Springe nei ynhâld

48 Hrs.

Ut Wikipedy
48 Hrs.
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Walter Hill
produsint Lawrence Gordon
Joel Silver
senario Roger Spottiswoode
Walter Hill
Larry Gross
Steven E. de Souza
kamerarezjy Ric Waite
muzyk James Horner
filmstudio Lawrence Gordon Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Nick Nolte
Eddie Murphy
byrollen James Remar
David Patrick Kelly
Sonny Landham
Annette O'Toole
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 desimber 1982
foarm langspylfilm
sjenre plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst $78,9 miljoen (Noard-Amearika)
filmsearje
filmsearje 48 Hrs.
● folgjend diel Another 48 Hrs.

48 Hrs. (útsprutsen as Forty-eight Hours) is in klassike Amerikaanske plysjefilm en aksjekomeedzje út 1982 ûnder rezjy fan Walter Hill, mei yn 'e haadrollen Nick Nolte en Eddie Murphy. De titel betsjut "Achtenfjirtich Oeren". It ferhaal giet oer Jack Cates, in rouwe ynspekteur by de plysje fan San Francisco, dy't efter de psychopaat Albert Ganz oan sit, de moardner fan twa fan syn kollega's. Om't er fierders gjin oanknopingspunten hat, hellet er Reggie Hammond, in earder lid fan 'e binde fan Ganz, foar twa dagen (oftewol achtenfjirtich oeren) út it tichthûs om him te helpen. De gearwurking tusken de beide mannen ferrint yn 't earstoan stroef. 48 Hrs. krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes en wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1982. Yn 'e bioskopen wie 48 Hrs. ek in grut kommersjeel súkses. In ferfolchfilm, mei as titel Another 48 Hrs., kaam út yn 1990.

In kloft finzenen ferrjochtet ûnder tafersjoch fan trije swierbewapene sipiers twangarbeid troch ûnderhâld te dwaan oan in spoarline. In man mei in Yndiaansk uterlik dy't skynber tafallich foarbykomt, freget oft er wat wetter brûke mei om't syn âlde pick-uptruck oerferhjitte rekke is. Ear't de sipiers dêrop antwurdzje kinne, rekket de Yndiaan slaande deilis mei in finzene dy't him oanhâldend op rasistyske wize mislediget. As de sipiers de beide mannen útinoar helje wolle, blykt it ôfsprutsen wurk te wêzen. Twa sipiers wurde deasketten wylst de finzene, in beropskrimineel dy't Albert Ganz hjit, mei de Yndiaan yn 'e pick-uptruck ûntkomt.

Twa dagen letter fermoardzje Ganz en de Yndiaan yn San Francisco in krommeldief dy't Henry Wong hjit. Yn syn besit treffe se de (stellen) creditcards oan fan in G.P. Polson. Letter oerfalle se op in oar plak yn 'e stêd Luther Kelly, in eardere kompanjon fan harres. Se easkje "it jild" fan him op, mar Kelly seit dat dat op in plak opburgen is dêr't er pas oer in pear dagen wer by kin om't it pas op moandei wer iepengiet. Se prate ôf dat Kelly moandeitemoarn daliks it jild by Ganz bringe sil. Sa lang hâldt Ganz de faam fan Kelly, Rosalie, yn gizeling. Neitiid brûke Ganz en syn Yndiaanske hantlanger de creditcards fan Polson om mei de fêstbûne Rosalie har yntrek te nimmen yn in keamer yn in goedkeap hotel, dêr't se har fermeitsje mei in pear prostituees.

Dyselde deis krije resjersjeurs Algren en Van Zant fan it San Francisco Police Department opdracht om in dief op te pakken dy't ûnder stellen creditcards in hotelkeamer boekt hat. By it hotel jout ynspekteur Jack Cates him by har, dy't de saak oer de plysjeradio folge hat. Wylst Algren en Van Zant nei de keamer ta geane, wachtet Cates by de resepsje foar it gefal dat de dief syn kollega's te glêd ôf is. It docht lykwols bliken dat dejinge dy't hotelkeamer boekt hat, Albert Ganz is. Hy en sjit Van Zant dea en ferwûnet Algren, wylst de Yndiaan mei Rosalie ûntkomt. As er de skotten heart, hastiget Cates him by de trep op, mar mist dêrby Ganz-en-dy, dy't de lift nei ûnderen nimme. Nei't er sjoen hat wat der bard is, draaft Cates wer nei ûnderen, dêr't Ganz yn 'e lobby de resepsjoniste yn gizeling nimt. Wannear't de ferdwaasde Algren by de trep delkomt, nimt Ganz dyselde ûnder skot en easket dat Cates syn pistoal delleit. Cates begrypt dat er gjin oare kar hat en docht wat him hjitten is, mar Ganz sjit dêrnei dochs (en sûnder reden) Algren noch dea. Cates sels kin it faaie libben der inkeld fan ôfrêde troch efter de resepsjebaalje te dûken. Ganz en de Yndiaan ûnkomme mei Rosalie.

Werom op it plysjeburo kriget Cates in protte krityk fan stjoerlju oan 'e wâl. De moard op twa plysjeminsken makket de saak ta in prioriteit, dat it duorret net lang of de dieder wurdt identifisearre as de fuortflechtige Albert Ganz. Syn Yndiaanske kompanjon blykt Billy Bear te hjitten. Fia de creditcards fan Polson wurde de beide mannen linkt oan 'e moard op Henry Wong, dat in earder lid fan 'e binde fan Ganz wie. Ynspekteur Ben Kehoe wiist Cates derop dat Reggie Hammond, in oar lid fan 'e binde fan Ganz, yn it tichthûs sit. Mooglik dat dy in idee hat wêr't Ganz him ophâldt. Dat Cates set nei it tichthûs ta, dêr't er de Hammond yn syn sel opsiket. Dyselde is in swarte man mei glêde manierkes, dy't twa en in heal jier fan syn finzenisstraf fan 3 jier foar in wapene oerfal útsitten hat. Hammond seit ta dat er Cates wol helpe wol, mar net út it tichthûs wei. Cates moat mar sjen dat er him tydlik nei bûten ta helje kin. Mei't it wiken yn beslach nimme soe om foar soks tastimming te krijen, às dy tastimming al te krijen wie, beslút Cates de boel koart te sluten en ferfalsket er de papierren dy't nedich binne foar in tydlike ynfrijheidstelling fan achtenfjirtich oeren.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Hoewol't Hammond wegeret ta te jaan dat hy mei Ganz, Bear en Wong yn ien binde sitten hat, liedt er Cates nei de wente ta fan it fyfde lid fan dy binde, Luther Kelly. Sadree't er Cates sjocht, iepenet Kelly it fjoer. Hy ûntkomt oan 'e plysjeman, mar Hammond hâldt him tsjin. Kelly wegeret lykwols wat te sizzen, útsein dat er Ganz net ken en dat er net wit wêr't Cates it oer hat. Hy wurdt arrestearre en opsletten, mar ferwachtet mei gauwens op boarchtocht frij te kommen. Mei't se mei Kelly gjin stek fierder kommen binne, nimt Hammond Cates dy jûns mei nei in countrybar dêr't Billy Bear wol wurke hat. Dêrta útdage troch Cates bringt Hammond mei inkeld bluf en Cates syn plysje-ynsynje de hiele bar ûnder kontrôle. Hy set de barkeeper sa ûnder druk dat dy op 't lêst fertelt dat Bear in faam hat dy't yn 'e wyk Chinatown yn in appartemint boppe in Sineesk restaurant wennet. Cates en Hammond bejouwe har dêrhinne, mar Casey, de eardere freondinne fan Bear, seit dat it al lang út is tusken harren. No wennet se gear mei in oare jonge frou, Sally.

Neitiid krije Cates en Hammond rûzje en reitsje se op 'e strjitte slaande deilis oant se troch in pear patrûljearjende unifoarmearre plysjes útinoar helle wurde. Under druk set troch Cates bekent Hammond úteinlik dat hy, Ganz, Bear, Kelly en Wong in jier as trije ferlyn in drugsdealer foar $500.000 bestellen hawwe. Mei't in drugsdealer net bêst nei de plysje gean kin om oanjefte te dwaan, is der fan dy oerfal by de autoriteiten neat bekend. Ynstee fan it jild te dielen, soarge Ganz der neitiid foar dat Hammond it tichthûs yndraaide. Hammond syn motivaasje om Cates te helpen is om dêrfoar wraak te nimmen op Ganz. Underwilens sit it jild noch altyd yn in tas yn 'e kofferbak fan Hammond syn auto, dy't er foar it útsitten fan syn finzenisstraf stâle hat yn in parkeargaraazje foar langparkearjen. De iennichste dy't dêrfan ôfwit, is Kelly, dy't te bang is foar Hammond om him te bestellen. Dat, Cates en Hammond parkearje de auto foar de yngong fan 'e parkeargaraazje oer en wachtsje ôf.

De oare deis is moandei. Moarns ier dûkt de ûnderwilens op boarchtocht frijkommen Kelly by de parkeargaraazje op, dy't Hammond syn auto nei bûten ta hellet. Cates en Hammond folgje him nei in spoarstasjon fan 'e San Francisco Municipal Railway, dêr't Kelly mei Ganz in útwikseling fan it jild foar Rosalie regele hat. Kelly werkent lykwols Cates yn it stasjon, wêrnei't er útpykt. Ganz en Bear ûntkomme mei grou geweld, troch in pear unifoarmearre plysjes dea te sjitten. Cates efterfolget harren, mar wurdt troch oare unifoarmearre plysjes foar de dieder oansjoen, mei as gefolch dat er it spoar fan Ganz en Bear op 'e nij kwytrekket. Hammond is ûnderwilens Kelly efterneigien, dat dy is ek poater, en Cates ferwachtet neat mear fan him te hearren. Mei't er net mear wit wat er moat, giet er werom nei it plysjeburo. Dêr kriget er dy jûns in tillefoantsje fan Hammond, dy't skillet út in bar yn 'e wyk Fillmore: Kelly hat yn it hotel dêrfoaroer in keamer nommen.

Dan skammet Cates him foar syn wantrouwen fan Hammond en syn oanhâldende misledigings fan 'e man. Hy biedt syn ûntskuldigings oan en jout Hammond tweintich dollar sadat er in keamer nimme kin om seksuele omgong te hawwen mei Candy, in jonge frou dy't er troffen hat yn 'e bar. Ear't dat syn beslach krije kin, wurdt Hammond gewaar dat Kelly it hotel ferlit. Dat, hy lit Candy yn betizing stean en hellet Cates op, sadat se Kelly wer folgje kinne. Kelly stapt yn in stellen stedsbus, dy't troch Bear bestjoerd wurdt. Hy jout Ganz de tas mei jild yn 'e ferwachting dêrmei Rosalie frij te krijen, mar ynstee sjit Ganz him dea. Dan wurdt Ganz de auto mei Cates en Hammond gewaar. In efterfolging mei hege faasje folget, wêrby't oer en wer sketten wurdt. Cates en Hammond wurde úteinlik troch de stedsbus fan 'e dyk riden en einigje yn 'e showroom fan in garaazje. Werom op it plysjeburo kriget Cates in fikse beskrobbing fan syn baas, haadynspekteur Haden, dy't him opdracht jout om Hammond werom te bringen nei it tichthûs en him fierder net mear mei de klopjacht op Ganz te bemuoien.

Nei't se tegearre it plysjeburo ferlitten hawwe, diskear yn Hammond syn auto om't it rynkranke âld brik fan Cates no total loss is, beslute Cates en Hammond lykwols om harren alderlêste kaart út te spyljen. It is in slach yn it tsjuster, mar se keare werom nei it appartemint fan Bear syn eardere faam yn Chinatown. It docht bliken dat se earder troch Casey en Sally foar it lapke holden binne. De froulju binne gjin lesbiënnes, mar inkeld keamergenoates, en de ferkearing tusken Casey en Billy Bear is noch tige 'oan', wylst Sally mei Ganz omslacht. Wannear't Cates en Hammond in ynfal yn it appartemint dogge, komt Bear mei in grut Bowiemês op Hammond ôf, dy't him nei twa warskôgings deasjit. Ganz ûntkomt nei de grimelgrammel fan steechjes yn Chinatown, efterfolge troch Cates. Hammond giet harren efternei, mar Ganz komt him oer it mad en oermasteret him. Dêrnei brûkt er him as libben skyld as Cates opdûkt. Hammond fiteret Cates oan om likegoed op Ganz te sjitten. Wannear't Cates dat ek echt docht, is er lykwols gâns oerstjoer, om't it fan him allinne mar bluf wie. Ganz rekket ferwûne, eat dat him noch nea oerkomd is en dêr't er suver net by kin. As er syn pistoal net falle lit, sjit Cates him mei syn twadde kûgel dea.

Letter dy nacht bringt Cates Hammond werom nei de bar dêr't se inoar earder dy jûns troffen, sadat Hammond dochs noch mei Candy op bêd kin foar't er werom moat nei it tichthûs. De tas mei jild, dy't se Ganz ôfnommen hawwe, stoppet Cates wer werom yn 'e kofferbak fan Hammond syn auto. Hy wegeret omkeapjild fan Hammond oan te nimmen, mar freget him om in liening, sadat er in nije auto keapje kin. De liening sil er oer in healjier, as Hammond út it tichthûs komt, werombetelje. Cates warskôget Hammond earnstich om syn libben te betterjen, en Hammond sei ta dat er dat dwaan sil, wylst er tagelyk besiket Cates syn oanstekker te stellen. Laitsjend sette de beide mannen ôf nei de finzenis.

Nick Nolte.
Eddie Murphy.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise       
ynspekteur Jack Cates Nick Nolte
Reggie Hammond Eddie Murphy


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Albert Ganz James Remar
Luther Kelly David Patrick Kelly
Billy Bear Sonny Landham
Elaine Marshall Annette O'Toole
Casey Margot Rose
Sally Denise Crosby
Candy Olivia Brown
resjersjeur Algren Jonathan Banks
ynspekteur Ben Kehoe Brion James
haadynspekteur Haden Frank McRae
Rosalie Kerry Sherman
resjersjeur Van Zant James Keane
Ruth Clare Nono
barkeeper yn countrybar Peter Jason
klant yn countrybar John Dennis Johnston

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmprodusint Lawrence Gordon hie al yn 1971 it oarspronklike idee foar 48 Hrs. Dat liek suver hielendal net op 'e úteinlike film, behalven it grûngegeven fan in plysjeman dy't in krimineel út it tichthûs hellet om him te helpen by it opspoaren fan dy syn eardere bindeleden. Roger Spottiswoode wie op dat stuit filmeditor en woe regisseur wurde; regisseur Walter Hill, mei wa't hy en Gordon yn 1975 de film Hard Times makken, rikkemandearre him oan om senarioskriuwen as tuskenstap te brûken. Under tafersjoch fan Hill skreau Spottiswoode doe de earste ferzje fan 48 Hrs. foar Columbia Pictures.

Doe't it projekt by dy filmstudio fêstrûn, naam Paramount Pictures it oer. Dêr woe men der in fehikel foar Clint Eastwood fan meitsje, mei Eastwood yn 'e rol fan 'e krimineel dy't letter taparte waard oan Eddie Murphy. Hill waard ynhierd om in nije ferzje fan it skript te skriuwen. Dat died er, mar doe't er it ynlevere, seid er derby dat er net tocht dat it wat wurde soe om't it neffens him net wurke mei Eastwood as krimineel. Ynstee sloech er foar om Eastwood de plysjeman spylje te litten en de swarte komyk Richard Pryor de krimineel. Dat wie op dat stuit in brêge te fier foar de studio, dat it projekt waard yn 'e iiskast pleatst en Eastwood makke ynstee de film Escape from Alcatraz.

Gordon en syn kollega-produsint Joel Silver fergeaten 48 Hrs. lykwols net, en tsjin 1979 besochten se it nochris, diskear mei Nick Nolte yn 'e rol fan 'e plysjeman. Yn 'e tuskentiid wie Pryor in grutte filmstjer wurden, en fan gefolgen doarst Paramount it doe wol oan om in swarte akteur yn ien fan 'e haadrollen te casten. Mei Hill as regisseur foel de kar op Eddie Murphy, dy't oanret waard troch syn ympressario Hildy Gottlieb, doedestiden de freondinne fan Hill. Murphy wie op dat stuit fral bekend as komyk yn it tillefyzjeprogramma Saturday Night Live, mar hie noch gjin grutte filmrollen spile.

Steven E. de Souza waard derby helle om it senario nochris ûnder hannen te nimmen, mar Hill fûn syn styl fan komeedzje ûnfoechsum foar dizze film, dat hy levere benammen grappen oan dy't de film net hellen. Twa wiken foar't de opnamen begûnen waard Larry Gross yn it plak fan De Souza beneamt. Neffens himsels wiene syn wichtichste bydragen oan it senario it idee dat Reggie Hammond nei twa en in heal jier yn it tichthûs út is op seks, en dat Jack Cates in relaasje hat mei in frommeske, Elaine, dy't genôch seks opsmyt mar hast neat oars, sadat Hammond en Cates yn dat opsjoch inoars spegelbyld binne. Fierders skerpe Gross de relaasje tusken Cates en syn baas oan en makke er de personaazjes fan Ganz, Bear en Kelly ynteressanter.

