Rocky III

Ut Wikipedy
Rocky III
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sylvester Stallone
produsint Robert Chartoff
Irwin Winkler
senario Sylvester Stallone
kamerarezjy Bill Butler
muzyk Bill Conti
filmstudio United Artists
distribúsje MGM/UA Entertainment
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Carl Weathers
byrollen Talia Shire
Burgess Meredith
Burt Young
Mr. T
Hulk Hogan
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 maaie 1982
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $17 miljoen
opbringst $270 miljoen
filmsearje
filmsearje Rocky (filmsearje)
● foarich diel Rocky II
● folgjend diel Rocky IV

Rocky III is in Amerikaansk sportdrama út 1982 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen himsels en Carl Weathers. De film is it trêde diel út 'e Rocky-searje. It ferhaal folget bokser Rocky Balboa nei syn oerwinning op Apollo Creed om 'e wrâldtitel yn 'e swiergewichtklasse. Wylst er genietet fan syn súkses klaut de ûnmeilydsume jonge Clubber Lang, spile troch Mr. T, himsels omheech om Rocky út te daagjen. Rocky III krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar groeide yn 'e bioskopen út ta in reuseftich kommersjeel súkses. Dêrnjonken wie de titelsong Eye of the Tiger in grutte hit en waard nominearre foar in Oscar foar bêste orizjinele liet. It folgjende diel yn 'e filmsearje, Rocky IV, kaam út yn 1985.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trije jier nei't er syn twadde gefjocht om 'e wrâldtitel yn 'e swiergewichtklasse fan it boksen wûn hat fan Apollo Creed (sjoch: Rocky II), genietet Rocky Balboa fan it libben. Hy hat tsien ferskillende útdagers ferslein, is útsûnderlike populêr, wennet mei syn frou Adrian en soan Rocky jr. yn in lúkse filla en it ûntbrekt him oan neat. Hy is oates en toates op 'e tillefyzje, dêr't er meiwurket oan reklamespotsjes en praatprogramma's en sels te gast is yn The Muppet Show. Om jild yn te sammeljen foar it goede doel nimt er diel oan in gefjocht tsjin wrâlkampioen showwrakseljen Thunderlips (dêr't er trouwens noch aardich foar oan 'e bak moat).

Underwilens hâldt Rocky syn manager, de âlde Mickey Goldmill, senuweftich de opkomst fan in nije, jonge, uterst krêftige bokser yn 'e rekken, dy't Clubber Lang hjit. As Rocky by it Philadelphia Museum of Art in stânbyld fan himsels ûntbleatet dat it stedsbestjoer fan Philadelphia dêr ta syn eare pleatse litten hat, wol er oankundigje dat er him út it boksen weromlûkt. Lang dûkt dêr lykwols op om Rocky foar it each fan 'e sammele media persoanlik út te daagjen. Hy beskuldiget Rocky derfan dat dy mei opsetsin inkeld útdagings akseptearret fan mindere boksers. Rocky wol him negearje, mar as Lang obsene foarstellen oan syn frou Adrian begjint te dwaan, ferliest er syn selsbehearsking en nimt er Lang syn útdaging oan.

Mickey wol dêr yn 't earstoan neat fan witte. As Rocky him wat ûnder druk set, jout er ta dat er de tsien eardere útdagers mei soarch útsocht hat om te bewissigjen dat Rocky net nochris sa'n pak op 'e hûd krije soe as er fan Creed krigen hat. Mickey leit út dat Lang jong en krêftich is, mar wat folle wichtiger is, hy longeret op 'e oerwinning. Rocky soe it neffens him gjin trije omgongen tsjin Lang úthâlde, want hy hat syn 'honger' om te winnen ferlern, en minder noch, hy is 'beskaafd' wurden. Rocky is tige ûntefreden as er dat heart, mei't er fynt dat Mickey him 'brocht' hat, en hoewol't de eardere gefjochten gjin trochstutsen kaart wiene, fielt it foar him no oan as hat er syn titel net fertsjinne. Hy wol syn karriêre yn it boksen net ôfslute yn 'e wittenskip dat er de wrâldtitel nea mei súkses ferdigene hat tsjin 'e bêste tsjinstanners dy't der te finen wiene, dat hy bepraat Mickey om him te trainen foar in lêste gefjocht, tsjin Lang.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Rocky rjochtet yn syn filla in lúkse sportskoalle yn dêr't Mickey him traine moat yn it bywêzen fan 'e media en de fans. Se wurde dêr allegeduerigen ûnderbrutsen sadat Rocky fragen beäntwurdzje of mei fans op 'e foto gean kin. Mickey fynt it hielendal neat, mar hy kin Rocky net safier krije dat dy syn training serieuzer nimt. Yn tsjinstelling dêrta traint Clubber Lang yn in âld sportskoalle yn syn thússtêd Chicago, dêr't er mei ûnmeilydsume wisberettens in strang skema folget.

Op 'e jûn dat de bokswedstryd holden wurdt yn it Spectrum yn Philadelphia, treffe Lang en Rocky mei harren respektivelike entoeraazjes inoar ûnderweis nei de boksring efter de skermen. Troch Lang syn ûnsympatike hâlding brekt der suver dêr al in gefjocht út. Mickey, dy't it de lêste tiid oan it hert hat, wynt him sa op dat er in hertoanfal kriget. Hy wurdt werombrocht nei Rocky syn klaaikeamer. Rocky wol it gefjocht ôfsizze, mar Mickey fiteret him mei ynmoed oan om troch te setten. As de wedstryd begjint, is Rocky der troch de tastân fan Mickey mei de kop net goed by. Boppedat mist er ûnder it gefjocht Mickey syn oanwizings; syn sweager Paulie, dy't Mickey ferfange moat, wit net folle fan boksen ôf en hjit him om Clubber Lang gewoan del te slaan.

Rocky besiket it gefjocht gau-gau te beëinigjen sadat er werom kin nei de klaaikeamer dêr't Mickey op in dokter leit te wachtsjen. Hy wol Lang mei in rige stjitten yn it gesicht knock-out slaan, mar troch syn eigen gebrek oan training wol dat net slagje. De gruttere, sterkere en better tarette Lang bliuwt oerein en nimt dêrnei de lieding yn it gefjocht oer, en yn 'e twadde omgong slacht er Rocky knock-out en wint sa de wrâldtitel yn 'e swiergewichtklasse. Nei it gefjocht keart Rocky werom nei de klaaikeamer, dêr't de útputte Mickey noch altyd leit om't er wegere hat nei it sikehûs brocht te wurden foar't er wist hoe't it gefjocht ôfrûn is. Rocky fertelt him dat it yn 'e twadde omgong mei in knock-out besljochte is, sûnder derby te sizzen wa't wûn hat; Mickey nimt daliks oan dat Rocky de winner is en Rocky lit him dat leauwe. Fuort dêrnei komt Mickey fredich te ferstjerren.

Neitiid sakket Rocky wei yn in slimmen depresje wylst er rouwet oer de dea fan Mickey en oer syn eigen ferlies fan it wrâldkampioenskip. As er op in jûn by de sletten sportskoalle fan Mickey delgiet, wurdt er dêr opsocht troch syn eardere aartsfijân Apollo Creed. Dyselde hat as kommentator foar de media by it gefjocht tsjin Lang oanwêzich west, wêrby't Lang noch even de muoite naam om Creed te misledigjen en him sa tsjin him yn it harnas te jeien. Creed biedt Rocky no oan om him te trainen foar in revânsgefjocht tsjin Lang, as er him neitiid in geunst dwaan wol wêrfan't er noch net sizze wol wat it is. Rocky, dy't neat betters te dwaan hat, beslút op it oanbod yn te gean.

Mei Adrian, Paulie en Creed reizget Rocky ôf nei Los Angeles, dêr't Creed him mei syn eigen âlde trainer Tony "Duke" Evers traine wol yn 'e âlde sportskoalle dêr't er sels ea begûn is. Yn 't earstoan is Rocky te demoralisearre om 'e kop goed by de training te hawwen, wat Creed ta razernij bringt. Op in stuit praat Adrian op him yn, en dan jout Rocky ta dat er benaud fan Lang is, en dat it foar it earst yn syn libben is dat er earne benaud fan is. Adrian, dy't sels pynlike bleu wie doe't Rocky foar it earst mei har yn 'e kunde kaam, wit der alles fan hoe't it is om benaud te wêzen. Se helpt him om yn te sjen dat eangst in normale emoasje is dy't alle minsken fiele. Neitiid giet it stikken better mei de training, en Creed bringt Rocky mear technyk, fuottewurk en faasje by, sadat er in folsleinere bokser wurdt.

