Jonathan Banks

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jonathan Banks
Filmklapper.png akteur
Jonathan Banks by Gage Skidmore.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jonathan Ray Banks
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 31 jannewaris 1947
berteplak Washington, D.C.
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1974 – no
prizen Saturn Award 2013
offisjele webside
Jonathan Banks op Facebook

Jonathan Banks (folút: Jonathan Ray Banks; Washington, D.C., 31 jannewaris 1947) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Syn earste rollen dy't it opmerken wurdich wiene, hied er yn 'e films Airplane!, 48 Hrs., en Beverly Hills Cop. Syn trochbraak kaam mei syn rol as de eardere plysjeman Mike Ehrmantraut, yn 'e tillefyzjesearje Breaking Bad. Banks wûn yn 2013 in Saturn Award en hat fiif kear nominearre west foar in Emmy.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banks waard yn 1947 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as de soan fan Elena Adams Banks (1917-2012). Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre er oan 'e Universiteit fan Indiana, yn Bloomington yn 'e Amerikaanske steat Indiana, dêr't er yn deselde klasse siet as de lettere akteur Kevin Kline. Yn dy tiid spilen se tegearre yn in produksje fan The Threepenny Opera. Banks briek úteinlik syn stúdzje ôf om as toanielprodusint yn Austraalje op toernee te gean mei in toanielselskip dat de musical Hair opfierde.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1974 ferhuze Banks nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't er him ûnderhold as toanielakteur oant er lytse roltsjes op 'e tillefyzje begûn te krijen. Sa spile er yn in oerheidsfoarljochtingsspotsje út 1974 op it mêd fan seks, mei as titel Linda's Film on Menstruation. Yn 2015 waard dat nochris foar it fuotljocht helle troch de komyk John Oliver yn syn show Last Week Tonight with John Oliver, wêrby't Banks oan 'e ein fan it programma opkaam om 'e ynhâld fan it (folslein efterhelle) foarljochtingsfilmke bespotlik te meitsjen.

Yn 'e 1970-er jierren hie Banks fierders lytse roltsjes yn tillefyzjefilms en yn tillefyzjesearjes as Barnaby Jones, Lou Grant en The Waltons. Syn earste rol yn in film wie yn Coming Home, út 1978. Yn 'e 1980-er jierren spile er yn searjes as Little House on the Prairie, Whiz Kids, Cagney and Lacey en Falcon Crest. Tagelyk krige er syn earste opmerkenswurdige rollen yn films as Airplane! (1980), 48 Hrs. (1982) en Beverly Hills Cop (1984). Fan 1987 ôf hie Banks ien fan 'e fêste rollen as Frank McPike yn 'e rige Wiseguy, wêrfoar't er nominearre waard foar in Emmy Award yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in dramasearje. Dêrmei wie syn namme as akteur fêstige, alteast yn 'e fermiddens fan 'e filmyndustry fan Hollywood.

Yn 'e 1990-er jierren hie Banks benammen gastrollen yn searjes as Star Trek: Deep Space Nine, Highlander: The Series, Matlock, Walker, Texas Ranger en Due South, hoewol't er yn 1997 en 1998 in fêste rol as Guy Mann hie yn 'e komeedzjesearje Fired Up. Op it wite doek hie Banks yn dyselde perioade byrollen yn films as Boiling Point, Under Siege 2: Dark Territory en Flipper. Nei de iuwwiksel hied er gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Crime Scene Investigation, Cold Case, Without a Trace, CSI: Miami en Body of Proof, de sikehûsrige ER en komeedzjesearjes as Modern Family, Two and a Half Men en Parks and Recreation. In weromkearende rol (as Buzz Hickey) hied er yn 2014 yn alve ôfleverings fan Community.

Banks briek ynternasjonaal troch mei syn weromkearende rol as de âld-plysjeman Mike Ehrmantraut, dy't er foar it earst yn 2009 spile, yn it twadde seizoen fan 'e searje Breaking Bad. Hy fertolke dy rol yn 25 ôfleverings fan dy rige, en sleepte dêrmei yn 2013 syn twadde nominaasje yn 'e wacht foar in Emmy foar bêste manlike byrol yn in dramasearje. Teffens wûn er der datselde jiers in Saturn Award mei yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in tillefyzjesearje. Fan 2015 ôf kroep Banks fannijs yn 'e hûd fan Ehrmantraut foar in weromkearende rol yn 'e rige Better Call Saul, in spin-offsearje fan Breaking Bad. Yn 2015, 2016 en 2017 waard er elts jier foar dy rol nominearre foar in Emmy foar bêste manlike byrol.

Yn 2018 wurke Banks mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan 'e Nederlânske regisseur Roel Reiné, oer Redbad, kening fan 'e Friezen, dy't yn 'e achtste iuw libbe. Banks spile yn dy film de histoaryske persoan fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal, ien fan 'e wichtichste antagonisten.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Banks troude yn 1968 mei syn earste frou Marnie Fausch, mei wa't er ien dochter krige. Nei't harren houlik yn 1970 al nei twa jier op in skieding útrûn wie, bleau er tweintich jier frijfeint. Yn 1990 wertroude er mei syn twadde frou Gennera, mei wa't er in twilling (twa jonges) krige. Banks hat ek in styfdochter út in eardere relaasje fan syn twadde frou. Yn april 2016 waard him troch syn eardere universiteit, de Universiteit fan Indiana, in earedoktoraat takend.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.