Foar 48 Hrs. wie in budget beskikber fan $12 miljoen. It meitsjen fan 'e film waard troch Paramount útbestege oan 'e filmproduksjemaatskippij Lawrence Gordon Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ric Waite, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.

De opnamen foar 48 Hrs. setten op 17 maaie 1982 útein en fûnen plak op lokaasje yn San Francisco. Eddie Murphy kaam pas in pear wike letter foar it earst op 'e filmset om't er earst it seizoen fan Saturday Night Live ôfmeitsje moast. Wylst der op syn oankomst wachte waard, fûnen de opnamen plak fan 'e begjinsênes fan 'e film, dêr't it personaazje fan Reggie Hammond net yn foarkomt. Neffens Larry Gross die regisseur Walter Hill by de opnamen war om 'e froulju yn 'e film (allegear lytse roltsjes) mear byldtiid en dialooch ta te partsjen.

De opnamen giene op harsels dat it slydjage. Nei't it skynt die Murphy iverich syn bêst, stied er iepen foar suggestjes en hold er him fierders oan it skript. Nettsjinsteande dat wiene de studiobazen by Paramount Pictures min te sprekken oer wat se fan 'e opnamen te sjen krigen. Algemien direkteur Michael Eisner siet yn noed dat de film net grappich genôch wêze soe, sadat Hill en Gross ûnder de opnamen nije dialooch foar de personaazjes fan Cates en Hammond skriuwe moasten. Neffens Hill gie dat troch oant de lêste filmdei. De studiobazen fûnen de bylden fan 'e sjitpartij yn it hotel te gewelddiedich en wiene min te sprekken oer it optreden fan Murphy. Hill krige te hearren dat it sa mei de film neat wurde soe en dat hy dêrom nea wer foar Paramount wurkje soe. Ek krongen de studiobazen der healwei de opnamen op oan om Murphy te ûntslaan, mar Hill en Nick Nolte fochten mei súkses om dat tsjin te kearen.

De distribúsje fan 48 Hrs. waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 8 desimber 1982 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde pas yn jannewaris 2011 by platemaatskippij Intrada Records.

Fan 'e filmkritisy krige 48 Hrs. oer it algemien tige positive resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 45 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "48 Hrs., dat in gâns ûnthjittend debút op it wite doek fan Eddie Murphy omfettet, is in aksjekomeedzje mei in heech tempo, dy't benammen slagget troch de treflike gemy tusken de beide haadrolspilers." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet 48 Hrs. in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 8 resinsjes. Tsjintwurdich wurdt 48 Hrs. rûnom beskôge as ien fan 'e bêste films fan 1982 en fan baanbrekkend belang foar de ûntjouwing fan it moderne plysjefilmsjenre.

48 Hrs. brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $78,9 miljoen op. Hoewol't ûnbekend is hoefolle oft de film yn oare lannen en territoaria yn it laadsje brocht, is de Noardamerikaanske opbringst al genôch foar in winst fan $66,9 miljoen, as men him ôfset tsjin it budget fan $12 miljoen. Fan dy winst moatte fansels de marketingkosten noch wol ôf. Nettsjinsteande dat wie 48 Hrs. de op seis nei meast opbringende film fan 1982, nei E.T. the Extra-Terrestrial, Tootsie, An Officer and a Gentleman, Rocky III, Porky's en Star Trek II: The Wrath of Khan.

Eddie Murphy waard yn 1983 foar syn rol yn 48 Hrs. nominearre foar de Golden Globe yn 'e kategory bêste akteardebút fan in akteur.

Ferfolchfilm en remakes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It súkses fan 48 Hrs. soarge derfoar dat jierren letter in ferfolchfilm makke waard, Another 48 Hrs., dy't yn 1990 útkaam. Yn 2017 wie der sprake fan dat der in remake fan 48 Hrs. makke wurde soe troch de bruorren Safdie, mar dêr stapten se yn 2019 fan ôf. Yn Yndia binne wol twa remakes fan 48 Hrs. ferskynd: de Hindytalige film Andar Baahar, út 1984, en de Kanareesktalige film Police File, út 1992.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.