It revânsgejocht wurdt holden yn Madison Square Garden yn New York, dêr't Creed oan Rocky de boksbroek mei de Amerikaanske flagge lient dy't er sels by harren earste gefjocht droech. Hy bringt him harren ôfspraak nochris tebinnen: nei it gefjocht is Rocky him in geunst skuldich, al wol er noch hieltyd net sizze hokfoar geunst oft dat is. Sadree't it gefjocht begjint, draaft Rocky út syn hoeke wei en begjint op Lang yn te slaan mei in feardichheid en dreaunens dy't nimmen fan him ferwachte hie. Hy dominearret de earste omgong, wat Lang poerrazen en ferbjustere efterlit as de bel giet. Yn 'e twadde omgong kriget Lang de oerhân, en dan kiest Rocky foar in hiel oare strategy, dêr't Creed him oer besaut: hy lit Lang mei opsetsin op him yn slaan en sa syn krêften ferspylje. Dêrby wurdt Rocky twaris delslein, mar hy klaut wer oerein en driuwt de spot mei Lang om't it dyselde mar net slagget om Rocky knock-out te slaan.

Tsjin it begjin fan 'e trêde omgong ferliest Lang, dy't wend is om syn tsjinstanners fluch út te skeakeljen, almar mear syn selsbehearsking troch Rocky syn gehún. As er trochgiet mei te besykjen om Rocky mei krêftige slaggen bûten gefjocht te stellen, rekket er boppedat sa stadichoan ek útput. Rocky wit mei syn nij opdiene technyk de measte klappen fan Lang te blokkearjen of te ûntdûken. As Lang wurch en dêrtroch kwetsber is, grypt Rocky de kâns om mei him ôf te weven troch in opienfolging fan slaggen dy't kulminearje yn 'e knock-out fan syn tsjinstanner. Sa wint Rocky de wrâldtitel yn 'e swiergewichtklasse werom.

Nei't er tiid hân hat om fan it gefjocht mei Lang te bekommen, lit Creed him einlings en te'n lêsten witte hokfoar geunst oft er fan Rocky hawwe wol. In revânsgefjocht om te sjen wa't fan harren de bettere bokser is. Se fjochtsje as freonen mei nimmen derby yn Mickey syn âlde sportskoalle. De film einiget as de earste klappen falle.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sylvester Stallone yn 2015.
Carl Weathers yn 2015.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocky Balboa Sylvester Stallone
Apollo Creed Carl Weathers


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Adrian Pennino Balboa Talia Shire
Mickey Goldmill Burgess Meredith
Paulie Pennino Burt Young
Clubber Lang Mr. T
Thunderlips Hulk Hogan
Tony "Duke" Evers Tony Burton
Robert "Rocky" Balboa jr. Ian Fried
himsels sportferslachjouwer Stu Nahan
himsels oankundiger Jimmy Lennon sr.
himsels skiedsrjochter Lou Filippo
himsels sportferslachjouwer Dennis James
himsels sportferslachjouwer Jim Healy
himsels keunstner LeRoy Neiman

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as Rocky II, de foargeande film út 'e rige, waard Rocky III regissearre troch Sylvester Stallone nei in senario dat er sels skreaun hie. Hy spile sels ek wer de haadrol en hold dêrfoar moannenlang in Spartaansk trainingsrezjym oan, wêrby't er deis mar it wyt fan tsien aaien iet (mar net it aaigiel) en ien stik roastere bôle, mei eltse trêde dei in frucht. Op dat dieet draafde er moarns twa myl en died er twa oeren lang oan bankdrukken en oare foarmen fan gewichtsheffen. Nei in slûchje oan it begjin fan 'e middei bokste er achttjin omgongen (fan elts trije minuten), folge troch mear gewichtstraining en in ein swimmen. Sa krige er syn lichemsfetgehalte omleech ta 2,8%.

Foar Rocky III wie in budget beskikber fan $17 miljoen. De film waard produsearre troch Robert Chartoff en Irwin Winkler foar filmstudio United Artists (UA). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Butler, wylst komponist Bill Conti krekt as by de foargeande beide films de filmmuzyk fersoarge. Ta de soundtrack hearde ek it liet Eye of the Tiger, skreaun troch de band Survivor, dat de titelsong fan 'e film waard.

Stânbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar Rocky III waard troch keunstner A. Thomas Schomberg yn 1981 in stânbyld fan Rocky Balboa makke, dat yn 'e film troch it stedsbestjoer fan Philadelphia ta eare fan Rocky boppe-oan 'e treppen (bekend as de Rocky Steps) foar it Philadelphia Museum of Art ûntbleate wurdt. Nei't de opnamen dêr klear wiene, ûntbrânde der oer it byld in heech oprinnende rûzje tusken it museum en it echte stedsbestjoer. It museum fûn it byld neat mear as in rekwisyt dat neat mei keunst te krijen hie en woe it fuort hawwe, wylst it stedsbestjoer der troch de populariteit fan 'e Rocky-films in fergese toeristyske trekpleister yn seach dy't foar de pleatslike ekonomy miljoenen opleverje soe. Der waard in alternative lokaasje foar it byld socht, en it waard ferpleatst nei de foarkant fan it bokspaleis it Spectrum. Letter waard it werombrocht nei it museum foar de opnamen fan Rocky V, en ek fan 'e films Mannequin en Philadelphia. Dêrnei waard it wer ôffierd nei it Spectrum oant it op 8 septimber 2006 op 'e nij by it museum delset waard.

It Rocky-stânbyld yn Philadelphia.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmdistribúsje fan Rocky III waard fersoarge troch MGM/UA Entertainment. It wie it earste diel fan 'e Rocky-searje wêrfan't de distribúsje net troch United Artists dien waard nei't UA yn 1980 opgien wie yn Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). Rocky III gie op 28 maaie 1982 yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky III krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Yn 'e Chicago Tribune moast Gene Siskel der net folle fan hawwe. Hy joech de film twa en in heale stjer fan fjouwer en skreau: "It spyt my dat ik it sizze moat, mar der is neat nijs oan Rocky III, dat we sitte ús dêr [yn 'e bioskoop] ôf te freegjen wêrom't dizze film eins makke is." Ek fûn er dat it personaazje fan Rocky Balboa langer net mear sympatyk wie. Yn it tydskrift The New Yorker skreau Pauline Kael: "De earste Rocky wie primityf op in relatyf ûnskuldinge manear. Dizze film is primityf, mar ek snoad en leech en knoffelich."

Tom Milne, fan The Monthly Film Bulletin, wie wat mylder foar Rocky III, hoewol't ek hy fûn dat "de film al rillegau sjen lit dat er neat te bieden hat útsein mear fan itselde." Hy wie lykwols ek fan miening dat der "flechtige mominten" wiene dat de film it wol goed die, dy't neffens him benammen te tankjen wiene oan 'e "ynnimmende aktearprestaasje fan Carl Weathers". Milne konkludearre dat it perfoarst tiid wie om Rocky Balboa út te tellen.

Oare resinsinten hiene in hiel oare miening. Yn 'e Los Angeles Times skreau Sheila Benson: "Op 'e iene of oare manear har Sylvester Stallone nij libben ynblaasd yn in, sa't jo je foarstelle kinne, behoarlik wurge Rocky Balboa, en hat er him wer oerein witten te hysjen." Har konklúzje wie: "Rocky III wurket, miskien sels wol better as nûmers I en II." En yn The Washington Post neamde Rita Kempley Rocky III "krekt like leuk as altyd, in prike-fleis-en-jirpels-soarte fan film, mei keardels dy't inoar hielendal yninoar slane op 'e beat fan diskomuzyk."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rocky III in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 36 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] falt dúdlik ûnder de wet fan ferminderjende mearopbringsten, mar Rocky III hat noch genôch poatich spektakel om yn 'e ring te stean mei de bettere eksimplaren fan dizze franchise." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Rocky III in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 10 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e bioskopen waard Rocky III in ûnbidich súkses. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht de film $125 miljoen op, wêrmei't it dêr de op trije nei meast opbringende film fan 1982 wie. De opbringst yn alle oare lannen en territoaria bedroech $145 miljoen, sadat it wrâldwiid delkaam op $270 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $17 miljoen levere dat in winst op fan $253 miljoen. Neffens filmkritisy Roger Ebert en Gene Siskel wie it súkses fan Rocky III benammen te tankjen oan it feit dat de foargonger Rocky II sa'n goede film wie, en net oan 'e eigen kwaliteiten fan Rocky III sels.

Rocky III waard by de filmprizen fan 'e Japanske Akademy nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste bûtenlânske film. Ek sleepte de film in nominaasje yn 'e wacht foar bêste film by de Amerikaanske NAACP Image Awards. De titelsong Eye of the Tiger, dy't útgroeide ta in reuseftige hit, waard nominearre foar de priis foar bêste orizjinele liet by de Oscars, de Golden Globes en de BAFTA Awards. Akteur Mr. T, dy't yn 'e film syn debút makke yn 'e rol fan Clubber Lang, waard lykwols nominearre foar Golden Raspberry Award foar minste nije stjer.

Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1982 waard der troch útjouwerij Ballantine Books in roman publisearre dy't op Rocky III basearre wie, skreaun troch Robert E. Hoban.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)