Sûkerbôle
Sûkerbôle is in bôlesoart dêr't sûker yn meibakt wurdt. De bôle is it meast bekend as Fryske sûkerbôle, mar ek yn oare dielen fan Nederlân wurdt sûkerbôle bakt, lykas yn Limburch en klontjesmik yn Noard-Brabân.
It ferskil tusken de soarten is dat yn de Fryske sûkerbôle mear sûker sit, 40 persint, tsjin 25 persint sûker yt de Noard-Brabânske ferzje. Ek sit yn de Fryske sûkerbôle kaniel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de rin fan de tiid is de foarm fan de sûkerbôle feroare fan in platte bôle nei in rjochthoekige foarm.
Yn Fryslân waard sûkerbôle kado jûn oan memmen dy't in famke krigen ha. (In krintekeek by in jonkje).
Hoe te meitjsen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yngrediïnten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 500 g weetblom
- 250 ml wetter
- 9 g sâlt
- 11 g sûker
- 200 g greinsûker
- 25 g bûter
- 1 g kaniel
- 10 g gist
It tameitsjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Knyp in moai glêd daai fan alle yngrediïnten, útsein de greinsûker, en lit dat yn in potsje, mei foly ôfdutsen, goed 20 minuten rize. Triuw it rize daai plat en rôlje it ta in baltsje. Lit it dan wer rize. Nei 20 minuten moat de greinsûker tafoege wurde; ferspriedzje dit lyk oer it daai. Beblomje de ûndergrûn en triuw dêrop it daai ta in plak, tear dit op en triuw it op 'e nij plat. Rôlje no it daai stiif op en triuw de rolle mei de naad nei ûnderen yn in ynfette keekfoarm. Lit it daai no 45 minuten rize ûnder foly.
De ûne moat foarferwaarme wurde op 220 graden Selsius, bak dan de bôle in healoere, oant it goudbrûn is.
brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · krûdkoeke · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke |