Keallepoat

Ut Wikipedy
Keallepoat

In keallepoat is in Fryske koekesoarte fan sawat 30 sintimeter lang. In keallepoat bestiet út twa helten dy 't oan de ein rûn binne. Meastentiids wurde se per twa ferkocht. Elke bakker hie in eigen (geheim) resept. By guon bakkers smeitsje keallepoaten hast as pipernuten of taai-taai, mar de smaak fan echte keallepoat is oars.[1]

In keallepoat bestiet benammen út roggemoal, huning, melasse en krûden. Keallepoaten wurde ek wol sjerpkoeke neamd, mar der wie eartiids gjin sjerp yn ferwurke. Ynstee fan melasse wurdt tsjintwurdich brune sûker of tinne sjerp brûkt.[2] De namme keallepoat ûntstie trochdat de koeken wol wat wei hienen fan de poat fan in keal.[3]

Yngrediïnten (2 keallepoaten)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 100 gram sûker
  • 275 gram huning
  • ½ liter wetter
  • 350 gram roggeblom
  • 50 gram brune sûker
  • 1 ytleppel koekekrûden
  • 1 ytleppel jittik
  • 1 teeleppel mealde stjeranys
  • 2 teeleppels bakpoeier

Resept[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. De sûker mei 200 gram fan de huning en it wetter yn in pantsje al rierend waarm meitsje oant alle sûker oplost is.
  2. De floeistof ien kear omheech komme litte.
  3. De roggeblom seve en by it huningmingsel spatelje.
  4. De massa ôfkuolje litte en in pear nachten yn de kuolkast rêste litte.
  5. De brune sûker, de oerbleaune 75 gram huning en de krûden tafoegje. Foar de soergraad wat jittik der by dwaan.
  6. Alles knede oant de daai soepel is en fan de kom loslit.
  7. Op it lêst it bakpoeier dertroch knede.
  8. De daai yn fjouwer likense stikken ferdiele.
  9. Der in stevige bol fan meitsje en se útrôlje oant in smelle lape fan sa ’n 25 – 30 sm lingte.
  10. De lape dûbeld teare, sadat der midden boppe-op in naad ûntstiet.
  11. De lapen op in ynfette bakplaat lizze en mei wat kofjemolke of oalje bestrike. (It fet fan de kofjemolke soarget foar de brune kleur by it ôfbakken) De naad mei de fingers wat yndrukke.
  12. De koeken yn de ûne op 200° C yn 15 oant 20 minuten gear en moai brún bakke.
  13. De koeken op in reaster útdampe litte.[4]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ynwenners fan De Jouwer wurde wol Jouster keallepoaten neamd.
  • Der bestiet in folksferhaal dat keallepoaten as koeke-offer oan de wettergeasten brocht waarden as dank foar alle wetter.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Heerlijktagfelen.nl
  2. Oer it ferfangen fan melasse
  3. Oerlekker.frl
  4. Hiltsje de Vries - ’’Karakteristiek Keallepoaten’’ yn: Friesland Post,novimber 2016
 
Fryske bakkersprodukten

brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke