Boarchtocht (strafrjocht)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Boarchtocht is de sitewaasje yn it strafrjocht wêrby't in fertochte fan in strafber feit, yn ôfwachting fan 'e behanneling fan syn strafsaak troch de rjochter, frijlitten wurdt út foararrest op betingst fan it ôfjaan fan in ûnderpân yn 'e foarm fan in jildbedrach, de saneamd boarchsom. Men sprekt yn sa'n gefal fan 'frijlitting op boarchtocht'. It idee efter it ôfjaan fan in ûnderpân is dat de fertochte net útnaaie sil om oan berjochting te ûntkommen, want dan wurdt foargoed beslachlein op it ôfjûne jild. Yn Nederlân is frijlitting op boarchtocht sûnt 1926 mooglik, en is it regele ûnder kêst 80 fan it Wetboek fan Straffoardering.

It wichtichste beswier tsjin boarchtochtregelings is dat dit systeem klassejustysje yn 'e hân wurket. Riken kinne ommers makliker in hege boarchsom byinoar krije as earmen, en as fertochten har berjochting al ûntrinne wolle soene, dan is de konfiskaasje fan 'e boarchsom foar riken makliker op te bringen as foar earmen. Rjochters besykje dêrom de hichte fan 'e boarchsom yn oerienstimming te bringen mei it fermogen fan 'e fertochte. Yn guon lannen, lykas de Feriene Steaten, besteane saneamde boarchagintskippen, dy't tsjin betelling fan in oansjenlike rinte de boarchsom foarsjitte oan earmlestige fertochten. As sa'nent neitiid fan ruten spilet, is it boarchagintskip syn jild kwyt, en yn sokke gefallen wurde faak moderne preemjejagers yn 'e earm nommen om 'e fertochte op te spoaren en by de plysje ôf te leverjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.