Glen A. Larson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Glen A. Larson
OldCamera icon.svg regisseur en/of produsint
Glen A. Larson.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Glen Albert Larson
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 3 jannewaris 1937
berteplak Long Beach (Kalifornje)
stoarn 14 novimber 2014
stjerplak Santa Monica (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
Flag of Sweden.svg Sweedsk
wurkpaad
wurksum as produsint, senarioskriuwer
bekenste
  produksje(s)
Alias Smith and Jones
Battlestar Galactica
Buck Rogers in the 25th Century
Magnum, P.I.
Knight Rider
jierren aktyf 19682014
prizen Edgar Award 1973 & 1981
offisjele webside
gjint

Glen A. Larson (folút: Glen Albert Larson; Long Beach (Kalifornje), 3 jannewaris 1937Santa Monica (Kalifornje), 14 novimber 2014) wie in tige foaroansteande Amerikaansk tillefyzjeprodusint en senarioskriuwer fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Sweedsk etnysk komôf. Hy wie ferantwurdlik foar bekende tillefyzjesearjes as Alias Smith and Jones, Battlestar Galactica (de oarspronklike searje), Buck Rogers in the 25th Century, Quincy, M.E., The Fall Guy, Magnum, P.I. en Knight Rider.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonge jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Larson waard yn 1937 berne yn Long Beach, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ûnder de reek fan Los Angeles. Hy sette syn karriêre yn 1956 útein as in lid fan 'e sjonggroep The Four Preps, dy't trije gouden platen behelle foar nûmers dy't troch Larson sels skreaun en/of komponearre wiene: 26 Miles (Santa Catalina), Big Man en Down by the Station.

Karriêre as produsint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mids 1960-er jierren sette Larson útein mei in nije karriêre as senarioskriuwer doe't er foar produsint Quinn Martin wurke oan 'e tillefyzjesearje The Fugitive. Neitiid sleat er in kontrakt ôf mei Universal Studios om sels as tillefyzjeprodusint oan 'e slach te gean. Yn 't earstoan produsearre er searjes as It Takes a Thief (1968), McCloud (1970) en The Virginian (1970-1971). Larson syn trochbraak as produsint kaam mei de westernsearje Alias Smith and Jones (1971-1973), wêryn't de aventoeren folge waarden fan Hannibal Hayes en Kid Curry, twa banditen dy't har libben besochten te betterjen. Neitiid produsearre Larson ek twa tillefyzjefilms oer The Six Million Dollar Man, basearre op 'e roman Cyborg fan Martin Caidin. In twadde grut súkses wie foar Larson de produksje fan 'e searje Quincy, M.E. (1976-1983).

Ein santiger jierren wist Larson in doe noch nea earder foarkommen budget fan $1 miljoen te besetten foar it meitsjen fan in science fiction-rige, Battlestar Galactica (1978-1979), in projekt dêr't er al sûnt 1968 mei ompielde. Dy searje fertelde it ferhaal fan 'e eksodus fan 'e minskheid fan syn oarspronklike planeten nei't de cylons, in ras fan robots, tsjin harren yn opstân kommen wiene. Nei't by de dêropfolgjende genoside it grutste part fan 'e minsken omkaam, besochten de oerlibbenen yn in float fan alderhanne romteskippen oanfierd troch de slachstjer Galactica de ferlerne koloanje te finen dy't neffens de leginden troch guon minsken op in planeet fêstige wie dy't Ierde hiet.

Oarspronklik wie it syn bedoeling dat de searje Adam's Ark komme soe te hjitten, en teffens woed er in soad motiven út 'e mormoanske teology tafoegje, lykas in 'houlik fan tiid en ivichheid' en in 'ried fan tolve', mei't er sels in belidend lid wie fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. Under druk fan 'e studiobazen kaam de searje Galactica te hjitten, mar letter waard Larson bepraat om op 'e iene of oare wize it wurd star oan 'e titel ta foegjen om mei te liftsjen op 'e populariteit fan 'e Star Wars-films. Doe't Battlestar Galactica nei twa seizoenen stopset waard, makke Larson in low budget-ferfolch mei as titel Galactica 1980, dat jierren nei de oarspronklike searje spile, doe't de Galactica en byhearrende float einlings de Ierde berikt hie. Dit ferfolch wie lykwols minder súksesfol as de oarspronklike searje en der waarden nea mear as tsien ôfleverings fan makke.

