Springe nei ynhâld

Preemjejager

Ut Wikipedy
Beleanning foar it fangen fan John Wilkes Booth dy't presidint Abraham Lincoln fermoarde, 1865.

In preemjejager, ek wol bekend ûnder de Ingelske oantsjutting bounty hunter, is in partikulier persoan dy't besiket om lju finzen te nimmen dy't socht wurde troch de plysje en foar wa't dêrom in preemje útloofd is. As er sa'nent oan 'e autoriteiten oerdraacht, kriget de preemjejager dy preemje (yn 'e regel in beskaat jildbedrach) útkeard. Preemjejagers binne benammen in Amerikaansk fenomeen. Se wurde ornaris assosjearre mei it Wylde Westen, doe't der gauris preemjes útloofd waarden ûnder de kop "wanted: dead or alive" ("socht, dea of libben"). Yn dy tiid waarden sochte persoanen troch in preemjejager faak daliks deasketten, om't er dan minder muoite hoegde te dwaan om 'e oangeande persoan nei de autoriteiten ta te begelieden.

Mar ek hjoed de dei komme der yn 'e Feriene Steaten noch preemjejagers foar, dy't no benammen op lju jeie dy't útnaaid binne wylst se op boarchtocht frijlitten wiene yn ôfwachting fan harren rjochtsaak. Preemjejagers neame harsels no yn 'e regel bail recovery agent ("boarchweromwinningsagint") of bail enforcement agent ("boarchôftwingingsagint"). Sokken wurkje faak foar in boarchstellingsburo, dat tsjin in beskate rinte de boarchsom foarsjit foar lju dy't op boarchtocht frij komme. As sokken útnaaie, is sa'n buro de boarchsom kwyt, dus hat it der alle belang by dat de sochte persoan wer oan 'e autoriteiten oerdroegen wurdt. Soms neame preemjejagers harsels ek fugitive recovery agent ("weromwinningsagint fan fuortflechtigen"). De National Association of Fugitive Recovery Agents is in Amerikaanske lanlike fakferiening dy't de preemjejagersbrâns fertsjintwurdiget.

Preemjejagers foarmje in ynteressant en dêrom tankber ûnderwerp foar de Amerikaanske filmyndustry fan Hollywood. Sadwaande binne der frijwat films oer dit ûnderwerp. Foarbylden binne The Hunter (1980), mei Steve McQueen; Wanted: Dead or Alive (1986), mei Rutger Hauer en Gene Simmons; Midnight Run (1988), mei Robert De Niro; Domino (2005), mei Keira Knightley; The Bounty Hunter (2010), mei Gerard Butler en Jennifer Aniston; One for the Money (2012), mei Katherine Heigl; en Django Unchained (2012), fan regisseur Quentin Tarantino.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.