Rocky IV

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Rocky IV
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Rocky IV Logo.png
makkers
regisseur Sylvester Stallone
produsint Robert Chartoff
Irwin Winkler
senario Sylvester Stallone
kamerarezjy Bill Butler
muzyk Vince DiCola
filmstudio United Artists
Metro-Goldwyn-Mayer
distribúsje MGM/UA Entertainment
spilers
haadrollen Sylvester Stallone
Carl Weathers
byrollen Talia Shire
Burt Young
Dolph Lundgren
Brigitte Nielsen
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 27 novimber 1985
foarm langspylfilm
sjenre sportdrama
taal Ingelsk
spyltiid 90 minuten
budget en resultaten
budget $28 miljoen
opbringst $300,4 miljoen
filmsearje
filmsearje Rocky (filmsearje)
● foarich diel Rocky III
● folgjend diel Rocky V

Rocky IV is in Amerikaanske sportdramafilm út 1985 ûnder rezjy fan Sylvester Stallone, mei yn 'e haadrollen Stallone sels, Carl Weathers en Dolph Lundgren. Yn 'e film wurdt Apollo Creed, de freon fan wrâldkampioen boksen Rocky Balboa, yn 'e ring deaslein troch Ivan Drago, in nije bokser út 'e Sovjet-Uny. Rocky daget dêrop Drago út ta in gefjocht om wraak te nimmen. De filmkritisy joegen Rocky IV mingde resinsjes, mar de film waard in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen en wie in fearnsiuw lang de meast opbringende sportfilm aller tiden. Finansjeel wie it sadwaande fierwei it súksesfolste diel fan 'e Rocky-rige. It fyfde diel, Rocky V, kaam út yn 1990. Rocky IV tsjinne fierders as eftergrûnferhaal foar de film Creed II, út 2018, wêryn't de soan fan Apollo Creed it opnimt tsjin 'e soan fan Ivan Drago.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er de wrâldtitel profesjoneel boksen yn 'e swiergewichtklasse weromwûn hat fan Clubber Lang (sjoch: Rocky III), liedt Rocky Balboa wer it goede libben. Hy is no sa ryk dat er syn sweager Paulie in robot op 'e jierdei jaan kin. Ivan Drago, de wrâldkampioen amateurboksen yn 'e swiergewichtklasse, arrivearret út 'e Sovjet-Uny wei yn 'e Feriene Steaten mei in team fan trainers út Ruslân en Kuba. Syn frou Ludmilla en syn manager, Nikolaj Kolov, wolle in demonstraasjegefjocht mei in heech oanskreaune Amerikaanske bokser organisearje, mei as doel om it talint en de feardichheden fan Drago oan te priizgjen as produkt fan it kommunistyske systeem. Rocky sjocht mei belangstelling ta, mar hy hat gjin inkele oanstriid om it tsjin Drago op te nimmen.

Syn freon Apollo Creed, oan 'e oare kant, wurdt der troch sjauvinisme en in oanberne drang om himsels te bewizen ta dreaun om Drago út te daagjen. Rocky hat sa syn twifels oft it wol ferstannich is foar Creed, dy't al fiif jier net mear bokst hat, om it tsjin 'e jongere, gruttere, sterkere Drago op te nimmen, mar Creed wol fan gjin tsjinspraak witte. As Rocky him freget of it gefjocht ynstee fan "do tsjin Drago" net eins "do tsjin dysels" is, ûntstekt syn freon yn grime. Uteinlik lit Rocky himsels beprate om Creed te trainen.

By in parsekonferinsje foarôfgeande oan it gefjocht ûntbrânt der in oprjochte fijânskip tusken de opljeppende Creed en de grutske Kolov. It demonstraasjegefjocht fynt plak yn it MGM Grand Hotel yn Las Vegas, dêr't de boksring mei Drago der al yn út 'e flier wei omheech tild wurdt, wylst Creed ferklaaid as Uncle Sam út 'e hichte fan it gebou omleech komt en in hiele show opfiert, kompleet mei showgirls yn nethoazzen en karnavalkostúms, wylst sjonger James Brown syn liet Living in America sjongt.

