Sûkerlatte
Appearance
In sûkerlatte is in Fryske swiete koekesoarte. Sûkerlatte kin by de kofje, by de tee of tuskentroch iten wurde. It stik sûkerlatte wurdt meastentiids net ôfsnien mar ôfbrutsen. Se wurde ornaris per twatal ferkocht.
Resept
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lit de ûne foarferwaarmje op 180 °C, fetsje wyls in grutte bakplaat yn mei bûter.
- Ming earst alle droege yngrediïnten mei elkoar yn in kom.
- Doch der dan de 'wiete' yngrediïnten by (aai, bûter en wetter) en kneedzje der in stevige daaibal fan.
- Bestrui it oanrjocht, of it wurkflak mei wytmoal. Ferdiel dan it daai yn twaen en rôlje elk stik mei de hân ta in lange rûne foarm.
- Meitsje mei in daairôle twa latten fan 30 by 7 sm.
- Lis beide sûkerlatten njonken elkoar en in eintsje útinoar op de ynfette bakplaat.
- Lit se yn tweintich minuten op de middelste hichte fan de ûne ljochtbrún en knapperich bakke.
- De sûkerlatten binne klear as de rântsjes brún begjinne te wurden. Mochten de sûkerlatten wat hurd útfalle, lis se dan in dei yn in koeketromp.
Glazuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op de boppekant fan de ôfkuolle sûkerlatten kin in laachje glazuer smard wurde. De glazuer wurdt makke mei 40 gram poeiersûker, 2 teeleppeltjes wetter en 2 teeleppeltjes sitroensap. Om in roze kleur te krijen kin wat reade kleurstof tafoege wurde.
Yngrediïnten foar 2 sûkerlatten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 250 gram selsrizend bakmoal
- 125 gram wite bastertsûker
- 15 gram bûter
- 2½ gram anys
- ½ dl wetter
- ½ kloppe aai
- sitroenrasp
- 8 gram bakpoeier
- 1 ½ gram sâlt
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · krûdkoeke · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke |