Rocky II

Ut Wikipedy
Rocky II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sylvester Stallone
produsint Robert Chartoff
Irwin Winkler
senario Sylvester Stallone
kamerarezjy Bill Butler
muzyk Bill Conti
filmstudio Chartoff-Winkler Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Talia Shire
byrollen Carl Weathers
Burt Young
Burgess Meredith
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 juny 1979
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk (ek wat Italjaansk)
spyltiid 120 minuten
budget en resultaten
budget $7 miljoen
opbringst $200,2 miljoen
filmsearje
filmsearje Rocky (filmsearje)
● foarich diel Rocky
● folgjend diel Rocky III

Rocky II is in Amerikaansk sportdrama út 1979 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, nei in senario fan himsels en mei himsels yn 'e titelrol. Oare rollen waarden spile troch Talia Shire, Carl Weathers, Burt Young en Burgess Meredith. De film is in ferfolch op it tige súksesfolle Rocky, út 1976, en lit sjen wat der mei de sympatike bokser Rocky Balboa bart nei syn ferlerne gefocht om it kampioenskip yn 'e swiergewichtsklasse mei Apollo Creed. Rocky II krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, en hoewol't de film rûnom beoardiele waard as net sa goed as de earste film, groeide er yn 'e bioskopen dochs út ta in daverjend súkses. Yn 'e Rocky-filmsearje waard Rocky II folge troch Rocky III, dy't yn 1982 útkaam.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op nijjiersdei 1976 hat Apollo Creed, de wrâldkampioen boksen yn 'e swiergewichtsklasse, syn titel mei súkses ferdigene tsjin Rocky Balboa (sjoch: Rocky). De oerwinning wie foar Creed lykwols dreech te besetten, en de wedstryd is úteinlik einige mei in net-unanime beslissing fan 'e sjuery. Hy en Rocky wurde nei itselde sikehûs brocht. Hoewol't Creed ûnder it gefjocht noch úthold dat er gjin revânsgefjocht hawwe woe, betinkt er him neitiid, om't de healslachtige manear dêr't er op wûn hat, him min nei 't sin is. Hy hâldt by heech en by leech út dat it klearebare lok wie dat Rocky fyftjin omgongen tsjin him steande bleau, en om dat te bewizen, daget er Rocky fuortendaliks út ta in nije bokswedstryd. Rocky betanket lykwols foar de ear en makket bekend dat er him út it boksen weromlutsen hat. Syn faam Adrian is in grut foarstanner fan dat beslút, en ek syn dokters binne it der grif mei iens. Rocky is nammentlik sa oan syn rjochtereach ferwûne rekke, dat er yn dat each wol blyn wurde kin as er trochgiet mei boksen.

Rocky wurdt operearre oan syn rjochtereach en betteret stadichoan op. Nei't er út it sikehûs ûntslein is, freget er Adrian om mei him te trouwen. Sy jout tawurd en de brulloft fynt koarte tiid letter yn besletten fermidden plak. Rocky, dy't altyd yn earmoede libbe hat, mient dat er no it goede libben liede kin. Hy hat foar it gefjocht tsjin Creed $150.000 betelle krigen en begjint mei jild te smiten. De goede rie fan Adrian, dy't fynt dat se dat spul allegear net nedich binne, yn 'e wyn slaand, keapet er in sportauto, djoere klean en sieraden. Hy keapet ek in hûs, dêr't er mei Adrian yn lûkt. Koarte tiid letter rekket hja swier. Op 'e manear fan dwaan dy't Rocky no hat, is de $150.000 gau op, en hy moat sjen dat er wiif en bern op 'e iene of oare manear ûnderhâldt. Hy giet yn op it oanbod om mei te wurkjen oan in reklamespotsje, mar dêr blykt er folslein ûngeskikt foar te wêzen. Ferskate oare sollisitaasjes rinne ek op 'e non. Uteinlik fynt er wurk yn it slachthûs, dêr't syn sweager Paulie foarhinne wurke, mar as it bedriuw ynkrimpe moat, is hy de earste dy't ûntslach kriget om't er ek it lêste oannommen is. Dêrop giet Adrian wer oan it wurk as winkelbetsjinde yn 'e dierewinkel dêr't se earder wurke, wylst Rocky nei syn âlde trainer Mickey giet en him suver smeket oft er yn 'e sportskoalle net skjinmakker wurde mei.

Underwilens kriget Apollo Creed haatmail fan oer de hiele wrâld, om't it de fans net oan wol dat de wrâldkampioen boksen op in hier nei ferslein wurde kin troch samar ien út in efterbuert fan Philadelphia. Syn frou Mary Anne en syn trainer Tony "Duke" Evers riede him oan om der gjin oandacht oan te besteegjen, mar dat kin Creed net. Hy rekket obsedearre troch it idee dat in nije bokswedstryd tsjin Rocky de iennichste manear is om oan 'e hiele wrâld te bewizen dat de earste wedstryd gjin ôfsprutsen wurk wie, mar simpelwei lok foar Rocky en pech foar himsels. Wisberet om wat er sjocht as in besmodzging fan syn karriêre te ferhelpen, besiket er Rocky safier te krijen dat dy akkoart giet mei in nij gefjocht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 't earstoan hellet Rocky de skouders op oer Creed syn spjeldeprippen yn syn rjochting, mar dat hat inkeld ta gefolch dat Creed it noch mâlder begjint te dwaan. Neigeraden dat it oankringen op in revânsgefjocht útrint op in kampanje wêryn't Creed Rocky swartmakket en foar in leffert weiset, kriget Rocky der argewaasje fan. Dêrby komt dat er beprakkesearret dat in nij gefjocht yn ien klap in ein meitsje soe oan syn finansjele swierrichheden. Op in stuit freget er Mickey oft dy him wer traine wol, mar omreden fan Rocky syn sûnens wegeret dy dat. As Creed lykwols in skoftke letter op 'e tillefyzje yn in praatprogramma Rocky yn it iepenbier mislediget, wurdt Mickey poerrazen en feroaret er fan gedachten. Rocky giet wer yn training, mar Adrian is it der net mei iens. Noch los fan it feit dat se it freeslik fynt om tasjen te moatten dat Rocky yninoar slein wurdt, sit o sa oer Rocky syn each yn. Rocky wiist har derop dat er neat oars kin en dat dit is wa't er is, mar hja wegeret om him te stypjen.

It gefolch is dat Rocky ûnder syn trainingssesjes de kop der net goed by hat, ta groeiende frustraasje fan 'e opljeppende Mickey. Paulie giet op in stuit nei de dierewinkel ta om syn suster yn net mis te fersteane bewurdings te fertellen wat er derfan fynt dat se Rocky sa sitte lit, mar ûnder harren rûzje falt Adrian derhinne. Se wurdt yn in ambulânse nei it sikehûs brocht, dêr't se in moanne te betiid befalt fan in sûn jonkje. Sels rekket se lykwols troch bloedferlies yn koma. Rocky jout himsels de skuld fan wat der bard is, en wegeret om 'e poppe te sjen salang't Adrian der net by is. Hy bringt dagenlang ôfwikseljend troch oan har bêd en yn 'e kapel fan it sikehûs. Mickey besiket him te bepraten om troch te gean mei trainen, mar as Rocky dat negearret, jout er him by de wake, dêr't ek Paulie him út en troch sjen lit. As Adrian úteinlik wekker wurdt, fynt se in ûnskearde, útputte Rocky oan har bêd. De ferpleechster bringt harren de poppe, dy't se de namme Robert "Rocky" jr. jouwe. Adrian, dy't oandien is troch Rocky syn wake, beseft dat se har man net ôfnimme kin wêr't er goed yn is, en jout einlings en te'n lêsten har seine oan it nije gefjocht. No't er de training syn ûnferdielde oandacht jaan kin, giet foar Rocky de fierdere tarieding op 'e bokswedstryd dat it slydjaget.

