek TAS logo.svg
makkers
betocht troch Gene Roddenberry
produsint(en) Norm Prescott
Lou Scheimer
útfierend
   produsint
Gene Roddenberry
D.C. Fontana
tillefyzjestudio Filmation
Norway Productions
Paramount Television Studios
spilers
haadrollen William Shatner
Leonard Nimoy
DeForest Kelley
Nichelle Nichols
James Doohan
George Takei
Majel Barrett
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre science fiction
seizoenen 2
jierren 19731974
tal ôfl. 22
spyltiid (ôfl.) 24 min.
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 × Emmy Award
webside startrek.com/…/star-trek-the-animated-series
besibbe searjes Star Trek
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Strange New Worlds

Star Trek: The Animated Series, soms ôfkoarte ta Star Trek: TAS of koartwei TAS, wie in Amerikaanske tekenfilmsearje dy't 2 seizoenen rûn, fan 1973 oant 1974. It wie de twadde tillefyzjesearje fan 'e Star Trek-franchise, nei Star Trek: The Original Series út 'e 1960-er jierren. Star Trek: The Animated Series wie in science fiction-tillefyzjesearje dy't de aventoeren fan 'e bemanning fan it fjouwerentweintichste-iuwske romteskip de USS Enterprise út The Original Series yn animearre foarm fuortsette. De searje waard troch de kritisy goed ûnthelle en wie de earste Star Trek-rige dy't in Emmy Award wûn.

Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch wylst Star Trek: The Original Series rûn, wie Lou Scheimer fan tekenfilmstudio Filmation al yn ûnderhanneling mei produsint Paramount Television, tillefyzjenetwurk NBC en betinker Gene Roddenberry om in spin-off te meitsjen yn 'e foarm fan in tekenfilmsearje. Mei Paramount wied er it gau iens, mar troch de op dat stuit bittere relaasje fan Paramount mei Roddenberry slagge it jierrenlang net om alle belanghawwenden om 'e tafel te krijen.

Nei't The Original Series yn 1969 troch NBC stopset wie omreden fan delgeande sjochsifers, bleau Paramount Television mei frijwat ferliezen sitten. Dêrom waard de searje frijjûn om yn syndikaasje werhelle te wurden. De werhellings begûnen ein 1969 en tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren wie de searje op 150 Amerikaanske tillefyzjestjoerders en yn 60 oare lannen te sjen. Iroanysk genôch waarden de werhellings better besjoen as de oarspronklike útstjoerings. De nije populariteit blies it idee foar in tekenfilmsearje op basis fan Star Trek nij libben yn. Uteinlik waard begjin 1973 in oerienkomst sletten. Oars as dat Filmation en Paramount earst fan doel west hiene, betong Roddenberry dêrby dat it in tillefyzjeprogramma foar alle leeftiden wurden moast ynstee fan in berneprogramma.

Akteur George Takei set syn hantekening op in yllustraasje út Star Trek: The Animated Series.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Datselde jiers noch waard Star Trek: The Animated Series yn produksje nommen. Der wie in neat te rom budget fan $75.000 de ôflevering beskikber, en Roddenberry behold de folsleine kreätive kontrôle. D.C. Fontana, dy't as redaktrise fan senario's by The Original Series belutsen west hie, waard oannommen as de oare útfierend produsint. De deistige lieding oer de produksje wie yn 'e hannen fan Scheimer en Norm Prescott. Hoewol't it salaris foar senarioskriuwers meagerkes wie, koene in protte skriuwers dy't oan The Original Series meiwurke hiene, de ferlieding net wjerstean om noris in skript te skriuwen wêrby't se har net oan 'e beheinings hâlde moasten dêr't live-actiontillefyzje doedestiden oan bûn wie.

