Springe nei ynhâld

Frijfeint

Ut Wikipedy

In frijfeint is in allinnichsteande man, dy't maatskiplik beskôge wurdt as by steat om te trouwen, mar dy't dat (noch) net dien hat. Yn 'e regel wurdt dêrby faak spesifyk ferwiisd nei jongere manlju fan yn 'e tweintich of tritich, mar eins is eltse 'troubere' man in frijfeint as er net troud is of in ferlykbere fêste relaasje (lykas gearwenjen) oangien is. Sa kin men dus ek frijfeinten op jierren hawwe. Boppedat wurde manlju wer frijfeint as harren houlik yn in skieding einiget of as der in ein komt oan harren oare fêste relaasje, en ek as se widner wurde. De froulike wjergader fan 'e frijfeint is de frijfaam.

Romantisearring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It (heteroseksueel) frijfeintelibben wurdt yn romans, films en op 'e tillefyzje gauris romantisearre as in frij bestean wêrby't men sels beslisse kin wat men docht, wylst it houlik dêr dan foaroer set wurdt as soe dat in soarte fan tichthús wêze, dêr't manlju harren frijheid folslein kwytreitsje om't de frou der de tsjinst útmakket. Yn dy geast past ek it saneamde frijfeintefeest, dat frijfeinten mei harren freonen oan 'e foarjûn fan in houlik fiere om ôfskie te nimmen fan it frije libben.

Hoewol't it tsjintwurdich yn in grut part fan 'e Westerske wrâld algemien akseptearre wurdt as in man syn hiele libben frijfeint bliuwt, wie dat yn it ferline sa net. Yn 'e Aldheid stiene der yn guon lannen sels straffen op as men nei in beskate leeftyd noch frijfeint wie. Sa mochten âldere frijfeinten yn Sparta net nei de frouljusgymnastyk sjen, moasten se by 't winter neaken troch de stêd marsjearje wylst se in liet oer harren skande songen, en frijfeinten op jierren dy't nea troud west hiene, waarden net mei itselde respekt behannele as harren troude of widner wurden leeftydsgenoaten. Yn it âlde Atene bestiene it selde soarte wetten. Yn it Romeinske Ryk foelen frijfeinten ûnder de Lex Julia fan 18 f.Kr. en de Lex Papia Poppaea fan it jier 9, dy't net-troude en bernleaze lju swier beboeten, wylst minsken mei bern beskate foardielen taskood krigen.

Yn 'e moderne tiid krigen frijfeinten soms ek swierdere belestings oplein as troude minsken, sa't bygelyks it gefal wie yn it Feriene Keninkryk mei de Belesting op Tsjinstfolk út 1785 en de Ynkomstebelesting út 1798. Meitiid ûntjoegen guon bestraffings har mear ta narderijen of pleagerijen. Sa wie it foarhinne yn dielen fan Dútslân wenst dat manlju dy't op harren tritichste jierdei noch frijfeint wiene, mei in biezem de stoepe fan it gemeentehûs skjinfaaie moasten oant se tute waarden troch in faam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.