It gefjocht wurdt yn Philadelphia holden, mei in publyk dat foar it meastepart út fans fan Rocky bestiet. Adrian kin der net by wêze, om't se op doktersadvys thúsbliuwe moat. Sy en Paulie folgje it gefjocht foar de tillefyzje. Creed stelt himsels foarôf yn it iepenbier ta doel om Rocky yn twa omgongen te ferslaan, sadat er oan himsels en de wrâld bewize kin dat Rocky syn taaiens yn harren eardere gefjocht inkeld lok wie. Rocky, dy't fan natuere loftshandich is, hat op ynstigaasje fan Mickey traint om mei syn rjochterhân te boksen, sadat er syn swakke each better beskermje kin en yn 'e hope dat dy feroaring Creed oer it mad komme sil. Rocky wurdt al rillegau twaris tsjin it kanvas slein troch Creed, mar wegeret en bliuw lizzen. Creed is him foar it meastepart fan it gefjocht oermânsk, mar Rocky syn ynkassearringsfermogen is reuseftich, en it gefjocht duorret de folle fyftjin omgongen.

Tsjin 'e tiid dat de fyftjinde omgong begjint, stiet Creed yn punten fier foar, en it iennichste dat er hoecht te dwaan om op 'e nij mei in sjuery-útspraak te winnen, is soargje dat er oerein bliuwt. Dat is no lykwols krekt wat Creed net wol: in gefjocht dat krekt-en-gelyk einiget as it earste. Wat hy wol is Rocky knock-out slaan, of alteast sa delslaan dat er net wer oerein komme kin foar't er troch de skiedsrjochter útteld wurdt. Hy negearret dêrom de smeekbede fan Duke Evers om út 'e buert fan Rocky te bliuwen en de bel ôf te wachtsjen dy't de ein fan 'e omgong oanjout. Ynstee falt er Rocky fuortendaliks wer oan. Rocky sels begjint no ynienen wer loftshandich te fjochtsjen, en ferkeapet Creed in searje opstoppers dy't op dramatyske wize it tij fan it gefjocht keare. De beide mannen binne tsjin dy tiid folslein ynein, mar se bliuwe opinoar ynhuffen oant se inoar op in stuit tagelyk delslane.

Wylst de skiedsrjochter harren allebeide begjint út te tellen, wrakselje sawol Creed as Rocky om oerein te kommen. Creed wit himsels oan 'e touwen fan 'e ring omheech te hysjen, mar sakket dan wer werom, wylst Rocky by it "Njoggen!" fan 'e skiedsrjochter wif wer op 'e skonken komt. Dat betsjut dat by 'tsien' inkeld hy oerein stiet en Creed útteld wurdt. Rocky hat sadwaande it gefjocht en de wrâldtitel wûn. Neitiid komt Creed oerein om Rocky de hân omheech te dwaan ta teken fan syn oerwinning. Rocky kriget in mikrofoan foar holden en seit in pear wurdsjes. Hy betanket Creed en it publyk en einiget mei in boadskip dat er oan syn frou rjochtet: "Jo, Adrian, it is my slagge!"

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sylvester Stallone.
Talia Shire.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocky Balboa Sylvester Stallone
Adrian Pennino Balboa Talia Shire


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Apollo Creed Carl Weathers
Paulie Pennino Burt Young
Mickey Goldmill Burgess Meredith
Tony "Duke" Evers Tony Burton
Mary Anne Creed Sylvia Meals
Robert "Rocky" Balboa jr. Seargeoh Stallone (as poppe)
Tony Gazzo Joe Spinell
pastoar Carmine Paul J. Micale
himsels skiedsrjochter Lou Filippo
himsels sportferslachjouwer Brent Musburger
himsels sportferslachjouwer Stu Nahan

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it ûnbidige súkses fan Rocky woene de produsinten Robert Chartoff en Irwin Winkler wol graach in ferfolch meitsje. Sylvester Stallone skreau op 'e nij it senario, mei as wurktitel Rocky II: Redemption, mar John G. Avildsen, de regisseur fan 'e earste film, sei ôf om't er te drok wie mei de preproduksje fan Saturday Night Fever. Stallone seach it wol sitten om sels ek de rezjy te dwaan, en fierde dêrfoar kampanje krekt sa't er dat by de earste film dwaan moatten hie om 'e haadrol te krijen. Filmdistributeur United Artists (UA) hie dêr net folle fertrouwen yn, mei't Stallone noch mar ien kear earder in film regissearre hie, it drama Paradise Alley, dat in flop wurden wie. Chartoff en Winkler, dy't wol foar it ferstân hiene hoefolle fan it súkses fan 'e earste Rocky te tankjen wie oan 'e bydragen fan Stallone, lobbyden lykwols foar him, en mei dêrtroch stimde UA úteinlik yn mei syn regisseurskip.

De kamerarezjy fan Rocky II waard dien troch Bill Butler, wylst komponist Bill Conti, krekt as by de earste film, de filmmuzyk fersoarge. Der wie in budget fan $7 miljoen foar de film beskikber.

Inkele dielen fan Rocky II waarden oars filme as se yn it senario stiene. Dat Rocky Apollo Creed oer it mad komt troch te wikseljen fan loftshandigens nei rjochtshandigens wie it gefolch fan in ûngemak. Wylst Stallone oan it trainen wie foar syn rol, skuorde er nammentlik syn lofterboarstspier by in wedstryd bankdrukken mei bodybuilder Franco Colombu. Hy moast operearre wurde en koe sadwaande ûnder de opnamen net mei syn lofterhân bokse. En dat Adrian op 'e ein fan 'e film net by it gefjocht fan Rocky mei Apollo Creed oanwêzich wie, kaam om't se op it stuit dat dy sênes filme waarden, de film Old Boyfriends oan it meitsjen wie en net op twa plakken tagelyk wêze koe. Stallone loste it probleem op troch Adrian it gefjocht thús foar de tillefyzje folgje te litten om't se der fan 'e dokter net hinne mei. De sênes mei Adrian en Paulie foar de tillefyzje waarden lykwols moannen nei de gefjochtssênes opnommen.

Rocky II iepene op 15 juny 1979 yn 'e Amerikaanske bioskopen. De soundtrack fan 'e film waard op 25 augustus 1979 yn 'e foarm fan in muzykalbum útbrocht en stie fiif wiken efterinoar yn 'e Billboard 200-albumlist.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky II krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy. Janet Maslin skreau yn The New York Times dat de film foar har "waaksich" oanfielde. Ek skreau se: "hy komt nea ta libben sa't [de earste film] dat die." Yn The Washington Post skreau Gary Arnold dat de film "op slaafske wize de plot fan Rocky werhellet," mei as iennichste ferskil "omwegen sa't men dy yn soapsearjes sjocht, fertragingstaktiken en in aaklike nije sfear fan gemienens dy't om it revânsgefjocht fan 'e boksers hinne hinget."

Neffens it tydskrift Variety "slacht Rocky II [lykwols] like hurd ta as it orizjineel," mei in finale "dy't sels noch better is as [dy fan] syn foargonger." Wat it ferhaal oer Rocky syn nije bestean bûten it boksen oangie, moast it blêd lykwols tajaan dat "de plot derta oerhinget om him mar wat fuort te slepen." Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune joech Rocky II trije en in heale fan fjouwer stjerren, en skreau dat, nettsjinsteande it feit dat de film swier stipe op 'e oarspronklike film, alles oan 'e film wurke. En yn 'e Los Angeles Times skreau Charles Champlin dat Rocky II de orizjinele film "net inkeld eksploitearret, mar him ek logysk en oangripend útwreidet."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Rocky II in ridlik heech goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 27 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Rocky II is in film dy't jin útdaget om te hoopjen op in oerwinning foar de ultime underdog – en in súkses wurdt fanwegen in oansteklik krêftige klimaks."

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky II brocht yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen $85,2 miljoen op, en wrâldwiid yn totaal $200,2 miljoen. Tsjin in budget fan $7 miljoen kaam de opbringst del op in winst fan $193,2 miljoen minus marketingkosten. It wie dêrmei sawol yn Noard-Amearika as yn 'e hiele wrâld de op twa nei meast opbringende film fan 1979. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Rocky II foar United Artists 75% op fan wat de earste Rocky-film opbrocht hie, wylst de regel doedestiden wie dat in ferfolch in súkses wie as it 30% fan 'e opbringst fan it orizjineel yn 't laadsje brocht.

Rocky II wûn yn 1980 by de American Movie Awards de priis yn 'e kategory bêste film, en by de People's Choice Awards de priis foar favorite film.

Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch yn 1979 waard der troch útjouwerij Ballantine Books in roman publisearre (mei deselde titel as de film), dy't op Rocky II basearre wie. It boek is yn it ik-perspektyf skreaun fanút it eachpunt fan Rocky sels.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)