Billboard 200

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
It logo fan Billboard.

De Billboard 200 is in Amerikaanske albumlist wêryn't de twahûndert meast ferkochte muzykalbums en EP's werjûn wurde op folchoarder fan populariteit. De list wurdt eltse wike gearstald troch it toanoanjaande tydskrift Billboard. De Billboard 200 wurdt gauris brûkt om 'e populariteit fan in sjonger, sjongster of band oan te jaan, bgl. troch it tal albums te neamen dat it earste plak yn 'e list helle hat. De list waard yn 1956 ynsteld as in top 10-list, wêrnei't er stadichoan útwreide waard oant er yn maaie 1967 twahûndert plakken krige. De Billboard 200 krige syn hjoeddeistige namme pas yn maart 1992; earder hiet er Best-Selling Popular Albums (1956), Best-Selling Pop Albums (1956-1957), Best-Selling Pop LPs (1957-1960), de Billboard Top LPs (1961-1972), de Billboard Top LPs & Tapes (1972-1984), de Billboard Top 200 Albums (1984-1985) en de Billboard Top Pop Albums (1985-1992).

De albumlist is foar it meastepart basearre op Amerikaanske ferkeapsifers (sawol út 'e fysike detailhannel as fia digitale downloads), en yn mindere mjitte (sûnt 2014) ek op it streamen fan muzyk. Oarspronklik rûn de wyklikse perioade fan 'e Billboard 200 fan moandei oant en mei snein, mar sûnt july 2015 rint er fan freed (de dei dat de muzykyndustry wrâldwiid nije muzyk útbringt) oant en mei tongersdei. De nije list wurdt dan op sneon publisearre. Albums dy't net yn 'e Feriene Steaten útbrocht binne, mar dêr wol kocht wurde kinne fia ymport, komme net foar in plak yn 'e Billboard 200 yn oanmerking. Foarhinne kamen ek albums dy't eksklusyf troch beskate bedriuwen ferkocht waarden (lykas de supermerkkeatling Walmart of de kofjehûskeatling Starbucks), net foar opname yn 'e list yn oanmerking, mar dy útsluting waard mei yngong fan 17 novimber 2007 opheft.

It album dat it langste op it earste plak yn 'e Billboard 200 stien hat, is de soundtrack fan 'e filmmusical West Side Story, dy't yn 1962-1963 mar leafst 54 wiken efterinoar op it earste plak stie. Dêrnei komt Thriller, fan Michael Jackson (37 wiken op nûmer 1 yn 1983-1984), folge troch in dield trêde plak mei trije albums dy't 31 wiken op nûmer 1 stiene: Calypso fan Harry Belafonte (1956-1957), de soundtrack fan South Pacific (1958-1959) en Rumours fan Fleetwood Mac (1977-1978). Fan alle artysten hawwe The Beatles de measte nûmer 1-albums yn 'e Billboard 200 hân, te witten: 19. Rapper Jay-Z hie 14 nûmer 1-albums en Barbra Streisand en Bruce Springsteen allebeide 11, folge troch Elvis Presley en Eminem mei 10. Rekkene sûnt 1963 stiene The Beatles opteld de measte wiken op it earste plak (132), folge troch countrysjonger Garth Brooks (52) en de King of Pop Michael Jackson (51).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.