Star Trek: The Animated Series folge de aventoeren fan 'e bemanning fan de USS Enterprise, in romteskip út 'e fjouwerentweintichste iuw, krekt sa't The Original Series dat dien hie. De searje waard dêrom troch Fontana en senarioskriuwer David Gerrold karakterisearre as "effektyf it fjirde seizoen fan The Original Series." De stimmen fan 'e personaazjes waarden ynsprutsen troch deselde akteurs as yn The Original Series, mei útsûndering fan Walter Koenig, dy't Pavel Chekov spile hie; syn personaazje waard bûten The Animated Series holden om 'e kosten te drukken. Hy waard as navigator ferfongen troch luitenant Arex, in Edosiaan mei trije pear earms en trije pear skonken.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat inkeld William Shatner (as James T. Kirk), Leonard Nimoy (as Spock), DeForest Kelley (as Leonard McCoy), James Doohan (as Montgomery Scott) en Majel Barrett (as Christine Chapel) as stimakteurs by de produksje belutsen wêze soene. Doohan en Barrett soene dan ek de stimmen ynsprekke fan Hikaru Sulu en luitenant Uhura. De ûnmisbere Nimoy wegere lykwols út prinsipe de stim fan Spock yn te sprekken as George Takei (Sulu) en Nichelle Nichols (Uhura) net ek as stimakteurs oanlutsen waarden. Neffens Scheimer wiene de produsinten ûntsteld doe't Nimoy harren derop wiisde dat se (sûnder euvelmoed) de iennichste beide net-blanke akteurs út 'e cast besochten te setten. Takei en Nichols krigen dêrnei dochs noch harren rollen werom, en Koenig waard net fergetten, mei't er it senario fan 'e ôflevering The Infinite Vulcan skriuwe mocht.

De opnamen foar Star Trek: The Animated Series setten yn juny 1973 útein, en de earste ôflevering waard op 8 septimber fan dat jier útstjoerd troch NBC. De searje rûn úteinlik twa seizoenen, fan 1973 oant en mei 1974, en der waarden yn totaal 22 ôfleverings fan 24 minuten makke.

Hoewol't animaasje de makkers by steat stelde om eksoatysker lânskippen te skeppen foar de planeten dy't de Enterprise oandie en apartere bûtenierdske wêzens te yntrodusearjen, waard de reputaasje fan 'e tekenfilmsearje besmodzge troch geregeldwei foarkommende animaasjeflaters en it oanhâldende recycljen fan âlde shots en muzyk. Star Trek-betinker Gene Roddenberry naam Star Trek: The Animated Series dan ek net botte serieus en spriek der gauris oer as hearde wat dêryn barde net ta de Star Trek-kanon. Lettere produksjes út deselde franchise hawwe The Animated Series lykwols àl as diel fan 'e kanon behannele.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 'cast' fan Star Trek: The Animated Series.
personaazje akteur/aktrise
kaptein James T. Kirk William Shatner
kaptein-luitenant Spock Leonard Nimoy
luitenant 1e klasse Leonard "Bones" McCoy DeForest Kelley
luitenant 2e klasse Nyota Uhura Nichelle Nichols
luitenant 1e klasse Montgomery "Scotty" Scott James Doohan
luitenant 2e klasse Hikaru Sulu George Takei
ferpleechkundige Christine Chapel Majel Barrett

Seizoenen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 't foar wie yn it kontrakt fan Filmation mei Paramount en Gene Roddenberry fêstlein dat der teminsten 22 ôfleverings fan Star Trek: The Animated Series makke wurde soene. Hoewol't dat oantal mei mienskiplik goedfinen útwreide wurde kinnen hie, barde dat net.

seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant netwurk
1 16 8 septimber 1973 12 jannewaris 1974 NBC
2 6 7 septimber 1974 12 oktober 1974

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: The Animated Series waard goed ûntfongen troch de kritisy en wie de earste Star Trek-searje dy't in Emmy Award wûn, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis (te witten: yn 1975 yn 'e kategory treflik fermaak – berneprogramma). In protte lof wie der foar it stimaktearjen fan Majel Barrett, dy't behalven har fêste rol fan Christine Chapel ek de stimmen ynspriek fan 'e skipskompjûter en ferskate personaazjes dy't mar yn ien ôflevering foarkamen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (20??–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)