Bôle

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
sniene wite bôle
Boalesoarten yn Nedrlân
Boltsjes

Bôle en brea binne twa ferskillende produkten. Der binne in protte soarten bôle: fine bôle (fan de bêste wetensoarte), krintebôle en sûkerbôle Mar ek krystbôle dy't de bakker wol as geskink joech foar de krystdagen, en peaskebôle (mei krinten), krúskebôle ( in rûne krintebôle dêr't foar it bakken in krúske yn snien is). Wite bôle waard ek brûkt foar waarm iten: weakke bôle en prom-en-bôle.

Roggebrea is der yn soarten, bleek en donker, Switsers brea (grof blank brea fan útseefd of bûle roggemoal). By boeren waard faak brea met spek iten, mar ek bak en brea (roggebrea mei twibak mei tsiis der tusken). Der waard eartiids mear brea iten as tsjintwurdich, no't der meastentiids mar ien stikje fan iten wurdt. Men wist: Brea slacht de honger dea. Oare útdrukkings: ta breasein wêze (alles is op), bûter, brea en griene tsiis is goed húsmannespiis (of: dy't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries of: Is goed Ingelsk en ek goed Frysk). It hawwe as wyn en bôle (in goed bestean hawwe) en Kinne as wyn en bôle betsjut goed mei elkoar oerwei kinne.

Dat wite bôle eartiids rikeljusiten wie blykt wol út útdrukkings as: By brek oan brea yt men wolris bôle. Dy fan Beetstersweach hieten bôlefretters. Dat net elkenien oer dy wite weake bôle mocht blykt út Sa goed as bôle. Brune bôle wurdt sûnt de Earste Wrâldoarloch wol bakt as 'kuch, mar op it plattelân net folle. Der is nei de Twadde Wrâldoarloch wol folle mear ferskaat komd, guon stedsbakkers gienen hjiryn foar.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: