Springe nei ynhâld

Heteroseksualiteit

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Heteroseksueel)

Heteroseksualiteit (fan it Grykske έτερος, heteros, "ferskillend") is it jin seksueel oanlutsen fielen ta of it útfieren fan seksuele hannelings tusken persoanen fan it tsjinstelde geslacht. Heteroseksualiteit is ien fan trije haadklassifisearrings fan minsklike seksuele oriïntaasje, yn 'e mande mei homoseksualiteit, dat ferwiist nei seksuele oantrekking of hannelings tusken persoanen fan itselde geslacht, en biseksualiteit, dat tsjut op seksuele oantrekking ta of hannelings mei beide geslachten. Dizze trije seksuele oriïntaasjes foarmje mei-inoar it saneamde heteroseksueel-homoseksuele kontinuum. Fan 'e trije is heteroseksualiteit de seksuele oriïntaasje fan fierwei it grutste part fan 'e minskheid. Hoewol't mei de term ornaris ferwiisd wurdt nei minsken, is it likegoed op bisten fan tapassing.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.