South Pacific (film út 1958)

Ut Wikipedy
South Pacific
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joshua Logan
produsint Buddy Adler
senario Paul Osborn
basearre op de musical South Pacific;
Tales of the South Pacific fan
James A. Michener
kamerarezjy Leon Shamroy
muzyk Richard Rodgers (tekst)
Oscar Hammerstein II (muzyk)
filmstudio South Pacific Enterprises
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen John Kerr
Mitzi Gaynor
Rossano Brazzi
byrollen Juanita Hall
Ray Walston
Russ Brown
Floyd Simmons
France Nuyen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 maart 1958
foarm lange filmmusical
sjenre romantyske oarlochsfilm
taal Ingelsk (ek wat Frânsk)
spyltiid 157 minuten
budget en resultaten
budget $5,6 miljoen
opbringst $36,8 miljoen
prizen Oscar 1959

South Pacific is in Amerikaanske romantyske oarlochsfilmmusical út 1958 ûnder rezjy fan Joshua Logan, mei yn 'e haadrollen John Kerr, Mitzi Gaynor en Rossano Brazzi. De titel betsjut "Stille Súdsee". De film waard basearre op 'e tige súksesfolle toanielmusical South Pacific, fan Rodgers en Hammerstein, út 1949, dy't sels wer loskes basearre wie op 'e ferhalebondel Tales of the South Pacific, út 1947, fan 'e Amerikaanske auteur James A. Michener. It ferhaal giet oer in eilân yn 'e Stille Súdsee, dêr't Amerikaanske militêren dy't dêr ûnder de Twadde Wrâldoarloch legere binne, leafdesrelaasjes krije mei de lânseigen befolking. It ûnderlizzende tema is rasisme. De film waard tige goed ûntfongen en wûn in Oscar foar bêste lûd. Dêrnjonken waard er nominearre foar twa oare Oscars en twa Golden Globes.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twadde luitenant Joseph Cable fan it Amerikaanske Marinierskorps arrivearret yn 'e Twadde Wrâldoarloch op in net by namme neamd eilân yn 'e Stille Súdsee, dêr't de matroazen fan 'e Amerikaanske Marine harren op it strân bekleie oer it gebrek oan beskikbere froulju. Ferpleechsters by de marine binne ofsieren (en dêrom ûnberikber foar sljochtwei matroazen), en fierders is der mar ien frou op it eilân, dy't "Bloody Mary" neamd wurdt, in slûchslimme âldere Tonkineeske ferkeapster fan gersrokken en oare snústerijen. Doe't de eilânbewenners hearden dat Amerikaanske matroazen en mariniers op it eilân stasjonearre wurde soene, hawwe se alle oare lânseigen froulju evakuëarre nei in oanbuorjend eilân, it mysterieuze Bali Ha'i, dêr't inkeld ofsieren komme meie. De snoade Luther Billis, dy't mank de matroazen in liedende rol hat, langet dernei om nei Bali Ha'i oer te stekken om mei de pleatslike froulike befolking "yn 'e kunde te kommen", mar dêrfoar hat er ferlet fan in ofsier by wa't er him by oanslute kin.

Cable is nei it eilân ta stjoerd om diel te nimmen oan in gefaarlike spionaazjemisje dy't it tij fan 'e oarloch yn dit diel fan 'e wrâld keare kin. Bloody Mary hat in bûtenwenstige soad belangstelling foar him en besiket him mei te troaien nei Bali Ha'i, wêrfan't se op mysterieuze wize seit dat it "syn spesjale eilân" is. Billis sjocht syn kâns skoan en biedt Cable oan om in boat foar him te regeljen. Cable hat lykwols gjin earen nei ôfliedings; hy is hjir om mei de pleatslike kommandant, kaptein-op-see George Brackett, en dy syn direkte ûnderhearrige, kaptein-luitenant-op-see Bill Harbison, te oerlizzen oer syn misje. It is de bedoeling dat er dropt wurde sil op it eilân Marie-Louise, dat beset is troch de Japanners. Dêrwei sil er de bewegings fan 'e Japanske float yn 'e rekken hâlde en yn 't foar warskôgje kinne as der in oanfal ynset wurdt. Hy is dêrfoar lykwols al in pleatslike gids nedich dy't Marie-Louise goed ken, sadat er út 'e hannen fan 'e Japanners bliuwe kin.

Underwilens is ien fan 'e marineferpleechsters op it eilân, de naïve Nellie Forbush út Little Rock (Arkansas), yn 'e kunde kommen mei in pleatslike Frânske plantaazje-eigner yn syn middeljierren dy't Émile de Becque hjit. Hoewol't se him noch mar koarte tiid ken, is se smoarfereale op him rekke. Émile is ek fereale op har, mar se hawwe harren gefoelens noch net útsprutsen en binne der beide ûnwis fan oft de oare harren leafde beäntwurdet. As Nellie nei in besyk oan 'e plantaazje fan Émile ôfskie nommen hat en ôfset is, jouwe twa jonge, healbloed-Polynezyske bern harren by Émile, en wurdt dúdlik dat er harren heit is. Werom op 'e basis befreegje Brackett, Harbison en Cable Nellie oer Émile, fan wa't bekend is dat er Marie-Louise ken as wie it syn eigen broeksbûse. Se ûntdekt dat se eins hielendal net sa'n soad oer him wit, al is se der wol wis fan dat er hielendal allinne op 'e wrâld is, sûnder lykfol hokker famylje. De ofsieren, dy't witte dat Émile twa bern hat út in houlik mei in Polynezyske frou dy't inkele jierren earder ferstoarn is, hâlde harren dêroer stil, mar freegje har wol om út te finen hokker politike opfettings oft er hat en wêrom't er út Frankryk wei gien is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Troch de ûnderfreging troch de ofsieren is Nellie ta it besef kommen dat se yn in romantyske relaasje behelle rekke is dy't hielendal los stiet fan 'e wurklikheid. Se beslút dat it iennichste rasjonele dat se dwaan kin, is om 'e relaasje te ferbrekken. As Émile har lykwols ûnferwachts opsiket en har útnûget foar in feest dat er yn har eare jaan wol, sadat se mei syn freonen yn 'e kunde komme kin, fynt se it ûnfatsoenlik om te wegerjen. Émile sjocht dat as oanmoediging; hy ferklearret dêrop syn leafde foar har en freget har om mei him te trouwen. Dat giet Nellie fierstente hurd, en as de fragen fan 'e ofsieren har yn 't sin komme, fernimt se nei syn politike opfettings. Émile, dy't soks net ferwachte hie, praat wat om oer universele frijheden. Op har fraach oer wêrom't er út Frankryk wei gien is, leit it er har út dat er dêr by in fjochtpartij mei ien dy't him tenei kaam by fersin syn tsjinstanner deade hat. Nei it hearren fan dy antwurden, jout Nellie him tawurd.

Letter wurdt Émile by Brackett en Harbison roppen, dy't him freegje om as gids mei te gean op Cable syn nuodlike misje nei Marie-Louise. Émile wegeret lykwols, om't er troch syn foarnommen houlik mei Nellie no tefolle te ferliezen hat. De misje fan Cable wurdt dêrtroch frijwol ûnmooglik makke, en Harbison jout him in pear dagen ferlof om him op it eilân te fermeitsjen foar't er weromkeare sil nei syn eigen basis. Underwilens hat Billis in boat witten te besetten om Cable en (foaral) himsels oer te setten nei Bali Ha'i. Dat eilân blykt smoarfol mei oantreklike jonge froulju te sitten, sadat Billis alhiel yn 'e wolkens is. Cable treft op it eilân Bloody Mary, dy't him yn 'e kunde bringt mei har tsjeppe jonge dochter Liat, mei wa't er inkeld kommunisearje kin yn brutsen Frânsk. Mary, dy't fan betinken is dat in houlik mei in Amerikaansk ofsier it bêste is dat har dochter yn it libben berikke kin, lit Cable mei it famke efter. It is foar harren allebeide leafde op it earste gesicht, en se bedriuwe de hiele middei de leafde.

Dyselde jûns swaaie Émile en Nellie nei ôfrin fan it feest de gasten út. Neitiid bringt Émile har yn 'e kunde mei Ngana en Jerôme, syn bern by syn earste, donkerhûdige, Polynezyske frou. Nellie, dy't ôfkomstich is út it segregearre Amerikaanske Suden, is skokt oer dat ynterrasiale houlik en kin net oer it rasisme hinne stappe dat har fan bern ôf oan bybrocht is. Alhiel yn triennen ferlit se de plantaazje yn it besef dat it no nea mear wat tusken harren wurde kin. Yn 'e wike dêrnei brekt der in epidemy fan malaria út op 'e basis, dy't Nellie dwaande hâldt yn it sikehûs. Oan 'e ein fan 'e wike is it Thanksgiving, wêrfoar't de matroazen, mariniers en ferpleechsters in revu opfiere dêr't Nellie ek oan kop en earen ta yn behelle is.

Luitenant Cable is ien fan dejingen dy't mei malaria oanhelle rekket, mar hy ûntkomt út it sikehûs om tiid troch te bringen mei Liat. Wat mear de beide toarteldokes mei-inoar omgeane, wat moaier Bloody Mary it fynt. As se Cable lykwols begjint oan te trúnjen om mei Liat te trouwen, set dat him mei de beide fuotten stevich wer op 'e grûn. Hy beseft dat syn famylje, thús yn Philadelphia, nea in houlik mei in Tonkineesk famke akseptearje soe. As er dat oan Bloody Mary besiket út te lizzen, ûntstekt hja yn grutte grime en sleept se Liat by him wei, wylst se seit dat se it fanke no úthylkje sil oan in âlde Frânske plantaazje-eigner.

Nei ôfrin fan 'e Thanksgiving-revu sprekt Émile Nellie oan en smeket har om fan gedachten te feroarjen en dochs mei him te trouwen. Nellie wegeret dat en seit dat se nea mear itselde foar him fiele kin no't se wit dat er mei in Polynezyske frou troud west hat. Fol ûnbegryp freget Émile oan Cable wêr't sokke foaroardielen wei komme. De mei selswalging ompakkende Cable, dy't yn deselde sitewaasje as Nellie sit, leit him út dat rasisme net oanberne is, mar bern soarchfâldich bybrocht wurde moat foar't se âld genôch binne om te begripen wat in ûnsin it eins is. Hy swart dat er nei de oarloch net nei de Feriene Steaten weromkeare sil, mar him ynstee nei wenjen sette sil op in eilân yn 'e Stille Súdsee. No't Émile neat mear te ferliezen hat, freget Cable him op 'e nij om mei te gean op syn misje nei Marie-Louise, en Émile stimt ta.

Yn 'e fleanboat dy't Cable en Émile nei Marie-Louise ta bringe sil, blykt Billis as ferstekling meikommen te wêzen. As it tastel skansearre rekket troch Japansk loftdoelgeskut, knoffelet er lykwols troch it gat en falt út it fleantúch oan in parasjute yn see. Der moat in withoegrutte rêdingsoperaasje foar him op poaten set wurde, dy't lykwols ûnbedoeld as ôfliedingsmaneuver tsjinnet sadat Cable en Émile ûnûndutsen by harren bestimming ôfset wurde kinne. De folgjende pear wiken stjoere de beide mannen oanhâldend berjochten werom oer Japanske floatbewegings yn 'e smelle, mar strategysk wichtige seestrjitte dêr't Marie-Louise op útsjocht. De Japanske skippen wurde dêrtroch ferskate kearen troch Amerikaanske bommesmiters ûnderskept en ferneatige.

Underwilens heart Nellie de pasjinten yn har sikehûs praten oer Cable en "de Frânsman". As se kaptein-op-see Brackett dêrnei freget, befêstiget dy har bange fermoeden dat it om Émile giet. Yn in lêste berjocht seit Émile dat harren posysje ûnhâldber wurden is, en dat Cable omkommen is by in oanfal troch in pear Japanske Zero's. As Nellie fan dat berjocht heart, beseft se dat se dwaas west hat troch fuort te smiten wat sy en Émile hiene. Bloody Mary komt by har, mei Liat op sleeptou, om har te freegjen wêr't Cable is; se leit út dat it fanke mei net ien oars as him trouwe wol. Nellie jout harren it minne nijs en besiket Liat te treastgjen. Troch de útskeakeling fan in grut part fan 'e Japanske float yn dit diel fan 'e Stille Súdsee, mooglik makke troch de misje fan Cable en Émile, kinne de Amerikanen no in grut offinsyf ynsette. Alle matroazen, wêrûnder Billis, dy't oant no ta mar wat op it strân omhongen, komme yn aksje en it eilân streamt leech. As Émile, dy't tsjin alle ferwachtings yn it faaie libben derôf rêden hat, úteinlik wurch en smoarch thúskomt, treft er dêr Nellie Forbush oan, dy't oan Ngana en Jerôme fertelt dat se no harren mem is, en fan 'e bern it ferske Dites-moi leart.

Musicalnûmers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film iepenet mei in orkestrale ûvertuere dy't trije en in heale minút duorret. Lieten yn 'e film binne:

  1. Bloody Mary
  2. There Is Nothing Like a Dame
  3. Bali Ha'i
  4. A Cock-Eyed Optimist
  5. Twin Soliloquies
  6. Some Enchanted Evening
  7. Dites-moi (fan dit liet is yn 'e film inkeld yn ferkoarte foarm te hearren, mar op it soundtrackalbum is de folsleine ferzje opnommen)
  8. I'm Gonna Wash That Man Right Outta My Hair (fan dit liet is yn 'e film inkeld yn ferkoarte foarm te hearren, mar op it soundtrackalbum is de folsleine ferzje opnommen)
  9. I'm in Love with a Wonderful Guy
  10. Younger Than Springtime
  11. Happy Talk
  12. Honey Bun
  13. My Girl Back Home
  14. You've Got to Be Carefully Taught
  15. This Nearly Was Mine
  16. Finale

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Kerr.
Mitzi Gaynor.
Rossano Brazzi.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
twadde luitenant Joseph Cable John Kerr
Bill Lee (sang; net fermeld op 'e ôftiteling)
luitenant-op-see 3e klasse Nellie Forbush Mitzi Gaynor
Émile de Becque Rossano Brazzi
Giorgio Tozzi (sang)


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Bloody Mary Juanita Hall
Muriel Smith (sang; net fermeld op 'e ôftiteling)
matroas Luther Billis Ray Walston
kaptein-op-see George Brackett Russ Brown
kaptein-luitenant-op-see Bill Harbison Floyd Simmons
Liat France Nuyen
"De Professor" (matroas) Jack Mullaney
"Stewpot" (matroas) Ken Clark
Thurl Ravenscroft (sang; net fermeld op 'e ôftiteling)
Ngana Candace Lee
Jerôme Warren Hsieh
luitenant Buzz Adams Tom Laughlin
Henri, de tsjinstfeint fan De Becque Francis Kahele
ko-piloat Richard Harrison
navigator Ron Ely
admiraal Kester Richard H. Cutting

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Preproduksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it súkses fan 'e ferfilmings fan oare musicals fan Rodgers en Hammerstein, lykas Oklahoma! (1955), Carousel (1956) en The King and I (1956), besleaten Richard Rodgers en Oscar Hammerstein II South Pacific oan te pakken as harren folgjende projekt. De film wie basearre op 'e tige súksesfolle toanielmusical South Pacific, út 1949, dy't sels wer loskes basearre wie op 'e ferhalebondel Tales of the South Pacific, út 1947, fan 'e Amerikaanske auteur James A. Michener. As regisseur waard Joshua Logan oanlutsen, wylst Buddy Adler as filmprodusint fungearre. It senario waard skreaun troch Paul Osborn. Foar de film wie in budget fan $5,6 miljoen beskikber.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de haadrollen fan Émile de Becque en Nellie Forbush hiene de produsinten oarspronklik Ezio Pinza en Mary Martin yn gedachten, deselden dy't dy rollen ek yn 'e musicalproduksje fertolke hiene. Doe't Pinza yn maaie 1957 hommels kaam te ferstjerren, besleaten se lykwols om net allinnich yn syn rol, mar ek yn dy fan Martin nije akteurs te casten. Doris Day waard de rol fan Nellie oanbean, mar sloech it oanbod ôf; Elizabeth Taylor bedoar har audysje doe't se wraksele mei plankefrees. Rodgers woe neitiid net mear mei har gearwurkje, en Logan besocht him om 'e nocht te bepraten nei't er har sjongen heard hie. Uteinlik waard musicalaktrise Mitzi Gaynor foar de rol útkeazen, nei't se twa kear audysje dien hie.

Foar de rol fan Émile de Becque waarden earst fêstige nammen as Charles Boyer, Vittorio De Sica en Fernando Lamas oansocht, foar't de kar op Rossano Brazzi foel. Yn 'e rollen fan Luther Billis en Bloody Mary waarden Ray Walston, resp. Juanita Hall cast, dy't beide dyselde rol alris spile hiene yn 'e musicalproduksje.

Yn 'e film waard it sjongen fan Rossano Brazzi neisyngronisearre mei de stim fan Giorgio Tozzi. Itselde waard dien foar John Kerr mei de stim fan Bill Lee, foar Juanita Hall mei de stim fan Muriel Smith, en foar Ken Clark mei de stim fan Thurl Ravenscroft. Gaynor en Walston wiene de iennichste wichtige akteurs dy't yn 'e filmferzje mei harren eigen stimmen songen.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

South Pacific waard produsearre troch South Pacific Enterprises, in bedriuw dat spesjaal foar dizze iene produksje oprjochte waard. Eigners wiene Rodgers, Hammerstein, Logan, Leland Hayward (de produsint fan 'e oarspronklike musical) en de Magna Theatre Corporation (de eigner fan it Todd-AO-breedbyldproses dêr't de film mei opnommen waard). 20th Century Fox finansierde de film foar in diel en levere ek in protte leden fan 'e filmcrew. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Leon Shamroy. De filmmuzyk wie fan Rodgers en Hammerstein, wêrby't Rodgers de tekst fan 'e musicalnûmers skreaun hie, wylst Hammerstein de meldij fan 'e lieten en ek de soundtrack fersoarge.

De opnamen fan South Pacific fûnen plak op it strân fan 'e Hanaleibaai, op it Hawaïaanske eilân Kauaï. Skilderijen fan Emil Kosa jr. waarden brûkt foar de bylden fan it fiktive eilân Bali Ha'i yn 'e fierte. Loftbylden waarden filme fan eilannen yn Fidzjy, en neffens guon boarnen ek fan Tioman, foar de kust fan Maleizje, al liket dat lêste ûnwierskynlik yn ferbân mei de ôfstân en logistyk. Yn South Pacific waard ûnder de musicalnûmers wiidweidich gebrûk makke fan kleurefilters foar de kamera's, wat neitiid ien fan 'e wichtichste kritykpunten op 'e film waard. Regisseur Logan woe subtile kleurferskillen brûke, mar yn 'e postproduksje makke 20th Century Fox de ferskillen ekstreem.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan South Pacific waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 19 maart 1958 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Foar't de film yn 'e bioskopen kaam, wie der al in omreizgjende foarstelling fan 'e film (in saneamde roadshow) te sjen, dêr't net Fox, mar de Magna Theatre Corporation ferantwurdlik foar wie, it bedriuw efter de oarspronklike musicalopfiering. De spyldoer fan 'e bioskoopferzje wie 157 minuten, wylst de roadshowferzje 172 minuten duorre.

Skriuwers Richard Rodgers (l.) en Oscar Hammerstein II (rj.).

South Pacific waard yn 1983 op 'e nije útbrocht yn 'e bioskopen troch The Samuel Goldwyn Company. Lange tiid gie men derfan út dat de langere roadshowferzje ferlern gien wie, oant er yn 2005 ûntdutsen waard yn 'e kolleksje fan in filmsamler yn it Ingelske Bradford. Neitiid waard dy ferzje fan 'e film troch 20th Century Fox oerbrocht nei de Feriene Steaten, dêr't de fjirtjin missende minuten hielendal restaurearre waarden om dêrnei weromplakt te wurden yn 'e koartere bioskoopferzje. Op 7 novimber 2006 waard in dvd-ferzje fan South Pacific úbrocht mei twa skiven, mei dêrop sawol de koartere as de langere ferzje. Op 31 maart 2009 kaam de film as earste Rodgers en Hammerstein-musical út op blu-ray.

Ferskillen mei de toanielmusical[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste ferskil tusken de film South Pacific en de oarspronklike musical is dat de earste beide sênes omwiksele binne. De musical begjint mei Nellie en Émile op syn plantaazje dêr't syn beide bern Dites-moi sjonge, wylst de film úteinset mei de oankomst fan luitenant Cable op it strân dêr't de matroazen Bloody Mary en There Is Nothing Like a Dame songe. Yn 'e film is Émile pas nei in healoere foar it earst libbensliif te sjen. (De oarspronklike Britske ferzje fan 'e film hie lykwols deselde sênefolchoarder as de toanielmusical.)

Alle lieten út 'e musical binne ek yn 'e film opnommen, hoewol't guon, te witten Dites-moi en I'm Gonna Wash That Man Right Outta My Hair in ferkoarte foarm krigen hawwe. (Op it soundtrackalbum fan 'e film binne se wol wer folslein te hearren.) Oan 'e oare kant is yn 'e film it liet My Girl Back Home opnommen, songen troch luitenant Cable en Nellie, dat út 'e toanielmusical snien wie. In oare tafoeging yn 'e film is de sêne wêryn't matroas Billis út in skansearre fleanboat knoffelet, yn 'e see falt, in rubberboat op 'e holle kriget dy't him neismiten wurdt, en dan ûnder fjoer nommen wurdt troch de Japanners, nei't er al fallende de opmerking makke hat "O, dus sa'n dei wurdt it, hin?" Yn 'e toanielmusical waard nei dy hiele gong fan saken inkeld ferwiisd yn lettere sênes.

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De krityk dy't de film fan 'e filmkritisy krige oer it gebrûk fan 'e kleurefilters wjerhold South Pacific der net fan om yn Noard-Amearika de meast opbringende film fan 1958 te wurden. Yn it Feriene Keninkryk ûntjoech South Pacific him ta de meast opbringende film oan doe ta, mar yn oare Jeropeeske lannen, lykas Frankryk, Dútslân en Itaalje, flopte er yn bioskopen. Yn totaal behelle de film wrâldwiid in opbringst fan $36,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $5,6 miljoen betsjut dat in winst fan $31,2 miljoen, al moasten dêr de marketingkosten noch fan ôf. Dêrmei wie it de meast opbringende Rodgers en Hammerstein-musical oant sân jier letter The Sound of Music útbrocht waard.

South Pacific waard yn 1959 nominearre foar twa Golden Globes: foar bêste musical en bêste aktrise (Mitzi Gaynor). De film waard datselde jiers ek nominearre foar trije Oscars, wêrûnder dy foar bêste kamerarezjy (kleur) en bêste filmmuzyk. Hy wûn de Oscar foar bêste lûd (Fred Hynes).

De soundtrack fan South Pacific waard yn 1958 as muzykalbum útbrocht en woeks út ta in trochslaand súkses. It album berikte it earste plak yn 'e albumlisten yn sawol de Feriene Steaten as it Feriene Keninkryk, en yn 'e Feriene Steaten bleau it sân moannen lang op it earste plak fan 'e Billboard 200 stean (anno 2020 binne der mar trije albums dy't ea langer op it earste plak stien hawwe). Yn 'e UK Albums Chart berikte de soundtrack fan South Pacific it earste plak pas nei 27 wiken efterinoar op legere posysjes stien te hawwen, mar bleau doe 115 wiken op it earste plak stean (wat neitiid nea wer foarkommen is) en 214 wiken yn 'e top 5.

Remake?[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 2010 wie der sprake fan dat produsinten Ileen Maisel en Bob Balaban in moderne remake fan South Pacific meitsje soene. Yn maaie 2013 waard dêrfoar oan Michelle Williams de rol fan Nellie Forbush oanbean. Anno 2020 is de remake noch net fan 'e grûn kommen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.