Rocky Balboa (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Rocky Balboa
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Rocky Balboa (Film) Logo.png
makkers
regisseur Sylvester Stallone
produsint Charles Winkler
Billy Chartoff
David Winkler
Kevin King
senario Sylvester Stallone
kamerarezjy J. Clark Mathis
muzyk Bill Conti
filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer
Columbia Pictures
Revolution Studios
Chartoff/Winkler Productions
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Noard-Am.)
20th Century Fox (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Geraldine Hughes
Burt Young
byrollen Milo Ventimiglia
Antonio Tarver
James Francis Kelly III
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 20 desimber 2006
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $24 miljoen
opbringst $155,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Rocky (filmsearje)
● foarich diel Rocky V
● folgjend diel Creed

Rocky Balboa, soms oantsjut as Rocky VI, is in Amerikaanske sportdramafilm út 2006 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen himsels, Geraldine Hughes en Burt Young. De film is it sechsde diel fan 'e Rocky-searje, en ferfettet it ferhaal fan 'e sympatike bokser Rocky Balboa. Dat is no in widner dy't tsjin 'e sechstich rint, mei in restaurant dêr't er de iters oer syn kampioensjierren fertelt. Oan syn rêstich fuortskolferjende bestean komt in ein as op 'e tillefyzje in kompjûteranimearre gefjocht tusken himsels yn syn heechtijdagen en de hjoeddeistige swiergewichtkampioen Mason Dixon útstjoerd wurdt. Rocky Balboa kaam benammen ta stân om't Stallone fûn dat er neitlittich west hie mei it meitsjen fan Rocky V, dat lange tiid de ein fan 'e searje like hie, en dêr't in protte fans teloarsteld oer wiene. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en die it yn 'e bioskopen better as ferwachte.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky Balboa is no hast sechstich jier. Hy bokst al jierren net mear en libbet in rêstich libben as widner, mei't syn frou Adrian fjouwer jier earder oan kanker komme is te ferstjerren. Hy is de eigner fan in lyts mar deftich restaurant yn syn berteplak Philadelphia, dat er Adrian's Restaurant neamd hat. Dêr fertelt er de iters ferhalen út syn heechtijdagen as bokser. Spider Rico, in oan legerwâl rekke âlde bokser dêr't Rocky eartiids tsjin fochten hat, lit er dêr fergees ite. (De man, dy't God fûn hat, stiet der op in stuit op dat er de ôfwask dwaan mei, en wurdt mei ferrin fan tiid in fêste wurknimmer.) Underwilens wrakselet Rocky noch altyd mei fertriet oer Adrian har dea, en teffens hat er muoite him oan te passen oan 'e feroarjende tiden en om syn muoisume relaasje mei syn soan Robert geande te hâlden.

Robert is in wurknimmer by in grutte finansjele ynstelling, dêr't er net bot wurdearre wurdt. Hy stiet noch altyd yn it skaad dat syn ferneamde heit smyt, en langet om in libben op te bouwen wêryn't er net almar mei syn heit ferlike wurdt. Paulie, Rocky syn sweager, wurket wer yn it slachthûs dêr't er oarspronklik ek begûn is, no yn in liedingjaande funksje, wylst er yn syn frije tiid oan it skilderjen slein is. Hy giet lykwols bûgd ûnder swiere skuldgefoelens, mei't er syn suster Adrian faak min behannele hat, eat dat er no nea mear goedmeitsje kin.

Op 'e jûn fan 'e dei dat it persiis fjouwer lyn is dat Adrian stoar, makket Rocky in rûngong by alle plakken lâns dy't wichtich wiene foar harren relaasje. Robert hat ôfsein om't er wat oars hat, en nei ferrin fan tiid kin Paulie der net mear oer en heakket ek ôf. Rocky bedarret allinnich yn in bar yn syn âlde buert dêr't er foarhinne wolris kaam. Dêr treft er Marie, dy't dêr as servearster wurket. Sy is deselde as it jonge famke dat Rocky tritich jier lyn ris thúsbrocht hat doe't er har jûns let op 'e strjitte oantrof. Se is no in allinnichsteande mem mei in heal negroïde soan dy't Stephenson hjit, mar Steps neamd wurdt. Rocky bringt Marie dy jûns thús as har wurk dien is en set in bargast dy't harren wat neiropt te plak. Hy nûget har en har soan út om ris yn syn restaurant te kommen om dêr as syn gasten te iten, en Marie en Steps geane dêrop yn. De folgjende wiken groeit der in freonskip tusken harren, hoewol't de relaasje tusken Rocky en Marie alhiel platoanysk is, mei't Rocky Adrian noch net gean litte kin. Hy twingt Marie in bettere baan op yn syn restaurant, en nimt letter ek Steps yn 'e tsjinst, foar wa't er min ofte mear in heitfiguer wurdt.

Oan Rocky syn rêstich fuortskolferjende bestean komt in ein as de Amerikaanske sporttillefyzjestjoerder ESPN in kompjûteranimearre bokswedstryd útstjoerd tusken de hjoeddeistige wrâldkampioen yn 'e swiergewichtklasse, Mason Dixon, en Rocky sels yn syn heechtijdagen. De simulaasje einiget mei in oerwinning foar Rocky. Neitiid meitsje de media dêr witwat fan. Dixon is noch nea ferslein, mar hy is tige ympopulêr by de fans fan it boksen, mei't er syn tsjinstanners eltse kear yn 'e earste omgong al knock-out slacht. (Lju dy't in spannende bokswedstryd sjen wolle, hâlde dêr net fan.) Yn 'e media wurdt er bespot om't er him noch nea mei immen fan gelikense statuer metten hawwe soe. (Eltsenien jout trouwens ta dat dat net oan Dixon leit, mar oan 'e jammerdearlike steat fan it hjoeddeiske boksen.) As Dixon te rie giet by syn âlde trainer Martin, fertelt dy him dat er it respekt fan it publyk, en, wat wichtiger is, syn selsrespekt weromwinne sil as er tsjinstanner fynt dy't oan him weage is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De kompjûtersimulaasje ynspirearret Rocky om wer oan it boksen te gean, mei de bedoeling om wat lytse wedstrydsjes op lokaal nivo te dwaan. Dêrfoar moat er lykwols in fergunning oanfreegje fan it Amerikaanske boksbûn, en as dy him úteinlik takend wurdt, bringe de media dat as grut nijs. De promoaters fan Dixon fetsje dan it plan op om Dixon yn it echt tsjin Rocky fjochtsje te litten yn in demonstraasjegefjocht wêrfan't de opbringst nei it goede doel giet. Sa't sy it foarstelle, hat eltsenien der wat mei te winnen: Rocky kin noch ien kear in grutte wedstryd bokse, Dixon kin syn populariteit oppeppe, it goede doel is der finansjeel mei holpen en sysels kinne der flink wat oan fertsjinje (hoewol't se harren oer dat lêste stilhâlde).

Hoewol't se allebeide sa harren twifels hawwe, geane Dixon en Rocky mei it foarstel akkoart. De media smulle derfan en hawwe de gek mei beide mannen: Dixon om't er it blykber inkeld opnimme kin tsjin âlde mantsjes, en Rocky om't er syn reputaasje te grabbel goaid troch op 'e nij de ring yn te stappen wylst er dúdlik útranzjearre is. Rocky giet wer yn training by Tony "Duke" Evers, de âlde trainer fan syn freon silger Apollo Creed. Dyselde stelt fêst dat Rocky op jierren traach en artritysk wurden is, en dat er ynsette moat op krêfttraining om syn tsjinstanner sa hurd mooglik reitsje te kinnen.

Robert besiket Rocky syn foarnimmen te ûntpraten om oan it gefjocht mei te dwaan, om't Rocky net neitocht hat oer wat it foar him, Robert, betsjut. Rocky hat einlings syn nocht fan it egoïstyske hâlden en dragen fan syn soan en set him teplak: hy is ferantwurdlik foar syn eigen libben, en oaren de skuld jaan fan jins eigen tsjinrampen helpt net. Gebrûk meitsjend fan in boksmetafoar heakket er dêr oan ta: "It giet der net om hoe hurd ast slaan kinst, mar hoe hurd as slein wurde kinst en dochs noch foarút komme kinst." De oare deis komt Robert wer del om him mei Rocky te fermoedsoenjen. Hy fertelt him dat er ûntslach nommen hat om't er syn wurk hate en him tusken syn kollega's net op syn plak fielde.

It gefjocht wurdt holden yn it Mandalay Bay Resort and Casino yn Las Vegas, dêr't Rocky hinne reizget beselskippe fan Robert, Duke, Paulie, Marie, Steps en Spider Rico. As er mei Dixon yn 'e ring stapt, jout net ien fan 'e kommentators him lykfol hokker kâns. De earste omgong wurdt mei gemak dominearre troch de jongere, langere, fierder rikkende Dixon, sadat se gelyk lykje te krijen. Yn 'e twadde omgong ferwûnet Dixon lykwols troch eigen tadwaan syn lofterhân, en dêrnei komt Rocky op dramatyske wize werom. Hy slacht Dixon in kear del, hoewol't dy wer oerein komt, en ferbjusteret it publyk mei wat er op syn jierren noch yn 'e mars hat. De beide boksers hâlde de folle tsien omgongen oan mei opinoar yn te bûkjen. Yn 'e lêste omgong slacht Dixon Rocky del oant er op 'e knibbels leit, en eefkes liket it derop dat de âlde kampioen belies jaan moat, mar mei suver boppeminsklik trochsettingsfermogen komt er wer op 'e fuotten. De wedstryd einiget mei beide mannen noch steande.

Neitiid betanket Rocky Dixon foar de wedstryd en fertelt him dat er in grut bokser is. Dixon hat einlings syn selsrespekt fûn en it respekt fan it publyk wûn, al is dat begryplikerwize entûsjaster oer Rocky syn prestaasje as oer sines. De útkomst fan 'e wedstryd is in net-unanime beslissing fan 'e trijekoppige sjuery, dy't de oerwinning mei minym ferskil oan Dixon jout. Foar syn eigen gefoel hat Rocky lykwols wûn. Werom yn Philadelphia besiket er it grêf fan Adrian, tsjin wa't er seit: "Jo, Adrian, we hawwe it 'm lapt."

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocky Balboa Sylvester Stallone
Marie Geraldine Hughes
Paulie Pennino Burt Young


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Robert Balboa jr. Milo Ventimiglia
Antonio Tarver Mason Dixon
Steps James Francis Kelly III
Tony "Duke" Evers Tony Burton
Isabel Ana Gerena
Spider Rico Pedro Lovell
himsels, as promoater fan Dixon Lou DiBella
Martin Henry G. Sanders
Adrian Balboa Talia Shire (inkeld op argyfbylden)
Mickey Goldmill Burgess Meredith (inkeld op argyfbylden)
himsels oankundiger Michael Buffer
himsels skiedsrjochter Joe Cortez
himsels fersoarger Jacob "Stitch" Duran
himsels sportferslachjouwer Jim Lampley
himsels sportferslachjouwer Larry Merchant
himsels sportferslachjouwer Max Kellerman
himsels sportsjoernalist Bert Sugar
himsels bokser Mike Tyson (cameo)
himsels presintator Brian Kenny
himsels presintator Jay Crawford
himsels presintator Dana Jacobson
himsels presintator Skip Bayless
himsels presintator Woody Paige

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky Balboa waard sechstjin jier nei it foargeande diel yn 'e Rocky-searje makke. Dat wie Rocky V, út 1990. Neffens Sylvester Stallone wie ien fan syn wichtichste driuwfearren foar it meitsjen fan Rocky Balboa syn gefoel dat er mei Rocky V, dat in protte fans fan 'e filmsearje teloarsteld hie, yn syn eigen wurden "neilittich" west hie. Hy woe in better ein oan 'e searje meitsje. Rocky Balboa waard regissearre troch Stallone sels nei in senario fan eigen hân. As produsinten wiene by de film belutsen Charles Winkler, Billy Chartoff, David Winkler en Kevin King foar de filmstudio's Metro-Goldwyn-Mayer, Columbia Pictures, Revolution Studios en Chartoff/Winkler Productions. Der wie in budget fan $24 miljoen foar de produksje beskikber.

Stallone caste de echte bokser Antonio Tarver yn 'e rol fan syn tsjinstanner Mason Dixon. Hy hie eins earst in oare echte bokser, Roy Jones jr., foar de rol op it each, mar doe't dy net reägearre op Stallone syn besykjen om mei him yn kontakt te kommen, keas Stallone foar Tarver. Dyselde sloech him ûnder de opnamen in kear by fersin knock-out. It personaazje fan Marie, dat yn 'e film spile wurdt troch Geraldine Hughes, kaam as teenerfanke foar yn 'e film Rocky, út 1976, dêr't de rol spile waard troch Jodi Letizia. Stallone naam fierders de beslissing om Talia Shire net werom te freegjen om foar de sechsde kear de rol fan Rocky syn frou Adrian op him te nimmen, mar ynstee fan Rocky in widner en sa it ferhaal dramatysker te meitsjen. Shire fûn, nei't se de film sjoen hie, dat yn Rocky Balboa eins it rouproses sintraal stiet, en dat Adrian hast ta in mytysk figuer makke wurdt.

De opnamen foar Rocky Balboa setten yn desimber 2005 útein en duorren 38 dagen. Filmlokaasjes wiene Las Vegas, Los Angeles en Philadelphia. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan J. Clark Mathis. Under de postproduksje waard de filmmuzyk op 'e nij fersoarge troch Bill Conti, dy't ek de soundtrack fan fjouwer fan 'e fiif foargeande films út 'e searje makke hie.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Rocky Balboa waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en dêrbûten troch 20th Century Fox. Yn 'e Filipinen en Switserlân die 20th Century Fox dat yn gearwurking mei Warner Bros. Yn Japan waard Rocky Balboa útbrocht ûnder de titel Rocky: The Final. De film gie yn 'e Feriene Steaten op 20 desimber 2006 yn premiêre en waard op 20 maart 2007 útbrocht op dvd en blu-ray. De fraach oft der fan 'e film in soundtrackalbum bestiet, hat oanlieding jûn ta frijwat diskusje. Op 26 desimber 2006 brocht platemaatskippij Capitol Records in cd út mei de titel Rocky Balboa: The Best of Rocky, dy't in logo en omslach hie dy't gelyk wiene oan 'e filmposter. De cd befette lykwols muzyk fan alle seis Rocky-films.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky Balboa waard troch de filmkritisy oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen. Yn it tillefyzjeprogramma Ebert & Roeper joegen sawol Richard Roeper as gastkritikus Aisha Tyler de film in tomme omheech. Oare resinsjes dêr't de film yn priizge waarde, kamen û.o. fan it tydskrift Variety, The Hollywood Reporter, David Edelstien fan New York Magazine, Ethan Alter fan Premiere, Victoria Alexander fan FilmsinReview.com, Jeanne Aufmuth fan 'e Palo Alto Weekly, en Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly.

In beblette Sylvester Stallone op 'e set fan Rocky Balboa.

Yn 'e Los Angeles Times wie Kenneth Turan lykwols in oare miening tagedien. Hy bekritisearre it útgongspunt fan 'e film as "ûnoannimlik en ûnorizjineel", en de plot as "hastich delkwattele". Der kaam ek krityk op, sawol as dat der wat betizing ûntstie oer, de titel fan 'e film. In protte filmkritisy fûnen dat er folle better Rocky VI hjitte kinnen hie, of oars in folslein oare titel krije moatte hie, en dat de tafoeging fan inkeld de efternamme fan 'e haadpersoan it lykje liet as wie it remake fan 'e earste Rocky-film.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Rocky Balboa in ridlik heech goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 177 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, omskriuwt de film as "Unoannimlik, mar fermaaklik en oangripend". Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Rocky Balboa in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 36 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky Balboa wie ûnferwachts in in grut súkses yn 'e bioskopen. De film brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $70,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $85,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $155,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $24 miljoen betsjut dat in winst fan $131,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Rocky Balboa wie de súksesfolste film fan Sylvester Stallone sûnt de aksjefilm Cliffhanger, út 1993. It wie ek de op fiif nei meast opbringende boksfilm aller tiden, nei Rocky I oant en mei IV en Million Dollar Baby fan Clint Eastwood. Tsjin 2009 hie de ferkeap fan dvd's fan Rocky Balboa nochris $35,6 miljoen opbrocht.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)