It gefjocht begjint frij nuet, wêrby't Creed ferskate klappen útdielt dy't gjin effekt op Drago hawwe. Dan slacht Drago werom, mei ûntstellende gefolgen. Tsjin 'e ein fan 'e earste omgong kin Creed it mar kwealk mear op 'e fuotten hâlde, en Rocky en syn oare trainer, Tony "Duke" Evers, smeke him om op te jaan. Creed wegeret dat lykwols beslist, en seit tsjin Rocky dat er it gefjocht yn gjin gefal stopje mei, "wat der ek bart." Yn 'e twadde omgong ferfettet Drago it freeslike wan bruien dat er Creed yn 'e earste omgong joech. Duke en Creed syn frou Mary Anne roppe Rocky ta om 'e handoek yn 'e ring te goaien, ta teken dat Creed opjout, mar Rocky wifelet en wachtet krekt wat te lang. Drago slacht noch ien kear bêst ta en Creed giet tsjin it kanvas. Hy komt net wer oerein en wurdt útteld troch de skiedsrjochter. Rocky, Duke en de oaren hastigje har nei him ta. Creed libbet noch, mar stjert koarte tiid letter yn Rocky syn earms, wylst Drago útdrukkingsleas tasjocht en yn in ûnferskillige reäksje tsjin 'e media seit: "As er deagiet, giet er mar dea."

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Neitiid wurdt Rocky tamtearre troch skuldgefoelens, mei't er te lang wachte hat mei it opjaan fan it gefjocht. Hy wurdt ek ta razernij dreaun troch de ûnferskilligens fan Drago en syn meistanners. Om in foarm fan wraak te nimmen, daget er Drago út ta in gefjocht, hoewol't it Amerikaanske boksbûn dêr gjin goedkarring foar jout. Dat betsjut dat Rocky syn wrâldtitel ôfnommen wurde sil as er trochset, mar dat kin him neat skele. Drago-en-dy brûke de fijannige reäksjes en sels deadsbedrigings dy't se ûntfange fan it Amerikaanske publyk as ferlechje om te easkjen dat it gefjocht tusken Rocky en Drago op Earste Krystdei yn Moskou plakfine sil. Rocky giet dêrmei akkoart. Syn frou Adrian is it net mei de gong fan saken iens, om't se bang is dat Drago Rocky deaslaan sil, krekt sa't er mei Creed dien hat. Se krije dêr rûzje oer, mar Rocky set dochs troch.

Mei Duke en Paulie reizget er nei de Sovjet-Uny ta, dêr't er op it plattelân fan Krasnogoerminsk, yn 'e oblast Moskou, op syn fersyk in ôfhandich boerespultsje tawiisd kriget. Dêr begjint er yn hast folsleine ôfsûndering, hoewol ûnder it tasjend each fan in pear KGB-aginten, oan syn training foar it gefjocht tsjin Drago. Wylst se dêr binne, fertelt Duke oer syn relaasje mei Creed. Hy leit út dat er dy suver grutbrocht hat, en dat syn dea oanfielt as hat er in soan ferlern. Ek sprekt er syn fertrouwen út dat Rocky it gefjocht winne sil.

Drago traint foar it each fan 'e sammele ynternasjonale parse yn in sportskoalle dy't grôtfol stiet mei de aldernijste high-tech-trainingsapparaten, wêrby't alles dat er docht sekuer yn 'e rekken holden wurdt troch in team fan trainers en dokters, dy't him (bûten it each fan 'e media) ek doping tatsjinje. Rocky syn tarieding bestiet, yn folsleine tsjinstelling dêrta, út it hakken fan hout, hurddraven troch de snieïge wyldernis, omrinnen mei beamstammen yn 'e nekke, it lûken fan in oerbeladen slide mei Paulie der boppe-op, en it beklimmen fan 'e heechste berch yn 'e omkriten. Ta syn grutte blydskip arrivearret ûnferwachts syn frou Adrian op it boerespultsje, mei't se, sa't se seit, net langer fuortbliuwe koe. Om't it dúdlik is dat se him net op oare gedachten bringe kin, jout se Rocky no har folsleine stipe, wat foar him oanlieding is om noch hurder te trainen.

Foar it gefjocht yn Moskou komt Rocky ienfâldich op, mar de oankomst fan Drago yn 'e sportarena wurdt troch de Russen in hiele seremoanje fan makke, dy't dúdlik ynspirearre is troch Creed syn show yn Las Vegas. It publyk, dêr't ek it foltallige Polytburo fan 'e Sovjet-Uny ta heart, is folslein op 'e hân fan Drago en tige fijannich foar Rocky oer. As it gefjocht begjint, giet Drago daliks yn 'e oanfal. Rocky kriget in flink pak op 'e hûd en wurdt de earste omgongen hinne en wer jage troch de ring. Tsjin 'e ein fan 'e twadde omgong rekket er Drago lykwols mei in hurde hoekstjit mei de rjochterhân, dêr't er Drago syn lofterwynbrau mei iepenleit, ta ferbjustering fan sawol Drago sels as it publyk. Nei't de bel in ein oan 'e omgong makke hat, moedigje Duke en Paulie Rocky oan troch te sizzen "it is gjin masine, it is gewoan in man," wylst Drago yn syn hoeke tsjin syn trainers opmerkt dat it wol liket as is dy Rocky fan izer.

De folgjende tolve omgongen bliuwt Rocky yn it gefjocht oerein, nettsjinsteande it brute wan bruien dat er fan Drago kriget. Syn ynkassearringsfermogen en taaiheid meitsje yndruk op it Russyske publyk, dat him geandewei it gefjocht begjint oan te moedigjen. Drago hat dêr sa'n argewaasje fan, dat er Kolov by de kiel fan 'e grûn ôf tilt en út 'e ring smyt as dy him it leksum lêze wol om't er Rocky noch net knock-out slein hat. Yn 'e lêste, fyftjinde omgong wit Rocky ynstee Drago knock-out te slaan, ta ûntsetting fan syn frou Ludmilla, syn trainers en de leden fan it Polytburo.

As Rocky dan in mikrofoan ûnder de noas drukt wurdt, jout er al útpûstend in taspraak wêryn't er neamt dat de minachting dy't it publyk yn 't earstoan foar him fielde geandewei it gefjocht feroare is yn respekt. Hy ferliket dat mei de fijannichheid tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny yn 'e Kâlde Oarloch en seit dat it better is om twa manlju fjochtsje te litten as tweintich miljoen manlju. Hy beslút syn betooch mei de wurden: "As ik feroarje kin, en jimme kinne feroarje, dan kin alles feroarje!" It publyk begjint te applaudisearjen en op it balkon komt de sekretaris-generaal fan 'e Sovjet-Uny oerein en docht itselde. Syn foarbyld wurdt gau folge troch de oare leden fan it Polytburo.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Rocky Balboa Sylvester Stallone
Apollo Creed Carl Weathers


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Adrian Balboa Talia Pennino Shire
Paulie Pennino Burt Young
Ivan Drago Dolph Lundgren
Ludmilla Draga Brigitte Nielsen
Tony "Duke" Evers Tony Burton
Nikolaj Kolov Michael Pataki
Mary Anne Creed Sylvia Meals
himsels oankundiger LeRoy Neiman
himsels sjonger James Brown
himsels sportferslachjouwer Stu Nahan
himsels sportferslachjouwer Warner Wolf
himsels sportferslachjouwer R.J. Adams
himsels sportferslachjouwer Barry Tompkins
himsels sportferslachjouwer Al Bandiero
sekretaris-generaal fan 'e Sovjet-Uny David Lloyd Austin

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rocky IV waard krekt as Rocky II en Rocky III regissearre troch Sylvester Stallone nei in senario dat er sels skreaun hie. As produsinten wiene by it projekt op 'e nij Robert Chartoff en Irwin Winkler belutsen foar de filmstudio's United Artists (UA) en Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bill Butler. Der wie in budget fan $28 miljoen beskikber foar Rocky IV.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen fûnen foar in diel plak yn 'e Amerikaanske steat Wyoming, dy't trochgie foar it winterske plattelân fan 'e Sovjet-Uny. It boerespultsje dêr't Rocky tahâldt en traint stie eins yn Jackson Hole, en it Nasjonaal Park Grand Teton waard brûkt foar in grut tal bûtendoarsênes dy't sabeare yn 'e Sovjet-Uny plakfine. It PNE Agrodome yn it Kanadeeske Vancouver tsjinne as de lokaasje foar it gefjocht tusken Rocky en Drago yn Moskou. Brigitte Nielsen, dy't yn 'e film de frou fan Drago spile, soe letter mei Stallone trouwe.

De robot fan Paulie, dy't meitiid in eigen fandom krige, wie makke troch International Robotics, Inc. út New York. De masine waard troch syn produsinten "SICO" neamd (klinkt as psycho, in Amerikaansk-Ingelske ôfkoarting foar "psychopaat"). De robot waard ynskreaun as lid fan it Screen Actors Guild, it Amerikaanske fakbûn foar akteurs, en gie yn 'e 1980-er jierren mei sjonger James Brown op toernee. It apparaat waard yn 'e film skreaun nei't it ynset wie by de behanneling fan Seargeoh, de autistyske soan fan Stallone.

Yn in fraachpetear fertelde Stallone yn 2006 dat it earste diel fan it gefjocht tusken him en Dolph Lundgren, dy't de rol fan Ivan Drago spile, echt wie. Stallone woe in reälistyske bokssêne opnimme en Lundgren stimde mei syn foarstel yn. Troch in tige krêftige slach fan Lundgren op it boarst fan Stallone waard syn hert tsjin syn boarstbonke oan raamd, mei as gefolch dat it hert opsette. Oanhâldend efter de pûst en mei in bloeddruk fan boppe de 200 hertslaggen yn 'e minút waard Stallone fan 'e filmset yn Vancouver nei it Saint John's Regional Medical Center yn Santa Monica flein, dêr't er acht dagen op 'e intensive care lei. Hy sei letter dat Lundgren nei syn miening de lichemsbou en it talint hie om in profesjoneel bokser fan 'e swiergewichtklasse te wurden.

Stallone fertelde ek dat by de opnamen it gefjocht tusken Carl Weathers, dy't de rol fan Apollo Creed fertolke, en Dolph Lundgren út 'e hân rûn. Doe't Lundgren Weathers op in stuit yn 'e hoeke fan 'e ring smiet, waard Weathers sa lulk dat er al skellend en flokkend út 'e ring stapte en rôp dat er net mear oan 'e film meiwurkje woe. De opnamen leine dêrnei fjouwer dagen stil wylst Stallone op Weathers ynprate oant dy úteinlik tajoech en wer mei Lundgren yn 'e ring stapte. Lundgren hie dêrfoar ûnthjitte moatten dat er syn agresje wat bedimje soe.

Rocky IV is ien fan 'e mar in pear sportfilms dêr't it lûd fan echte boksklappen en -stompen brûkt is foar de lûdseffekten. De film wie fierders syn tiid fier foarút troch it toanen fan baanbrekkende technology op it mêd fan sportapparatuer. In diel dêrfan soe pas tweintich jier letter op 'e merk komme.

Filmmuzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De filmmuzyk fan Rocky IV waard komponearre troch Vince DiCola. It wie de iennichste fan 'e earste seis films út 'e Rocky-rige wêrfan't de filmmuzyk net fersoarge waard troch Bill Conti, hoewol't guon fan dy syn meldijen út eardere Rocky-films troch DiCola yn 'e soundtrack fan Rocky IV ferwurke waarden.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Rocky IV waard fersoarge troch MGM/UA Entertainment. De film gie op 27 novimber 1985 (op Thanksgiving Day) yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Rocky IV mingde resinsjes. Roger Ebert parte de film mar twa fan fjouwer stjerren ta. Hy skreau dat de Rocky-searje einlings "op syn lêste skonken rint. It hat lang duorre, mei de iene súksesfilm nei de oare, mar Rocky IV gappet nei de lêste siken." Ek omskreau er de film as "sa foarsisber dat dernei sjen krekt itselde is as sjen nei ien fan dy âlde komeedzjesearjes wêryn't de personaazjes nea feroarje en deselde sitewaasjes almar wer weromkomme."

Yn it Britske tydskrift Empire stelde Ian Nathan it noch skerper. Hy joech de film twa fan fiif stjerren, en neamde it senario in "bespotlike keutel" en Rocky IV sels "[de film] wêryn't de Rocky-searje de handoek fan oannimlikens yn 'e ring smyt." Gene Siskel fan The Chicago Tribune parte de film lykwols 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "[Stallone] kreëarret smjunten dy't it heldhaftige personaazje [fan Rocky] weardich binne."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Rocky IV in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 45 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] blaast de aksje op ta absurde proporsjes, mar blykt úteinlik gjin ynhâld te hawwen tanksij in ferhaal dat in werhelling is fan 'e earste trije dielen fan 'e searje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Rocky IV in goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 11 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't de filmkritisy Rocky IV foar in oansjenlik part lauwe of negative resinsjes jûn hiene, beoardiele it bioskooppublyk de film dúdlik hiel oars. Rocky IV brocht yn 'e bioskopen yn Feriene Steaten en Kanada $127,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria nochris $172,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst sadwaande út op $300,4 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $28 miljoen betsjutte dat in winst fan $272,4 miljoen, al moasten dêr de marketingkosten noch fan ôflutsen wurde. Rocky IV wie mei dat resultaat de meast opbringende sportfilm aller tiden, en behold dat rekôr 24 jier, oant er yn 2009 ynhelle waard troch The Blind Side, mei in opbringst fan $309 miljoen. Dêrby is de ynflaasje yn 'e tuskenlizzende jierren lykwols net ferrekkene, wat betsjut dat Rocky IV eins oansjenlik mear opbrocht as The Blind Side.

De aktearprestaasje fan Dolph Lundgren yn 'e rol fan Ivan Drago waard frij algemien priizge. Rocky IV betsjutte it begjin fan syn filmkarriêre. De film sels wûn yn West-Dútslân de Goldene Leinwand, in priis foar films dy't binnen in jier tiid troch mear as trije miljoen minsken yn 'e bioskoop sjoen wiene. Rocky IV waard lykwols ek nominearre foar njoggen Golden Raspberry Awards (de prizen foar de minste prestaasjes op it mêd fan 'e filmkeunst), û.m. foar minste film, minste byrol fan in aktrise (Talia Shire), minste byrol fan in akteur (Burt Young) en minste senario. Hy wûn de Golden Raspberry Awards foar minste akteur (Sylvester Stallone, ek foar Rambo: First Blood Part II), minste regisseur (Stallone), minste byrol fan in aktrise (Brigitte Nielsen), minste nije stjer (Nielsen, ek foar Red Sonja) en minste filmmuzyk (Vince DiCola).

Rjochtsaak[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It senario fan Rocky IV wie ûnderwerp fan in ferneamde rjochtsaak oer auteursrjocht, Anderson v. Stallone. Timothy Anderson hie op eigen inisjatyf in kladferzje skreaun fan in senario foar in nije Rocky-film, en dat opstjoerd nei United Artists, de filmstudio dy't de Rocky-rige produsearre. De studio besleat syn senario net oan te keapjen, mar doe't letter Rocky IV útkaam, seach Anderson dat de film yn grutte halen it ferhaal fan syn kladskript folge. Hy klage dêrop Sylvester Stallone, dy't it senario foar de film skreaun hie, oan foar ynbrek op syn auteursrjocht. It gerjochtshôf oardiele lykwols dat Anderson foar syn kladskript personaazjes (út 'e eardere Rocky-films) brûkt hie, dêr't Stallone it auteursrjocht al op yn besit hie. Dat hied er dien sûnder dêr fan 'e rjochthawwende (Stallone) yn 't foar tastimming foar te krijen. Om't it kladskript dus ynbrek makke op it auteursrjocht fan Stallone, koe Anderson gjin oanspraak meitsje op auteursrjocht op syn skript, dat ommers al yn it besit fan Stallone wie.

Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1985 waard der troch útjouwerij Ballantine Books in roman publisearre dy't op Rocky IV basearre wie, mei deselde titel as de film, skreaun troch Sylvester Stallone.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rocky (filmsearje)
Rocky (1976) • Rocky II (1979) • Rocky III (1982) • Rocky IV (1985) • Rocky V (1990) • Rocky Balboa (2006) • Creed (2015) • Creed II (2018)