Larson recycle in diel fan 'e dekôrs, kostúms en spesjale effekten fan Battlestar Galactica foar syn minder swiersettige science fiction-searje Buck Rogers in the 25th Century (1979-1981), mei Gil Gerard yn 'e haadrol. Dy searje gie oer in Amerikaanske astronaut dy't troch in ûngemak beferzen rekke en pas fiifhûndert jier yn 'e takomst wer wekker waard en weromkearde nei in hast ûnwerkenber feroare Ierde. Yn 1978 produsearre Larson ek de minysearje Evening in Byzantium. De tachtiger jierren wiene Larson syn heechtijdagen, mei ferskate tige súksesfolle tillefyzjesearjes, wêrûnder Magnum, P.I. (1980-1988), dy't er makke yn gearwurking mei Donald P. Bellisario, oer in privee-detektive op Hawaï, spile troch Tom Selleck; The Fall Guy (1981-1986), oer de eksploaten fan in stuntman yn en bûten Hollywood, mei Lee Majors yn 'e haadrol; en Knight Rider (1982-1986) oer de held Michael Knight (spile troch David Hasselhoff) en syn pratende auto Kit. Ein tachtiger jierren wie Larson ek ferantwurdlik foar de aksjesearje The Highwayman, dy't lykwols mar ien seizoen rûn.

Yn 'e njoggentiger jierren produsearre Larson ferskate searjes dy't ûnsúksesfol wiene en heechút mar ien seizoen rûnen, lykas P.S.I. Luv U, One West Waikiki en The Darwin Conspiracy. Dêrmei rekke syn rom yn it neigean, en tsjin 'e ein fan it desennium begûn er âlde súksessen te recycljen, lykas yn 'e rige Team Knight Rider (1997). Yn 2003 waard der in remake as minysearje makke fan Battlestar Galactica, dy't yn 2004 folge waard troch in remake fan 'e hiele searje. De wermakke searje wie rûger en hurder as it orizjineel, mar ek súksesfoller en rûn ferskate seizoenen. Larson wie der lykwols net by belutsen, al waard er yn 'e ôftiteling wol neamd as consulting producer ("riejaand produsint"). Nei de ein fan 'e searje, yn 2009, waard der yn 2010 ek noch in koarte prequel-searje makke, mei as namme Caprica, dêr't Larson likemin de hân yn hie.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Glen A. Larson kaam op 14 novimber 2014 yn 'e âlderdom fan 77 jier yn it Kalifornyske Santa Monica te ferstjerren oan sloktermkanker.

Wurdearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nettsjinsteande syn súksessen krige Larson ûnder syn karriêre ek in protte krityk oer him hinne, om't syn searjes faak as goedkeape 'kopyen' foar op tillefyzje fan djoere spylfilms sjoen waarden. Dêrby soe Larson neffens syn kritikasters gauris op it rântsje fan it plagiaat balansearre hawwe. Sa soe Alias Smith and Jones basearre wêze op 'e film Butch Cassidy and the Sundance Kid; McCloud op Coogan's Bluff; Battlestar Galactica op Star Wars; en The Fall Guy op Hooper. Akteur James Garner bewearde yn syn autobiografy The Garner Files dat Larson ferskate plots fan 'e searje The Rockford Files (dy't ko-produsearre wie troch Garner syn produksjebedriuw) stellen hie en foar syn eigen searjes brûkt hie troch inkeld de nammen fan 'e personaazjes oan te passen. Garner klage dêroer by it Screen Writer's Guild (it fakbûn fan senarioskriuwers), mei as gefolch dat Larson in jildboete oplein krige. Neffens Garner rekken hy en Larson letter slaande deilis doe't Larson op 'e nij plagiaat begie.

Larson waard yn 1978 nominearre foar in Emmy Award, de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis, foar syn produksje Quincy, M.E. It jiers dêrop waard er ek nominearre foar in Grammy Award, de heechste Amerikaanske muzykpriis, foar de soundtrack fan Battlestar Galactica, dy't er skreaun hie yn 'e mande mei Stu Phillips, John Andrew Tartaglia en Sue Collins. Yn 1973 wûn Larson in Edgar Award yn 'e kategory bêste ôflevering út in tillefyzjesearje foar de ôflevering The New Mexico Connection út 'e searje McCloud. Yn 1981 wûn er tegearre mei Donald P. Bellisario nochris in Edgar foar de ôflevering China Doll, út 'e searje Magnum, P.I. Larson hat ek syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.